Alpha and Omega (romansearje)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Alpha and Omega
auteur Patricia Briggs
taal Ingelsk
foarm romansearje
sjenre fantasy
1e publikaasje 2007 – no
oarspr. útjwr. Ace Books

Alpha and Omega is in romanrige fan 'e hân fan 'e Amerikaanske fantasyskriuwster Patricia Briggs, oer de Yndiaanske alfa-wearwolf Charles Cornick en syn blanke omega-partner Anna Latham. De boeken, dy't ta it subsjenre fan 'e urban fantasy hearre, binne skreaun yn it personele perspektyf. Se foarmje in spin-off-rige fan Briggs har langrinnende en tige populêre Mercy Thompson-searje, en wurde sûnt 2007 publisearre troch de New Yorkske útjouwerij Ace Books.

De wrâld fan Alpha and Omega[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e wrâld fan 'e Alpha and Omega-searje besteane der alderhanne wêzens dy't yn 'e skaden fan 'e wrâld foar de minsken ferburgen libje, lykas wearwolven, fampieren en ierdgeasten. Troch de almar fierder geande technyk (yn it bysûnder kameratechnyk) kinne dy har hieltyd dreger ferskûle hâlde. Dêrom hawwe de mindere ierdgeasten (lykas kabouters, gnomen, elfkes, ensfh.) har bestean in oantal jierren lyn iepenbiere, mar de gruttere ierdgeasten en fampieren hâlde noch altyd yn it ferhoalene ta. De wearwolven binne koartby ek 'út 'e kast' kommen, en dogge alle war om sa ûnskeadlik mooglik te lykjen.

De lieder fan alle wearwolven yn Noard-Amearika is de marrok, Bran Cornick, dy't yn it berchlân fan Montana tahâldt. Syn soan Charles is krektlyk as syn heit in tige dominante wolf, mar hy is mear as dat. Ornaris kinne froulike wearwolven gjin bern krije, mar syn mem wie de dochter fan in Yndiaanske medisynman, en hja hie fan harsels al in beskate magy. Hoewol't se yn it kreambêd stoar, slagge it har om Charles te foldragen en him libben en wol te wrâld te bringen. Sadwaande is Charles de iennichste wearwolf dy't as wearwolf berne is. (Alle oaren binne minsken dy't ta wearwolf makke binne.)

Anna Latham is in jonge frou dy't troch in mâle wearwolf oanfallen is en dêrtroch sels ek wearwolf wurden is. Hja is in omega, ien fan 'e meast seldsume soarten wearwolven, dy't dominant noch ûnderdienich is, mar bûten de rangoarder fan 'e wearwolvetroep stiet. Dêrby is se bejeftige mei it fermogen om dominante wearwolven te kalmearjen. As partners folje Charles en Anna inoar perfekt oan, en troch Charles syn wurk, as de sterke earm en probleme-oplosser fan syn heit, reitsje se by it iene nei it oare aventoer belutsen.

Haadpersoanen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Charles Cornick, de heal-Yndiaanske jongere soan fan 'e marrok, berne omtrint 1810
  • Anna Latham Cornick, in omega-wearwolvinne en de frou fan Charles Cornick
  • Sage Carhardt, in wearwolvinne fan 'e Aspen Creek-troep
  • Bran Cornick, de marrok, lieder fan alle wearwolven yn Noard-Amearika en yn 't bysûnder fan 'e Aspen Creek-troep, fan oarsprong in Welsman, dy't earne healwei it earste milennium n.Kr. berne is
  • Leah Cornick, in ûnsympatike wearwolvinne en de frou fan 'e marrok
  • Samuel Cornick, in dokter, dominante wearwolf en de âldste soan fan 'e marrok, dy't net folle jonger is as syn heit
  • Leslie Fisher, in FBI-aginte
  • Tom Franklin, in wearwolf fan 'e Emerald City-troep, út Seattle
  • Adam Hauptman, de skieden alfa-wearwolf fan 'e Kolumbia-troep en Mercy har man
  • Moira Keller, in bline wite heks dy't troude is mei Tom Franklin
  • Asil Moreno, byneamd 'de Moar', in tige âlde en geastlik ynstabile wearwolf fan 'e Aspen Creek-troep
  • Colin "Tag" Taggart, in wearwolf fan 'e Aspen Creek-troep
  • Mercedes "Mercy" Thompson, monteur, garaazjehâldster en parttime prêrjewolvinne

Searje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

de Mercy Thompson-searje
Moon Called | Blood Bound | Iron Kissed | Bone Crossed | Silver Borne | River Marked | Frost Burned | Night Broken | Fire Touched | Silence Fallen
de Alpha and Omega-searje
Alpha and Omega | Cry Wolf | Hunting Ground | Fair Game | Dead Heat | Burn Bright