Springe nei ynhâld

River Marked

Ut Wikipedy
River Marked
algemiene gegevens
auteur Patricia Briggs
taal Ingelsk
foarm roman
sjenre fantasy
1e publikaasje 2011, New York
oarspr. útjwr. Ace Books
rige
rige Mercy Thompson
● foarich diel Silver Borne
● folgjend diel Frost Burned
kodearring
ISBN 978-0 44 10 19 731

River Marked (letterlik: "Merkbiten troch de Rivier") is it sechsde diel fan 'e Mercy Thompson-rige fan 'e Amerikaanske skriuwster Patricia Briggs. It is in fantasyroman fan it subsjenre fan 'e urban fantasy, dy't skreaun is yn it ik-perspektyf, en ferhellet oer de Amerikaanske monteur Mercedes "Mercy" Thompson, in jonge frou fan heal-Yndiaansk komôf dy't harsels feroarje kin yn in prêrjewolf. River Marked waard foar it earst publisearre yn 2011, troch de New Yorkske útjouwerij Ace Books, as hardcoveredysje. Letter ferskynden der ek werprintingen yn paperbackfoarm by de Britske útjouwerij Orbit Books. Krekt as de oare dielen fan 'e rige wie River Marked in grut súkses en helle it de bestsellerlist fan 'e krante de New York Times.

Mercedes "Mercy" Thompson is in jonge frou dy't fan in Yndiaanske heit dy't se nea kennen hat, it fermogen urven hat om harsels yn in prêrjewolf (coyote) te feroarjen. Hja hie yn 'e Tri-Cities (Richland-Kennewick-Pasco), yn 'e Amerikaanske steat Washington, as monteur en eigneresse fan in garaazje in relatyf normaal bestean opboud oant se yn 'e foargeande dielen fan 'e searje almar djipper behelle rekke yn 'e oangelegenheden fan 'e pleatslike boppenatuerlike mienskip. Boppedat hat se ûnderwilens in relaasje krigen mei har buorman Adam Hauptman, in skieden heit mei in tinerdochter, dy't ek de alfa (lieder) fan 'e pleatslike Kolumbia-troep fan wearwolven is.

River Marked set útein mei de brulloft fan Mercy en Adam. As Mercy yn panyk rekket om't har bazige mem har de organisaasje fan 'e brulloft ûntnadere hat, bepraat se Adam om yn it geheim te trouwen. Op har houliksdei docht lykwols bliken dat se troch Jan en alleman foar it lapke holden is, en dat de trouwerij presys is sa't se dy oarspronklik bedoeld hie sûnder dat se der sels in finger nei út hoegd hat te stekken. Neitiid wachtet har noch in ferrassing; Adam nimt har mei op houliksreis mei in caravan efter de auto. Dêrmei ferbliuwe se op in fierders ferlitten kampearterrein oan 'e rivier de Kolumbia, yn 'e krite dêr't dy troch in nauwe kleau parse wurdt en mei-iens de grins foarmet tusken de Amerikaanske steaten Washington en Oregon, deunby it plakje Maryhill oan 'e Washingtonske kant en The Dalles yn Oregon.

Nei nei amper ien dei oangenaam toefd te hawwen yn in lânsdouwe dy't bekend stiet om syn natoerskientme, komt de aap út 'e mouwe: Adam hat de caravan liend fan Omke Mike, in ierdgeast dy't yn Pasco in stamkroech foar syn slach folk runt. Mercy, dy't Omke Mike langer ken as hjoed en juster, is daliks wantrouwich. Dat wurdt noch helte minder as Adam ferteld dat it kampearterrein dêr't se har befine, eigendom is fan Edythe (by Mercy better bekend as it 'Jojofamke'), in oare ierdgeast mei wa't Mercy yn it ferline ek wol gedoente hân hat, en dat it stânplak dêre him fergees oanbean is. It kampearterrein leit fuort by it plak dêr't guon mindere ierdgeasten, saneamde 'ottersibben' (dy't harsels yn otters feroarje kinne) útset binne, mar fan harren is al yn tiden neat mear ferdommen. It docht bliken dat Edythe boppedat in foargefoel hân hat dat Mercy en Adam oan 'e Kolumbia nedich binne.

Dyseldichste jûns noch treffen Mercy en Adam in earnstich ferwûne man oan yn in lyts boatsje, dy't se tegearre oan lân witte te bringen. Se krije help fan in fjouwertal mannen dy't yn in oar boatsje de rivier oan it ôfsykjen wiene. Allefiif binne it Yndianen fan 'e Jakama Yndiaanske Naasje; de ferwûne man is Benny Jamison en de fjouwer dy't nei him op 'e siik wiene, binne de medisynman Jim Alvin, syn omkesizzer en learling Calvin Seeker en de bruorren Hank en Fred Owens. It docht bliken dat Benny en syn suster Faith dy middeis nea weromkommen wiene fan in angelderstochtsje. Fan Faith is gjin spoar, en ien fan Benny syn fuotten liket heal ôfbiten te wêzen. Hoe't dat kin is in riedsel, mei't der yn 'e Kolumbia gjin fisken libje dy't grutternôch binne om soks te dwaan.

By har rêdingsaksje is Mercy de rivier yngien, en is dêr mei ien ûnderskonk bestrûpt rekke yn wat se earst tocht dat in wetterplant wie, en letter miskien in stik tou of fisknet. Doe't se har losskuorde hat dat in wat tipelsinnige wûne efterlitten, mar se sit dêr net oer yn oant sy en Adam letter dy jûn yn harren caravan opsocht wurde troch in stokâlde Yndiaan dy't himsels foarsteld as Gordon Seeker, de pake fan Calvin. Dy genêst Mercy har wûne, al neamt er har no 'merkbiten troch de rivier'. Hy seit ek dat de wûne oan Mercy har skonk net fan in wetterplant of in stik tou kaam, mar fan ien fan 'e tentakels fan in wêzen dat er de 'rivierduvel' neamt. Boppedat hat er Mercy har heit kennen, de Swartfuotske rodeocowboy Joe Old Coyote, dy't foar har berte by in ferkearsûngemak om it libben kommen is. En teffens wit er daliks dat Mercy in stalferwikselster is, en liket er dêr alhiel net ferheard oer te wêzen.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Gordon riedt Mercy en Adam oan om 'e oare deis kontakt op te nimmen mei syn pakesizzer Calvin. As se dat dogge, krije se fan 'e jongeman in rûnlieding troch ien fan 'e Yndiaanske hillige plakken yn 'e krite, dêr't ûnder mear rotstekenings oanbrocht binne fan in wêzen dat de Yndianen de rivierduvel neame. Hy fertelt harren ek de leginde fan hoe't de godheid en trickster Coyote de rivierduvel fersloech. Calvin hat fierders neifraach dien oangeande ferdwinings by de Kolumbia lâns, en neffens in maat fan him dy't by de plysje wurket, binne der de ôfrûne trije wiken 26 minsken fermist rekke fan wa't tocht wurdt dat se ferdronken binne: mear as dat normaal yn fiif jier ferdrinke. Dêrnjonken docht bliken dat de buorren Owens krekt as Mercy stalferwikselders binne, al is harren oare foarm net de prêrjewolf mar de hauk. It wol Calvin trouwens net oan dat Mercy harsels feroarje kin yn in prêrjewolf, want, sa seit er, sa'n fermogen ta stalferwikseling komt inkeld foar as men sawol oan heite- as memmekant ôfstammet fan in Yndiaanske godheid, en Mercy har mem wie blank.

Dy nachts kriget Mercy besite fan Coyote, dy't op in yngewikkelde manear har heit blykt te wêzen, wat ferklearret wêrom't Mercy harsels yn in prêrjewolf (coyote) feroarje kin wylst se inkeld oan heitekant Yndiaansk bloed hat. Hy fertelt har dat er de lêste kear mei de rivierduvel ôfweefd hat troch him op 'e boaiem fan 'e rivier yn in djippe sliep te bringen. Eltse kear as er him deade, kaam it ding úteinlik grutter en sterker werom, dat sadwaande tocht Coyote dat dit miskien de oplossing wie, mar blykber hat it neat jûn, want de rivierduvel is no op 'e nij mânsker en machtiger, en dat wylst Coyote troch de komst fan 'e blanken krekt yn macht belune is.

Om dochs mei de rivierduvel ôf te weven, betinkt Coyote in list. Mei help fan Gordon Seeker, dy't de Tongerfûgel blykt te wêzen, sammelet er safolle Yndiaanske godheden of 'earste minsken' as er berikke kin. Behalven himsels en de Tongerfûgel binne dat Raven, Hauk, Bear, Wolf, Reade Lynks en Slange. It plan is om 'e rivierduvel safier te krijen dat dy him oan al dy godheden sa boppesêd fret, dat er boe noch bah mear sizze kin. Dan moat Mercy him it hert út it liif snije. Adam kin net helpe, want wearwolven binne te swier om driuwen te bliuwen, en hy soe dus yn 'e rivier as in bakstien nei de boaiem sinke.

Fan âlds soene de earste minsken net folle swierrichheden ûnderfine fan harren dea; yn 'e âlde ferhalen stjert Coyote bgl. oates en toates, om mei de moarnsdage fannijs werberne te wurden. Mar hy en de oaren binne no sa yn macht beheind, dat it samar kinne soe dat dizze dea harren lêste is. Om har taak te folbringen jout Coyote Mercy in tolvetal obsidianen messen, mei't stiel of oare metalen net troch de hûd fan 'e rivierduvel hinne komme kinne. Obsidiaan is flymskerp, mar wurdt gau stomp en broazelet ek maklik ôf, dat sadwaande it grutte oantal messen.

Se lokje de rivierduvel nei it part fan 'e Kolumbia ta by it kampearterrein dêr't Mercy en Adam tahâlde. Dat dogge se nachts, om't se gjin ferlet hawwe fan gleskegnuvers. De earste minsken falle it wêzen oan en fine de dea en wurde ien foar ien opfretten. As er se allegear op hat, wurdt de rivierduvel sa sleau en têd dat er him suver net mear ferwege kin. Dêrop swimt Mercy nei him ta, kladderet boppe-op him en begjint te snijen. De iene nei de oare ferlieze de messen har skerpens, en úteinlik, as se it hert bleatlein hat, komt se krekt ien te koart om it de duvel út it liif te snijen. Tsjin dy tiid komt it meunster stadichoan wer ta besleur, en yn wanhoop ropt Mercy dan om 'e magyske gongelstôk fan ierdgeastemakkelei dy't al tiden yn har om-en-by omstipt (sjoch: Iron Kissed, Bone Crossed en Silver Borne). De gongelstôk komt en se stekt it ding as in spear yn it hert fan 'e rivierduvel. De stâle wurdt gleonhjit as it ding alle waarmte út it meunster sûcht oant it alhiel beferzen rekket. Dêrnei kin Mercy de duvel mei muoite it hert út it lichem wrikke, dêrby de gongelstôk as brekizer brûkend.

Mercy is yn 'e striid slim ferwûne rekke, mar wit op eigen krêft de igge te berikken, dy't net fierôf is. As se dêr fierhinne helpleas leit, komme de ottersibben har oer it mad, dy't lulk binne om't hja harren meunster deade hat. Ut harren praat komt oan it ljocht dat sy it wiene dy't de rivierduvel op 'e boaiem fan 'e Kolumbia fûn en wer ta libben wekke hiene. Fierders besauwe se harren deroer hoe stom oft Mercy west hat troch de gongelstôk, in kreaasje fan 'e Keltyske godheid Lugh, it bloed te fuorjen fan in wêzen dat noch âlder en magysker wie as de gongelstôk sels. Dat dat wiere wurden binne, blykt as ien fan harren Mercy mei in kneppel te liif wol. Mercy wart de slach ôf mei de gongelstôk, mar dan skuort de stôk hàr nei foarren ta (ynstee fan oarsom) om 'e ottersibbe yn 'e kiel te treffen en him te deadzjen. De oare ottersibben wurdt mei ôfweefd troch Adam, waans wolf breinroer wurdt troch de oanfal op syn frou.

Neitiid moat Mercy lang opbetterje. Se hat ferskate brutsen bonken en ferstûke knieren oprûn, snij- en brânwûnen oan har hannen, alderhanne kniezings en blauwe plakken en 142 hechtings. Omke Mike is net bliid om oer de dea fan 'e ottersibben te hearren, mar as se him it hiele ferhaal ferteld, leit er him by de gong fan saken del. Hy fynt fierders dat it yndie gjin goed idee wie om 'e gongelstôk as wapen tsjin 'e rivierduvel te brûken, mar hy is it ek mei Mercy iens dat se op dat punt net folle oare kar hie. Mercy merkt dat de gongelstôk kear op kear yn har neite opdûkt as se lulk is of in min sin hat (en dat is faak it gefal, no't se oan in rolstoel klústere is), krekt as hopet it ding om op 'e nij as wapen brûkt te wurden. Ta Mercy har grutte opluchting wurdt se in wike nei it gefjocht thús opsocht troch Coyote, dy't op 'e nij werberne is, krekt as, sa seit er, de Tongerfûgel. As er letter wer fuort sil, hâldt Coyote stil om 'e gongelstôk te bewûnderjen. Mercy komme dan de wurden fan har Yndiaanske pleechbroer Charles Cornick wer yn 't sin, dy't har leard hat dat wat Yndiaanske gasten bewûnderje, oan harren kado dien wurde moat. Sadwaande jout se de trickster Coyote de moardsuchtige gongelstôk presint en dy set der fleurich fluitsjend mei ôf.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Mercy Thompson (romansearje)
Silver* • Fairy Gifts* • Gray* • Moon Called • The Star of David* • Blood Bound • Iron Kissed • Bone Crossed • Roses in Winter* • Silver Borne • In Red, with Pearls* • River Marked • Frost Burned • Redemption* • Night Broken • Hollow* • Fire Touched • Silence Fallen • Storm Cursed • Smoke Bitten • Soul Taken • Winter Lost
Alpha and Omega (romansearje)
Seeing Eye* • Alpha and Omega* • Cry Wolf • Hunting Ground • Fair Game • Dead Heat • Burn Bright • Wild Sign • Dating Terrors
fet = roman; *) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Shifting Shadows