Smoke Bitten
Smoke Bitten | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | Patricia Briggs | |
taal | Ingelsk | |
foarm | roman | |
sjenre | fantasy | |
1e publikaasje | 2020, New York | |
oarspr. útjwr. | Ace Books | |
rige | ||
rige | Mercy Thompson | |
● foarich diel | Storm Cursed | |
● folgjend diel | Soul Taken | |
kodearring | ||
ISBN | 978-0 44 00 01 553 |
Smoke Bitten (letterlik: "[troch] Reek Biten") is it tolfde diel fan 'e Mercy Thompson-rige fan 'e Amerikaanske skriuwster Patricia Briggs. It is in fantasyroman fan it subsjenre fan 'e urban fantasy, dy't skreaun is yn it ik-perspektyf. It boek ferhellet oer de Amerikaanske monteur Mercedes "Mercy" Thompson, in jonge frou fan heal-Yndiaansk komôf dy't harsels feroarje kin yn in prêrjewolf. Yn Smoke Bitten krije Mercy, har man Adam en har freonen te krijen mei in meunster dat ûntsnapt is út 'e parallelle wrâld Underheuvel, wylst tagelyk in groep ferstjitten wearwolven de ridel besiket oer te nimmen. Smoke Bitten waard foar it earst publisearre yn 2020, yn 'e foarm fan in hardcoveredysje, troch de Newyorkske útjouwerij Ace Books.
Eftergrûn fan 'e searje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mercedes "Mercy" Thompson is in jonge frou dy't it fermogen om harsels yn in prêrjewolf (coyote) te feroarjen urven hat fan in Yndiaanske heit dy't in ynkarnaasje fan 'e godheid en trickster Coyote wie. Hja hie yn 'e Tri-Cities (Richland-Kennewick-Pasco), yn 'e Amerikaanske steat Washington, as monteur en eigneresse fan in garaazje in relatyf normaal bestean opboud oant se yn 'e foargeande dielen fan 'e searje almar djipper behelle rekke yn 'e oangelegenheden fan 'e pleatslike boppenatuerlike mienskip. Boppedat is se ûnderwilens troud mei har eardere buorman Adam Hauptman, in skieden heit mei in tinerdochter, dy't ek de alfa (lieder) fan 'e pleatslike Columbia-ridel fan wearwolven is.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Smoke Bitten kampe Mercy en Adam mei houliksproblemen. Nei de konfrontaasje mei de Hardesty-heksen dy't einige mei de dea fan 'e hekse Elizaveta (sjoch: Storm Cursed), hat Adam de mystike houliksbân dy't as gefolch fan syn wearwolvesteat tusken him en Mercy bestiet, ôfsletten. Mercy wit dêrtroch net mear wat him yn syn holle omgiet, mar se fermoedet dat it wat mei Elizaveta te krijen hat. Elizaveta Arkadjevna Vysjnevetskaja wie in hekse fan wa't Adam en Mercy tochten dat se te fertrouwen wie, oant bliken die dat se har oerjûn hie oan swarte magy, dat inkeld bestean kin troch it opsetlik tabrochte lijen fan oaren. Adam wie dêrom twongen om har te deadzjen.
Underwilens hat Tilly, it boarterskammeraatske fan Mercy en Adam harren oannommen soan Aiden, dy't eins in manifestaasje is fan Underheuvel, de parallelle wrâld fan 'e ierdgeasten, in doar nei Underheuvel yn harren eftertún pleatst. Aiden skammet him rot, mei't Tilly soks inkeld dien hawwe kin as hy dêr op 'e iene of oare manear tastimming foar jûn hat. (In ienfâldich "Ik woe dat ik dy faker sjen koe" soe al genôch west hawwe.) Dyselde middeis treft Mercy harren buorlju Anna en Dennis Cather dea oan yn harren hûs. It liket in gefal fan moard-selsmoard te wêzen, mar Dennis, de dieder, wie ien fan 'e sêftaardichste minsken dy't Mercy ea kennen hat, dat sy leaut dêr neat fan. De rook fan magy dy't oan syn stoflik omskot klibbet, sterket har yn 'e ûnderstelling dat Dennis troch it iene of oare boppenatuerlike wêzen beset wie doe't er syn frou en dêrnei himsels deade. Se treft op syn earm in wûne oan as is er biten troch in wylde knyn, en dan komt har de knyn tebinnen dy't se earder yn 'e neite fan harren hûs sjoen hat en dy't him sa nuver hold en droech.
Dy jûns geane Mercy en Adam der as prêrjewolf en wolf mei Aiden op út om te sjen oft se dyselde knyn fine kinne. Se ûntdekke in spoar dat se hiel lang folgje, mar it iennichste dat se fine, is de rook fan in stikmannich frjemde wearwolven, dy't blykber it territoarium fan 'e Columbia-ridel ynkrongen binne. Pas ûnderweis nei hûs krúst de knyn ynienen harren paad. Mercy set de efterfolging yn, mar as se úteinlik it wêzen tusken har kaken kriget en deabite wol, feroaret it yn reek en kin se net mear sykhelje. Se fielt hoe't se hommels oppakt wurdt troch in pear kâlde earms en nei de rivier droegen wurdt dy't deunby streamt. It blykt de grizelige fampier Wulfe te wêzen, dy't har yn 'e rivier smyt om't streamend wetter betsjoenings ferbrekt. As se neitiid dweiltrochwiet oan lân krûpt, kin Mercy wer sykhelje. Op 'e fraach wat Wulfe hjir moat, sa ticht by de wente fan Adam en Mercy, antwurdet de fampier dat er Mercy stalkt. Mercy ornearret dat it te krijen hat mei it feit dat er koartby bestrûpt rekke is yn har magy doe't se de sombys fan 'e Hardesty-heksen hiet om rêst te finen (sjoch: Storm Cursed).
Nei't se wer thúskommen binne, fertelt Aiden dat er wit hokker wêzen Anna en Dennis deade hat. Hy neamt it it 'reekbist' of de 'reekdemon'. It is in tige gefaarlike ierdgeast dy't foarhinne yn Underheuvel fêstholden waard troch Underheuvel. As it jin byt, kin it de behearsking oer jins lichem oernimme. It hie niiskrekt Mercy biten, yn 'e hals, wêrby't reek út 'e wûne kaam, mar troch har ôfstamming fan Coyote is Mercy ymmún foar in soad foarmen fan magy, en doe't de reekdemon har lichem net oernimme koe, besocht er har te deadzjen. It is dúdlik dat it wêzen troch de nije doar nei Underheuvel yn harren eftertún kommen is, mar de fraach is oft Underheuvel/Tilly it wêzen mei sin ûntsnappe litten hat.
Adam is de hiele nacht yn touwen om út te finen wa't de frjemde wearwolven yn syn territoarium binne. Trochdat er fan guon de rook werkend hat en ynformaasje ynwûn hat út oare boarnen komt er ta de konklúzje dat it giet om in groep fan seis wolven dy't koartby de ridel yn Galveston ûntflechte binne nei't dêr rebûlje útbrutsen wie tsjin 'e pleatslike alfa, dy't nei't it skynt gjin oangenaam persoan is. De groep wurdt oanfierd troch Sven Harolford, sels ek gjin gesellige man. Oare leden binne Lincoln Stuart, Chen Li Qiang, Kent Schwabe en it troud pear James en Nonnie Palsic. Under de gearkomste fan 'e Columbia-ridel dy't Adam ier de oare moarns gearropt om 'e ynformaasje oer de ynkringers en de reekdemon te dielen, wurdt der oanbelle. As Mercy iependocht, leit Alexander "Rennie" Renton op 'e stoepe. Hy is in helpsheriff fan Franklin County en de frijer fan Mary Jo, ien fan 'e wearwolven fan 'e Columbia-ridel. Hy is net ferwûne, mar blykber op 'e iene of oare manear bedwelme. As er letter wekker wurdt, hat er gjin flau idee wat der bard is. Adam en Mercy ynterpretearje dit foarfal as in iepeningsset fan Harolford-en-dy, dy't blykber de ridel oernimme wolle. Adam lêst lykwols út in oar skript en wol harren ronselje as nije leden fan syn ridel.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
De oare middeis is der in apart ferkearsûngemak yn Pasco deunby it plak dêr't Mercy wêze moat foar in boadskip. In frachtwein is troch de sydbarriêre fan in fiadukt riden, en hinget heal yn it loftliddige, mar kin net falle om't it hiele fiertúch fan ûnderen ôf heal yn beton feroare is. Mercy treft by it plak fan it ûngemak George, in wearwolf fan 'e Columbia-ridel dy't by de plysje fan Pasco wurket. Neffens him sei de frachtweinsjauffeur dat syn passazjier, in jonge liftster dy't er oppikt hie, ynienen it stjoer fansiden skuorde om in groep skoalbern oan te riden, sadat hy gjin oare kar hie as fan it fiadukt ôf te riden om 'e bern te ûntwiken. De liftster soe neitiid fan rutens spile hawwe, mar Mercy wurdt yn 'e mannichte nijsgjirrigen dy't gearklofte is, in tinerfamke gewaar dat it ûngemak mei selsfoldienens liket te besjen. Sadree't se Mercy opmerkt, naait se út. Mercy en George sette de efterfolging yn en helje har deunby yn in stege yn. Mei't dêr it lyk fan datselde famke leit, moat it 'famke' dat se efterfolge hawwe, eins de reedkdemon wêze. George slacht it wêzen fan harren ôf en Mercy jaget it tsien kûgels troch hûd, mar dat liket it allegear net folle te dearen. It jout him inkeld ôf as de oare plysjes fan it plak fan it ûngemak op it lûd fan 'e skotten ôf komme.
As Mercy letter yn har garaazje oan Zee, har âlde baas, freget oft dy wit hokfoar wêzen de reekdemon is, antwurdet er ûntkennend. Zee, eins Siebold Adelbertsmiter, is de hjoeddeistige identiteit fan 'e Dûnkere Smid fan Drontheim, in oerâlde metaalbewurkjende ierdgeast fan grutte macht. Syn heal-minsklike soan Tad wurket foar Mercy as monteur, en Zee mei sels ek noch graach ris yn 'e garaazje ompiele. Zee heart raar op fan wat Mercy him fertelt oer de hannelswize fan 'e reekdemon. It wêzen moat in slachtoffer bite om it lichem fan dat slachtoffer binnenkringe te kinnen mei in magy dy't himsels manifestearret yn 'e foarm fan reek, wêrnei't er sels it lichem fan it slachtoffer oernimme kin. Dêrnei moat er dat lichem brûke om oaren te deadzjen om oan genôch macht te kommen om it lichem ôftankje te kinnen en dochs sels it stal oan te nimmen fan dat lichem. De magyske macht dy't de reekdemon brûkt hat, liket derop te wizen dat er ien fan 'e machtigere ierdgeasten is, mar Zee fertelt dat stalferwikselingsmagy ornaris assosjearre is mei de mindere ierdgeasten. Hy ornearret ek dat it feit dat it wêzen de frachtwein mar foar de helte ferstienne hat, betsjut dat er net de macht hie om it hielendal te dwaan. Dat is wierskynlik ek de iennichste reden dat er Mercy en George net yn stien feroare hat. Neffens Zee liket de wurking fan 'e macht fan 'e reekdemon suver wol basearre te wêzen op it gebrûk fan in magysk foarwerp, wêrby't it resultaat fan eltse stap in folgjende stap mooglik makket.
Dyselde jûns binne der ferskate ynsidinten mei de ynkringende wearwolven, dy't allegear mei in skamper ôfrinne. It liket derop dat se besykje ôf te taasten oft der swakke plakken yn 'e Columbia-ridel sitte. De folgjende dei, as Mercy let thús komt út 'e garaazje, springt Wulfe neaken foar de ruten fan har sliepkeamer om. Se stjoert Ben nei bûten ta mei in tekken om te freegjen oft er net kâld is, mar as Ben der wer yn komt, blykt er biten te wêzen troch de reekdemon. It wêzen besiket fan Mercy te witten te kommen hoe't it kin dat sy ymmún is foar syn magy. Adam komt krekt op 'e tiid thús en oermasteret Ben. Streamend wetter helpt yn syn gefal net om 'e betsjoening te ferbrekken, en de oare wearwolven hawwe gjin oare kar as om him op te sluten yn in koai yn 'e kelder, wêrfan't it stiel fersterke is mei sulver (dêr't wearwolven beslist net oer kinne). Wulfe, dy't tasjocht as Ben yn 'e rivier dipt wurdt, fertelt Mercy dat ek de fampier Stefan, in goede freon fan har, biten is. Hy is oermastere en wurdt fêstholden troch Marsilia, de masteresse fan 'e fampieren yn 'e Tri-Cities. Marsilia hat har mei alle oare fampieren (útsein Wulfe, dy't syn eigen sin docht) opsletten en komt pas wer foar it ljocht as de bedriging fan 'e reekdemon foarby is. As er in fampier yn 'e macht kriget, kin de reekdemon nammentlik folle mear skea oanrjochtsje as mei in sljochtwei minske, en boppedat soe soks ris it bestean fan fampieren oan 'e minsken útbringe kinne, wat in ramp wêze soe.
Letter dy jûns kriget Mercy tillefoan fan Alistair Beauclaire, ien fan 'e Grize Hearen, de hearskers fan 'e ierdgeasten. Hy fertelt har dat de reekdemon earder dy jûns de kroech fan 'Omke Mike', in ierdgeast oan wa't Mercy kunde hat, binnenkrong en dêr ferskate ierdgeasten en minsken deade hat, oant de ierdgeast dy't er beset hie, oermastere wurde koe troch Larry Sethaway, de kening fan 'e eardsken, en de 'snie-elf' (sa't de pleatslike iisreus neamd wurde wol). Fan gefolgen hat de reekdemon no gjin tekoart oan magyske krêft mear. Om foar te kommen dat soks nochris bart, hawwe de Grize Hearen alle ierdgeasten (Zee en Tad ynbegrepen) weromroppen nei harren reservaat by Walla Walla. Krekt as de fampieren sille se pas wer foar 't ljocht komme as de bedriging foarby is.
Dêrfoar bestiet wol wat tiidsdruk, want troch de misdragings fan Underheuvel/Tilly, kinne de ierdgeasten net gebrûk meitsje fan harren parallelle wrâld Underheuvel, sadat se twongen binne om deun byinoar te sitten. Dat kin nea lang goed gean en it sil dan perfoarst ek net lang duorje ear't se inoar begjinne te fermoardzjen. Dat, Beauclaire besiket Mercy safolle mooglik te helpen om mei de reekdemon ôf te weven. Wat er har fertelt is dat er har de wiere namme fan it wêzen net fertelle kin, ek al soed er dat wolle. Fierders seit er dat it wêzen ek wol de 'reekdraak' of de 'reekwever' neamd wurdt, en dat der in ferhaal oer it wêzen bestiet. It wiere aard fan 'e reekdemon hat te krijen mei hantsjebakken. It wêzen kin it sluten fan in oerienkomst net ôfwize as dat him op 'e juste wize foarholden wurdt. Feitliks wie dat de reden dat er finzen siet yn Underheuvel, om't er hantsjebakt hie mei Underheuvel sels. Baba Jaga, ien fan 'e oare Grize Hearen, brekt oan 'e ein fan it petear yn mei it boadskip dat Mercy har net ôfliede litte moat troch reek en skyn, mar dat de kaai ta it oerwinnen fan 'e reekdemon syn eigenste aard is.
Neitiid freget Mercy har ôf wêrom't Underheuvel de reekdemon letterlik yn har eftertún ûntsnappe litten hat (ynstee fan yn it reservaat fan 'e ierdgeasten), wylst se wist dat Mercy troch har ôfstamming fan Coyote ymmún is foar in protte soarten magy. Of hat se it soms dien omdàt se dat wist, en brûkt se Mercy om mei de reekdemon ôf te weven? Mercy komt dan tebinnen dat Tilly har de lêste kear dat se by harren yn 'e hûs wie, beklage hat oer it hâlden en dragen fan 'e ierdgeasten. Soe dat der soms wat mei te krijen hawwe kinne?
De oare deis ferskaft Lincoln Stuart, ien fan 'e ynkringende wearwolven, himsels tagong ta de gerjochtichheid fan Kelly, ien fan 'e wearwolven fan 'e Columbia-ridel. Kelly rekket ferwûne en syn (minsklike) frou Hannah ek. Om't Mercy it tichtst by is fan alle leden fan 'e ridel, hastiget se har mei Auriele (dy't Adam as liifwacht meistjoerd hat nei de garaazje) nei de wente fan Kelly en Hannah ta. As se dêr arrivearje sjogge se hoe't Lincoln Makayla, it seisjierrige dochterke fan Kelly en Hannah, dy't er in ankel en in pols brutsen hat, boppe syn holle hâldt. Mercy riidt him oan mei har auto, wylst Auriele, dy't op 'e motorkap klommen wie, de lytse Makayla grypt en rêdt. Neitiid sjocht Mercy dat de swierferwûne Lincoln biten is. Se soe him deasketten hawwe, mar it ynsidint hat tefolle nijsgjirrige buorlju lutsen. James en Nonnie Palsic, twa oaren fan 'e ynkringende wearwolven, komme opdaagjen, mei by harren in trêde wearwolf, dy't Mercy weromken as in Fiona, dy't foarhinne foar har pleechheit Bran Cornick wurke. James Palsic, dy't lulk is dat Lincoln, wylst er mentaal dúdlik al net mear spoarde, dochs nei in hûs ta stjoerd is dêr't bern wiene, biedt oan om Lincoln mei te nimmen. Dat liket Mercy skoan ta. Palsic brekt de oare wolf temûk de nekke wylst er him yn 'e laadbak fan syn pick-up leit.
Letter dy deis skillet Mercy Bran Cornick op, yn waans ridel yn Montana hja opgroeid is. Hy is de marrok, dy't hearsket oer alle wearwolven yn Noard-Amearika. Se fertelt him alles oer wat der de lêste dagen foarfallen is, net inkeld oer de ynkringende wearwolven, mar ek oer de reekdemon, Wulfe syn stalking en har houliksswierrichheden mei Adam, ek al wie se hielendal net fan doel om dêroer te begjinnen. Bran ferkearde ûnder de yndruk dat Fiona al fiif of seis jier dea wie. Se hie har tsjinsten ferhierd oan in groep heksen en dat rûn mis. No't er heart dat se noch libbet, warskôget er Mercy dat se tige by tige gefaarlik is en dat se deamakke wurde moat sadree't him dêr in kâns ta foardocht. Hja skrillet nearne foar tebek, hat hoegenamt gjin loyaliteit en is gjin goede bûnsgenoat foar lykfolwa as se foar dy persoan net deabenaud is. Oer Sven Harolford sprekt Bran ek in deafûnis út, hoewol't dy minder gefaarlik is. De Palsics en Chen Li Qiang wol Bran graach behâlde. Oer Kent Schwabe is er ûnwis; hy hat al sûnt de 1960-er jierren frijwol neat fan him heart, wat makket dat er Schwabe derfan fertinkt dat dy war docht om him út 'e wei te gean.
Oangeande de reekdemon seit Bran dat it him taliket dat de namme fan it wêzen wichtich is, en dat Mercy har fierders talizze moat op it aspekt fan hantsjebakken. Hy riedt har ek oan om Tilly oer it wêzen út te kloarkjen. Bran moat net folle fan Wulfe hawwe, ek al om't immen him ferteld hat dat Wulfe yndirekt ferantwurdlik wie foar Mercy har ûntfiering troch Iacopo Bonarata (sjoch: Silence Fallen), mar Mercy bepraat him om 'e fampier foarearst gewurde te litten. Oangeande de houliksproblemen fan Mercy en Adam wol er inkeld sizze dat se har mystike houliksbân mei Adam mar ris opblaze moat en sjen wat der dan bart. Hy wegeret út te lizzen wat er dêrmei bedoelt.
Wylst Mercy koarte tiid letter mei Adam yn har garaazje is, ferliest dy syn selsbehearsking en feroaret net yn in wearwolf, mar yn in reuseftich, ôfsichtlik meunster fan wol 2.70 m lang, mei in reade hûdskleur, in keale sturt, útsteande earen en ûnbidige kaken en klauwen. Soks is noch nea earder bart, en it is blykber in fysike manifestaasje fan 'e geastlike problemen dêr't Adam mei kampt. Hy wol himsels fan kant meitsje, mar dêr leit Mercy wolfergoed it near op. Se lûkt har werom nei it mystike plak yn har holle dêr't se alle bannen sjen kin dy't tusken har en oaren besteane, lykas mei de wolven fan 'e ridel, mei Stefan en fansels de mystike houliksbân mei Adam. Yn dat plak kin se kommunisearje mei Adam syn wolf, dy't har fertelt dat de hekse Elizaveta, krekt foar't Adam har deade (sjoch: Storm Cursed), in flok oer him útspriek mei de wurden: "Bist it meunster dêr'tst al fan tochtst datst it wiest." Dêrmei rekke se Adam op syn swakke plak, want hy beskôget alle wearwolven útsoarte as meunsters, en hy wie sadwaande dochs al oanhelle mei in beskate selswalging. De wolf warskôget har dat de flok stadichoan terrein wint. Mercy wit net wat se dêroan dwaan moat.
As se letter mei moaipraten Tilly útkloarket oer de reekdemon, jout dy ta dat sy it wêzen it fermogen jûn hat om 'e lichems fan oaren te besetten, mei as doel om him makliker fan stal feroarje te litten. Dêrta moast er syn slachtoffer bite en in skoftke besette om oan it nije stal te wennen, en dêrnei koed er sels dat stal oannimme. Allinnich, it wurke net om't de reekdemon fan himsels net oer genôch magy beskikte, dat Tilly (Underheuvel) loste dat op troch him oan bykommende magy te helpen troch it deadzjen fan oaren. Se fertelt ek hoe't de reekdemon twongen wurde kin om te hantsjebakken: hy hat in geheim, en as jin him fertelle kinne wat dat geheim is, hat er gjin oare kar as om in oerienkomst te sluten.
Underwilens is Mercy ta it besef kommen dat se James Palsic earder sjoen hat. Hy hat in wykmannich lyn in stikkene auto troch har reparearje litten, nei't it no liket om op ûnfertochte wize har garaazje ferkenne te kinnen. Se dûkt yn har boekhâlding, dy't net sa oarderlik byholden wurdt as eins moatte soe, en wit úteinlik in rekken op te spoaren dêr't it nûmer fan Palsic syn mobile tillefoan op stiet. Se skillet him op en fertelt him wat Bran sein hat oer Fiona en de rest fan 'e ynkringende wearwolven. Se riedt him oan om Bran sels ris op te skiljen en jout him syn tillefoannûmer.
In dei letter wurdt Mercy opskille troch Nonnie Palsic, dy't yn panyk is om't har man James yn stien feroare is. Se fertelt dat Fiona en Sven Harolford it op Kyle Brooks foarsjoen hawwe, de partner fan Warren, ien fan 'e wearwolven fan 'e Columbia-ridel. Troch Warren te warskôgjen soe Kyle yn prinsipe feilich genôch wêze moatte as er binnen bliuwt. Tagelyk kinne Mercy en Adam har nei it skûlplak fan 'e ynkringende wearwolven bejaan sûnder dat se Fiona en Harolford dêr tsjin it liif rinne. James Palsic is yndie yn stien feroare; hy sykhellet noch, mar net lang mear. Mercy is lykwols no safierhinne dat se tinkt te witten wa't de reekdemon is en wat syn geheim is. Se mient nammentlik dat se wit hokfoar ferhaal oer it wêzen Beauclaire it oer hie. Se lit Adam en in pear oare wearwolven, Luke en Kelly, de stevich boeide Ben meibringe, dy't noch altyd troch de reekdemon beset wurdt.
Mercy biedt (fia Ben) de reekdemon in oerienkomst oan: hy mei har nochris bite om te sjen oft syn magy wier net tsjin har wurket. As sy yndie ymmún is, sil er him foargoed ôfjaan. Mar om't oerienkomsten mei ierdgeasten yn lykwicht wêze moatte, mei er har yn dat gefal ien fraach stelle dêr't sy oprjocht op antwurdzje sil, en sil se him dêropta in wierheid fertelle dy't er net hearre wol. De reekdemon stimt dêrmei yn en nimt de foarm fan in reuseftige draak oan. Hy byt Mercy wer en brûkt al syn reekmagy om har yn syn macht te krijen.
Mercy giet yn har holle fannijs nei dat mystike plak ta, dêr't se op 'e nij alle bannen sjocht dy't mei har ferbûn binne. Mar diskear is se dêr net allinne, mei't de reekmagy har dêrhinne folge is. De reek nimt de foarm fan in lyts famke oan: Tilly. Mercy beseft dat de reek net fan 'e reekdemon is, mar ûnderdiel útmakket fan 'e magy dêr't Underheuvel it wêzen mei bejeftige hat. No't er alle reek yn ien kear brûkt hat, is er it kwyt en is it wer fan Underheuvel. Tilly begjint om te knoeien mei de mystike bannen fan Mercy mei Adam, de ridel en Stefan, en sy kin har net tsjinhâlde. Mar dan wurdt se noch in oare, reachfine bân gewaar, en in stim yn har holle seit: "Lit my Wêze." Mercy beseft dat se wat hiel gefaarliks docht as se seit: "Kom mar." En de magyske en selsbewuste gongelstôk dy't har lange tiid beselskippe hat en dy't har libben rêden hat troch sines op te offerjen (sjoch: Fire Touched), komt wer ta wêzen yn har hân. It ding is makke troch de god Lugh, dy't it oarspronklik mei it lytse magyske fermogen bejeftige om altyd it paad nei hûs weromfine te kinnen. No oarderet de gongelstôk (dy't meitiid mear as in lyts magysk fermogen krigen hat) Tilly: "Fyn jo paad nei hûs," en de manifestaasje fan Underheuvel en alle reek ferdwine op slach út it mystike plak.
As Mercy wer ta harsels komt, is de reekdemon bûten himsels fan grime, mei't er mient dat Mercy syn reekmagy stellen hat. As se him lykwols útleit wat der bard is, en dat dat inkeld troch syn eigen aksjes feroarsake is, beseft er dat se gelyk hat en leit er him by de sitewaasje del. Hy mei no syn iene fraach stelle, mar hy stelt wol trije: "Wêrom wiesto by steat om dy tsjin myn macht te fersetten? Wylst mar de twadde persoan wiest dy't ik biet nei myn ûntsnapping? Hoe kin it dat ik sa ûngelokkich wie?" Mercy kiest derfoar om dat allegear as ien fraach te sjen en leit út dat se fierhinne ymmún is foar magy fanwegen har ôfstamming fan Coyote, en dat Underheuvel him dêrom mei opsetsin yn har eftertún ûntsnappe litten hat. Doe't se de reekdemon mei syn nije fermogens bejeftige, ferseach se har derop hoe'n grut part fan har magy dat kostje soe. No is se yn in skeel mei de ierdgeasten ferwikkele, en woe se dy magy weromhawwe. Koartsein: de reekdemon en Mercy binne allebeide manipulearre troch Underheuvel. Dan is it oan Mercy om 'e reekdemon de wierheid te fertellen dy't er net hearre wol. Se seit: "Jo namme is Oegemantsje." Dêrop skuort de ierde iepen en ferswolget de reekdemon.
Sadree't de gongelstôk de reek ferdreau, binne Ben en Stefan befrijd fan 'e geastlike besetting, en is James Palsic wer ta libben kommen. Ben wit dat Sven Harolford ek biten en beset wie, dat hy is bang dat Fiona en Harolford de wente fan Adam en Mercy oanfallen hawwe, om't dêr op it stuit mar ien lid fan 'e ridel oanwêzich wie. In tillefoantsje nei hûs leart dat dat yndie bard is, mar Joel Arocha, dy't ynstee fan yn in wearwolf feroaret yn in tibicena (sjoch: Night Broken) hat gjin bliuwende skea oprûn doe't Fiona op him skeat. Dat kin Harolford net sizze, dy't troch ien fan 'e froulju fan 'e wearwolven mei in sulverne kûgel rekke is. Syn stoflik omskot wurdt letter yn in ûndjip grêf weromfûn. De Palsics beslute mei Chen Li Qiang en Kent Schwabe nei Montana te gean om in skoftke yn 'e ridel fan Bran Cornick troch te bringen. Yn 'e folgjende dagen komme de ierdgeasten wer út harren reservaat te foarskyn en lit Marsilia har fampieren ek wer gean en stean dêr't se wolle. De ridel bliuwt wach om't Fiona noch op frije fuotten is, mar as der fia Bran berjocht komt dat se yn Wichita (Kansas) sinjalearre is, gean Mercy en de wearwolven wer oer ta de oarder fan 'e dei.
In moanne giet foarby, en alles liket wer normaal te wêzen, útsein dat de houliksproblemen fan Adam en Mercy net feroare binne. Adam hâldt har noch altyd út syn holle wei, en de flok fan Elizaveta boazet stadichwei oan. Mercy hat it ris in hoartsje oansjoen yn 'e hope dat it út himsels oerbetterje soe, mar se beseft no dat se miskien drastyske maatregels nimme moat. Dan wurde Mercy en Adam op in dei yn har garaazje oerfallen troch Fiona, dy't Adam bedwelmet mei in ferdôvingsmiddel dêr't sulvernitraat yn sit. Mercy boeit se fêst oan in stoel. It docht bliken dat Fiona foar de Hardesty-heksen wurket, dy't Mercy mar al te graach libben yn 'e hannen krije wolle. Ek blykt dat Kent Schwabe, krekt as Sven Harolford earder, troch de heksen oan Fiona har wil bûn wie. Mar hoewol't Adam syn wolf foarearst útskeakele is troch it sulver dat him tatsjinne is, giet dat net op foar syn meunster. Wylst Mercy Fiona har oandacht fêsthâldt, feroaret Adam efter har yn it reuseftige meunster, wêrnei't er har deaslacht as wie se in mich.
Mercy lûkt har yn har holle wer werom yn it mystike plak, dêr't se de rie fan Bran opfolget en har mystike houlikskonneksje mei Adam opblaast. Se wurdt wekker op in frjemd plak, wêrfan't se beseft dat it Adam syn mystike plak is, oan 'e oare kant fan harren houliksbân. Dêr fynt se it meunster wer, en ek in skym fan 'e hekse Elizaveta, dy't Adam oanhâldend gif yn 'e earen flústeret. Mercy fielt de magyske gongelstôk nei har hân weromkearen. It ding feroaret yn in spear, sa't it dat soms docht, en Mercy brûkt dat wapen om 'e skym fan Elizaveta dea te stekken en foargoed te ferdriuwen. Dêrmei feroaret it meunster wer yn Adam en is de flok opheft. Werom yn 'e echte wrâld hat Mercy har earm brutsen trochdat se rekke is troch in ferdwaalde kûgel út Fiona har pistoal. Wylst sy dêrfoar behannele wurdt, skillet Adam Bran op om him foar Schwabe te warskôgjen. Inkele dagen letter wurdt Mercy troch Wulfe ûnder har sliepkeamerrút traktearre op in serenade, wêrby't Wulfe op it gitaar begelaat wurdt troch Stefan. Wylst Mercy glimkjend tasjocht, leit efter har op 'e ladekast de gongelstôk op syn âlde plak.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Mercy Thompson (romansearje) | |
---|---|
Silver* • Fairy Gifts* • Gray* • Moon Called • The Star of David* • Blood Bound • Iron Kissed • Bone Crossed • Roses in Winter* • Silver Borne • In Red, with Pearls* • River Marked • Frost Burned • Redemption* • Night Broken • Hollow* • Fire Touched • Silence Fallen • Storm Cursed • Smoke Bitten • Soul Taken • Winter Lost | |
Alpha and Omega (romansearje) | |
Seeing Eye* • Alpha and Omega* • Cry Wolf • Hunting Ground • Fair Game • Dead Heat • Burn Bright • Wild Sign • Dating Terrors | |
fet = roman; *) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Shifting Shadows |