Redemption (koart ferhaal)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Redemption
auteur Patricia Briggs
taal Ingelsk
foarm koart ferhaal
sjenre fantasy
1e publikaasje 2014
oarspr. útjwr. Ace Books
rige Mercy Thompson
bondel Shifting Shadows

Redemption is in koart ferhaal fan it fantasysjenre, skreaun troch de Amerikaanske auteur Patricia Briggs. De titel betsjut: "Rêding", of: "Ferlossing". It ferhaal heart ta de Mercy Thompson-rige en spilet yn 'e Tri-Cities, yn 'e Amerikaanske steat Washington. De haadpersoan yn Redemption is Ben Shaw, in Ingelske wearwolf út 'e ridel fan Mercy Thompson en har man Adam Hauptman, dy't as bern mishannele is troch syn heit en dêrtroch psychologyske problemen hat. Yn Redemption fertelt Briggs hoe't Ben him einlings oan syn ferline begjint te ûntwrakseljen, wylst yn flashbacks syn foarskiednis beljochte wurdt. Se brûkte it ferhaal ek om guon fan 'e absurde dingen yn op te nimmen dy't har man yn syn wurk yn 'e IT-sektor belibbe hat. De foarfallen yn Redemption fine yn 'e ynterne gronology fan 'e Mercy Thompson-rige plak tusken de romans Frost Burned en Night Broken yn. Redemption waard foar it earst publisearre yn 2014, yn 'e ferhalebondel Shifting Shadows.

Ynhâld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ben Shaw is in Ingelske wearwolf dy't as bern, mei meiwitten fan syn mem, jierrenlang slim mishannele is troch syn heit. Dêrtroch is er letter ferfallen ta kriminaliteit en hat er in problematyske relaasje mei froulju. As jonge krimineel died er sa'n bytsje alles dat net mocht, en beweegde er him yn gefaarlike fermiddens. Op in kear waard er yn in efterôfsteechje yn Londen oanfallen troch in wearwolf. Ben oerlibbe de oanfal en waard dêrtroch sels ek in wearwolf. Hy joech him by in ridel wêrfan't de alfa (lieder) in woekerder wie, dy't syn wearwolven brûkte om by lju lâns te stjoeren dy't him jild skuldich wiene. Ben waard oan in âldere wearwolf keppele, dy't Terry hiet, en krige de opdracht om derfoar te soargjen dat Terry net te fier gie. Terry mocht nammentlik minsken graach sear dwaan, en hy ferlear himsels dêr sa yn, dat er se soms deasloech as der nimmen wie dy't him op 'e tiid tsjinhold. Behalven lju dy't harren alfa jild skuldich wiene, mishannele Terry ek willekeurige froulju dy't er op 'e strjitte tsjinkaam. Ben mocht graach tasjen hoe't Terry dat die, hoewol't de irony him net ûntgie dat er no eins it plak fan syn mem ynnommen hie.

Op in dei woe Terry nei de mishanneling fan in frou fierder gean troch har te ferkrêftsjen. Doe die bliken dat Ben dochs noch in grins hie dêr't er net oerhinne gean woe, en hie stiek Terry dea. Hy wie der ridlik wis fan dat syn alfa him no ek deameitsje soe, mar syn rêding wie dat frijwol tagelyk de ridel fan syn alfa oernommen waard troch de alfa fan in oanbuorjende ridel, dy't syn territoarium útwreidzje woe. De nije alfa koe it neat skele dat Ben Terry út 'e ljochten holpen hie, mar dat er socht waard troch de plysje wie al problematysk. Dêrom ferballe er Ben nei de Feriene Steaten, dêr't Ben it probleem waard fan Bran Cornick, de marrok, dy't oer alle wearwolven yn Noard-Amearika hearsket. Dy besleat him yn te dielen by in ridel yn 'e Tri-Cities, yn 'e Amerikaanske steat Washington, dy't oanfierd waard troch de âld-militêr Adam Hauptmann. As immen noch wat fan Ben meitsje koe, dan wie it Adam, tocht de marrok.

No makket Ben al jierrenlang diel út fan Adam syn ridel, dêr't er earne ûnder yn 'e rangoarder stiet. Hy hat in baan as IT-er by in grut bedriuw dat foar de Amerikaanske oerheid wurket. Dêr hat er it behear oer ferskate databases op ferâldere servers mei te min opslachkapasiteit en trage prosessors, dy't in protte ûnderhâld fergje. Hy is op in ôfdieling húsfêste yn in grutte seal dy't opdield is yn lytse wurkhokjes mei iepen doarsgatten en wanden dy't net oan it plafon ta rikke. Dêrtroch kin Ben, mei syn skerpe wearwolve-earen alles hearre dat er op 'e ôfdieling foarfalt, fan in kollega dy't tsjin in maat opskept dat er in ferhâlding hat mei trije froulju tagelyk, oant in froulike kollega dy't ûnder wurktiid oan tillefoanyske ferkeap fan kosmetika docht.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle is it mooglik better dat jo de plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Ek heart Ben it eltse kear as Mark Duffy, de ûnderdirekteur IT, delkomt om Mel Dreyer, de ôfdielingssekretaresse, lestich te fallen. Duffy stiet derom bekend dat er it mei al syn sekretaresses oanleit, en soarget dat se ûntslein wurde as se him wegerje. Hoewol't Mel in troude frou is, hâldt dat Duffy net tsjin. Mel is lyts fan stal en emosjoneel, se gûlt maklik en is deabenaud foar Ben. Koartsein: se is in proai, en se hellet by Ben minne oantinkens omheech oant er syn wolf mar kwealk yn betwang hâlde kin. En eltse kear as Duffy delkomt, set Ben nei Mel har buro ta om har de wyn fan foaren te jaan oangeande de iene of oare flater dy't se begien hat, en har der mei in ûnsinnich boadskip op út te stjoeren. Ben wit sels net wêrom't er him mei de saak bemuoit, en hy fielt ek gjin inkele oanstriid om dêr djipper oer nei te tinken.

Oant Mel op in dei by him yn syn wurkhokje komt om him te betankjen. Hja hat koartby mei har man skille, dy't by de Amerikaanske mariniers tsjinnet en it kommende healjier noch oersee legere is. Har bedoeling wie om har oer sawol Duffy as Ben te bekleien, mar har man sei tsjin har dat se Ben better betankje koe om't it him taliek dat er har eltse kear te help kaam as Duffy har lestich foel. Ben rekket dêrtroch yn betizing, en it yrritearret him dat Mel no net mear bang fan him is. Hy giet te rie by syn alfa, en as Adam dien is mei laitsjen om Ben syn oerstjoerens, leit er him út dat wearwolven territoriaal binne, en dat Ben syn wolf de ôfdieling op syn wurk as syn territoarium beskôget, de ôfdielingssekretaresse ynbegrepen. Adam leit ek út dat de reden dat Ben sa leech yn 'e rangoarder fan 'e ridel stiet, neat te meitsjen hat mei in gebrek oan dominânsje, mar mei it gefoel fan 'e oare wearwolven dat Ben harren net ferdigenje kin of wol, dat derfoar soarget dat se har net oan him oerjaan wolle. No't Ben oan it feroarjen is, lokwinsket Adam syn frou Mercy him alfêst mei syn kommende beweging omheech yn 'e rangoarder fan 'e ridel.

Koarte tiid letter, as er op in dei oerwurket, heart Ben hoe't in meiwurkster fan 'e ôfdieling Personielssaken Mel har adres trochjout oan Duffy. Dyselde beart dat er Mel in pear wichtige dokuminten besoargje moat, om't se tasein hat dat se dy fan 't wykein noch ynoarder meitsje sil. Ben hâldt himsels foar dat it syn saak net is, en dat Mel net, beslist net, ta syn ridel heart. Hy giet nei hûs, mar is sa ûnrêstich dat er net ta itensieden komme kin. Hy kin himsels rasjoneel wol wat foarhâlde, mar syn wolf is in gefoelsmjittich bist dat neat om ferstannige arguminten jout. Uteinlik hat Ben gjin oare kar as om ta te jaan en set er ôf nei Mel har hûs.

Hy arrivearret dêr krekt op 'e tiid om te hearren hoe't Duffy Mel sjantearret troch te sizzen dat er bewiis hat dat sy bedriuwsgeheime ynformaasje trochspile hat oan lju fan bûten. As dat oan it ljocht komt, sil se net inkeld har baan ferlieze, mar sil it ek de karriêre fan har man besmodzgje. Mel protestearret dat dat hielendal net wier is, mar Duffy seit dat er dat bewiis sûnder swierrichheden ferfalskje kin en dat er dat perfoarst ek dwaan sil as se net mei him sliept. Op dat stuit komt Ben deryn. It is de dei foar folle moanne, en syn wolf leit tige deun ûnder it tinne oerflak fan syn minsklike foarm. Hy jaget Duffy sa stupen op it liif dat de man útnaait as sit de duvel him op 'e hakken. Neitiid kin Ben it net mear tsjinhâlde, en feroaret er yn Mel har wenkeamer yn in wolf, en wachtet dêr yn dy foarm ôf oant Mercy him ophellet.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Briggs, Patricia, Redemption, yn: Briggs, Patricia, Shifting Shadows, New York, 2014 (Ace Books), ISBN 978-0 42 52 65 000.
de Mercy Thompson-searje
Silver* • Fairy Gifts* • Gray* • Moon Called • The Star of David* • Blood Bound • Iron Kissed • Bone Crossed • Roses in Winter* • Silver Borne • In Red, with Pearls* • River Marked • Frost Burned • Redemption* • Night Broken • Hollow* • Fire Touched • Silence Fallen
de Alpha and Omega-searje
Seeing Eye* • Alpha and Omega* • Cry Wolf • Hunting Ground • Fair Game • Dead Heat • Burn Bright
fet = roman; *) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Shifting Shadows