Springe nei ynhâld

E-lêzer

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan E-reader)
In e-boeklêzer op in steapel boeken

In e-lêzer, e-boeklêzer of e-reader is in draachber elektroanysk apparaat om digitaal opsleine tekst lêze te kinnen. It haadûnderdiel fan in e-lêzer is in byldskerm dêr’t de tekst op werjûn wurdt fan spesjale útjeftes lykas fan boeken, tydskriften en kranten. In e-boeklêzer kin meardere (oant wol tûzenen) dokuminten opslaan.

De measte skerms dy’t brûkt wurde binne fan e-inket, e-papier of elektroanysk papier type, dat út lytse baltsjes bestiet dy’t al neigeraden de oanstjoering swart of wyt kleurje. As it skerm opboud is, is der gjin enerzjy mear nedich om dy tastân sa te hâlden. Dat stilsteande byld is goed te lêzen en te ferlykjen mei printwurk. Troch dy enerzjysunige technyk giet de akku of batterij frij lang mei. Fierder is it mooglik de lettergrutte en -type oan te passen oan de winsken fan de lêzer. LCD- en ledskerms taapast yn tablets ha dy foardielen net en binne dêrom minder geskikt as e-lêzerskerm.

Sony Librie út 2004 wurdt oanjûn as earste e-lêzer, al waard de standert foar E-boeklêzers al ein njoggentiger jierren fan de foarige iuw fêstlein. Foarbylden fan e-boeklêzers op basis fan elektroanysk papier binne: Iriver HD story en cover story, Icarus, Irex iLiad, Bookeen Cybook, Amazon Kindle, Sony eBook Reader, de Hanlin V3 en de ferskate typen fan Kobo. Guon e-boeklêzers hawwe Wi-Fi, sadat de boeken en teksten fan ynternet laden wurde kinne.