Springe nei ynhâld

Trije Stêden (Washington)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Tri-Cities (Washington))
Lokaasje fan de Trije Stêden
Utsicht fanôf Badger Mountain nei súdlik Richland (foargrûn), Kennewick (boppe rjochts) en Pasco (oan oare kant fan de rivier de Kolumbia).Foto nommen yn jannewaris.

De Trije Stêden (Tri-Cities) is in stêdekloft yn it suden fan de Amerikaanske steat Washington. It bestiet út de njonkeninoar lizzende stêden Kennewick, Richland en Pasco. De 3 stêden lizze oan de rivier de Kolumbia en de ôfsplitsings fan de rivierren de Yakima en de Snake. In fierde stêd West Richland lykas guon gemeentefrije plakken wurde ek by de stêdekloft rekkene. De stêden lizze allegear tsjin inoar oan en lykje wol ien stêd.

Neffens de folkstelling fan 2010 hiene de 3 stêden meiinoar in ynwennertal fan 193.567 en fan it gânse stêdekloft 253.340. Op 1 april 2013 hiene de 3 stêden neffens in rûzing 221.330 ynwenners en de gânse kloft 268.800. It is it op 3 nei grutste stêdekloft yn de steat Washington nei de Seattle-Tacoma, Spokane en it yn Washington lizzende part fan de Portland stêdekloft.

De Tri-Cities Airport yn Pasco is it regionale fleanfjild wat rjochtstreekse fljochten ûnderhâldt mei stêden lykas Seattle, Portland, Los Angeles, Phoeniks, Las Vegas, Salt Lake City, Denver en Minneapolis.

Pasco is de haadstêd fan Franklin County en Kennewick en Richland lizze yn Benton County.

In tige wichtige ynkomsteboarne is it Hanford Nukleêre Reservaat, wêr't in grut part fan de ekonomy fan de kloft ôfhinget. Yn 2010 waard de stêdekloft troch sakeblêd Kiplinger útkeazen yn de Top 10 fan bêste plakken in famylje te grutbringen en CNN/Money yn de top 10 foar hûspriis steigings, om de stabile ekonomy yn de stêden.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]