Springe nei ynhâld

Jakama Yndianereservaat

Ut Wikipedy
Jakama Yndianereservaat
Yakama Indian Reservation
In plattegrûn fan it Jakama Yndianereservaat.
In plattegrûn fan it Jakama Yndianereservaat.
polityk
haadplak Toppenish (Washington)
stamme Jakama Yndiaanske Naasje
lân Feriene Steaten
steat Washington
sifers
ynwenners 21.493 (2000)
oerflak 5661,6 km²
bef.tichth. 3,8 / km²
oar
stifting 1855
tiidsône UTC –8
simmertiid UTC –7
webside www.yakamanation-nsn.gov
kaart
In plattegrûn fan it Jakama Yndianereservaat.
Yndianereservaten yn 'e steat Washington. It Jakama Reservaat is werjûn yn read.

It Jakama Yndianereservaat (Ingelsk: Yakama Indian Reservation), foarhinne it Jakima Yndianereservaat (Ingelsk: Yakima Indian Reservation) is it reservaat fan 'e federaal erkende Jakama Yndiaanske Naasje (Yakama Indian Nation). It leit yn it súdlike part fan 'e Amerikaanske steat Washington, net fier fan 'e grins mei Oregon ôf. It beslacht dielen fan ferskate countys, en it haadplak is Toppenish. It Jakama Yndianereservaat bestiet sûnt 1855.

It Jakama Yndianereservaat leit yn it suden fan 'e Amerikaanske steat Washington, oan 'e eastkant fan it Cascades-berchtme en sa'n 40 km benoarden de grins mei Oregon. It beslacht it meastepart fan Yakima County, de noardlike râne fan Klickitat County en in lyts hoekje fan it súdeasten fan Lewis County. Mei in oerflak fan 5.661,6 km² is it Jakama Reservaat it op ien nei grutste reservaat fan Washington, nei it Colville Yndianereservaat.

It streamgebiet fan 'e rivier de Yakima falt yn it noardeasten krekt binnen de grinzen fan Jakama Reservaat. Yn dy krite lizze de measte plakken en wurdt lânbou bedreaun. fierder nei it westen ta wurdt foar it meastepart oan feehâlderij dien en wurdt it lân foar feeweiderij brûkt. Yn it westen en suden is it reservaat fierhinne beboske. It haadplak fan it reservaat is Toppenish. De oare wenkearnen binne:

It Jakama Reservaat is it Yndianereservaat fan 'e federaal erkende Jakama Yndiaanske Naasje. Dat is in politike konfederaasje sân ûnderskate Yndiaanske etnyske groepen, te witten: de Jakama, Klikitat, Palûs, Walla Walla, Wanapum, Wenatsjy en Wisjram.

Neffens offisjele gegevens fan Amerikaanske folkstelling fan 2000 wennen der doe 21.493 minsken yn it reservaat, wêrfan fierwei de measten op in klútsje yn it uterste noardeasten, oan 'e igge fan 'e rivier de Yakima. Dêrmei bedroech de befolkingstichtens oer it oerflak fan it hiele reservaat 3,8 minsken de km². It haadplak is de stêd Toppehish, dy't yn 2010 in ynwennertal fan 8.949 minsken hie.

Fan 'e 21.493 ynwenners yn 2000 wiene 11.734 blanken (Latino's ynbegrepen); 8.193 Yndianen; 691 Aziaten; 245 swarten; 52 Polyneziërs, Melaneziërs en Mikroneziërs; en 578 minsken fan mingd etnysk komôf (wêrûnder 447 healbloed-Yndianen). Yn totaal makken de Yndianen en lju fan heal-Yndiaansk komôf 40,2% fan 'e befolking út yn it Jakama Yndianereervaat, en de blanken 54,6%.

It Jakama Yndianereservaat waard yn 1855 stifte by in ferdrach dat sletten waard troch Isaac Stevens, de doetiidske gûverneur fan it Territoarium Washington, en fertsjintwurdigers fan 'e Jakama. Dêrby stiene de Yndianen krapoan 11 miljoen acres (44.500 km²) lân ôf oan it regear fan 'e Feriene Steaten. Dat late ta rebûlje, mei't in grut diel fan 'e Jakama fan miening wie dat de foaroanlju dy't it ferdrach tekene hiene, it rjocht net hiene om lân wei te jaan. Ut dat skeel kaam de Jakima-Oarloch fuort, dy't de krite fan 1855 oant 1858 yn syn greep hold. Dy oarloch waard lykwols troch de Jakama, Klikitat en harren bûnsgenoaten ferlern, wêrnei't net inkeld de Jakama, mar ek de Klikitat en in fiiftal oare stammen twongen waarden om har yn it Jakama Reservaat nei wenjen te setten.

Nei ôfrin fan 'e Bannok-Oarloch fan 1878 deportearren de Amerikanen de Noardlike Pajût út Nevada wei, hoewol't de measten dêrfan neat mei dy oarloch fan dwaan hân hiene. Mear as 500 Noardlike Pajût waarden nei it Jakama Reservaat ta stjoerd, dêr't troch de oankomst fan safolle nijynkommelingen mar amper genôch iten en natuerlike helpboarnen wiene. Sadwaande hiene de bewenners fan it reservaat jierrenlang mei krapte en honger te krijen, oant it de Noardlike Pajût yn 1886 tastien waard om har yn it útwreide Duck Valley Yndianereservaat fan Nevada en Idaho nei wenjen te setten.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.