Guayota

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Guayota
persoanlike bysûnderheden
religy Gûantsje-heidendom
domein fulkaan
wente de fulkaan de Teide (Teneryf)
selskipsdier tibicena
famylje-relaasjes en oare besibskip
oarehelte Magec
attributen
bist hûn

Guayota (útspr.: [ɡʷa'jo:ta], likernôch: "gwajota") is yn 'e mytology fan 'e Gûantsje, de oarspronklike bewenners fan 'e Kanaryske Eilannen, in fulkaangod dy't yn 'e regel ôfskildere wurdt as boasaardich. Yn 'e myten komt er nei foarren as de wichtichste tsjinstanner fan skepper-god Achamán.

Eigenskippen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens de myten fan 'e Gûantsje is Guayota in fierhinne boasaardige godheid, dy't yn 'e fulkaan de Teide wennet, op it Kanaryske eilân Teneryf. De Teide waard beskôge as ien fan 'e poarten fan 'e ûnderwrâld. Guayota waard foarsteld as in grutte swarte hûn, en waard beselskippe troch saneamde tibicena's, demoanen yn 'e foarm fan grutte fjurrige hûnen fan lava. Nettsjinsteande, of miskien wol just fanwegen dizze karakterisaasje waard Guayota troch de bewenners fan Teneryf fereare.

De fulkaan de Teide, op Teneryf, tradys-joneel beskôge as it wenplak fan Guayota.

Oerienkomsten mei oare godheden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Guayota dielt in protte karakteristiken mei oare boasaardige fulkaangoaden. Fral de oerienkomsten mei Pele, de goadinne fan 'e fulkaan de Kīlauea, op 'e Hawaï-eilannen, binne tige treffend.

Myten oer Guayota[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it bekendste ferhaal oer him rekket Guayota fereale op Magec, de sinnegoadinne, dy't er ûntfierd en finzen hâldt yn 'e djipten fan 'e Teide. Fan gefolgen komt de wrâld oanhâldend yn it tsjuster te sitten, en yn wanhope roppe de minsken de skepper-god Achamán oan, dy't út 'e himel delkomt om regaad te meitsjen. Hoewol't Guayota him út alle macht ferset, wêrby't de Teide fjoer en reek spuit en in protte minsken op it eilân de dea fine, wurdt er troch Achamán ferslein. Op 't lêst, wittende dat er it net winne kin, ropt Guayota de fjurren fan 'e Ierde op om hiele Teneryf te ferswolgjen, want as hy Magec net hawwe kin, wol er bewissigje dat nimmen har krije sil. Mar Achamán pakt Guayota op en parset him as in soarte fan stop yn 'e fulkaan, sadat in alles ferwuostgjende útbarsting útbliuwt. Magec wurdt dan troch Achamán befrijd en hja ferfolget dêrnei har paad troch de loft, mar eltse kear as se rjocht boppe de Teide komt, is se goed wach, om't se net nochris troch Guayota oer it mad kommen wurde wol.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.