Moon Called
Moon Called | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | Patricia Briggs | |
taal | Ingelsk | |
foarm | roman | |
sjenre | fantasy | |
1e publikaasje | 2006, New York | |
oarspr. útjwr. | Ace Books | |
rige | ||
rige | Mercy Thompson | |
● foarich diel | ― (1e diel) | |
● folgjend diel | Blood Bound | |
kodearring | ||
ISBN | 978-1 84 14 96 832 |
Moon Called (letterlik: "Roppen troch de Moanne") is it earste diel fan 'e Mercy Thompson-rige fan 'e Amerikaanske skriuwster Patricia Briggs. It is in fantasyroman fan it subsjenre fan 'e urban fantasy, dy't skreaun is yn it ik-perspektyf, en ferhellet oer de Amerikaanske monteur Mercedes "Mercy" Thompson, in jonge frou fan heal-Yndiaansk komôf dy't harsels feroarje kin yn in prêrjewolf. Moon Called waard foar it earst publisearre yn 2006, troch de New Yorkske útjouwerij Ace Books, as hardcoveredysje. Letter ferskynden der ek werprintingen yn paperbackfoarm by de Britske útjouwerij Orbit Books. Moon Called wie in grut súkses en krong de bestsellerlist fan 'e krante de USA Today binnen. Yn 2015 ferskynde fan dit boek ûnder de titel Onder de Maan in Nederlânske oersetting fan 'e hân fan Valérie Janssen by Uitgeverij De Fontein te Utert.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mercedes "Mercy" Thompson is in jonge frou dy't yn 'e Tri-Cities (Richland-Kennewick-Pasco), yn 'e Amerikaanske steat Washington, as monteur wurket en in eigen garaazje runt. Hja is fan heal-Yndiaansk komôf, mei in blanke mem en in heit dy't nei't it skynt in Swartfuotske rodeocowboy wie, dy't foar har berte by in ferkearsûngemak om it libben kommen is. Fan dy heit dy't se nea kennen hat, hat se it fermogen urven om har yn in prêrjewolf (coyote) te feroarjen. Nettsjinsteande har eigen boppenatuerlike fermogens en it feit dat har buorman in wearwolf is, har âlde baas in ierdgeast en ien fan har klanten in fampier, hat Mercy dochs in relatyf normaal libben opboud.
Dat feroaret lykwols yn Moon Called, as der in jonge wearwolf by har komt dy't op 'e siik is nei wurk. Om't se de skerpe noas fan in prêrjewolf hat, wit se daliks wat er is, en teffens wit se dat it ferstanniger wêze soe om him ôf te stegerjen. Mar de jonge sjocht der sa wanhopich út, dat se begrutsjen mei him kriget, en him tsjin better witten yn wat putsjes yn har garaazje opknappe lit. De jonge, dy't himsels Mac neamd (hy blykt letter Alan Mackenzie Frazier te hjitten), is ûntsnapt út in laboratoarium dêr't men op him eksperimintearre mei middels om wearwolven folslein te ferdôvjen (mei't sokke wêzens ymmún binne foar normale ferdôvingsmiddels). Dizze ynformaasje komt lykwols pas oan it ljocht as Mercy nachts tuskenbeiden komt by in konfrontaasje tusken Mac en in pear ûnhuere keardels dy't besykje en helje him werom nei it laboratoarium. As se dêrby, mear troch gelok as wiisheid, ien fan 'e mannen, dat ek in wearwolf is, deadet, beslút Mercy dat it tiid is om har buorman, Adam Hauptman, yn te ljochtsjen, dy't de alfa (lieder) is fan 'e pleatslike Kolumbia-troep fan wearwolven.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Mei Mac feilich op 'e noed fan Adam tinkt Mercy dat it spul moai berêden is, oant se in dei letter midden yn 'e nacht wekker wurdt troch in alderferskuorrendst trelit by de buorlju. As se derôf komt om te sjen wat der geande is, fynt se Mac dea en wit se mar kwealk it libben fan 'e Adam te rêden, troch op 'e nij, en diskear mei har mei sulveren kûgels laden gewear, in frjemde wearwolf te deadzjen. Adam, in skieden heit, blykt swierferwûne te wêzen, en de oanfallers hawwe syn tinerdochter Jesse ûntfierd. Mercy sit der net oer yn dat Adam it net helje sil, want wearwolven binne sa taai as hier en genêze boppedat tige fluch. It probleem is dat Adam sa raar gesteld is dat er de wolf yn him net ûnder kontrôle hâlde kinne sil as er wer bykomt. As er dat sels net dwaan kin, is der in oare dominante wolf nedich om it foar him te dwaan, mar Mercy fermoedet dat der in ferrieder yn 'e Kolumbia-troep sit.
Sadwaande laadt se Adam yn har VW-buske en riidt hielendal nei it berchlân fan Montana ta, dêr't Bran Cornick wennet, de marrok, de alfa fan 'e alfa's, dy't hearsket oer alle wearwolven yn Noard-Amearika. Mercy kin de marrok goed, want hja is troch him en de oare wearwolven fan syn troep grutbrocht. (Nei't har mem koart nei har berte in prêrjewolvepup yn 'e widze oantrof, frege se in âldomke fan harres om rie fan wa't yn 'e famylje de rop gie dat er in wearwolf wie. Fia-fia kaam se doe yn kontakt mei de marrok, dy't de jonge stalferwikselster ûnder syn hoede naam.) Oankommen yn Aspen Creek, de sit fan 'e marrok, moat Mercy in pear dagen wachtsje oant Adam safierhinne opbettere is dat er syn wolf wer de baas kin. Samuel Cornick, de soan fan 'e marrok en Mercy har pleechbroer en earste leafde, reizget mei werom nei Washington om't er in dokter is.
As se wer thús is, tinkt Mercy op 'e nij dat se klear is mei de hiele kwestje. Hoewol't se wol yn noed sit oer Jesse, hat se der alle fertrouwen yn dat Adam, Samuel en de wearwolven fan 'e Kolumbia-troep de saak oplosse sille. Oant Adam op in stuit ferdwynt. Mercy fermoedet dat de mysterieuze tsjinstanners Jesse brûkt hawwe om him yn in mûklaach te lokjen. Se rekket fannijs oan kop en earen ta yn 'e saak behelle as David Christiansen, in wearwolf dy't as hierling foar de tsjinstanners wurke, har thús opsiket om't it him net oanstiet wat syn opdrachtjouwers dogge. Christiansen fertelt wêr't Adam en Jesse fêstholden wurde, en hy, Mercy, Samuel en Darryl Zao, de plakferfangend lieder fan 'e Kolumbia-troep, betinke dan in plan om harren beiden ûnskansearre frij te krijen en foargoed ôf te weven mei de lju dy't efter de ûntfiering sitte. Mercy har fermogen om harsels te feroarjen yn in prêrjewolf komt dêrby goed fan pas, en se spilet in krúsjale rol by de befrijing fan 'e beide finzenen. Uteinlik blykt it hiele spul te draaien om in komplekse gearspanning mei as doel om 'e marrok ôf te setten en te ferfangen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Mercy Thompson (romansearje) | |
---|---|
Silver* • Fairy Gifts* • Gray* • Moon Called • The Star of David* • Blood Bound • Iron Kissed • Bone Crossed • Roses in Winter* • Silver Borne • In Red, with Pearls* • River Marked • Frost Burned • Redemption* • Night Broken • Hollow* • Fire Touched • Silence Fallen • Storm Cursed • Smoke Bitten • Soul Taken • Winter Lost | |
Alpha and Omega (romansearje) | |
Seeing Eye* • Alpha and Omega* • Cry Wolf • Hunting Ground • Fair Game • Dead Heat • Burn Bright • Wild Sign • Dating Terrors | |
fet = roman; *) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Shifting Shadows |