Underwrâld (mytology)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Ûnderwrâld (mytology))
De ûntfiering fan Alkestis út 'e ûnderwrâld troch Hearakles. (Skildere troch Paul Cézanne.)

De ûnderwrâld, it skimeryk of it deaderyk is it boppenatuerlike plak dêr't neffens ferskate religieuze tradysjes de deaden (of in diel fan 'e deaden) hinne geane nei harren ferstjerren. De oantsjutting ferwiist nei it faak foarkommende kosmologyske idee dat it hjirneimels ûnder de grûn sitewearre is. It eigenskipswurd dat by de ûnderwrâld heart, is ktoanysk, fan it Grykske χθόνιος, chthónios, "yn of ûnder de ierde", fan χθών, chthōn "ierde". It konsept fan 'e ûnderwrâld komt yn hast eltse minsklike kultuer foar en soe skoan like âld wêze kinne as de minskheid sels. Argeologysk ûndersyk hat kear op kear bewiisd dat foarhinne deaden út 'e hegere maatskiplike fermiddens klaaid en tarist waarden om harren yn 'e ûnderwrâld better rêde te kinnen.

Yn myten oer de ûnderwrâld wurdt faak sprutsen fan in katabasis, in reis fan libbene minsken nei it deaderyk, ornaris omreden fan it iene of oare heldhaftige doel. Men kin dan tinke oan 'e myte fan 'e healgod Hearakles, út 'e Grykske mytology, dy't delgiet nei de ûnderwrâld Hades om dêr de trijekoppige hellehûn Serberus te fangen as ûnderdiel fan syn Tolve Wurken. Yn 'e Noardske mytology reizget de god Hermóðr nei de ûnderwrâld Hel om syn ferstoarne broer Baldr út 'e dea frij te keapjen.

Oare myten oer de ûnderwrâld binne bedoeld om tradysjes fuort te sterkjen dy't úthâlde dat foar it yngean fan it hjirneimels it hâlden fan beskate seremoanjes of rituëlen fereaske is. Sa komt yn 'e Grykske mytology it ferhaal foar fan 'e deade Patroklus, waarns geast de held Achilles lestich falt oant dy syn stoflik omskot in begraffenis jout. Yn in stikmannich mytologyen komt it leauwe foar dat de siel fan 'e ferstoarne op eigen manneboet in reis nei de ûnderwrâld ôflizze moat, wêrby't in grinsbepalend obstakel oerstutsen wurde moat om it doel te berikken. Dat kin in rivier of in mar wêze, lykas yn 'e Grykske mytology de river de Styks, dêr't de fearman Charon betelle wurde moat om 'e ferstoarnen oer te setten, of in brêge, lykas dy dy't yn 'e Noardske mytology bewekke wurdt troch de kriichsfaam Móðguðr of Modgud.

Bekende foarmen fan 'e ûnderwrâld binne Annwn út 'e Welske mytology, Diyu út 'e Sineeske mytology, Hades en de Elyzeeske Fjilden út 'e Grykske mytology, Hel (of Helheim) en Niflheim út 'e Noardske mytology, de hel út 'e kristlike mytology, Miktlan út 'e Azteekske mytology, en Xibalba út 'e Mayaanske mytology.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.