Springe nei ynhâld

Britsk-Kolumbia

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Britsk Kolumbia)
Britsk-Kolumbia
British Columbia
flagge wapen
Latyn: Splendor sine occasu
("Pracht dy't nea belunet")
lokaasje yn Kanada
algemien
ôfkoarting BC
lân Kanada
status (jier) provinsje (1871)
haadstêd Victoria
grutste stêd Vancouver
offisjele taal Ingelsk (de facto)
sifers
ynwennertal 4.400.057 (2011)
befolkingstichtens 4,8 / km²
oerflak 944.735 km² (ynkl. wetter)
925.186 km² (allinnich lân)
bykommende ynformaasje
tiidsône UTC -8 & -7
webside www.gov.bc.ca

Britsk-Kolumbia (Ingelsk: British Columbia; Frânsk: Colombie-Britannique) is ien fan 'e tsien provinsjes fan Kanada. It beslacht it súdwestlike part fan it lân, dêr't it op himsels de regio Pasifysk Kanada foarmet, dy't mei de Kanadeeske Prêrjes ta de gruttere regio fan Westlik Kanada heart. Wat oerflak oanbelanget, is Britsk-Kolumbia mei 9,5% fan it nasjonaal grûngebiet de op twa nei grutste provinsje fan Kanada (nei Kebek en Ontario), al moat it as de trije territoaria meirekkene wurde ek noch Nûnavût en de Noardwestlike Territoaria foargean litte. De haadstêd fan Britsk-Kolumiba is Victoria, dat op Vancouvereilân leit en in typysk Britske koloniale sfear azemet. De grutste stêd is lykwols Vancouver, yn 'e súdwesthoeke fan it fêstelân fan 'e provinsje. Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2011 hie de provinsje doe likernôch 4,4 miljoen ynwenners, wat delkomt op 13,1% fan 'e totale Kanadeeske befolking.

De namme fan 'e provinsje waard yn 1858 útkeazen troch de Britske keninginne Fiktoaria sels, doe't it doetiidske Britsk-Kolumbia (d.w.s. it fêstelân) de status fan koloanje krige. De namme waard ôflaat fan 'e rivier de Kolumbia, yn it súdeasten fan 'e provinsje, en de tafoeging "Britsk" wie om it te ûnderskieden fan "Amerikaansk-Kolumbia", besuden de grins, dat yn 1848 it Oregon-territoarium waard.

De Strjitte fan Georgia, deunby Vancouver.

Britsk-Kolumbia hat in oerflak fan 944.735 km², wêrfan't 925.186 km² út lân bestiet en 19.549 km² út wetter. De provinsje grinzget yn it easten oan 'e Kanadeeske provinsje Alberta en yn it noarden oan 'e territoaria Yukon en de Noardwestlike Territoaria. Yn it westen wurdt Britsk-Kolumbia foar de noardlike helte begrinzge troch de Amerikaanske steat Alaska en foar de súdlike helte troch de Stille Oseaan of râneseeën dêrfan, lykas de Strjitte fan Georgia en de Salisjaanske See. Yn it suden swettet it oan 'e legere Feriene Steaten, om persiis te wêzen oan 'e steaten Washington, Idaho en Montana (fan west nei east).

Britsk-Kolumbia hat in rûge fjordekust fan mear as 27.000 km, mei djippe ynhammen en likernôch 6.000 foar it meastepart lytseftige eilannen, dy't fierhinne ûnbewenne binne. It iennichste grutte eilân is Vancouvereilân, foar de súdwestkust, dêr't de provinsjale haadstêd Victoria op leit. Inkeld de smelle stripe fan Comox oant Victoria is dêrfan ridlik ticht befolke; de westlike helte en in grut part fan 'e rest fan Vancouvereilân is begroeid mei in hast ûntrochkringber reinwâld. Fierder nei it noarden, in eintsje de Stille Oseaan yn, lizze de Keninginne Sjarlotte-eilannen of Haida Gwaii, in arsjipel dy't de iennichste oare eilannen fan belang omfiemet.

De berch de Mount Robson, yn 'e Rocky Mountains.

Op it fêstelân fan Britsk-Kolumbia is Vancouver, dat yn 'e uterste súdwestlike hoeke leit, de grutste stêd fan 'e provinsje (kwa ynwennertal), al hat Abbotsford in grutter oerflak. Fan it grûngebiet fan 'e provinsje hat 75% in bercheftich foarkommen, mei de Rocky Mountains yn it easten en de Kustbergen yn it westen. Fierders is 60% beboske, wylst mar 5% fan 'e provinsje, yn it uterste suden, lânbou ûnderstipet.

Britsk-Kolumbia hat 7 nasjonale parken:

Foar de komst fan 'e blanken waard it grûngebiet fan Britsk-Kolumbia bewenne troch in grut ferskaat oan Yndiaanske folken, wêrûnder dy fan 'e kultuer fan 'e Noardwestkust fan Noard-Amearika, dêr't de toatempeal wei komt (dy't dus net, sa't faak tocht wurdt, yn alle Yndiaanske kultueren foarkaam). Yn 'e 1770-er jierren kaam fan 'e folken fan 'e Noardwestkust teminsten 30% om by in pokke-epidemy, dy't lykwols noch mar de earste yn in rige fan útbraken fan sykten wie dêr't de Yndianen gjin ymmuniteit foar hiene. De Grutte Pokke-epidemy fan 1862 rûge de Yndianen fan 'e Noardwestkust foar 50% út.

Neffens it ferhaal soe de Ingelske kaper en ûntdekkingsreizger sir Francis Drake yn 1579 as earste Jeropeaan de kust fan Britsk-Kolumbia ferkend hawwe, mar de earste dokumintearre reis troch it gebiet waard makke troch de Spanjert Juan Pérez, en datearret út 1774. Pérez en syn neifolger Juan Francisco de la Bodega y Quadra namen Britsk-Kolumbia yn besit foar de Spaanske Kroan, mar de ferkenningen oer see fan James Cook, yn 1778, en George Vancouver, yn 1792-1793, en fan Alexander Mackenzie, dy't yn 1793 de earste blanke wie dy't oer lân de Pasifyske kust fan Britsk-Kolumbia berikte, setten Britske oanspraken krêft by, en it wiene de Britten dy't úteinlik, yn 1794, oan it langste ein loeken. It Distrikt fan de Kolumbia, sa't it gebiet kaam te hjitten, rikte fan 'e súdgrins fan Russysk Amearika (oftewol Alaska), op 54°40′ noarderbreedte, oant de noardgrins fan Kalifornje, dat ta de Spaanske koloanje Nij-Spanje (it lettere Meksiko) hearde. Dy krite, dy't net inkeld it hjoeddeiske Britsk-Kolumbia, mar ek de lettere Amerikaanske steaten Washington, Idaho en Oregon omfette, wie neffens in ferdrach út 1818 "yn mienskiplik gebrûk" fan 'e Feriene Steaten en Grut-Brittanje, oant it by it Oregonferdrach fan 1846 opspjalten waard yn in noardlik Britsk en in súdlik Amerikaansk diel.

De Cheakamus-mar by moarnsdage, yn it Provinsjaal Park Garibaldi.

De Britske Hudsonbaaikompanjy en Noardwestlike Kompanjy fêstigen hannelsposten yn it gebiet om fan 'e lukrative pelshannel te profitearjen. De beide kompanjyen wiene inoars fûleindige konkurrinten oant it Britske regear se yn 1821 twong om te fúzjearjen. Oant 1849 bleau it Britske diel fan it Distrikt fan de Kolumbia in ûnorganisearre krite fan Britsk Noard-Amearika ûnder it de facto bestjoer fan 'e Hudsonbaaikompanjy. Yn 1849 waard de koloanje Vancouvereilân skepen, yn 1858 folge troch de koloanje Britsk-Kolumbia, nei't der by de Goudkoarts fan Fraser Canyon in ynfluks fan Amerikaanske kolonisten plakfûn hie. Pas yn 1866 waarden de beide koloanjes byinoar foege. Eangstme foar anneksaasje troch de Feriene Steaten wie de wichtichste oandriuw foar de elite fan 'e nije feriene koloanje om oansluting te sykjen by de Kanadeeske Konfederaasje, dy't yn 1867 oprjochte waard. Yn 1871 waard Britsk-Kolumbia dêryn opnommen as in folweardige provinsje. Pas yn 1903 waard de dizenige grins fan 'e Panhandle, it "panhânsel" of it nei it súdeasten ta útstekkende diel fan Alaska, fêstlein, wêrby't Britsk-Kolumbia frijwat grûngebiet kwytrekke.

It reekommen fan it spoar fan 'e Canada Pacific Railway, yn 1885, dy't Vancouver mei it Easten ferbûn, wie in ûnbidige opstekker foar de Britsk-Kolumbiaanske ekonomy. Yn 1914 kaam in twadde spoarferbining mei de westkust ta stân, diskear yn sintraal Britsk-Kolumbia. It oanlûken fan genôch wurkkrêften foar de nije provinsje wie noch in hiele toer. Der wiene te min lju fan Jeropeesk komôf, mar doe't der Sinezen en Japanners oanlutsen waarden, briek dêr fûleindige wjerstân tsjin út ûnder de blanke befolking, mei as gefolch dat ymmigraasje út Aazje wei oan bannen lein waard. Tusken 1887 en 1907 fûnen der yn Vancouver ferskate rasistyske pogroms tsjin Sineeske en Japanske ymmigranten plak, en yn 1923 waard op ymmigraasje út Sina alhiel it near lein.

Yn 'e minne ekonomyske sitewaasje yn 'e provinsje, oan 'e ein fan 'e Earste Wrâldoarloch, skoep de Amerikaanske drûchlizzing nije kânsen, en de groei en woltier fan Vancouver yn 'e 1920-er jierren wie grutdiels te tankjen oan 'e alkoholslûkerij oer de grins nei de Feriene Steaten. Doe't de ein fan 'e drûchlizzing gearfoel mei it begjin fan 'e Grutte Depresje, waard Britsk-Kolumbia dan ek útsûnderlik hurd rekke. Pas troch de bloei fan 'e oarlochsekonomy oan it begjin fan 'e Twadde Wrâldoarloch klaude Britsk-Kolumbia wer út 'e ûnderwâl, al gie dat mank mei de ynternearring fan 'e Japanske mienskip yn 'e provinsje.

It parlemintsgebou fan Britsk-Kolumbia, yn Victoria.

Yn 'e sechstiger jierren sette it provinsjaal regear útein mei grutskalich en ambisjeus programma om 'e ynfrastruktuer fan 'e provinsje te modernisearjen. Teffens ûntjoech Vancouver him yn dy snuorje ta in kultureel sintrum fan dichters, skriuwers, keunstners, muzikanten, dûnsers en akteurs, dy't dêr gearkloften fanwegen it natuerskientme en it mylde klimaat. Fierders wie de opkomst fan Japan as in ekonomyske macht fan betsjutting in moaie ynstruier foar Britsk-Kolumbia, dat dêr troch syn posysje oan 'e Kanadeeske westkust skoan fan profitearje koe.

Britsk-Kolumbia hat in provinsjaal parlemint mei 85 sitten. De parlemintsleden fertsjintwurdigje har eigen kiesdistrikt (riding), dêr't se by de ferkiezings op persoanlike titel de mearderheid fan 'e stimmen helle hawwe (krekt itselde systeem as yn Grut-Brittanje). De provinsje wurdt regearre troch in eigen regear mei oan it haad in minister-presidint. Yn Kanada is it trouwens wenst (mar gjin wet) dat de minister-presidinten fan 'e ûnderskate provinsjes oantsjut wurde as premier, wylst de federale minister-presidint de prime minister is. Yn it federale Kanadeeske parlemint yn Ottawa wurdt Britsk-Kolumbia yn 'e Senaat fertsjintwurdige troch 6 fan 105 sitten (5,7%), en yn it Legerhûs troch 36 fan 308 sitten (11,7%).

In druvewyngerd oan 'e igge fan 'e Okanaganmar.

De ekonomy fan Britsk-Kolumbia is de op trije nei grutste fan Kanada, mei in bruto provinsjaal produkt fan K$45.430 yn 2012. De provinsje wurdt yn ekonomyske opsjocht dominearre troch de ekspoitaasje fan natuerlike helpboarnen, mei yn it foarste plak de boskbou, mar teffens op it mêd fan 'e mynbou. De grutste wurkgelegenheid sit lykwols yn 'e tsjinstesektor, mei as wichtichste ûnderdielen it bank- en fersekeringswêzen, de ûnreplik-goedmerk, de detailhannel, it ûnderwiis en de sûnenssoarch.

De provinsje hat ek in libbene eigen filmyndustry, dy't wol bekend stiet as Hollywood-Noard, en Vancouver is de op twa nei grutste filmproduksjelokaasje fan Noard-Amearika, nei Los Angeles en New York. Fierders is ek de ynternasjonale hannel fan belang, wêrby't Vancouver foar Kanada in ûnmisbere funksje as trochfierhaven ferfollet. Hoewol't mar 5% fan it provinsjaal grûngebiet gaadlik is om lânbou te bedriuwen, wurdt dêr folop gebrûk fan makke, benammen by de rivieren de Fraser en de Okanagan lâns. Ta einbeslút moat ek it toerisme noch neamd wurde, mei't lju út de rest fan Kanada en út it bûtenlân ôfkomme op it mylde klimaat en it spektakulêre natuerskientme fan 'e provinsje.

Vancouver, de grutste stêd fan Britsk-Kolumbia.

Neffens de Kanadeeske folkstelling fan 2011 hie Britsk-Kolumbia doe 4.400.057 ynwenners, wat 7,0% mear is as yn 2006. De befolkingstichtens wie yn 2011 4,8 minsken de km².

Tsien grutste stêden
Stêd 2011 2006 2001 1996
Vancouver 603.502 578.041 545.671 514.008
Surrey 468,251 394.976 347.825 304.477
Burnaby 223,218 202,799 193.954 179.209
Richmond 190,473 174,461 164.345 148.867
Abbotsford 133,497 124,258 115.463 104.403
Coquitlam 126,456 114,565 112.890 101.820
Kelowna 117,312 107,035 96.288 89.422
Saanich 109,752 108,265 103.654 101.388
Langley 104,177 93,726 86.896 80.179
Delta 99,863 96,635 96.950 95.411

Etnyske groepen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hoewol't Britsk-Kolumbia troch syn lizzing oan 'e westkust in befolking hat mei in folle grutte etnysk ferskaat as de binnenlânske Kanadeeske provinsjes, is neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2011 noch altyd in mearderheid fan Noardjeropeesk komôf. (Dy gegevens wiene trouwens basearre op selsidentifikaasje, wêrby't men mear as ien etnisiteit oanfinke koe). De grutste etnyske groep wiene de Ingelsen (29,6%), folge troch de Skotten (20,3%), Ieren (15,2%), Dútsers (13,8%), Sinezen (10,6%), Frânsen (8,9%), Súdaziaten (5,7%), Oekraïners (4,8%) en Nederlanners (4,8%) De net-Westerske minderheden foarmen mei-inoar 24,8% fan alle ynwenners fan Britsk-Kolumbia. Alle lânseigen Yndiaanske folken mei-inoar wiene yn 2011 goed foar 4,7% fan 'e befolking, en de heal-blanke, heal-Yndiaanske Métis foar 1,5%.

In trein giet oer de Stoney Creek Bridge.

Op it mêd fan godstsjinst bestie neffens sifers út 2001 54,1% fan 'e befolking fan Britsk-Kolumbia út kristenen, wêrfan 36,0% protestanten, 17,2% roomsen, 0,7% eastersk-otterdoksen en 0,2% eastersk-katoliken. De grutste protestanstske denominaasjes wiene de feriene protestantske United Church of Canada (9,4%), anglikanen (7,7%), baptisten (2,8%), luteranen (2,6%), pinksterkristenen (1,2%) en presbyterianen (1,0%). Ateïsten en agnosten foarmen 35,1% fan 'e befolking. Oare godstsjinsten wiene, yn folchoarder fan grutte: it sikhisme (3,5%); it boedisme (2,2%); de islaam (1,5%); it hindoeïsme (0,8%); it joadendom (0,5%); en it Westersk heidendom (0,2%). De oanhingers fan 'e lânseigen religyen fan 'e ûnderskate Yndiaanske folken foarmen mei-inoar 0,1% fan 'e befolking.

Britsk-Kolumbia hat eins gjin offisjele taal dy't as sadanich by wet fêstlein is, mar it Ingelsk fungearret as de de facto offisjele taal. Neffens gegevens fan 'e Kanadeeske folkstelling fan 2006 is dat ek de memmetaal fan in romme mearderheid fan 'e ynwenners fan 'e provinsje, 71,5%. De Frânsktalige minderheid, de saneamde Franko-Kolumbianen, foarmen mei krapoan 55.000 minsken 1,4% fan 'e befolking. Under de grûnwet fan Britsk-Kolumbia hawwe de Franko-Kolumbianen it rjocht op Frânsktalich ûnderwiis. De sprekkers fan 'e lânseigen talen fan 'e ûnderskate Yndiaanske folken makken sa'n 0,4% fan 'e Britsk-Kolumbiaanske befolking út. Ymmigrantetalen wêrfan't de sprekkers 0,9% of mear fan 'e befolking foarmen, wiene yn 2006: it Sineesk (8,5%), it Pûndjaabsk (4,0%), it Dútsk (2,2%), it Filipynsk (1,3%), it Koreaansk (1,2%) en it Spaansk (0,9%).

Britsk-Kolumbia hat in myld, reinich klimaat, dat oan 'e kust tsjin in Mediterraansk klimaat oanskoarret en op plakken sels omskreaun wurde kin as subtropysk. Fanwegen de barriêres dy't opsmiten wurde troch ferskate berchtmen efterinoar is it binnenlân folle drûger, mei wat yn it suden omskreaun wurde kin as in steppeklimaat. It jiergemiddelde fan 'e temperatuer is yn 'e tichtst befolke gebieten hjir en dêr sels 12 °C. Mylder wurdt it yn Kanada net. De noardlike helte fan 'e provinsje hat in folle kâlder klimaat, mei winterdeis in protte snie. Rekôrtemperatueren wiene −58,9 °C op 31 jannewaris 1947 yn Smith River, en 49,6 °C op 30 juny 2021 yn Lytton.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.


 
               Kanada
Flagge fan Kanada
provinsjes
Alberta • Britsk-Kolumbia • Kebek • Manitoba • Nijfûnlân en Labrador • Nij-Breunswyk • Nij-Skotlân • Ontario • Prins Edwardeilân • Saskatchewan
territoaria
Yukon • Noardwestlike Territoaria • Nûnavût
· · Berjocht bewurkje