Benton County (Washington)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Benton County (Washington)
Benton County yn de steat Washington
Benton County yn de steat Washington
Sifers
Ynwennertal 182.398 (2012)
Oerflak 4558 km² (ynkl. wetter)
4411 km² (allinnich lân)
Befolkingstichtens 39,7 / km²
Polityk
Lân Flag of the United States.svg Feriene Steaten
Steat Flag of Washington.svg Washington
Oar
Stifting 1905
Tiidsône UTC-8
Simmertiid UTC-7
Webside www.co.benton.wa.us
De wyngerd Kiona mei de Rattlesnakeheuvels op eftergrûn. Twa soarten drúven binne te sjen op in hjerstmis dei.

Benton County is in county yn it suden fan de Ameikaanske steat Washington. De county is ferneamd nei senator Thomas Hart Benton fan Missouri. Hy hat in oerflak fan 4558 km². Neffens de folkstelling fan 2010 hie de county 175.177 ynwenners en it hie in rûsde ynwennertal fan 182.398 yn 2012. De haadstêd is Prosser en de grutste stêd is Kennewick.

De rivier de Kolumbia foarmet de grins yn it noarden, easten en suden. Yn it noarden grinzet de county oan Grant County, yn it noardeasten oan Franklin County, yn it easten oan Walla Walla County, yn it suden oan de steat Oregon, yn it súdwesten oan Klickitat County en yn it westen oan Yakima County.

De county waard op 8 maart 1905 stifte en foarme út Yakima County en Klickitat County.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De county is bekend om syn wynbou. Der binne ferskate wynhôven yn de county. It is in wichtige boarne foar de lânbou en toerisme yn de county. Op guon wynhôven binne wyn toeren en priuwerijen. Yn it noardeasten fan de county, benoarden de stêd Richland is it Hanford Nukleêre Reservaat, dat yn de Twadde Wrâldkriich úteinset is as in part fan it Manhattan Projekt foar de bou fan núkleêre wapens.

De grutste hichtes yn de county binne de Ratlesnake en Horse Heaven Hills heuvelriges. It lân yn de county is drûch en dor en om lânbou en oare gewoeksen mooglik te meitsjen is bewettering mooglik makke om wetter fan de county's wichtige rivieren de Kolumbia en de Yakima te brûken. Yn de hegere geaen tusken de Horse Heaven Hills heuvelrige en de rivier de Kolumbia yn it súdlike part fan de count binne in soad weetfjilden.

Benton County, Washington

Wichtige diken binne:

Demografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens de folkstelling fan 2000 wennen der 142.175 minsken yn de county, mei 32 ynwenners/km². Der wiene 55.963 wentes yn de county. De befolking bestie út 86,25% blanken, 0,93% Afro-Amerikanen, 0,82% yndianen, 2,20% Aziaten, 0,11% Pasifysk Eilanners. Etnysk wennen der 12,50% Hispanic of Latino. 86,4% hiene Ingelsk as earste taal en 10,3% Spaansk. It gemiddelde húshâld ynkommen wie &47.044. Sa'n 10,7% libbe ûnder de earmoed grins.

Plakken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Stêden binne:(ynwennertallen binne fan 2012)

Oare plakken (Census Recognized) binne:

Oare plakken binne:

Ferlitten plakken (Ghost towns) binne:

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • William Denison Lyman, History of the Yakima Valley, Washington: Comprising Yakima, Kittitas, and Benton Counties. In Two Volumes. Chicago: S.J. Clarke Publishing Co., 1919. Volume 1 | Volume 2

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]