Springe nei ynhâld

Richland (Washington)

Ut Wikipedy
Richland
Polityk
Lân Feriene Steaten
Steat Washington.
County Benton County
Boargemaster John Fox
Sifers
Ynwennertal 48.058 (2010)
Oerflak 92,51 km²
Befolkingsticht. 519,5 / km²
Stêdekloft Tri Cities: 268.243
Hichte 117 m
Oar
Stifting 1905
Postkoade 99352, 99353, 99354
Tiidsône Pacific (PST) UTC-8
Simmertiid UTC-7
Offisjele webside
www.ci.richland.wa.us
Richland sjoen fanôf Badger Mountain

Richland is in stêd yn Benton County yn de Amerikaanske steat Washington. Neffens de folkstelling fan 2010 hie de stêd 48.058 ynwenners en op 1 april 2013 neffens in rûzing wenne der 51.150 minsken. De stêd is in part en de lytste stêd fan stêdekloft de Trije Stêden. It is ek it thús fan de Hanford Nukleêre Reservaat. De stêd leit oan de rivier de Kolumbia.

Foar iuwen lang lei it doarpke Chemna oan de mûning fan de rivier de Yakima yn de Kolumbia. Yndiaanske stammen lykas de Yakama, Wanapum en Walla Walla kamen hjir om salm te fiskjen. Op 17 oktober 1805 kaam de Lewis en Clark Ekspedysje hjir oan.

Yn 1904 kochten W.R.Amon en syn soan 900 bunder lân en stelden in plak foar oan de noardwâl fan de rivier de Yakima en ûntjouwe in nije stêd dêr. It waard goedkart en it plak waard Richland neamd, nei Nelson Rich, in ôffurdige fan de steat en lân ûntjouwer. Op 28 april 1910 waard it plak offisjeel in gemeente (incorporated), mar as Fourth Class City. It wie eins noch in doarp, mar mei in eigen bestjoer.

Richland yn de iere dagen fan it Hanford projekt

Richland bleau in lytse lânbou mienskip oant it Amerikaanske leger 1660 km² lân oankocht oan de Kolumbia benoarden de stêd. Hjir waard it Hanford Projekt úteinset yn it ramt fan it Manhattan Projekt. 300 ynwenners fan Richland, lykas de gânse doarpen Hanford en White Bluffs moasten ferhûzje. De stêd ûntjoech himsels ta in sliepstêd fan wurkers op it projekt. De befolking ûntjoech him fan 300 minsken yn july fan 1943 oant 25.000 oan it ein fan de Twadde Wrâldkriich yn augustus 1945. Al it lân en gebouwen yn de stêd wiene yn besit fan de oerheid. Hûzen waarden tawiisd en hier waard ôfnommen. Famyljes waarden inkele of dûbele hûzen tawiisd en inkele persoanen krigen aparteminten of barakken. Al needsaaklik guod, fan fergees bus ferfier oant ljochtlampkes waarden jûn, beamkes op de hiemen waarden plante troch de oerheid. Yn 1954 waard Harold Orlando Monson keazen ta boargemaster en hy strúnde oan by de oerheid foar it mooglik meitsjen foar privee eigendom fan wentes yn de stêd. In soad minsken woene sels hûzen keapje en giene nei buorplakken, lykas West Richland of Kennewick. It grutste part fan de stêd wie ûntjûn troch de Army Corps of Engineers en in soad strjitten binne ferneamd nei bekende yngenieurs. De soarten hûzen dy spesjaal gearstald en ûntwurpen wiene waarden alfabet hûzen neamt, ôfhingjend fan it tipe hûs. Dit unyk ûntwerp hat it makke, sadat in part fan de stêd registrearre stiet by it National register of Historic Places yn 2005.

Yn de Kâlde Kriich waard in plutoanium reaktor boud op Hanford, sa't mear wurkers oanluts.

Yn 1957 waarden de wentes ferkocht troch de oerheid en boargers koene no de wentes sels keapje. Nije stikken lân benoarden de stêd waarden ûntjûn foar stêdsútwreiding. Yn 1958 krige Richland offisjeel stêdsrjochten en waard in First Class City, in regearjende stêd.

Neidat de lêste produksje reaktor sletten wie yn 1987, Hanford moast skjin makke wurde nei fersmoarging fan de kearn reaktoren. In soad ynwenners fan Richland binne wurksum mei it skjinmeitsjen fan it mêd.

Richland Stêdhûs.
Mienskips sintrum, Richland.

Nei de Twadde Wrâldkriich bleau Richland it mulpunt fan produksje en ûndersyk fan kearn enerzjy en de dêrmei besibbe technology. Sûnt 1965 is it Pacific Northwest National Laboratory yn de stêd. Ferskate lytsere high technology bedriuwen hawwe harren thús ek yn de stêd. Oare bedriuwen lykas Lockheed Martin, Battelle Memorial Institute, Bechtel National Inc., Energy Solutions, Energy Northwest hawwe bedriuwen hjir.

De lânbou spilet ek noch hieltyd in wichtige rol foar de ekonomy fan Richland, benammen de wynbou. De stêd leit tusken 2 wichtige wyn produsjearjende kriten, de Yakima Fallei bewesten en de krite rûn Walla Walla ta it easten en ek fuort bûten de stêd binne wynhôven. In wichtige fiedsel ferwurker, ConAgra/Lamb-Weston, hat in fabryk yn de stêd, wêr't ierdappels en oar fiedsel ferwurke wurdt.

De stêd hat in iepenbier skoalle systeem foar it legere en fuortset ûnderwiis. It Columbia Basin Community College út Pasco hat in ôftakking yn Richland. De Washington State University Tri-Cities hat syn haadgebou yn de stêd oan de westwâl fan de Kolumbia.

Richland hat in drûch lânklimaat mei in trochsneed wetter delfal fan 193 mm yn it jier. It leit yn ien fan de drûchste geaen fan de steat, om't de Cascades bergen in reinskaad foarmje. Simmers binne waarm en winters binne mylder as yn oare parten fan eastlik Washington. Snie wol wolris delfalle winterdeis.

Neffens de folkstelling fan 2010 wennen der 48.058 minsken, 19707 húshâldings, wêrfan 31% bern ûnder 18 hie. De befolkingstichtens wie 519,5 /km². Der wiene 20.976 wentes. Der wennen 87% blanken, 1,4% swarten, 0,8% yndianen, 4,7% Aziaten, 0,1% Pasifysk Eilanners, 2,7% fan oare rassen en 3,2% fan mjukste rassen. Etnysk wie 7,8% fan de befolking Hispanic of Latino. De trochsneed âldens wie 39,4 jier. 24,2% wie ûnder 18 jier en 14,6% wie 65 en âlder. Der wennen 49% manlju en 51% froulju.

It trochsneed húshâld ynkommen wie $53.092 en 8,2% libbe ûnder de earmoed grins.

De rykswei Yntersteat 182 rint troch de stêd fanôf de krusing mei ynterstaet 82 justjes bewesten de stêd nei Pasco. Steatswei 240 fan Kennewick nei Vantage. Richland wurdt betsjinne troch Tri-Cities Airport yn Pasco en Richland Airport. Ben Fraklin busferfier hat bus rûtes om en troch de stêd.

Bekende bewenners

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • James F. Albaugh, 2e haad fan Boeing.
  • Hope Solo, fuotbalster foar it Amerikaanske frouljusteam.
  • Sharon Tate, aktrise, fermoarde troch Charles Manson folgers.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]