Fair Game (roman fan Patricia Briggs)
Fair Game | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | Patricia Briggs | |
taal | Ingelsk | |
foarm | roman | |
sjenre | fantasy | |
1e publikaasje | 2012, New York | |
oarspr. útjwr. | Ace Books | |
rige | ||
rige | Alpha and Omega | |
● foarich diel | Hunting Ground | |
● folgjend diel | Dead Heat | |
kodearring | ||
ISBN | 978-0 44 10 20 034 |
Fair Game (letterlik likernôch: "Fûgelfaai" of "Iepen Jachtseizoen") is it fjirde diel fan 'e Alpha and Omega-searje fan 'e Amerikaanske skriuwster Patricia Briggs. It is in fantasyroman fan it subsjenre fan 'e urban fantasy dy't skreaun is yn it personele perspektyf, en ferhellet oer it wearwolvepear Charles en Anna Cornick. Fair Game waard foar it earst publisearre yn 2012, troch de New Yorkske útjouwerij Ace Books, as hardcoveredysje. Letter ferskynden der ek werprintingen yn paperbackfoarm by de Britske útjouwerij Orbit Books.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Fair Game reizget it wearwolvepear Charles en Anna Cornick út harren wenplak yn Montana ôf nei Boston, dêr't se yn opdracht fan Charles syn heit, Bran Cornick, de marrok, dy't oer alle wearwolven yn Noard-Amearika hearsket, de Amerikaanske plysje advisearje moatte yn 'e saak fan 'e searjemoardner dy't ek trije wearwolven ombrocht hat. Harren belutsenens by de saak set útein mei in gearkomste dêr't fertsjintwurdigers fan 'e FBI en ferskate oare oerheidsynstânsjes by oanwêzich binne, wêrûnder ek twa aginten fan Cantrip (eins CNTRP), it nije federale agintskip dat ynformaasje oer de ierdgeasten, de wearwolven en oare boppenatuerlike wêzens sammelje moat.
It docht bliken dat it om in moardner giet dy't de 'Grutwyldjager' neamd wurdt, en dy't al sûnt 1975 aktyf is, yn 't earstoan fjouwer wiken yn 't jier, en letter seis wiken, begjinnend yn juny. De earste jierren ûntfierde, ferkrêfte en fermoarde er jonge Aziatyske famkes, mar stadichoan wreide er syn slachtofferkategoryen út, earst nei folwoeksen froulju, doe jonges, doe ek folwoeksen manlju. De plysje-ynstânsjes sjogge gjin oerienkomsten mear tusken de slachtoffers, mar as se Charles en Anna foto's sjen litte, stelt Charles fêst dat de moardner fan 1984 ôf stadichoan oerstapt is op it fermoardzjen fan ierdgeasten mei in falsk minsklik uterlik (dy't de plysje net fan wiere minsken ûnderskiede kin). Fan 2000 ôf binne alle slachtoffers ierdgeasten, útsein de trije wearwolven dy't koartby fermoarde binne. Fierders besteane der oanwizings dat de Grutwyldjager sûnt de jierren njoggentich net mear allinnich wurket.
Dyselde jûns nimt FBI-aginte Leslie Fisher kontakt mei Charles en Anna op as der in nije ûntfiering plakfûn hat dy't yn it profyl fan 'e dieder past. Charles en Anna bejouwe har nei it appartemint fan it slachtoffer, Lizzie Beauclaire, de dochter fan in minsklike mem en in heit dy't in ierdgeast is. Dêr treffe se it fanke har heit, Alistair Beauclaire, in abbekaat, dy't foar Charles syn skerpe noas tige âld rûkt, mar sa swak nei magy dat it syn wantrouwen opwekket. Troch yn wolvefoarm it hiele appartemint te berûken, fynt Charles net in geurspoar mar in rûte dêr't krekt alle geuren misse. Dat wiist derop dat de dieder ek in ierdgeast west hat, dy't Lizzie oermastere, bedwelme, har yn in grutte sporttas stoppe en dêrmei oer it skouder tolve treppens ôfkuiere om it gebou te ferlitten sûnder dat immen him dat dwaan seach.
Letter dy nacht siket Beauclaire Charles en Anna op yn it appartemint dat se foar harren ferbliuw yn Boston hierd hawwe, mei by him de FBI-aginten Fisher en Goldstein. Hy stelt in earlike útwikseling fan ynformaasje foar, en de wize dy't er hat om geheimen te iepenbierjen sûnder him drok te meitsjen oer de gefolgen, oertsjûget Charles derfan dat er òf gek is òf sa machtich dat er fan 'e Grize Hearen, dy't de ierdgeasten regearje, neat te freezjen hat. It docht bliken dat de ierdgeasten al sûnt de tachtiger jierren witte dat immen harren in moanne yn it jier bejaget, mar salang't de Grutwyldjager inkeld de swakkere ierdgeasten út 'e wei romme, siet nimmen dêr slim oer yn. Beauclaire wit ek hokker soarte ierdgeast oft de moardner wêze moat, mei't er mar ien soarte betinke kin dy't sterkernôch is om syn dochter tolve ferdjippings omleech te dragen en teffens machtigernôch om himsels ûntsichtber te meitsjen. Dat is in hoarne hear, in soarte ierdgeast dy't de foarm fan hartebok oannimme kin.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
As Charles en Anna de oare moarns sûnder in protte hope it plak yn 'e haven fan Boston ûndersykje dêr't it stoflik omskot fan it lêste slachtoffer fan 'e searjemoardner oanspield is, fertelt in wettergeast oan Charles dat it lyk by ien fan 'e eilantsjes foar de kust fan 'e stêd yn see smiten is. (It praten mei natoergeasten is in fermogen dat de Charles fan syn pake oan memmekant urven hat, dat in Yndiaanske medisynman wie.) Mei help fan Hallie Smith, in swarte heks dy't de minneresse is fan Isaac Owens, de alfa fan 'e pleatslike wearwolvetroep, kin bepaald wurde om hokker eilân oft it giet. It is al tsjuster as Charles, Anna, Isaac, Hallie, Beauclaire en de beide FBI-aginten dêr oan lân geane en de skerpe noazen fan 'e wearwolven harren nei in ûndergrûnske romte liede dy't begûn is as de kelder fan in gebou dat net mear bestiet. Dêr treffe se de ferkrêfte en tramtearre Lizzie Beauclaire oan, mar ek de hoarne hear, dy't yn ûnsichtbere foarm tige dreech te befjochtsjen is. Wylst Anna har oer it fanke ûntfermet, geane Charles en Isaac likegoed it gefjocht mei de ierdgeast oan, mar pas as Beauclaire him yn 'e striid mingt, moat de hoarne hear belies jaan en fan ruten spylje. Tsjin dy tiid binne Charles en de oaren der te min oan ta om 'e efterfolging noch yn te setten.
As de plysjeminsken dy't by de saak belutsen binne, de folgjende jûns in feestje hâlde om 'e rêding fan Lizzie Beauclaire te fieren, wurdt Anna dêrwei ûntfierd. De dieder is Les Heuter, in agint fan Cantrip en de soan fan in Amerikaanske senator. It docht bliken dat syn omke, Travis Heuter, in man dy't net goed by de holle út 'e Fjetnamoarloch weromkeard is, de Grutwyldjager is, en sûnt de jierren njoggentich hawwe Les en syn neef Benedict Heuter him by syn moardpraktiken holpen. Benedict is it produkt fan 'e ferkrêfting fan 'e suster fan Travis troch in hoarne hear yn Fermont, en doe't hja neitiid de hân oan harsels sloech, waard hy fierder grutbrocht troch omke Travis. It moardsuchtige trio is fan doel om ek Anna te ferkrêftsjen en dea te marteljen, by wize fan skeafergoeding foar it feit dat hja harren har oarspronklike proai, Lizzie Beauclaire, ûntnadere hat.
Charles kin Anna lykwols fia harren partnerbân, in mystike konneksje tusken wearwolvepearen, opspoare, en weeft ôf mei de hoarne hear Benedict Heuter. As de FBI arrivearret en Travis Heuter him deafjochtsje wol, sjit Les Heuter syn omke dea, eat dat er al lange tiid dwaan wollen hat mei't er de man hatet. Neitiid hâldt er ûnder syn berjochting fol dat er al it moardzjen en ferkrêftsjen en marteljen inkeld dien hat ûnder ynfloed fan syn omke, om't er bang fan 'e man wie. Syn abbekaten spylje handich yn op 'e benaudens fan 'e measte minsken foar ierdgeasten en wearwolven, en de ynfloed fan syn rike heit, de senator, docht de rest: Les Heuter wurdt fan alle oanklachten frijsprutsen.
As er neitiid op 'e treppens foar it gerjochtsgebou de media te wurd stiet, ferskynt der in staasje fan swarte ruters op swarte hynders, dy't romte meitsje om in wite ruter op in wyt hynder troch te litten. It is Alastair Beauclaire, dy't bekendmakket dat er Gwyn ap Lugh, de prins fan 'e Grize Hearen, is. Dêrop slacht er Les Heuter mei in sulveren swurd de holle ôf en lit er witte dat de ierdgeasten har tenei net mear hâlde sille oan 'e wetten fan 'e Feriene Steaten om't dy blykber doch net foar harren jilde. Teffens ferklearret er de reservaten dy't al jierren lyn oan 'e ierdgeasten tawiisd binne, ûnôfhinklik. Neitiid lûke de ierdgeasten har yn dy reservaten werom, en blike wat it Amerikaanske regear as finzenissen bedoeld hie, omfoarme te wêzen ta fêstingwurken.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Mercy Thompson (romansearje) | |
---|---|
Silver* • Fairy Gifts* • Gray* • Moon Called • The Star of David* • Blood Bound • Iron Kissed • Bone Crossed • Roses in Winter* • Silver Borne • In Red, with Pearls* • River Marked • Frost Burned • Redemption* • Night Broken • Hollow* • Fire Touched • Silence Fallen • Storm Cursed • Smoke Bitten • Soul Taken • Winter Lost | |
Alpha and Omega (romansearje) | |
Seeing Eye* • Alpha and Omega* • Cry Wolf • Hunting Ground • Fair Game • Dead Heat • Burn Bright • Wild Sign • Dating Terrors | |
fet = roman; *) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Shifting Shadows |