Shifting Shadows is in ferhalebondel fan 'e hân fan 'e AmerikaanskeskriuwsterPatricia Briggs. De titel betsjut: "Ferskowende Skaden". It boek befettet tsien koarte ferhalen fan it fantasysjenre, dy't hearre ta Briggs har nau besibbe romansearjesMercy Thompson en Alpha and Omega. De ferhalebondel hat dan ek as ûndertitel: Stories from the World of Mercy Thompson ("Ferhalen út 'e Wrâld fan Mercy Thompson"). Fan 'e tsien ferhalen binne fjouwer yn Shifting Shadows foar it earst útjûn, wylst de oare seis al earder publisearre wiene yn ferskate blomlêzings mei wurk fan oare auteurs. De bondel omfettet ek twa stikjes út romans út 'e Mercy Thompson-rige dy't fuortredigearre binne út 'e boeken dêr't se oarspronklik foar skreaun wiene. Shifting Shadows waard yn 2014 publisearre troch de New YorkskeútjouwerijAce Books.