Kiona (Washington)
Kiona | ||
Bestjoer | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Washington. | |
County | Benton County | |
Sifers | ||
Ynwennertal | (2010) | |
Oar | ||
Stifting | 1888 | |
Tiidsône | Pacific (PST) UTC-8 | |
Simmertiid | UTC-7 |
Kiona is in gemeentefrij plak yn Benton County yn de Amerikaanske steat Washington. It plak leit besuden tsjin Benton City, sa'n 17 km bewesten Richland. De rivier de Yakima en Rykswei Yntersteat 82 skiedt dizze 2 plakken. De namme Kiona is in yndiaansk wurd wat brune heuvels betsjut. Yn 1888 boude it Noard Pasifysk Spoar (Northern Pacific Railway) in stasjon hjir en meitsje it mooglik foar boeren om harren produkten nei de merke te bringen. Mais, ierappels, weet, luserne en apels wiene de foarnamste gewoeksen. It drûge klimaat hjir makke it dreech om te buorkjen, dus waard der drûchlânbou tapasse. Yn de 1890er jierren waard wetter fan de rivier de Yakima troch in nij groeven feart brocht nei Kiona en meitsje it better gewoeksen te ferbouwen. Dit luts mear minsken nei de omkriten ta. Yn 1907 boude de Oregon Washington Railroad and Navigation Company in nij spoar en stasjon yn hjoeddeisk Benton City en dat doarp begûn te waaksen. Yn 1917 waard de Yellowstone Trail, in highway dat fan Albany, New York nei Seattle rûn, troch Kiona hinne lein. Dit luts mear minsken. Letter rekke Kiona yn de nederklits dochs Benton City waakste wol wer. Kiona is nea in gemeente wurden. Yn 2002 is de Benton City-Kiona brêge ûnderbrocht yn it National Register for Historical Places.