Storm Cursed
Storm Cursed | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | Patricia Briggs | |
taal | Ingelsk | |
foarm | roman | |
sjenre | fantasy | |
1e publikaasje | 2019, New York | |
oarspr. útjwr. | Ace Books/Orbit Books | |
rige | ||
rige | Mercy Thompson | |
● foarich diel | Silence Fallen | |
● folgjend diel | Smoke Bitten | |
kodearring | ||
ISBN | 978-0 35 65 05 961 |
Storm Cursed (letterlik: "Stoarmferflokt") is it alfde diel fan 'e Mercy Thompson-rige fan 'e Amerikaanske skriuwster Patricia Briggs. It is in fantasyroman fan it subsjenre fan 'e urban fantasy, dy't skreaun is yn it ik-perspektyf. It boek ferhellet oer de Amerikaanske monteur Mercedes "Mercy" Thompson, in jonge frou fan heal-Yndiaansk komôf dy't harsels feroarje kin yn in prêrjewolf. Yn Storm Cursed krije Mercy, har man Adam en har freonen te krijen mei in clan heksen, dy't as "in stoarm fan ferflokkings" op harren territoarium delsaaie. Storm Cursed waard foar it earst publisearre yn 2019, yn 'e foarm fan in hardcoveredysje, troch sawol de Newyorkske útjouwerij Ace Books as de Britske útjouwerij Orbit Books.
Eftergrûn fan 'e searje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mercedes "Mercy" Thompson is in jonge frou dy't it fermogen om harsels yn in prêrjewolf (coyote) te feroarjen urven hat fan in Yndiaanske heit dy't in ynkarnaasje fan 'e godheid en trickster Coyote wie. Hja hie yn 'e Tri-Cities (Richland-Kennewick-Pasco), yn 'e Amerikaanske steat Washington, as monteur en eigneresse fan in garaazje in relatyf normaal bestean opboud oant se yn 'e foargeande dielen fan 'e searje almar djipper behelle rekke yn 'e oangelegenheden fan 'e pleatslike boppenatuerlike mienskip. Boppedat is se ûnderwilens troud mei har eardere buorman Adam Hauptman, in skieden heit mei in tinerdochter, dy't ek de alfa (lieder) fan 'e pleatslike Columbia-ridel fan wearwolven is.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Storm Cursed rekket Adam djip behelle yn 'e ûnderhannelings tusken it regear fan 'e Feriene Steaten en de Grize Hearen, dy't mei hurde hân oer de ierdgeasten hearskje. Om't it territoarium fan 'e wearwolven fan 'e Columbia-ridel sjoen wurdt as neutraal terrein, wolle de beide partijen dy ûnderhannelings yn 'e Tri-Cities hâlde. Adam hat der de hannen oan fol, wat betsjut dat it hanthavenjen fan 'e oarder yn it territoarium fan 'e ridel oan Mercy tafalt. Sy en guon oare leden fan 'e ridel binne dêr wakker drok mei. Earst oppenearret him in eardske dy't op 'e flecht is foar de minsklike autoriteiten sûnt er yn Los Angeles in plysjeman ombrocht hat. Mercy weeft mei him ôf mei help fan 'e wearwolven Ben en Mary Jo en fan Larry Sethaway, dy't him nei bûten ta profilearret as de 'kening fan 'e eardsken', hoewol't er ferteld hat dat de eardsken eins syn liedersposysje net op dy wize omskriuwe. Mercy-en-dy hawwe de troch Larry ôfsleine holle fan 'e eardske noch net by de plysje ôflevere, of se wurde by in apart gefal roppen fan in keppel geitsjes dy't deamakke en dêrnei ta in ûndeade steat as sombys brocht binne.
Elizaveta Arkadjevna Vysjnevetskaja, de (fan oarsprong Russyske) hekse dy't de ridel út en troch mei rie en die bystiet yn saken fan tsjoenderij, is noch yn Jeropa, dêr't se mei Adam hinne reizge wie om Mercy te rêden fan Iacopo Bonarata, in fampier dy't himsels de 'Hear fan 'e Nacht' neamt en dy't Mercy koartby ûntfierd hie (sjoch: Silence Fallen). Hja wennet lykwols yn 'e Tri-Cities mei har hiele famylje (allegear heksen) yn in grut hûs, en Mercy ornearret dat se fan ien fan 'e oare heksen wol advys krije kin oer wat se mei de sombygeitsjes oan moat. As se opskillet, wurdt der lykwols oannommen troch in frou mei in Súdlik Amerikaansk-Ingelsk aksint. Mercy fertrout it spul net en stjoert guon fan 'e wearwolven om poalshichte te nimmen. Hja treffe it hûs ferlitten en de hiele famylje fan Elizaveta dea oan; de measten binne martele. Boppedat treffe se ek bewizen oan dat Elizaveta en har famylje oan swarte magy diene, lykas koaien mei tramtearre bisten yn 'e kelder en de spûken fan ferskate fermiste (en blykber fermoarde) persoanen. De bisten binne allegear dea, op ien lyts swier mishannele jongkatsje nei. Adam en Mercy wisten wol dat Eliveta har dwaande hold mei skimerige saakjes, mar har belutsenens by swarte magy, dat planút kwea is, hat se foar harren ferburgen witten te hâlden.
As Adam en Mercy wer thúskomme, wurde se yn 'e kelder fan harren wente oanfallen troch in somby-wearwolf. Se hawwe Sherwood Post by harren, in lid fan 'e wearwolveridel dy't oan ûnthâldsferlies lijt. Hy is inkele jierren lyn befrijd út 'e finzenskip fan in groep heksen yn Seattle en hy mist in skonk, wat frjemd is foar in wearwolf, mei't wearwolven ornaris ferlerne lichemsdielen regenerearje. Sherwood hat syn namme krigen fan Bran Cornick, de marrok, dy oer alle wearwolven yn Noard-Amearika hearsket (en Mercy hat pleechheit is). De marrok is ek dejinge dy't him yn 'e ridel fan Adam en Mercy pleatst hat. As de somby-wearwolf harren oermânsk driget te wurden, nimt Sherwood syn wolf, dy't gjin lêst hat fan ûnthâldsferlies, de kontrôle oer syn lichem oer, en brûkt magy om mei it wêzen ôf te weven. Dêrmei makket er ek dat it hûs fan Adam en Mercy foar in skoftke ûntagonklik is foar heksen en oaren dy't swarte magy brûke.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
As Adam en syn direkte ûnderhearrigen yn 'e ridel, Darryl Zao en Warren Smith, dy jûns wer fêstsitte yn besprekkings mei fertsjintwurdigers fan it Amerikaanske regear oer de oansteande ûnderhannelings mei de ierdgeasten, giet Mercy te rie by har freon Stefan Uccello, dy't in fampier is. It is har dan einlings tebinnen kommen wêrom't de rook fan 'e hekse dy't de geitsjes ta sombys makke, har sa bekend foarkaam: se rûkt krekt as William Frost. Dat wie in fampier dy't ek tsjoene koe, en dy't ferline hjerst besocht hat om Marsilia, de hearskeresse fan 'e pleatslike fampieretroep fan 'e troan te stjitten en teffens om Adam te twingen en fermoardzje de konservative senator Jake Campbell, dy't bot anty-wearwolf is (deselde dy't no lieding jout oan 'e oerheidsdelegaasje dy't mei de ierdgeasten ûnderhannelje sil). Troch yngripen fan Mercy binne al syn snoade plannen lykwols op 'e non rûn (sjoch: Frost Burned). De hekse dy't de geitsjes ta sombys makke hat, rûkt lykwols as earstegraads besibskip ta Frost. Mercy freget no Stefan om mear oer Frost oan 'e weet te kommen, en Stefan seit syn help ta.
As Arnoldo Salas, de eigner fan 'e sombygeitsjes, opskillet mei it boadskip dat der in auto op fertochte wize by him en syn húshâlding foar de ruten hinne en wer riidt, giet Mercy op ûndersyk út en Stefan komt mei. By Salas op it hiem treffe se de hekse, dy't harren kâldwei ferteld dat sy en har famylje de pleatslike heksen ôfmakke hawwe en dat se harren plak no ynnimme sille. Mercy-en-dy wurdt hjitten de nije heksen net foar de fuotten te rinnen, en Stefan moat in berjocht oerbringe oan Marsilia dat der mei koarten kontakt mei har opnommen wurde sil. En fierders sille de heksen derfoar soargje dat der gjin ûnderhannelings tusken de oerheid en de ierdgeasten plakfine, en moatte Mercy en de wearwolveridel harren dêr fierders net mei bemuoie. Mercy har sizzen dat de heksen opsokkebalje moatte, makket gjin yndruk.
De oare deis is Mercy oanwêzich by besprekkings fan Adam mei fertsjintwurdigers fan 'e Amerikaanske oerheid as der in bomoanslach plakfynt. Troch har yngripen bliuwe de gefolgen fierhinne beheind ta materiële skea, mar Paul, de wearwolf dy't har libben rêdt troch har mei syn lichem te beskermjen as it gebou troch de ûntploffing ynstoart, komt om. De oanslachdogger wurdt letter yn ferbân brocht mei de heksen. De folgjende dagen moat de ridel ôfweve mei mear deade bisten dy't ta somby makke binne. Adam fermoedet dat de heksen mei de ridel oan it omboartsjen binne. De deis nei de kremaasje fan Paul keart Elizaveta werom út Jeropa. Hja identifisearret de heksen dy't har famylje ombrocht hawwe as leden fan 'e grutte Hardesty-clan út Tennessee. Adam en Mercy beseffe dat se ek mei Elizaveta ôfweve moatte sille, mei't dy efter harren rêch om freeslike dingen dien hat yn harren territoarium, lykas it marteljen en deadzjen fan minsken en bisten (mei't dat is wêr't de enerzjy foar swarte magy weikomt).
De deis dêrop is Mercy yn har garaazje oan it wurk, dy't noch mar krekt werboud is nei't er ferwoastge wie troch in mâle fulkaangod (sjoch: Night Broken), as se in aparte oranje substânsje yn it luchtfilter fan in Folkswein tsjinkomt. Wannear't har freon en wurknimmer, de heal-ierdgeast Tad, der oan fielt, begjinne syn hannen te blierjen en ôf te stjerren. Troch fluch en trochtaastend yngripen fan syn heit Zee, Mercy har eardere baas, dy't ek noch gauris yn 'e garaazje ompielt, bliuwt it ûnheil beheind ta in pear seare hannen. (Zee, eins Siebold Adelbertsmiter, is in oerâlde metaalbewurkjende ierdgeast dy't earder bekend stie as de Dûnkere Smid fan Drontheim.) Hy mei himsels graach foardwaan as in humeurige âldman, mar hy hat safolle macht dat sels de Grize Hearen op teannen om him hinne rinne. Neitiid stelt Elizaveta fêst dat it in flok fan 'e Hardesty-heksen wie.
Mercy beslút om senator Campbell tillefoanysk yn te ljochtsjen oer it gefaar dat de heksen opsmite foar de ûnderhannelings. Dat liedt ta in útnûging om 'e oare deis mei Adam in besyk oan 'e senator te bringen, sadat se tête-à-tête prate kinne. By it petear komt Mercy yn 'e kunde mei Ruth Gillman, de assistinte fan Campbell, en teffens beseft se dat Campbell fan 'e Yndiaanske godheid Hauk ôfstammet sa't sysels fan Coyote ôfstammet, mar hy liket him der folslein ûnbewust fan te wêzen. Se beslút him mar neat wizer te meitsjen.
Dy nachts, as se wekker leit om't se net sliepe kin, riddenearret Mercy einlings út wat William Frost no eins yn it sin hie. Sy en Adam wisten al dat er besocht de wearwolven yn konflikt te bringen mei de Amerikaanske oerheid troch te Adam te twingen en meitsje in senator fan kant, en ek wisten se dat er it bestean fan 'e fampieren oan 'e minsken bekendmeitsje woe, krekt sa't de ierdgeasten en de wearwolven harren bestean earder bekendmakke hiene. Mar Mercy wie der oant no ta fan útgien dat er hannele fanút syn fampier-wêzen. No beseft se ynienen dat foar Frost syn fampieresteat in bykomstichheid wie, en dat er yn it foarste plak in hekse wie. Net inkeld besocht er de wearwolven yn in kwea deiljocht te stellen troch in konflikt tusken harren en de minsklike autoriteiten te feroarsaakjen, mar hy woe ek de fampieren útrûgje troch de minsken tsjin harren op te setten.
As se einlings yn 'e sliep falt, kriget Mercy in dream fan Coyote, dy't har ferteld dat er ynformaasje foar har hat, en har geast dan yn it lichem pleatst fan it mishannele jongkatsje dat de iennichste oerlibbene is fan it bloedbad yn it hûs fan Elizaveta. Mei it jongkatsje ûndergiet Mercy dêr dagenlang de folterings troch de beide Hardesty-heksen, wêrfan't de iene Magda hjit, wylst de oare harsels "de Dea" neamt. Ut harren praat komt Mercy te witten wa't se binne en wat se wolle. Uteinlik lit "de Dea" alle libbene wêzens yn 'e wente yn ien kear stjerre, útsein it jongkatsje, want troch Mercy har oanwêzigens en de macht fan Coyote, dy't in god fan feroaring (en dus ek fan 'e dea) is, kriget har tsjoenderij gjin fet op bistke. Neitiid bringt Coyote Mercy, noch altyd yn 'e dream, wer ta harsels. As se wer wat bekommen is, seit se him it mannewaar op. Hy leit lykwols út dat er wol dat se de Hardesty-heksen deamakket, eat dat er sels net dwaan kin om't se "ienris-stjerlike wêzens" binne, út in oar lân, dy't net ta syn domein hearre. Se hawwe lykwols op 'e iene of oare manear sa stom west om harren de grime fan Coyote op 'e hals te heljen (hoewol't er dizenich bliuwt oer hoe't se dat krekt oprêden hawwe), en dy kin harren wol deeglik reitsje troch de hân fan syn minsklike bern, c.q. Mercy.
De oare deis sit Adam wer de hiele dei fêst yn besprekkings, wylst Mercy, dy't wit dat se in dream hân hat mar harsels net mear tebinnenbringe kin wêr't dy oer gie, oan it wurk giet yn har garaazje. Middeis hat se in ôfspraak mei Ruth Gillman, dy't se meinimt nei it restaurant fan 'Omke Mike', in ierdgeast dy't befreone is mei Zee. Mei him hat Mercy al jierrenlang gedoente, en hy is oer it algemien te fertrouwen. It is har bedoeling om him foar Ruth as foarbyld tsjinje te litten fan hoe't it ek kin. Nei't it tsjuster wurden is, kriget Mercy thús tillefoan fan Marsilia, by wa't Stefan te rie gien is oer William Frost. Marsilia fertelt dat se oer dyselde kontakt opnommen hat mei Bonarata. Se binne ta de konklúzje kommen dat nimmen krekt wit hokker fampier oft Frost ta fampier makke hat, mar se hawwe fêststeld dat dat tritich oant fjirtich jier lyn bard wêze moat. Dêrnei hat Marsilia kontakt opnommen mei oare fampieremasters yn 'e Feriene Steaten mei wa't se on speaking terms is. It hat bliken dien dat der noch trije oare fampieren fan deselde âlderdom en in ûnbekende makker wiene, dy't ek Hardestys wiene. Dy ûntdekking hat laat ta in syktocht by alle fampieretroepen yn Noard-Amearika, wêrby't alle ynfiltranten, want sa wurde se troch de fampieren sjoen, ôfmakke wurde. Marsilia hat ek in rymke út Tennessee opdûkele oer de Hardesty-heksen en harren "stoarm fan ferflokkings".
Koart nei't se mei Marsilia sprutsen hat, wurdt Mercy opskille troch Omke Mike, dy't har fertelt dat in behekste Ruth Gillman weromkommen is nei syn restaurant. Mei't Adam noch altyd ûnberikber is, giet Mercy mei Sherwood Post op ûndersyk út. It docht bliken dat Ruth der mei in athame, in magysk mês, op útstjoerd is om Mercy te deadzjen, mar dat se har genôch tsjin 'e opleine betsjoening fersette dat se ynstee fan nei it hûs fan Mercy en Adam nei it restaurant fan Omke Mike riden is. Dyselde hat har ûntwapene en derfoar soarge dat se harsels neat oandie. Oan Mercy fertelt Ruth dat de heksen alle tsien befeiligingslju fan senator Campbell deamakke en de senator sels ûntfierd hawwe. Mercy ropt de wolf fan Sherwood nei foarren ta, dy't in magyske sirkel makket en de betsjoening fan Ruth Gillman opheft. Dêrnei brekt er de athame op sa'n wize dat it de makker fan mês, nei't men oannimme mei ien fan 'e heksen, likefolle ferwûnet as dat se Ruth (geastlik) ferwûne hat.
Underweis nei hûs beharket Mercy op har mobile tillefoan in berjocht fan Adam dat se mist hat. Elizaveta hat him frege om mei te gean nei har hûs om it ien of oar op te heljen. Fuort dêrnei wurdt Mercy opskille troch har healbroer Gary Laughingdog, in oarenien fan 'e bern fan Coyote. Hy fertelt har dat Coyote him frege hat har te beljen en te freegjen oft se "har dreamen al ferwêzentlike" hat. Op dat stuit wit Mercy fan it iene momint op it oare momint wer wêr't se dy nachts fan dreamd hat. Se beseft dan ek dat se Sherwood net yn in konfrontaasje mei de heksen behelje kin, mei't it weromfangen fan him ien fan 'e wichtichste doelen fan 'e Hardestys is. Dêrom lit se har by har garaazje ôfsette, wêrnei't se lykme-allinne yn 'e foarm fan in prêrjewolf op ferkenning útgiet by de wente fan Elizaveta. Oan 'e râne fan it hiem komt se Adam al tsjin yn wolvefoarm, dy't de Hardesty-heksen ûnder harren macht brocht hawwe. Hy moat patrûljearje en harren warskôgje as er wat nuvers sjocht, mar der is yn 'e Tri-Cities neat nuvers oan in prêrjewolf, dat hy rint Mercy straal foarby.
Mercy giet werom nei har auto en nimt kontakt op mei Zee en mei Marsilia. Zee, dy't earder al oanbean hie om har te helpen, bringt Tad mei. Marsilia lient har de tsjinsten fan Wulfe, in sljochtsinnige en ûnberekkenbere fampier dy't tagelyk ek in tsjoender is, en foar wa't Mercy eins deabenaud is. Fjouweresom sette se op 'e nij nei it hûs fan Elizaveta, dêr't se in leger fan sa'n twahûndert sombys, foar it meastepart minsken, mar ek guon bisten en sels inkele ierdgeasten, oantreffe. Senator Campbell is fêstbûn oan in stoel op 'e weranda oan 'e efterkant fan it hûs, dêr't Adam ek is, mei dêropta de somby fan in jong draakje, dy't Mercy ferfollet mei drôvens. Se hawwe útsicht op it plak yn 'e eftertún dêr't Magda, "de Dea" en in trêde hekse, Tory Abbott, dy't yn 'e stêf fan Campbell ynfiltrearre wie, Elizaveta oan it folterjen binne. It is harren bedoeling om 'e âlde hekse safier te krijen dat se har by de Hardestys oanslút. De Hardestys besykje nammentlik in coven te bouwen, in hekserûnte fan trettjin machtige heksen út trettjin ferskillende hekselagen. Soks hat sûnt de hekseferfolgings fan 'e Midsiuwen net mear bestien, en de Hardestys omfetsje op dit stuit heksen út tsien ferskillende geslachten. Elizaveta liket lykwols net fan doel en jou oan harren easken ta.
Wylst Zee en Tad de heksen ôfliede troch de sombys oan te fallen, befrijt Mercy Adam mei har oanrekking fan 'e beheksing dêr't er ûnder ferkeart. Ek snijt se senator Campbell los. Underwilens befrijt Wulfe Elizabeta, wêrnei't er de konfrontaasje oangiet mei Magda en "de Dea" (dy't eins Patience hjit). Dan docht bliken dat er behalven tsjoender (wat Mercy al wist) ek hekse is, mar hy makket gebrûk fan wite magy, wat betsjut dat er noch nea in oar foar syn hekserij opoffere hat (eat dat Mercy nea betinke kinnen hie). Wulfe liket de heksen oermânsk te wurden, mar as dy beseffe dat er behalven hekse ek fampier is, jout dat Abbott op 'e iene of oare manear it fermogen om him yn 'e macht te krijen. Elizaveta hat yn 'e tuskentiid in trochsichtige muorre oprjochte dy't de sombys tsjinhâldt. As it sombydraakje dêrûndertroch graaft, rekket Mercy it yn in ympuls oan en hjit it, mei de macht fan Coyote, om rêst te finen. As dat de somby alle libben ûntnimt, wit Mercy wat har te dwaan stiet. Se siket alle triedden fan magy byinoar dy't fan 'e heksen nei de sombys rinne, mei as doel om itselde mei alle sombys te dwaan. Abbott jout Wulfe, dy't it tichtst by har stiet, opdracht om har tsjin te hâlden, en Wulfe leit krekt syn hân op Mercy har earm as se de sombys hjit om rêst te finen. Alle sombys falle folslein libbenleas del, en ek Wulfe sakket yninoar.
Elizaveta hat dêr op wachte. "De Dea", of Patience, hat in nuvere flater begien troch har deadsflok yn Elizaveta har hûs út sprekken (doe't se Elizaveta har famylje ombrocht). Dat betsjut nammentlik dat Elizaveta no dy betsjoening ek ken. Hja hjit Magda Fischer, Patience Ramsey en Tory Abbott om dea te gean, en de oare heksen hawwe dêr gjin ferwar tsjin en stjerre. Al harren macht streamt nei Elizaveta ta, wa har wûnen genêze en dy't op slach feroaret fan in âldfrommes fan yn 'e santich yn in jonge tsjeppe frou fan 'e yn 'e tweintich. Se feroaret mei har tsjoenderij Adam fan wolf yn man en wylst se harsels noch koesteret yn 'e gloede fan har triomf, pakt se Adam fêst om wat te dwaan dat se altyd al dwaan wollen hat (sa't se seit), nammentlik om him te tútsjen. Adam slacht syn earms om har hinne en brekt har de nekke ear't se der aan fan hat dat se yn gefaar ferkeart.
Neitiid lit Zee de liken fan 'e sombys djip yn 'e grûn ferdwine, wylst de stoflike omskotten fan Elizaveta en de heksen yn 'e hûs brocht wurde. It hûs wurdt neitiid oan 'e fûneminten ta platbaarnd om alle spoaren fan swarte magy mei ierde en oer út te rûgjen. Wulfe blykt dochs noch net 'beëinige' te wêzen (want dea wied er al), mar hy fertelt Mercy dat er nea wer deselde wêze sil, eat dêr't er net rouwich om liket te wêzen. De ûnderhannelings tusken it regear en de ierdgeasten ferrinne sûnder fierdere swierrichheden, en de útkomst is hoopjaand. It jongkatsje dat as iennichste libben út Elizaveta har hûs kommen is, oerlibbet syn ferwûnings. Sherwood nimt it bistke oan as húsdier en neamt it Piraat, fanwegen de fideospultsjes oer seerôvers dy't de leden fan 'e ridel spylje. Mercy hâldt nachtmerjes oer oan it aventoer mei de heksen, en as se op in kear wer midden yn 'e nacht wekkerskrikt, lit se har troch Adam nei it plak ride dêr't earder Elizaveta har hûs stie, om harsels derfan te oertsjûgjen dat de heksen wier dea binne. Coyote treft harren dêre. Mercy hat ûnderwilens útriddenearre dat it Coyote om 'e ferlossing fan 'e sombydraak gie, en hy glimket har ta en befêstiget dat. Mar tsjin Adam seit er: "Soms, ast de smjunten sels net earder deadest, deadzje se dy," wêrmei't er liket te suggerearjen dat de heksen Mercy ombrocht hawwe soene as er har net tsjin 'e heksen ophyst hie.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Mercy Thompson (romansearje) | |
---|---|
Silver* • Fairy Gifts* • Gray* • Moon Called • The Star of David* • Blood Bound • Iron Kissed • Bone Crossed • Roses in Winter* • Silver Borne • In Red, with Pearls* • River Marked • Frost Burned • Redemption* • Night Broken • Hollow* • Fire Touched • Silence Fallen • Storm Cursed • Smoke Bitten • Soul Taken • Winter Lost | |
Alpha and Omega (romansearje) | |
Seeing Eye* • Alpha and Omega* • Cry Wolf • Hunting Ground • Fair Game • Dead Heat • Burn Bright • Wild Sign • Dating Terrors | |
fet = roman; *) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Shifting Shadows |