The Star of David
The Star of David | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | Patricia Briggs | |
taal | Ingelsk | |
foarm | koart ferhaal | |
sjenre | fantasy | |
1e publikaasje | 2008 | |
bondel | Wolfsbane and Mistletoe Shifting Shadows | |
rige | ||
rige | Mercy Thompson |
The Star of David is in koart ferhaal fan it fantasysjenre, skreaun troch de Amerikaanske auteur Patricia Briggs. It ferhaal heart ta de Mercy Thompson-rige. It is in krystferhaal oer David Christiansen, in bypersonaazje dat foar it earst opdoek yn 'e roman Moon Called, út 2006. Briggs skreau oer him: "David lijt, mear as wa dan ek fan myn wolven, ûnder de tradisjonele flok fan 'e wearwolf. Hy is in goede man dy't, doe't syn wolf him oermânsk waard, de lêste persoan deade dy't er kweadwaan wollen hie. Mar de kryst is in tiid fan genede en ferjeffenis en famylje. Yn dat fermidden moat foar David dochs grif romte bestean om wat gelok te finen." De titel fan it ferhaal ferwiist nei de davidsstjer en de Stjer fan Betlehim, mar ek nei David syn dochter Stella ("stjer"), foar wa't er as bern de bynamme "myn stjer" hie. It ferhaal The Star of David fynt plak mei de kryst nei de foarfallen yn Moon Called. The Star of David waard foar it earst publisearre yn 2008 yn 'e blomlêzing Wolfsbane and Mistletoe, en makke letter ûnderdiel út fan 'e ferhalebondel Shifting Shadows, út 2014.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]David Christiansen is de lieder fan bedriuw dat hierlingen oer de hiele wrâld útstjoerd, almeast om ûntfierings en gizelingsaksjes te beëinigjen. Hy hat mei Adam Hauptman (Mercy Thompson har frijer) ûnder de Fjetnamoarloch yn Súdeast-Aazje tsjinne as kommando, en op ien fan 'e missys dêre binne hy en Adam in wearwolf tsjin it liif rûn dy't harren biten hat, sadat se sels ek wearwolven wurden binne. Doe't David weromkearde nei de Feriene Steaten, fertelde syn frou him dat se yn 'e tuskentiid in relaasje mei in oare man krigen hie, en dat se fan him skiede woe. David, dy't noch amper oan syn wolf wend rekke wie, ferlear dêrop de behearsking oer syn bist, mei as gefolch dat de wolf syn frou en har freon deabiet. Syn jonge dochter Stella wie dêr tsjûge fan, en hat sûnt nea wer wat mei har heit te krijen hawwe wold, hoewol't David noch wol kontakt hat mei syn beide soannen. Om't David walget fan it wêzen dat er wurden is, wegeret er him by in ridel wearwolven te jaan. Ynstee dêrfan hat er sels in ferfangende ridel opboud dy't bestiet út 'e hierlingen fan syn bedriuw, dy't útsein hysels allegear 'gewoane' minsken binne.
The Star of David begjint koart foar de kryst. David hat al syn mannen nei hûs ta stjoerd om 'e hjeldagen mei harren famylje troch te bringen, hoewol't er dêrtroch sels allinnich efterbliuwt. Om't syn dochter neat fan him witte wol, kin er sels de kryst net mei syn famylje fiere. Hy is dan ek mear as ferheard as syn dochter Stella him opskillet, mei't dat tillefoanpetear it earste kontakt is dat se yn fjirtich jier hân hawwe. Stella, dy't in buro runt dat bern yn pleechgesinnen pleatst, hat in probleem mei ien fan 'har' jonges en freget har heit om help. David beseft dat der wier wat te rêden wêze moat om har safier te krijen dat se him bellet, dat hy nimt it earste fleantúch nei har wenplak.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Dêr oankommen fertelt Stella him oer Devonte Parish, in jonge dy't sy al jierren ken en dy't koartlyn (net troch harsels) yn in oar pleechgesin pleatst is. Inkele dagen lyn begûn Devonte, neffens syn nije pleechmem, frou Linnford, samar yn it wylde wei om him hinne te slaan en te wâdzjen, mei meubilêr te smiten en dingen te fernielen. Doe't er har bedrige, sloech har man him bewusteleas. No leit er op 'e bewekke ôfdieling fan it pleatslike sikehûs mei twa brutsen ribben en in brutsen pols, en wegeret er te praten. Stella leaut neat fan it ferhaal fan 'e pleechâlden, en as se David foto's sjen lit dy't nei it foarfal yn it hûs fan 'e Linnfords nommen binne, begrypt er wêrom. It bestiet net dat in jonge fan sechstjin sa'n ravaazje oanrjochte hawwe kin, mei ikehouten meubilêr dat hielendal koart en klien slein is, in gat yn it dak en stielen balken dy't midstwa brutsen binne. David begrypt dan ek wêrom't Stella nei safolle jierren kontakt mei him opnommen hat: it liket wol as hat der in wearwolf oer it hûs fan 'e Linnfords gear west.
Hoewol't it al jûn is, nimt Stella David mei nei it sikehûs om Devonte te besykjen. David syn noas fertelt him daliks dat de jonge sels yn elts gefal gjin wearwolf is, mar dan rûkt er oan 'e klean fan Devonte en ûntdekt er de geur fan in fampier. As er dat wurd yn 'e mûle nimt en fertelt dat er sels in wearwolf is, begjint Devonte mei stuollen te smiten, hoewol't er dêrfoar net fan syn bêd ôf komt: hy docht it mei telekineze, wat betsjut dat de jonge in tsjoender is. Nei't er wat kalmearre is, krije David en Stella einlings it hiele ferhaal te hearren. By de Linnfords wennet in frou yn fan wa't se sizze dat it Linnford syn âldere suster is. Mar it is in fampier dy't oer Devonte gear woe. Se krige lykwols de skrik fan har libben doe't bliken die dat hy gjin gewoane, warleaze jonge fan sechstjin wie. By de fjochtpartij hat er har ferwûne, mar net deade.
David wit dat dat betsjut dat de fampier it net opjaan sil, en dat se no, om't Devonte wit wat se is, noch wisberetter wêze sil om him om hals te bringen. Om't Linnford earder yn it sikehûs wie en besocht hat tagong ta Devonte te krijen, fermoedet David dat de fampier de kommende nacht har slach slaan wolle sil. Hy nimt dêrom syn wolvefoarm oan en ferskûlet him yn 'e romte boppe it panieleplafon en wachtet ôf. As lang om let de fampier opdaagjen komt, lit David him fan boppe-ôf op har falle. Der ûntstiet in fûleindich gefjocht dat sa destruktyf is dat Stella en Devonte de keamer ûntflechtsje kinne troch in grut gat dat yn 'e muorre slein is. David en de fampier binne oaninoar weage, dat hy beslút himsels dea te hâlden en har dea te biten as se dêrtroch oermoedich wurdt. Mar ear't er dat dwaan kin, raamt Stella de fampier fan efteren de ôfbrutsen houten poat fan in stoel troch it hert. Om der wis fan te wêzen dat de fampier dea is, byt David har neitiid de nekke troch, sadat de holle skaat wurdt fan 'e romp. As er dêrnei opsjocht en de folsleine ôfgriis op it gesicht fan syn dochter sjocht, kin er har net langer ûnder eagen komme en naait er út.
Neitiid regelet David syn soan Clive, dy't plysjeresjersjeur is, dat de rommel yn it sikehûs opromme wurdt. David is ree om op hûs oan, mar hy moat Devonte noch de kontaktynformaasje jaan fan in tsjoender by wa't de jonge yn 'e lear gean kin. Allinnich dêrfoar komt er de oare jûns werom nei Clive syn hûs, dat hielendal bedutsen is ûnder de krystfersierings. As er oanskillet, is it lykwols Stella dy't de iependocht. David sil tebekskrilje, mar ear't er fuortkomme kin, slacht se har earms om him hinne en nûget se him deryn, dêr't de tafel oanset is en it iten wachtet.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Mercy Thompson (romansearje) | |
---|---|
Silver* • Fairy Gifts* • Gray* • Moon Called • The Star of David* • Blood Bound • Iron Kissed • Bone Crossed • Roses in Winter* • Silver Borne • In Red, with Pearls* • River Marked • Frost Burned • Redemption* • Night Broken • Hollow* • Fire Touched • Silence Fallen • Storm Cursed • Smoke Bitten • Soul Taken • Winter Lost | |
Alpha and Omega (romansearje) | |
Seeing Eye* • Alpha and Omega* • Cry Wolf • Hunting Ground • Fair Game • Dead Heat • Burn Bright • Wild Sign • Dating Terrors | |
fet = roman; *) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Shifting Shadows |