Springe nei ynhâld

Iron Kissed

Ut Wikipedy
Iron Kissed
algemiene gegevens
auteur Patricia Briggs
taal Ingelsk
foarm roman
sjenre fantasy
1e publikaasje 2008, New York
oarspr. útjwr. Ace Books
rige
rige Mercy Thompson
● foarich diel Blood Bound
● folgjend diel Bone Crossed
kodearring
ISBN 978-1 93 70 07 140

Iron Kissed (letterlik: "Fan Izer Tute") is it trêde diel fan 'e Mercy Thompson-rige fan 'e Amerikaanske skriuwster Patricia Briggs. It is in fantasyroman fan it subsjenre fan 'e urban fantasy, dy't skreaun is yn it ik-perspektyf, en ferhellet oer de Amerikaanske monteur Mercedes "Mercy" Thompson, in jonge frou fan heal-Yndiaansk komôf dy't harsels feroarje kin yn in prêrjewolf. Iron Kissed waard foar it earst publisearre yn 2008, troch de New Yorkske útjouwerij Ace Books, as hardcoveredysje. Letter ferskynden der ek werprintingen yn paperbackfoarm by de Britske útjouwerij Orbit Books. Iron Kissed wie in grut súkses en helle it earste plak op 'e bestsellerlist fan 'e krante de New York Times.

Mercedes "Mercy" Thompson is in jonge frou dy't fan in Yndiaanske heit dy't se nea kennen hat, it fermogen urven hat om harsels yn in prêrjewolf (coyote) te feroarjen. Nettsjinsteande dat hie se foar harsels in relatyf normaal bestean opboud yn 'e Tri-Cities (Richland-Kennewick-Pasco), yn 'e Amerikaanske steat Washington, as monteur en eigneresse fan in garaazje, oant se yn 'e beide foargeande dielen fan 'e searje, Moon Called en Blood Bound, earst belutsen waard by de oangelegenheden fan 'e wearwolvetroep wêrfan't har buorman Adam Hauptman de lieder is, en dêrnei bestrûpt rekke yn 'e saken fan 'e pleatslike fampieren.

Yn Mercy har wrâld hawwe guon ierdgeasten harren bestean in jiermannich lyn oan 'e minskheid iepenbiere, om't se har troch de almar bettere kameratechnyk en de oare technologyske foarútgong net mear ferskûle hâlde koene, sels net ek al mjitte se har ornaris mei magy in falsk minsklik uterlik oan. De Grize Hearen, de tige machtige en gefaarlike wêzens dy't de ierdgeasten op ûnmeilydsume wize regearje, hawwe dêrom de mindere ierdgeasten, dy't frij ûnskeadlik binne en soms sels ynnimlik eagje, twongen om 'út 'e kast te kommen', wylst de gefaarliker en grizeliger grutte ierdgeasten har noch altyd beskûl hâlde om 'e minsken net tsjin 'e ierdgeasten as gehiel yn it harnas te jeien.

Yn Iron Kissed wurdt Mercy har help ynroppen troch har âlde baas Siebold "Zee" Adelbertsmiter, in metaalbewurkjende ierdgeast dy't himsels in gremlin neamd. Der hat in rige moarden ûnder ierdgeasten plakfûn yn it reservaat by Walla Walla, dat de Amerikaanske oerheid dêr foar de ierdgeasten stifte hat. Zee en Omke Mike, de útbater fan 'e pleatslike stamkroech fan 'e ierdgeasten yn Pasco, tinke dat Mercy har skerpe noas harren mooglik nei de dieder ta liede kin, sadat se de minsklike plysje bûten de saak hâlde kinne. Mercy ûntdekt dat der op elts plak delikt in minske oanwêzich west hat, nammentlik O'Donnell, in man dy't se krekt tefoaren by de yngong fan it reservaat met hat, in agint fan it Buro fan Ierdgeastesaken (BFA) fan 'e Amerikaanske oerheid, dy't yn it reservaat neat te sykjen hie.

Mercy fertelt dat oan Zee en Omke Mike, wittende dat se dêrmei foar 't neist O'Donnell syn deafûnis tekenet. Hja is lykwols ferbjustere as Omke Mike har de oare deis skillet mei it berjocht dat Zee troch de plysje fan Kennewick oppakt is foar de moard op O'Donnell, mei't se ferwachte hie dat de ierdgeasten it, yn it gefal dat se besleaten dat O'Donnell stjerre moast, op in ûngemak lykje litte soene. Omke Mike fertelt har lykwols dat hy en Zee de jûns tefoaren nei O'Donnell ta setten om mei de man te praten (en ôfhinklik fan syn antwurden al of net mei him ôf te weven), mar dat se him thús dea oantroffen. De plysje kaam harren dêr oer it mad; Omke Mike hie genôch magy om himsels oan it each fan 'e minsken te ûntlûken, mar Zee, dy't it stoflik omskot fan O'Donnell ûndersocht hie, waard fûn mei bloed oan 'e hannen en sadwaande arrestearre.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Hoewol't foar alle ynwijden (mar net foar de plysje) dúdlik is dat Zee ûnskuldich is, sil it fanwegen de geheime en magyske aspekten fan 'e saak dreech wêze om syn ûnskuld te bewizen. Boppedat hawwe de Grize Hearen der gjin belang dat de wiere dieder fûn wurdt, mei't harren prioriteit is dat de hiele saak sa fluch mooglik delbêde wurdt. As it dêrfoar nedich is om Zee op te offerjen, hawwe sy dêr gjin probleem mei. De ynset yn dizze saak is heech, want as Zee troch de rjochter skuldich befûn wurdt, sil er op befel fan 'e Grize Hearen eksekutearre wurde. Omke Mike hat fan harren opdracht krigen om him fierder net mei de saak bemuoien, mar dat wjerhâldt him der net fan om Mercy sa te manipulearjen dat sy op ûndersyk útgiet, wat se dochs al fan doel wie.

Mercy har earste die is om Zee fia har freon, de skiedingsabbekaat Kyle Brooks, in earsten strafpleiter te besoargjen. De plysje hie ûnderwilens de help ynroppen fan dr. Stacy Altman, in saakkundige op it mêd fan ierdgeasten, dy't Zee sa gau mooglik efter de traaljes besocht te krijen, mar troch de yntervinsje fan Zee syn nije abbekaat rint de saak sadanich fertraging op dat Mercy de tiid hat om it spul sels te ûndersykjen. Yn 'e foarm fan 'e prêrjewolf kringt se it hûs fan O'Donnell binnen, dêr't se it plak delikt ûndersiket en ûntdekt dat O'Donnell lid wie fan Citizens for a Bright Future, in haatgroep dy't tsjin 'e ierdgeasten agearret. Se ûntdekt ek dat O'Donnell magyske foarwerpen stiel fan 'e ierdgeasten dy't er yn it reservaat fermoarde, mar dêrfan fynt se inkeld in magyske gongelstôk werom. Har besyk oan O'Donnell syn hûs einiget mei in konfrontaasje mei in ierdgeast dy't de foarm fan in raven oannommen hat, wêrnei't Mercy fluch-fluch de ôftocht blaast.

Nei har besyk oan it hûs fan O'Donnell treft Mercy de magyske gongelstôk ferskate kearen by har thús en op har wurk oan, hoewol't se him eltse kear weromjout oan 'e ierdgeasten. It is Tad, Zee syn heal-minsklike soan, dy't har op 't lêst ferteld dat magyske foarwerpen dy't hiel âld binne, soms wat ûnfoarsisber wurde en in soarte fan eigen wil krije; de gongelstôk hat blykber beslist dat er by Mercy wêze wol. Fan Omke Mike kriget Mercy te hearren dat de raven dy't se sjoen hat, feitliks de Ieskrie wie, Nemane, ien fan 'e Grize Hearen. Letter docht bliken dat Nemane en dr. Stacy Altman ien en deselde binne, as Altman Mercy mei de dea bedriget as se net ophâldt har mei de saak te bemuoien. Mercy wurdt lykwols yn beskerming nommen troch har pleechbroer en húsgenoat Samuel Cornick, de soan 'e marrok, dy't oer alle wearwolven yn Noard-Amearika hearsket. Omke Mike neamt sa by syn noas lâns ek dat Zee eins Loan Maclibhuin is, de Dûnkere Smid fan Drontheim, dy't yn ferskate âlde folksferhalen neamd wurdt.

Om 'e wiere moardner fan O'Donnell te finen, ynfiltrearret Mercy de pleatslike ôfdieling fan Citizens for a Bright Future, dêr't se yn 'e kunde komt mei Tim Milanovich, in sosjaal knoffelige jongeman fan begoedige komôf. Neitiid lokket dyselde har mei in ferlechje nei syn hûs ta, dêr't er har drinke lit út in magyske drinkbeker dy't de brûker syn of har eigen wil ûntnimt. Dat is ien fan 'e dingen dy't O'Donnell fan 'e ierdgeasten stellen hie, en it docht bliken dat Milanovich it brein efter de dieverij wie, wylst O'Donnell inkeld de útfierder wie. De magy fan 'e drinkbeker hat lykwols folle minder effekt op Mercy as op normale minsken om't sy foar in part ymmún foar tsjoenderij is, eat dat wer feroarsake wurdt troch har fermogen ta stalferwikseling.

Milanovich wol fan har de magyske gongelstôk hawwe, en it lêste plak dêr't se dy sjoen hat, wie yn har garaazje, dat sadwaande nimt Milanovich har mei dêrhinne. As Milanovich har dêr tenei komt en ferkrêftet, fynt Mercy de stôk ynienen ûnder har hân en slacht se him dêrmei fan har ôf, om him dêrnei mei in brekizer de plasse yn te slaan. Om't de befeiligingskamera's yn 'e garaazje dúdlik registrearre hawwe wat der bard is en boppedat wat Milanovich foar syn dea allegear sein hie (wêrûnder in bekentenis dat hy dejinge wie dy't O'Donnell út 'e ljochten holpen hie) kin de saak dêrmei ôfsletten wurde.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Mercy Thompson (romansearje)
Silver* • Fairy Gifts* • Gray* • Moon Called • The Star of David* • Blood Bound • Iron Kissed • Bone Crossed • Roses in Winter* • Silver Borne • In Red, with Pearls* • River Marked • Frost Burned • Redemption* • Night Broken • Hollow* • Fire Touched • Silence Fallen • Storm Cursed • Smoke Bitten • Soul Taken • Winter Lost
Alpha and Omega (romansearje)
Seeing Eye* • Alpha and Omega* • Cry Wolf • Hunting Ground • Fair Game • Dead Heat • Burn Bright • Wild Sign • Dating Terrors
fet = roman; *) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Shifting Shadows