Wapato (Washington)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Wapato
Yakima County Washington Incorporated and Unincorporated areas Wapato Highlighted.svg
Sifers
Ynwennertal 4997 (2010)
Oerflak 3,03 km²
Befolkingstichtens 1649 /km²
Hichte 261 m
Polityk
Lân Feriene Steaten
Steat Washington
County Yakima County
Oar
Stifting 1885
Postkoade 98951
Tiidsône Pacific (PST)UTC-8
Simmertiid UTC-7
Koördinaten
Webside [1]
Wolkomsboerd yn Wapato
St. Peter katolike tsjerke

Wapato is in plak (city) yn Yakima County yn de steat Washington, Feriene Steaten. It plak leit ek yn it Jakama Yndianereservaat. It plak hie neffens de folkstelling fan 2010 in ynwennertal fan 4997. It plak leit oan Rykswei 97 en leit 18 km besuden Yakima.

It plak wie yn 1885 stifte troch yndiaanske postboade Alexander McCredy as in spoarhalte fan it Noardpasifysk Spoar (Northern Pacific Railroad). It krige de namme Simcoe. It Lânferdielings Akte fan 1887 (Dawes Act) makke it mooglik foar yndianen om harren lân te ferkeapjen en it luts nije bewenners oan. Mei it dien meitsjen fan it Irwin Kanaal yn 1896, dat it mooglik makke om wetter fan de rivier de Yakima te ferfieren om it lân te bewetterjen, waard de lânbou de wichtichste boarne fan ynkommen. Yn it iere begjin fan de 20e iuw McCredy en George Rankin stiften it Wapato Untjouwings Bedriuw (Wapato Development Company) dy't it plattegrûn fan it plak ûntjûn. Hja stiften de earste bank en begûnen mei it ferkeapjen fan grûnen. Om betizing te foarkommen mei it tichteby lizzende Fort Simcoe waard de namme fan it doarp Wapato yn 1903. Under de Jones Act fan 1906 waard it makliker makke foar Anglo's om lân fan Yakama's te keapjen. Op 16 septimber 1908 waard Wapato offisjeel in gemeente (incorporated). It hie doe 300 ynwenners. Yn 1905 begûn der in wiere Japanske migraasje, benammen út Hawaii. Tusken 1916 en 1918 ûntjoech Lyts Japan him yn it hjoeddeiske sintrum. Mei mear as 1000 Japanners yn de Yakimafallei, wie de mienskip nei Seattle de grutste Japanske mienskip yn de steat. Der waard sels in Bûdiste tempel boud yn it sintrum. Yn 1942 nei't de Feriene Steaten belutsen rekken yn de Twadde Wrâldkriich waarden alle Japanners twongen om yn opfang kampen te wenjen en waarden dus út Wapato wei twongen. Yn de kriichjierren waard it wurk yn de hôven en op it lân útfierd troch Dútsers, dy't yn it militêre finzenkamp tusken Wapato en Toppenish sieten en troch Japanners út de opfang kampen. Oan it ein fan de kriich kaam der in tekoart oan wurkers en waard rillegau opfolt troch Hispanics doe der him in gastwurkers oerienkomst tusken de Feriene Steaten en Meksiko ûntjoech. Hjirmei feroare it kulturele plaatsje fan Wapato. Fanôf de 1970er jierren waard der in tanimmende produksje fan ierdappels en apels wiermakke. Yn de lêste jierren hat Wapato it grutste persintaazje Hispanics, wêrby beide Anglo's en Hispanics Wapato as in Meksikaansk doarp omskriuwe. Fierders wennet der ek in lytse Filipynske mienskip.

Yn 2012 hat it gemeentebestjoer it hâlden fan stripklups tastien; om Wapato op de kaart te setten.

De wichtichste boarne fan ynkommen is noch hieltyd de lânbou en de ferwurkjende yndustry.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Wapato, Washington fan Wikimedia Commons.