In Red, with Pearls
In Red, with Pearls | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | Patricia Briggs | |
taal | Ingelsk | |
foarm | koart ferhaal | |
sjenre | fantasy | |
1e publikaasje | 2011 | |
bondel | Down These Strange Streets Shifting Shadows | |
rige | ||
rige | Mercy Thompson |
In Red, with Pearls is in koart ferhaal fan it fantasysjenre, skreaun troch de Amerikaanske auteur Patricia Briggs. De titel betsjut: "Yn 't Read, mei Pearels om". It ferhaal heart ta de Mercy Thompson-rige en begûn doe't Briggs frege waard in bydrage te leverjen oan in blomlêzing fan boppenatuerlike detektiveferhalen. Hja besleat dat Warren Smith, in wearwolf út 'e ridel fan Mercy en har man Adam Hauptman, it meast geskikt wie as haadpersoan foar sa'n ferhaal. Yn In Red, with Pearls, dat skreaun is yn it ik-perspektyf, wurdt Warren syn partner Kyle oanfallen en moat Warren útsykje wa't dêr efter sit. It ferhaal spilet yn 'e Tri-Cities, yn 'e Amerikaanske steat Washington. Yn 'e ynterne gronology fan 'e Mercy Thompson-rige fine de foarfallen yn it ferhaal plak tusken de romans Silver Borne en River Marked yn. In Red, with Pearls waard foar it earst mei wurk fan oare auteurs publisearre yn 2011 yn 'e blomlêzing Down These Strange Streets, ûnder redaksje fan Gardner Dozois en George R.R. Martin. It makke letter ek ûnderdiel út fan Briggs har eigen ferhalebondel Shifting Shadows, út 2014.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Warren Smith is in homoseksuële wearwolf út 'e ridel fan Adam Hauptman en Mercy Thompson, dy't in relaasje hat mei de abbekaat Kyle Brooks. Kyle hat him de lêste tiid as privee-detektive belutsen by ferskaten fan syn saken, en sadwaande hinget Warren gauris om op it abbekatekantoar Brooks, Gordon & Howe. Dat omhingjen hat dermei te krijen dat Kyle nochal in workaholic is, dy't oan 'e ein fan 'e dei dreech fan syn wurk los te weakjen is. Op in jûn, as Warren yn it lege abbekatekantoar wer ris geduldich wachtet oant Kyle klear is om op hûs oan, komt der in kreaze jonge frou binnen yn in reade jurk, mei pearels om. Se seit dat se beslist Kyle Brooks te wurd moat en dat dat gjin útstel lije kin. Syn wolvenoas fertelt Warren daliks dat der wat net yn 'e heak is. As er Kyle derby hellet, binne syn wearwolverefleksen krekt fluch genôch om 'e frou tsjin te hâlden as se Kyle de strôt ôfbite wol.
Sa't Warren al fermoede, is hja gjin libbene minske, mar in somby, in mei tsjoenderij animearre deade dy't gjin eigen wil hat en inkeld opdrachten útfierd dy't syn of har master yn syn of har holle plante hawwe. Hy en Kyle helje de hekse Elizaveta Arkadyevna Vyshnevetskaja derby, mei wa't de ridel fan Adam Hauptman in oerienkomst hat foar it opknappen fan magyske putsjes. Elizaveta nimt har âldmuoikesizzer mei, de jonge hekse Nadia Popov. Op it abbekatekantoar oankommen, stelle de beide heksen fêst dat it yndie om in somby giet, en Elizaveta riedt Warren, dy't de somby noch altyd yn betwang hâldt, oan om it wêzen simpelwei de nekke te brekken: dêrmei wurdt de betsjoening ferbrutsen.
Elizaveta leit út dat de somby, as se Kyle deade en dêrmei har opdracht ferfolle hie, daliks de-animearre rekke wie. Troch de magyske reanimaasje as somby hie it dreech west om 'e krekte tiid fan ferstjerren fan 'e ta somby makke frou fêst te stellen, dus foar de plysje hie it like as oft de dea fan Kyle en de frou in gefal fan moard-selsmoard wie. Dêrmei hiene se nei alle gedachten net fierder socht en wie de opdrachtjouwer foar de moard bûten skot bleaun. As se it lyk ris rêstich besjogge, no't it foargoed dea is, kenne Warren, Kyle en Nadia de deade wer as Toni McFetters, in jonge frou dy't in stikmannich dagen lyn as fermist opjûn wie, en foar wa't in grutte syktocht op tou set is. As Elizaveta har ûndersiket, kin se lykwols gjin oare magyske spoaren gewaarwurde as dy fan harsels en Nadia, wat har foar in riedsel pleatst. Warren beslút út te sykjen wa't ferantwurdlik is foar de moard op Toni McFetters en de moardoanslach op Kyle.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Mei Nadia giet er de oare deis del by Marc, de man fan Toni McFetters, dy't se befreegje nei't se him de yndruk jûn hawwe dat se by it plysje-ûndersyk nei de ferdwining fan syn frou belutsen binne. It docht bliken dat Marc McFetters, dy't noch mei Nadia op skoalle sitten hat, neat mei de dea fan syn frou te krijen hat. Neitiid besykje Warren en Nadia ferskate fijannen dy't Kyle troch de jierren hinne makke hat mei syn abbekatewurk, lju dy't him genôch haatsje om him wol dea hawwe te wollen en dy't ryk genôch binne om immen te beteljen om in somby op Kyle ôf te stjoeren. Dat is in frij koart listke fan fjouwer minsken. By de fjirde, Harper Sullivan, in dokter dy't tanksij Kyle net inkeld syn frou, mar ek syn medyske fergunning kwytrekke is, lykje se einlings byt te hawwen: de man hellet in gewear foar 't ljocht en besiket Warren dea te sjitten. Hy mist lykwols en ear't er it nochris besykje kin, hat Nadia in betsjoening útsprutsen dy't net inkeld Sullivan, mar ek Warren stôkstiif stilstean lit. Warren brûkt lykwols de macht fan syn wolf om 'e betsjoening te trochbrekken, krekt foar't Nadia Sullivan opleit dat er net ien deadzje sil, Kyle Brooks gewurde litte sil en gjin oantinkens oan dit barren hawwe sil.
Neitiid giet Nadia derfan út dat de saak oplost is. Warren, dy't sels mar krekt op 'e tiid oan 'e befellen ûntkommen is dy't se Sullivan oplein hat, makket har neat wizer. Dy nachts kringt er Nadia har hûs binnen, en treft dêr, sa't er al fermoede hie, bewiismateriaal oan dat sy dejinge is dy't Toni McFetters fermoarde hat om har ta in somby te meitsjen. Warren fynt de klean dy't Toni droech doe't se ferdwûn, har trouring en teffens in foto fan Nadia en Toni har man Marc, dy't op skoalle nei't it skynt mear as gewoan klasgenoaten wiene. Dat Marc har earder dy deis amper weromkoe, moat sear dien hawwe, tinkt Warren. Blykber wie it brûken fan Marc syn frou de wraak fan Nadia foar it feit dat se nei har skoaltiid troch Marc ôftanke wie. Warren fynt ek de namme fan 'e opdrachtjouwer, dy't betelle hat foar in moardoanslach mei in somby op it libben fan Kyle. Om't er wit wat in machtige hekse as Elizaveta docht mei in dôfhûdich famyljelid dat har yn ferlegenheid brocht hat, giet Warren dan nei Nadia har sliepkeamer en brekt har de nekke foar't se sels mar wekker wurde kin. Dêrnei giet er nei it hûs fan buorman Francis, njonken dat fan Kyle en him, in man mei wa't se al sûnt er dêr kommen is te wenjen oanhâldend buorrelêst hawwe. Dat is dejinge dy't betelle hat foar it stjoeren fan 'e somby, en Warren besoarget him letterlik in hertoanfal as er yn syn wolvefoarm yn syn sliepkeamer ferskynt.
De oare deis wurdt buorman Francis dea oantroffen, en de lykskôging wiist út dat er oan natuerlike oarsaken ferstoarn is. Elizaveta lit it stoflik omskot fan Nadia ferdwine en bringt it geroft yn omrin dat Nadia nei Parys gien is, eat dêr't se altyd al fan dreamde. It oare stoflik omskot, dat fan Toni McFetters, wurdt wer klaaid yn 'e oarspronklike klean, trouring ynbegrepen, wylst Elizaveta op magyske wize alle spoaren fan har somby-wêzen útwisket. Se wurdt dêrnei earne efterlitten dêr't se fûn wurde sil, sadat har man en famylje net foargoed yn ûnwissichheid bliuwe sille oer hat lot. Elizaveta jout Warren it lêste puzelstikje fan 'e saak as se him fertelt dat Nadia fereale op him wie, en dat se syn homoseksuële oriïntaasje seach as wat dat se 'feroarje' koe, as se dêr mar de kâns ta krije soe. Dat se betelle wurde koe om Kyle, dy't se as har rivaal seach, út 'e wei te romjen, wie mear ferlieding as dat se wjerstean koe.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Mercy Thompson (romansearje) | |
---|---|
Silver* • Fairy Gifts* • Gray* • Moon Called • The Star of David* • Blood Bound • Iron Kissed • Bone Crossed • Roses in Winter* • Silver Borne • In Red, with Pearls* • River Marked • Frost Burned • Redemption* • Night Broken • Hollow* • Fire Touched • Silence Fallen • Storm Cursed • Smoke Bitten • Soul Taken • Winter Lost | |
Alpha and Omega (romansearje) | |
Seeing Eye* • Alpha and Omega* • Cry Wolf • Hunting Ground • Fair Game • Dead Heat • Burn Bright • Wild Sign • Dating Terrors | |
fet = roman; *) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Shifting Shadows |