Bone Crossed
Bone Crossed | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | Patricia Briggs | |
taal | Ingelsk | |
foarm | roman | |
sjenre | fantasy | |
1e publikaasje | 2009, New York | |
oarspr. útjwr. | Ace Books | |
rige | ||
rige | Mercy Thompson | |
● foarich diel | Iron Kissed | |
● folgjend diel | Silver Borne | |
kodearring | ||
ISBN | 978-0 44 10 16 761 |
Bone Crossed (letterlik: "Fan Bonken Krúst") is it fjirde diel fan 'e Mercy Thompson-rige fan 'e Amerikaanske skriuwster Patricia Briggs. It is in fantasyroman fan it subsjenre fan 'e urban fantasy, dy't skreaun is yn it ik-perspektyf, en ferhellet oer de Amerikaanske monteur Mercedes "Mercy" Thompson, in jonge frou fan heal-Yndiaansk komôf dy't harsels feroarje kin yn in prêrjewolf. Bone Crossed waard foar it earst publisearre yn 2009, troch de New Yorkske útjouwerij Ace Books, as hardcoveredysje. Letter ferskynden der ek werprintingen yn paperbackfoarm by de Britske útjouwerij Orbit Books. Krekt as de oare dielen fan 'e rige wie Bone Crossed in grut súkses en helle it de bestsellerlist fan 'e krante de New York Times.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mercedes "Mercy" Thompson is in jonge frou dy't fan in Yndiaanske heit dy't se nea kennen hat, it fermogen urven hat om harsels yn in prêrjewolf (coyote) te feroarjen. Hja hie yn 'e Tri-Cities (Richland-Kennewick-Pasco), yn 'e Amerikaanske steat Washington, as monteur en eigneresse fan in garaazje in relatyf normaal bestean opboud oant se yn 'e foargeande dielen fan 'e searje almar djipper behelle rekke yn 'e oangelegenheden fan 'e pleatslike boppenatuerlike mienskip.
Yn Bone Crossed besiket Mercy mei harsels yn it reine te kommen nei't se ferkrêfte is en de dieder fermoarde hat (sjoch: Iron Kissed). Se wurdt ek noch altyd 'efterfolge' troch de magyske gongelstôk, in foarwerp fan ierdgeastemakkelei dat in eigen wil hat en om it hoartsje yn 'e neite fan Mercy opdûkt. Har problemen wurde noch folle grutter as Marsilia, de masteresse fan 'e pleatslik fampieren, der einlings efter komt dat Mercy ferskate moannen lyn Andre, ien fan har ûnderhearrigen, deade hat (sjoch: Blood Bound). Op 'e doar fan har garaazje wurde mei fampieremagy twa krúste bonken oanbrocht, ta teken dat se fûgelfaai ferklearre is. Mercy har skieden buorman Adam Hauptman, de alfa (lieder) fan 'e pleatslike wearwolvetroep, dy't in eachje op har hat, nimt har lykwols tsjin Marsilia yn beskerming, mar it komt goed út dat Mercy nei Spokane roppen wurdt, sadat se út 'e wei is wylst de ûnderhannelings tusken de wearwolven en fampieren oanduorje.
Yn Spokane wennet Amber, in âlde stúdzjegenoate fan Mercy, mei har man Corban Wharton en har tsienjierrige dôve soan Chad. Hja hat nei jierren wer kontakt mei Mercy opnommen om't der in spûk yn harren hûs omwaret dat har soan geregeldwei de stupen op it liif jaget. Mei't Mercy, doe't se dronken wie, ea ris oan Amber ferteld hat dat se geasten sjen kin, hopet Amber dat sy helpe kin. Foar't se ôfsette nei Spokane hie eltsenien Mercy warskôge foar James Blackwood, byneamd it Meunster, de fampier dy't Spokane as syn territoarium beskôget en gjin oare fampieren of wearwolven yn 'e stêd duldet. Mercy is der lykwols fan oertsjûge dat se de stêd yn- en útglûpe kin sûnder dat Blackwood der wat fan merkt; glûpe is ommers wêr't prêrjewolven goed yn binne. Hja is dan ek skokt as Corban, dy't abbekaat is, de earste jûns fan har ferbliuw yn Spokane in klant mei nei hûs nimt foar in formeel diner, dy't nimmen oars blykt te wêzen as James Blackwood.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Mercy kin yn Spokane net folle oars dwaan as Corban fan it bestean fan it spûk te oertsjûgjen; hy miende earder mar dat syn frou en styfsoan it spûk betocht hiene en dat de jonge efter de nuvere foarfallen yn it hûs siet en dêrmei besocht oandacht te lûken. As it spûkjen op in nacht sa út 'e hân rint dat Mercy en har fampierske freon Stefan, dy't temûk as in soarte fan liifwacht meikommen is nei Spokane, Chad mar nauwerneed fan 'e dea rêde kinne, beslút Mercy dat se neat mear dwaan kin. Se jout Amber en Corban it advys om út te wiken nei in hotel, en reizget mei Stefan werom nei de Tri-Cities. Har hommelse ôftocht hat noch in oare reden: de twa foargeande nachten waard Mercy moarns wekker mei in fampierebyt yn 'e hals, en ûnderweis docht bliken dat Blackwood dêrefter sit en sa in bân tusken har beiden makke hat. Stefan ferbrekt dy bân as Mercy him frijwillich by har drinke lit.
Nei't se wer thús kommen is, wurdt Mercy mei Adam, har pleechbroer en húsgenoat Samuel en guon oare wearwolven oproppen foar in gearkomste mei Marsilia en har fampieren. Dêrby weeft Marsilia ôf mei in pear fijannen yn 'e eigen gelederen, en wurdt ûnder druk fan Adam-en-dy besletten dat Mercy net bestraft hoecht te wurden foar de dea fan Andre. Koart dêrnei besiket Corban Mercy thús, skeakelet har út mei in stroomstjitwapen en ûntfierd har nei Spokane, mei as iennichste útlis de wurden "Hy hat Chad."
Corban leveret Mercy by Blackwood ôf, dy't Amber fermoarde blykt te hawwen en Chad finzen hâldt. It spûk by Amber-en-dy yn 'e hûs blykt de geast fan in fampier west te hawwen, dy't hearrich is oan Blackwood. It docht bliken dat Blackwood it hiele spul yn gong setten hat mei it doel om Mercy nei Spokane ta te lokjen. Hy hat nammentlik it fermogen om 'e eigenskippen oer te nimmen fan 'e persoanen fan wa't er it bloed drinkt, en hâldt dêrta ek in mindere ierdgeast finzen, in iikman mei de namme Donnell Greenleaf. Sokken libje fan sinneljocht en troch syn bloed te drinken kin Blackwood nettsjinsteande it feit dat er fampier is dochs op ljochtskyndei aktyf wêze. Fan Mercy wol er it fermogen krije om geasten te dominearjen. Hy makket lykwols de flater om Mercy yn in koai op te sluten yn deselde romte dêr't er ek de iikman yn in koai hâldt. As de magyske gongelstôk wer opdûkt, freget Donnell Greenleaf oft er it ding ris sjen mei en fertelt er dat it makke is troch Lugh. Neitiid komt Blackwood werom om fan Mercy har bloed te drinken, en wylst se mei him fjochtet, smyt de iikman de gongelstôk as wie it spear – dy't de rêch fan 'e fampier trochboarret en him deadet.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Mercy Thompson (romansearje) | |
---|---|
Silver* • Fairy Gifts* • Gray* • Moon Called • The Star of David* • Blood Bound • Iron Kissed • Bone Crossed • Roses in Winter* • Silver Borne • In Red, with Pearls* • River Marked • Frost Burned • Redemption* • Night Broken • Hollow* • Fire Touched • Silence Fallen • Storm Cursed • Smoke Bitten • Soul Taken • Winter Lost | |
Alpha and Omega (romansearje) | |
Seeing Eye* • Alpha and Omega* • Cry Wolf • Hunting Ground • Fair Game • Dead Heat • Burn Bright • Wild Sign • Dating Terrors | |
fet = roman; *) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Shifting Shadows |