Silence Fallen
Silence Fallen | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | Patricia Briggs | |
taal | Ingelsk | |
foarm | roman | |
sjenre | fantasy | |
1e publikaasje | 2017, New York | |
oarspr. útjwr. | Ace Books/Orbit Books | |
rige | ||
rige | Mercy Thompson | |
● foarich diel | Fire Touched | |
● folgjend diel | Storm Cursed | |
kodearring | ||
ISBN | 978-0 35 65 05 923 |
Silence Fallen (letterlik: "Stilte [is] Fallen") is it tsiende diel fan 'e Mercy Thompson-rige fan 'e Amerikaanske skriuwster Patricia Briggs. It is in fantasyroman fan it subsjenre fan 'e urban fantasy, dy't foar it meastepart skreaun is yn it ik-perspektyf. It boek ferhellet oer de Amerikaanske monteur Mercedes "Mercy" Thompson, in jonge frou fan heal-Yndiaansk komôf dy't harsels feroarje kin yn in prêrjewolf. Briggs hat yn 'e plot fan Silence Fallen de bekende leginde fan 'e Golem fan Praach ferwurke, dêr't se in eigen draai oan jout. Silence Fallen waard foar it earst publisearre yn 2017, yn 'e foarm fan in hardcoveredysje, troch sawol de Newyorkske útjouwerij Ace Books as de Britske útjouwerij Orbit Books.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mercedes "Mercy" Thompson is in jonge frou dy't it fermogen om harsels yn in prêrjewolf (coyote) te feroarjen urven hat fan in Yndiaanske heit dy't in ynkarnaasje fan 'e godheid en trickster Coyote wie. Hja hie yn 'e Tri-Cities (Richland-Kennewick-Pasco), yn 'e Amerikaanske steat Washington, as monteur en eigneresse fan in garaazje in relatyf normaal bestean opboud oant se yn 'e foargeande dielen fan 'e searje almar djipper behelle rekke yn 'e oangelegenheden fan 'e pleatslike boppenatuerlike mienskip. Boppedat is se ûnderwilens troud mei har eardere buorman Adam Hauptman, in skieden heit mei in tinerdochter, dy't ek de alfa (lieder) fan 'e pleatslike Kolumbia-troep fan wearwolven is.
Yn Silence Fallen wurdt Mercy op in jûn ûnderweis nei de supermerk oanriden en ûntfierd troch in groepke fampiers. It docht al rillegau bliken dat Iacopo Bonarata derefter sit. Dat is de master fan Milaan, dy't ek wol de 'Hear fan de Nacht' neamd wurdt en nei alle gedachten de machtichste fampier fan 'e wrâld is. Mercy bedarret yn Lombardije, dêr't se fêstholden wurdt op in plak dêr't mei hekserij de mystike, min ofte mear telepatyske bân tusken har en har man Adam fersteurd wurdt. Mercy en Adam hawwe koartby de Tri-Cities as it domein fan harren wearwolvetroep opeaske (sjoch: Fire Touched), en it liket derop dat Bonarata mei syn ûntfiering fan Mercy dúdlik meitsje wol dat er him neat oan Adam-en-dy gelegen lizze litte sil. De pleatslike fampieren yn 'e Tri-Cities steane ûnder hearskippij fan Marsilia, dy't iuwen lyn de mêtresse fan Bonarata west hat, oant se him ferge en hy har nei it Amerikaanske Noardwesten ta ferballe, dat doe de útein fan 'e wrâld wie. Dus Bonarata syn aksje is ek in boadskip oan Marsilia.
It docht fierders bliken dat Bonarata noch altiten kommunisearret mei Wulfe, in machtige, mar geastlik net alhiel sûne fampier en tsjoender dy't doedestiden mei Marsilia yn ballingskip gien is. Nei't no oan it ljocht komt, is Wulfe dejinge dy't Bonarata, oarspronklik in Italjaanske prins út 'e Renêssânse, ta fampier makke hat. Doe't Bonarata oan Wulfe frege wa't de machtichste persoan yn 'e Tri-Cities wie, antwurde dy dat dat Mercy wie, en dat wie reden foar Bonarata om hàr ûntfiere te litten. Hoewol't Mercy beslist net it machtichst is as men fan persoanlik fermogen útgiet (sa't Bonarata it bedoelde), soe men yndie sizze kinne dat Mercy it machtichst is as men neffens famyljebannen en oare konneksjes rekkenet. Dat is lykwols net hoe't Bonarata de saak besjocht; hy ornearret dat er in flater begien hat, en syn oplossing foar soksoarte dingen is om de flater út te wiskjen en te bearen dat it nea bard is. Mercy is him lykwols te fluch ôf en wit nachts te ûntkommen om't Bonarata him der net fan bewust is dat se har yn in prêrjewolf feroarje kin. Yn dy foarm liftet se mei yn it bagaazjefak fan in autobus fol toeristen, en sa bedarret se úteinlik yn Praach.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Underwilens hat Bonarata kontakt opnommen mei Marsilia, dy't har ynformaasje dield hat mei Adam. Sadwaande reizget Adam nei Milaan ta, yn it selskip fan Marsilia; Mercy har freon Stefan, dat ek in fampier is; de wearwolvinne Honey Jorgensen; Larry Sethaway, de lieder fan 'e eardsken yn 'e Tri-Cities; en de heks Elizaveta Vyshnevetskaya. Oankommen yn Itaalje wurde hja allegear yn 'e filla fan Bonarata húsfêste. Datselde jildt foar harren piloat, de eardske Austin Harris, en ko-piloat, de ûnderdienige wearwolf Matt Smith. De ûnderhannelings mei Bonarata geane stadich, temear om't de Hear fan 'e Nacht Mercy net mear yn 'e hannen hat. Mar úteinlik wit Adam Bonarata oan it ferstân te bringen dat er Mercy en har neisten better net wer tenei komme kin, om't har pleechheit Bran Cormick (de marrok, dy't oer alle wearwolven yn Noard-Amearika hearsket) al syn gebrûklike foarsichtichheid oerboard smite soe as har wat oerkaam, wat in wrâldwide oarloch tusken de wearwolven en de fampieren feroarsaakje soe.
Mercy hat yn 'e tuskentiid by nacht yn har foarm fan 'e prêrjewolf de binnenstêd fan Praach ferkend, en is dêr yn it âlde Joadske Kertier de geast fan 'e Golem fan Praach tsjin it liif rûn. Mercy hie altyd al it fermogen om geasten te sjen, mar dat de Golem fan Praach in geast hawwe soe, hie se net ferwachte. Dat wie ommers in klaaien wurktúch dat yn 'e sechstjinde iuw troch de learde rabbyn Judah Löw ben Bezalel mei kabbalistyske magy ta skynlibben brocht waard om it Joadske Kertier te beskermjen. Mar no't se de geast sjoen hat, ornearret se dat rabbyn Löw it ding libben joech troch it te bejeftigjen mei in natoergeast dy't er oan syn rjochtlike plak ûntskuord hie. Doe't de rabbyn de golem neitiid deäktivearre om't it ding net wurke (of om't it te goed wurke, krekt hoe't men it besjocht), feroardiele er dêrmei de natoergeast, dy't net stjerre koe, ta in soarte fan healbestean as spûk. Hoewol't Mercy ornaris net folle muoite hoecht te dwaan om 'e geasten dy't se sjocht, te negearjen, hat har moeting mei de Gollem in aparte ynfloed op har, mei't se dêrnei oerenlang geasten oanlûkt sa't in magneet mei stikjes izer docht.
De oare deis nimt Mercy mei in út it bagaazjefak stellen e-reader mei ynternetferbining fia e-mail kontakt op mei it thúsfront yn 'e Feriene Steaten. Se kriget de rie om har by Libor te melden, de alfa fan 'e Praachske wearwolvetroep, ek al hat dy al in goed iuw rûzje mei Bran. Charles, Mercy har pleechbroer, foarseit har dat Libor har beskermje sil om't Bran dêrtroch by him yn 'e skuld komme sil te stean. Oft dat no is wêr't er it om docht of net, yn elts gefal biedt Libor Mercy beskûl en beskerming. Dy jûns wurdt it gebou dat as it haadkertier fan Libor syn wearwolvetroep fungearret, lykwols oanfallen troch fampieren. Libor syn bêta Martin liedt Mercy dan fia in geheime rûte fuort en bringt har nei in doarpke bûten Praach, dêr't Jitka wennet, in froulik lid fan 'e wearwolvetroep. Koart nei harren oankomst dêre wurde Mercy, Martin en Jitka oanfallen troch in fjouwertal fampieren, dêr't se lykwols flot mei ôfweve.
Martin en Jitka fertelle Mercy neitiid dat der twa groepen fampieren yn Praach binne, wat hiel nuver is, om't fampieren tige territoriaal binne; de beide groepen binne dan ek al sûnt de 1950-er jierren mei-inoar yn oarloch. Mar hoewol't it fampieren fan Kocourek wiene, in setbaas fan Bonarata, dy't it haadkertier fan Libor oanfoelen, wiene it fampieren fan syn tsjinstanner Mary, dy't harren by Jitka har hûs oanfoelen. As Mercy heart dat de wearwolven yn Praach nea it plak ûntdekke kinnen hawwe dêr't de groep fan Mary him ophâldt, om't dat mei magy ferburgen is, biedt se oan om Martin en Jitka datoangeande te helpen. Se is der fan oertsjûge dat sy it skûlplak fan 'e fampieren wól fine kin, om't sy fierhinne ymmún foar magy is. Sadwaande sette se wer ôf nei Praach, dêr't Mercy nei in lange syktocht yndie it skûlplak fan 'e fampieregroep fan Mary wit te finen, midden yn it Joadske Kertier. Mar se is ûnderwilens fergetten hokker ynfloed oft magy op oaren hat, en dêrtroch is se sûnder erch Martin en Jitka kwytrekke, dy't har nammentlik net folgje koene dêr't it spoar har hinne late. Boppedat kringt se te fier yn it domein fan 'e fampieren troch, dêr't se yn 'e fâle rint en fongen wurdt.
Se wurdt dêrnei finzen holden yn in koai yn in tsjerkereftige kelder, dêr't in fampier har ferteld dat Mary in heks wie foar't se ta fampier makke waard, en dat it frommes in folsleine psychopate is. Dy fampier blykt Kocourek te wêzen, dy't oan Mary oerlevere is troch Guccio, in ûnderhearrige fan Bonarata dy't mient dat er mei Mary har help it plak fan 'e Hear fan 'e Nacht ynnimme kin. Mary hat nammentlik mei hekserij in manear ûntwikkele om yn in moanne in minske ta fampier te meitsjen, wylst soks normaal jierren kostet. It probleem is dat sokke fluch makke fampieren in tige koarte hâldberheidsdatum hawwe ear't se alhiel trochdraaie en moardsuchtige meunsters wurde sûnder ienich heger bewustwêzen. Soks is in swurd fan Damokles dat boppe de hiele boppenatuerlike mienskip hinget, mei't it algemien gebrûk fan dizze metoade om fampieren te meitsjen sûnder mis it bestean fan 'e fampieren oan 'e minskheid ferriede soe, mei in totale oarloch ta gefolch. It is dúdlik dat Mary tsjinholden wurde moat. Yn 'e kelder komt de geast fan 'e Golem fan Praach, dy't ek ymmún is foar de magy dy't dat gebou ferburgen hâldt, by Mercy. Sy hat macht oer geasten, en no wol de Golem dat se alle geasten dy't se beroppe kin, opdracht jout om by him te kommen. Hy tinkt nammentlik dat er himsels reparearje en wer in taastber wêzen wurde kin troch safolle mooglik geasten yn te nimmen. Mercy wurket dêr mei tsjinnichheid oan mei en stiet derop om 'e geasten earst om tawurd te freegjen.
Yn Milaan komt Adam ûnderwilens de fampier Guccio tsjin, dy't op ljochtskyndei (as fampieren yn 'e rêst hearre te wêzen) omhinget by de keamer dêr't de piloaten Harris en Smith húsfêste binne. It blykt in amulet (makke troch Mary) te wêzen dy't Guccio dat mooglik makket. Letter kin Adam him inkeld noch tebinnenbringe dat de fampier him in hoartsje oan 'e praat holden hat, mar Smith, de ko-piloat, kriget foar it ferstân dat Adam ûnder de tsjoen fan Guccio rekke is, en dat de fampier by him dronken hat. It is ek Smith dy't Adam helpt om dy betsjoening te trochbrekken. Dêrnei wachtet Adam oant Guccio fanwegen komt; de fampier wol Adam brûke om Bonarata út 'e wei te romjen. No't de betsjoening ferbrutsen is, stiet it Adam lykwols folslein frij om alle befellen fan Guccio yn 'e wyn te slaan, en sadwaande is it ynstee Guccio sels dy't út 'e wei romme wurdt. Neitiid kinne Adam-en-dy, dy't al lang berjocht krigen hawwe dat Mercy yn Praach is, har einlings efternei reizgje.
Mercy sit ûnderwilens noch altyd finzen yn 'e kelder fan in gebou dat no ûnder oanfal fan 'e Golem fan Praach stiet. Kocourek en syn ûnderhearrigen, dy't nei Guccio syn dea net mear oan dy syn wil bûn binne, ferskûlje harren yn 'e kelder. As Mary har dêrhinne folget, ûntstiet der in konfrontaasje wêrby't Kocourek har mei in swurd de holle ôfslacht. Yn in petear mei Kocourek komt oan it ljocht dat dy wit fan 'e macht dy't Mercy oer geasten hat, om't er ris earder sa'nent as har troffen hat, in Gary Laughingdog, dy't ûnder de Earste Wrâldoarloch yn Praach fersyld rekke. It is op dat stuit dat Mercy beseft dat har heit, de trickster Coyote, har wer by de poat hân hat: it kin gewoan gjin tafal wêze dat har healbroer Gary en sysels allebeide tsjin wil en tank yn Praach bedarre binne. Om't se earder al begrepen hie dat de natoergeast dy't rabbyn Löw brûkte om syn golem te animearjen, sterke oerienkomsten fertoande mei in wêzen as Coyote, begrypt Mercy dat it de bedoeling is dat se dy geast befrijt.
De golem kringt dan troch Mary har betsjoenings hinne it gebou binnen en deadet dêr al Mary har fampieren. It ding wol dêrnei lykwols yn 'e kelder ek Kocourek-en-dy ôfmeitsje, en dêrnei sil er oer de befolking fan it Joadske Kertier gear. It is itselde euvel dat de Golem fan Praach earder hie: hy wie ûntwurpen om 'e joaden te ferdigenjen tsjin kweadoggers, mar hy kearde him ek tsjin oare net-joaden, en doe tsjin minder fromme joaden en úteinlings wie sels de fromste joad net from genôch om him de deastraf te besparjen. Dat wie de reden dat rabbyn Löw syn kreaasje deäktivearre. Om't Mercy macht oer geasten hat en de golem tûzenen geasten ynnommen hat om wer in taastber wêzen te wurden, hat Mercy no ek macht oer him. Se stekt in finger troch it gaas fan 'e koai hinne en rekket him oan, en stiet op it punt om him te befeljen om te stjerren, as in stim dy't in fertocht soad op Coyote sines liket, har yn 'e ear flústeret dat se ynstee "Utinoar!" sizze moat. As se dat docht, falt de eange golem útinoar yn 'e dielen dêr't er oarspronklik út gearstald is, wêrûnder de natoergeast, dy't einlings frij is.
Net folle letter arrivearje Adam-en-dy yn 'e kelder, dy't it gebou fûn hawwe troch Adam en Mercy harren mystike bân, en it doe binnenkrongen binne troch tadwaan fan Elizaveta, dy't de oaren holp om 'e ferskûlingsbetsjoenings te oerwinnen. Mercy is tsjin dy tiid skjin ynein, mar ear't se derhinne falt, merkt se de ko-piloat Matt Smith op, en freget se Adam wat har pleechheit Bran Cornick hjir moat. Adam antwurdet gnyskjend: "Bran? Wat soe dy hjir moatte? Dit is Matt Smith, ús ko-piloat."
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Mercy Thompson (romansearje) | |
---|---|
Silver* • Fairy Gifts* • Gray* • Moon Called • The Star of David* • Blood Bound • Iron Kissed • Bone Crossed • Roses in Winter* • Silver Borne • In Red, with Pearls* • River Marked • Frost Burned • Redemption* • Night Broken • Hollow* • Fire Touched • Silence Fallen • Storm Cursed • Smoke Bitten • Soul Taken • Winter Lost | |
Alpha and Omega (romansearje) | |
Seeing Eye* • Alpha and Omega* • Cry Wolf • Hunting Ground • Fair Game • Dead Heat • Burn Bright • Wild Sign • Dating Terrors | |
fet = roman; *) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Shifting Shadows |
- Literêr wurk fan Patricia Briggs
- Mercy Thompson
- Fantasyroman
- Ingelsktalige roman
- Roman út 2017
- Literatuer oer fampieren
- Literatuer oer wearwolven
- Literatuer oer heksen
- Literatuer oer elven
- Literatuer oer golems
- Literatuer oer goaden
- Literatuer oer tsjoenderij
- Literatuer oer stalferwikseling
- Literatuer oer ûntfiering
- Literatuer oer Yndianen yn Noard-Amearika