Mercy Thompson (romansearje)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Mercy Thompson-searje)
Mercy Thompson
algemiene gegevens
auteur Patricia Briggs
taal Ingelsk
foarm romansearje
sjenre fantasy
1e publikaasje 2006 – no
oarspr. útjwr. Ace Books

Mercy Thompson is in romanrige fan 'e hân fan 'e Amerikaanske fantasyskriuwster Patricia Briggs, oer de monteur Mercedes "Mercy" Thompson, in jonge frou fan heal-Yndiaansk komôf dy't harsels feroarje kin yn in prêrjewolf. De boeken, dy't ta it subsjenre fan 'e urban fantasy hearre en skreaun binne yn it ik-perspektyf, wurde sûnt 2006 yn hardcoveredysjes útjûn troch de Newyorkske útjouwerij Ace Books. Der ferskine ek werprintingen yn paperbackfoarm by de Britske útjouwerij Orbit Books.

Mercy Thompson en har wrâld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e wrâld fan 'e Mercy Thompson-rige besteane der alderhanne wêzens dy't yn 'e skaden fan 'e wrâld foar de minsken ferburgen libje, lykas wearwolven, fampieren en ierdgeasten. Troch de almar fierder geande technyk (yn it bysûnder kameratechnyk) kinne dy har hieltyd dreger ferskûle hâlde. Dêrom hawwe de mindere ierdgeasten (lykas kabouters, gnomen, elfkes, ensfh.) har bestean in oantal jierren lyn iepenbiere, mar de gruttere ierdgeasten, wearwolven en fampieren hâlde noch altyd yn it ferhoalene ta.

Mercedes "Mercy" Thompson is in jonge frou mei in akademyske graad yn skiedkunde, dy't yn 'e Tri-Cities (Richland-Kennewick-Pasco), yn 'e Amerikaanske steat Washington, as monteur wurket en in eigen garaazje runt dêr't se Dútske auto's reparearret, mar benammen Folksweinen ("Mercedes de Folksweinmonteur" is in grap dy't se faak oanhearre moat). Hja is fan heal-Yndiaansk komôf, mei in blanke mem en in Yndiaanske heit dy't nei't it skynt in Swartfuotske bollerider by rodeo's wie, mar dy't foar har berte by in ferkearsûngemak om it libben kommen is.

Fan har heitekant hat Mercy it fermogen urven om fan stal te feroarjen fan minske nei prêrjewolf en werom. Doe't har tinermem koart nei Mercy har berte in prêrjewolvepup yn 'e widze oantrof, frege se in âldomke fan harres om rie, fan wa't yn 'e famylje it geroft gie dat er in wearwolf wie. Sa kaam it dat Mercy grutbrocht waard troch in ridel wearwolven yn Montana, dy't ûnder lieding stie fan Bran Cornick, de marrok, dy't de lieder fan alle wearwolven yn Noard-Amearika is. Troch har konneksjes mei de wearwolven en har eigen, troch in langst nei rjochtfeardigens ynjûne bemuoisucht rekket Mercy geandewei de romansearje stadichoan mear belutsen by de boppenatuerlike wrâld.

Haadpersoanen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Mercedes "Mercy" Thompson, monteur, garaazjehâldster en parttime prêrjewolvinne, yn in relaasje en letter troud mei Adam Hauptman, de alfa fan 'e Columbia-wearwolveridel
  • Siebold "Zee" Adelbertsmiter, of ek wol 'Siebold Adelbertsdeader út it Swarte Wâld', Mercy har âlde baas, in metaalbewurkjende ierdgeast dy't letter Loan Maclibhuin, de Dûnkere Smid fan Drontheim, blykt te wêzen
  • Thaddeus "Tad" Adelbertsmiter, Zee syn healbloed-tinersoan
  • Aiden, in minsklike jonge dy't iuwenlang fêstsitten hat yn it Underheuvel, de parallelle wrâld fan 'e ierdgeasten, en yn dy tiid bejeftige is mei de behearsking oer it elemint fjoer
  • Joel Arocha, in man dy't feroarje kin yn in tibicena, in grut soarte hûn, en dy't troch Mercy yn 'e Columbia-wearwolveridel opnommen wurdt
  • Lucia Arocha, de frou fan Joel, dy't hûnen fokt
  • Baba Jaga, in machtige ierdgeast dy't ôfkomstich is út East-Jeropa
  • Alistair Beauclaire, ien fan 'e Grize Hearen (lieders) fan 'e ierdgeasten en de soan fan 'e god Lugh
  • Iacopo Bonarata, de 'Hear fan 'e Nacht' en master fan Milaan, de machtichste fampier fan 'e wrâld, dy't frijwol alle oare fampieren ûnder de tomme hâldt
  • Ariana "Ari" Brewster, in fee dy't nei hast 1.500 jier har âlde leafde Samuel Cornick wer weromfynt
  • Kyle Brooks, in foaroansteand skiedingsabbekaat en de freon fan Warren Smith
  • Christy, de eks-frou fan Adam
  • Bran Cornick, de marrok, lieder fan alle wearwolven yn Noard-Amearika; fan oarsprong in Welsman, dy't earne healwei it earste milennium n.Kr. berne is
  • Leah Cornick, in ûnsympatike wearwolvinne en de frou fan 'e marrok
  • Samuel Cornick, in dokter, dominante wearwolf en de âldste soan fan 'e marrok, dy't net folle jonger is as syn heit
  • Charles Cornick, de heal-Yndiaanske jongere soan fan 'e marrok, berne omtrint 1810
  • Anna Latham Cornick, in omega-wearwolvinne en de frou fan Charles Cornick
  • Coyote, in Yndiaanske godheid en trickster dy't op in yngewikkelde manear Mercy har heit is
  • David Christiansen, in solitêre wearwolf dy't as hierling wurket en in freon fan Adam is
  • Zack Drummond, in ûnderdienige wearwolf fan 'e Columbia-ridel, dy't oarspronklik út Tsjechje komt
  • Margaret Flanagan, de dochter fan 'e Draak ûnder de Heuvel, in prinsesse fan 'e ierdgeasten dy't trijefearnsiuw ûnder de grûn finzen holden is, mar rêden is troch Thomas Hao, mei wa't hja in relaasje ûnderhâldt
  • George, in wearwolf fan 'e Columbia-ridel, yn it deistich libben plysjeman te Pasco
  • de gongelstôk, in magysk foarwerp fan 'e ierdgeasten, makke troch Lugh, dat in eigen wil ûntwikkelet en in bân mei Mercy kriget
  • Hannah, frou fan Kelly
  • Thomas Hao, de master fan San Francisco, in solitêre fampier dy't oer de boppenatuerlike wrâld fan San Francisco hearsket
  • Adam Hauptman, de skieden alfawearwolf fan 'e Columbia-ridel en Mercy har buorman
  • Jessica "Jesse" Hauptman, Adam syn tinerdochter en Mercy har buorfamke
  • Honey Jorgenson, in wearwolvinne fan 'e Columbia-ridel dy't troud is mei Peter Jorgenson
  • Peter Jorgenson, in ûnderdienige wearwolf fan 'e Columbia-ridel
  • Kelly, in wearwolf fan 'e Columbia-ridel
  • Gary Laughingdog, Mercy har Yndiaanske healbroer dy't ek de foarm fan 'e prêrjewolf oannimme kin
  • Libor, de alfawearwolf fan 'e ridel fan Praach, heit fan Zack
  • Luke, in wearwolf fan 'e Columbia-ridel, yn it deistich libben sipier yn it Coyote Ridge Corrections Center te Connell (Washington)
  • Makayla, dochterke fan Kelly en Hannah
  • Marsilia, de hearskeresse oer de fampieren yn 'e Tri-Cities
  • Mary Jo, in wearwolvinne fan 'e Columbia-ridel, yn it deistich libben brânspuitfrou yn Kennewick (Washington)
  • Michael McNellis, "Omke Mike", in ierdgeast fan oansjenlike krêft dy't in kroech runt yn Pasco (Washington)
  • Tony Montenegro, in resjersjeur by de plysje fan Kennewick en in freon fan Mercy Thompson
  • Isabella "Izzy" Norman, de bêste freondinne fan Jesse Hauptman en letter de faam fan Tad Adelbertsmiter
  • Sherwood Post, in wearwolf fan 'e Columbia-ridel dy't in skonk mist en oan ûnthâldsferlies lijt nei't er withoelang troch heksen finzenholden is
  • Alexander "Renny" Renfield, in helpsheriff fan Franklin County (Washington), en de frijer fan Mary Jo
  • Gabriel Sandoval, in tinerjonge fan Latino-komôf en Mercy har hantsjemuoisfeint yn har garaazje
  • Larry Sethaway, de 'kening' fan 'e eardsken (hoewol't de eardsken dy titel eins sels net brûke)
  • Ben Shaw, in wearwolf fan 'e Columbia-ridel dy't út 'e Britske haadstêd Londen ôfkomstich is
  • Warren Smith, in homoseksuële wearwolf en de op twa nei dominantste wearwolf fan 'e Columbia-ridel
  • Stefano "Stefan" Uccello, in fampier út 'e Tri-Cities dy't besiket sa min mooglik skea oan te rjochtsjen, en in freon fan Mercy
  • Underheuvel, de machtige personifikaasje fan 'e parallelle wrâld fan 'e ierdgeasten, dy't net rjocht frij fan sljochtsinnigens is en dy't harsels manifestearret as in lyts famke mei de namme Tilly
  • Wulfe, in fampier út 'e Tri-Cities dy't ek oer magy beskikt
  • Darryl Zao, de op ien nei meast dominante wearwolf yn 'e Columbia-ridel, mei Afrikaanske en Sineeske âlden
  • Auriele Zao, in wearwolvinne fan 'e Columbia-ridel en Darryl syn frou

Searje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

romans
koarte fiksje
grafyske romans
  • 2009 – Mercy Thompson: Homecoming (in prequel fan Moon Called)
  • 2012 – Mercy Thompson: Moon Called
  • 2015 – Mercy Thompson: Hopcross Jilly

Alpha and Omega[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sûnt 2007 wurket Briggs ek oan 'e Alpha and Omega-searje, in spin-off-rige fan 'e Mercy Thompson-boeken, mei yn 'e haadrollen Mercy har pleechbroer Charles Cornick en dy syn frou Anna.

koarte ferhalen:

Untfangst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Moon Called (2006) wie foar Briggs har grutte trochbraak, en ferkocht sa goed dat it de bestsellerlist fan 'e krante USA Today helle. It twadde diel fan 'e searje, Blood Bound (2007) helle de bestsellerlist fan 'e krante de New York Times, in wis teken dat men it yn Amearika as skriuwer makke hat. Diel 3, Iron Kissed (2008) kaam op it earste plak fan 'e bestsellerlist fan 'e New York Times te stean. Ek alle lettere dielen fan 'e searje waarden sûnder útsûndering bestsellers.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Mercy Thompson (romansearje)
Silver* • Fairy Gifts* • Gray* • Moon Called • The Star of David* • Blood Bound • Iron Kissed • Bone Crossed • Roses in Winter* • Silver Borne • In Red, with Pearls* • River Marked • Frost Burned • Redemption* • Night Broken • Hollow* • Fire Touched • Silence Fallen • Storm Cursed • Smoke Bitten • Soul Taken
Alpha and Omega (romansearje)
Seeing Eye* • Alpha and Omega* • Cry Wolf • Hunting Ground • Fair Game • Dead Heat • Burn Bright • Wild Sign • Dating Terrors
fet = roman; *) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Shifting Shadows