Northern Pacific Railroad

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Noardpasifysk Spoar)
It spoarnet fan de Northern Pacific Railroad.

De Northern Pacific Railroad ("Noardpasifysk Spoar"), ôfkoarte ta NP, wie in transkontinintale spoarline dy't it noardlik part fan de westlike Feriene Steaten mei-inoar ferbûn, wêrûnder ferskate plakken fan Minnesota oant de kust fan de Grutte Oseaan. It NP wie oprjochte yn 1864 en it wie goedkard troch it Amerikaaanske Kongres om finansiering te finen foar de ûntjouwing foar it spoarnet.

It âlde regionale kantoar yn Tacoma, yn Washington.

De bou waard yn 1870 mei úteinset en de haadline wie yn 1883 ree fan de Grutte Marren oant de Grutte Oseaan, doe't Presidint Ulysses S. Grant op 8 septimber fan dat jier in stikje meiried yn westlik Montana. De spoarline hie sa'n 10.000 km spoar en betsjinne grutte gebieten yn de steaten Idaho, Minnesota, Montana, Noard-Dakota, Oregon, Washington and Wiskonsin. En boppedat hie it bedriuw ynternasjonale ôftakkings nei Winnipeg, yn Manitoba, en nei súdeastlik Britsk Kolumbia, beide yn Kanada. De haadaktiviteiten wiene ferfier fan lânbouprodukten lykas weet, fee en oare produkten lykas hout, grûnstoffen, ferfier fan passazjiers, leverjen fan konsuminteguod en it opkeapjen fan lân.

It haadkantoar stie earst yn Brainerd, yn Minnesota en waard letter ferhuze nei St. Paul, yn Minnesota. Yn 1970 fuzjearre it bedriuw mei oare spoareksploitanten en foarmje it de Burlington Northern Railway.