Jakama Yndiaanske Naasje

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan Yakama)
Jump to navigation Jump to search
Jakama Yndiaanske Naasje
Flagge fan de Jakima Yndiaanske Naasje.PNG
algemiene ynformaasje
Ingelske
  namme
Yakama Indian Nation
etnisiteit Jakama, Klikitat, Palûs, Wanapum,
Walla Walla, Wenatsjy en Wisjram
lân Flag of the United States.svg Feriene Steaten
haadkertier Toppenish (Washington)
ledetal 8.900 (2014)
erkenning Flag of the United States.svg Feriene Steaten
oprjochte 1935
reservaat
reservaat Jakama Yndianereservaat
lokaasje súdlik Washington
oerflak 5661,6 km²
ynwenners 21.493 (2000)
offisjele webside
www.yakamanation-nsn.gov

De Jakama Yndiaanske Naasje (Ingelsk: Yakama Indian Nation), foarhinne de Jakima Yndiaanske Naasje (Ingelsk: Yakima Indian Nation), en soms de Konfederearre Stammen en Troepen fan de Jakama Yndiaanske Naasje neamd (Confederated Tribes and Bands of the Yakama Indian Nation), is in federaal erkende Yndiaanske stamme-organisaasje yn 'e Feriene Steaten. It is in politike konfederaasje fan sân ûnderskate etnyske groepen. De stamme beskikt oer in eigen Yndianereservaat yn 'e steat Washington. It haadkertier fan 'e Jakama Yndiaanske Naasje is fêstige yn 'e stêd Toppenish, oan 'e rivier de Yakima.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Jakama Yndianereservaat waard yn 1855 stifte by in ferdrach dat sletten waard troch Isaac Stevens, de doetiidske gûverneur fan it Territoarium Washington, en fertsjintwurdigers fan 'e Jakama. Dêrby stiene de Yndianen krapoan 11 miljoen acres (44.500 km²) lân ôf oan it regear fan 'e Feriene Steaten. Dat late ta rebûlje, mei't in grut diel fan 'e Jakama fan miening wie dat de foaroanlju dy't it ferdrach tekene hiene, it rjocht net hiene om lân wei te jaan. Ut dat skeel kaam de Jakima-Oarloch fuort, dy't de krite fan 1855 oant 1858 yn syn greep hold. Dy oarloch waard lykwols troch de Jakama, Klikitat en harren bûnsgenoaten ferlern, wêrnei't net inkeld de Jakama, mar ek de Klikitat en in fiiftal oare stammen twongen waarden om har yn it Jakama Reservaat nei wenjen te setten.

Under it ferdrach fan 1855 beholden de Jakama, Klikitat, Wisjram en oare stammen fan it reservaat lykwols it rjocht om yn it ôfstiene gebiet te jeien, fiskjen, yn it wyld groeiende ytbere en genêskrêftige krûden te sammeljen, fee te weidzjen, wetter te heljen en harren âlde kulturele plakken te besykjen en te brûken. Histoarysk wiene de leden fan wat letter de Jakama Yndiaanske Naasje wurde soe sterk ôfhinklik fan 'e salmfiskerij yn 'e rivier de Kolumbia. Troch it ferdrach fan 1855 hearde it streamgebiet fan dy rivier lykwols net mear ta harren lân, hoewol't in sydrivier fan 'e Kolumbia, de Yakima, wol troch it reservaat streamt.

Hoewol't der earst swierrichheden ûntstiene troch it gearlibjen fan sân ferskillende etnyske groepen yn ien reservaat, hawwe de leden fan 'e stamme sûnt de ein fan 'e njoggentjinde iuw in nauwe gearwurking en in lykwicht tusken de ferskillende groepen opboud. Nei't yn 1934 ûnder it regear fan presidint Franklin D. Roosevelt de Wet op de Yndiaanske Reorganisaasje oannommen wie, waard yn 1935 de Jakama Yndiaanske Naasje oprjochte as moderne stamme-organisaasje.

Demografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De leden fan 'e Jakama Yndiaanske Naasje binne leden fan sân ûnderskate etnyske groepen, te witten: de Jakama, Klikitat, Palûs, Walla Walla, Wanapum, Wenatsjy en Wisjram. De Jakama Yndiaanske Naasje is in politike konfederaasje wêryn't dizze folken feriene binne en dêr't se polityk troch fertsjintwurdige wurde, en de stamme genietet as sadanich federale erkenning fan it regear fan 'e Feriene Steaten. De iennichste reden foar it feit dat sân folken ien stamme-organisaasje foarmje, is dat hja yn 'e njoggentjinde iuw troch de Amerikaanske autoriteiten yn ien en itselde reservaat pleatst binne, it Jakama Yndianereservaat. Neffens gegevens út 2014 hie de Jakama Yndiaanske Naasje doe 8.870 leden.

Yndianereservaten yn Washington. It Jakama Reservaat is werjûn yn read.

Reservaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Jakama Yndiaanske Naasje hat in eigen Yndianereservaat, dat yn it suden fan 'e Amerikaanske steat Washington leit, oan 'e eastkant fan it Cascades-berchtme en sa'n 40 km benoarden de grins mei Oregon. It beslacht dielen fan Yakima County en Klickitat County, en in lyts hoekje fan Lewis County. It Jakama Yndianereservaat hat in oerflak fan 5.661,6 km², wêrmei't it it op ien nei grutste reservaat fan Washington is. Neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2000 wennen der doe 21.493 minsken binnen de grinzen fan it reservaat, wêrfan't 40,2% (oftewol 8.640 persoanen) Yndianen of lju fan heal-Yndiaansk komôf wiene. Dat betsjut dat 97,4% fan 'e leden fan 'e Jakama Yndiaanske Naasje yn it eigen reservaat wennet.

Bestjoer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Jakama Yndiaanske Naasje bestiet út 14 ûnderskate stammen en troepen, dy't sûnt 1935 elts troch ien lid yn 'e moderne Stammeried fertsjintwurdige wurde. Dy Stammeried is de útfierende macht oftewol it regear fan 'e stamme. Yn 1947 waard de regel ynfierd dat de Algemiene Ried fan 'e Jakama Yndiaanske Naasje (de wetjaande macht), dy't bestiet út alle stimberjochtige leden, eltse twa jier de helte fan 'e 14 leden tellende Stammeried kiest foar in termyn fan fjouwer jier. Dit waard dien om it stammebestjoer in foarm fan kontinuïteit te jaan, wêrby't net eltse fjouwer jier alle leden yn ien kear ferfongen wurde hoegden. Alle leden fan 'e Jakama Yndiaanske Naasje wurde op har achttjinde jierdei automatysk stimberjochtige en as sadanich lid fan 'e Algemiene Ried.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.