Loan Maclibhuin
Loan Maclibhuin | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oare namme(n) | Loan Maclibuin, Lon Mac Liomtba | |
bynamme | de Dûnkere Smid fan Drontheim | |
sekse | man | |
soarte personaazje | legindarysk figuer | |
nasjonaliteit | Noarsk | |
berop/amt | wapensmid | |
oare ynformaasje | ||
attributen | swurd Macabuin ("Unbesmodzge") | |
ûntstean | Midsiuwen? |
Loan Maclibhuin, Loan Maclibuin of Lon Mac Liomtba, dy't bekendstie as de Dûnkere Smid fan Drontheim, wie in legindaryske Noarske wapensmid. Neffens de folkloare fan it eilân Man, yn 'e Ierske See, dat yn 'e Midsiuwen lange tiid in ûnder Noarsk bestjoer stie, wie Maclibhuin de soan fan 'Wynpet' (Windy Cap), de kening fan Noarwegen. It 'dûnker' yn 'e oantsjuting 'Dûnkere Smid fan Drontheim' slacht op in dûnkerder hûdskleur as normaal is foar Noaren, en is net in ferwizing nei swarte magy of sokssawat. 'Drontheim' is in ferbastering fan Trondheim, de âlde haadstêd fan in Noarwegen.
Leginde
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens in Manksk folksferhaal hie de Noarske ealman Kitter mei syn many foar de jacht al it wyld útrûge op it Keal fan Man, it lytsere eilantsje foar de kust fan Man dêr't syn kastiel stie. It folk fan it haadeilân wie bang dat er no mei it wyld op Man sels begjinne woe, dat sadwaande fregen se de heks Ada om help. Troch dy har tadwaan foel Kitter syn kok Eaoch fan de Lûde Stimme ûnder it itensieden yn 'e sliep, wêrnei't it kastiel ôfbaarnde mei Kitter deryn. Eaoch sels hie lykwols witten te ûntkommen, mar neitiid waard er troch de Noarske freonen fan syn master grypt, dy't him fertochten fan kweade opset, en op beskuldiging fan moard foar de Noarske kening fan Man sleept, Olave Goddardson (wierskynlik basearre op 'e histoaryske Olaf I Godredsson).
Kening Olave spriek oer Eaoch it deafûnis út, mar neffens de Noarske siden en pligen mocht de feroardielde sels bepale hoe't er stjerre soe. Eaoch besleat dat er syn holle op 'e skonken fan 'e kening lizze woe en dan ûnthalze wurde woe mei de kening syn eigen swurd, Macabuin, dat "Unbesmodzge" betsjut. Dat swurd wie makke troch de ferneamde wapensmid Loan Maclibhuin, de Dûnkere Smid fan Drontheim, en koe troch it hurdste granyt hinne snije troch it lims der lichtsjes tsjinoan te hâlden. De Noarske eallju oant it hof fan kening Olave smeken harren foarst om Eaoch syn lêste winsk njonken him del te lizzen, mei't it dúdlik wie dat de kok hope dat behalven syn holle ek de skonken fan 'e kening ôfsnien wurde soene. Mar de kening wegere om syn wurdt te brekken en oardere dat de útfiering fan 'e deastraf taret wurde moast.
Dêrop ferskynde lykwols de heks Ada, dy't de Noaren fertelde dat se njoggen kear njoggen poddehûden oer de skonken fan 'e kening hinne lizze moasten, en dêroer hinne likefolle popeltwigen en dêroer hinne nochris safolle njirre-aaien. Dêr wer boppe-op liet Eaoch syn holle rêste. Doe't de kening neitiid it lims fan syn swurd lichtsjes tsjin 'e nekke fan 'e kok oanlei, snie Macabuin dêr daliks trochhinne, en troch de njirre-aaien en de popeltwigen ek, mar yn 'e poddehûden bleau er heakjen.
Doe't Maclibhuin oer dit foarfal hearde, waard er poerlulk, want hy hie kening Olave it swurd jûn ûnder it betingst dat it net besmodzge wurde soe mei it bloed fan in leechberne persoan. Dêrop stjoerde er syn helper Hiallus-nan-urd, dy't in sels in skonk kwytrekke wie by it timperjen fan it swurd, nei Man ta, dêr't er Olave útdage om mei him werom te reizgjen nei Drontheim om him foar Maclibhuin te ferantwurdzjen. Olave reizge doe nei Noarwegen ta, dêr't er him nei Drontheim bejoech. De measte ferzjes fan it ferhaal litte de reis fierhinne bûten beskôging.
Mei opsetsin arrivearre Olave earder by de smidderij fan Maclibhuin as Hiallus-nan-urd, tsjin wa't er doe de doar barrikadearre. Hy naam in slaaie en sloech dêrmei it stiennene ambyld midstwa. Fan Maclibhuin syn dochter Emergaid, dy't op it leven ôfkaam, krige Olave te hearren dat de smid eins in soan fan 'e Noarske kening wie. Teffens fertelde hja him dat er Olave nei syn smidderij lokke hie om't er in nij en better swurd meitsje woe, dat er fan doel wie te dwêstgjen yn it bloed fan 'e kening fan Man. Dêrop griep Olave it nije swurd en die mei Maclibhuin wat dy mei him dwaan wollen hie. Neitiid smiet er de doar fan 'e smidderij iepen en houde er Hiallus-nan-urd mei it nije swurd yn 'e lingte midstwa. Dêrnei reizge er mei Emergaid werom nei Man, dêr't er har ta frou naam.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |