Springe nei ynhâld

Jean Chastel

Ut Wikipedy
Jean Chastel
persoanlike bysûnderheden
echte namme Jean Chastel
nasjonaliteit Frânsk
berne 31 maart 1708
berteplak yn Gévaudan (Frankryk)
stoarn 1790
stjerplak yn Gévaudan? (Frankryk)
etnisiteit Oksitaansk
wurkpaad
berop/amt boer, herbergier
aktyf as jager
reden
  bekendheid
deade it Bist fan Gévaudan

Jean Chastel (yn Gévaudan (Frankryk), 31 maart 1708 – dêre? (Frankryk), 1790) wie in Frânsk boer en herbergier fan Oksitaansk etnysk komôf. Hy waard bekend as de jager dy't yn 1767 it Bist fan Gévaudan deaskeat.

Chastel waard yn 1708 berne yn 'e doetiidske provinsje Gévaudan (it hjoeddeiske departemint Lozère), yn it Margeride-berchtme fan súdlik-sintraal Frankryk. Der is net folle oars oer syn libben bekend as dat er boer wie en in herberge dreau. Hy wie troud en hie teminsten ien soan, dy't fan Antoine hiet.

In plakkette wijd oan Jean Chastel.

Tusken 1764 en 1767 waard Gévaudan terrorisearre troch in minske-itende grize wolf (of mooglik in hûn of wolfshûn), it saneamde Bist fan Gévaudan, dat neffens in ûndersyk út 1987 nei skatting 210 ûnderskate oanfallen op minsken útfierde, wêrby't 113 deaden en 49 ferwûnen foelen. Nettsjinsteande in oansjenlike ynset fan 'e Frânske oerheid om it bist te deadzjen, giene de deadlike oanfallen troch oant Chastel op 19 juny 1767 by Mont Mouchet, ûnder in jacht dy't organisearre wie troch in pleatslike ealman, de markys fan Apcher, in wolf deaskeat dêr't minsklike resten by yn 'e mage oantroffen waarden.

Doedestiden wie Gévaudan yn 'e greep fan in algemiene publike hystery, dy't yn hege mjitte bydroech oan it duorjende byleauwe dat de oanfallen útfierd waarden troch in wearwolf. Neffens de gongbere moderne ynterpretaasje fan 'e foarfallen gie it nei alle gedachten om in stikmannich (natuerlike) wolven dy't yn isolaasje faninoar operearren of oan in gearwurkjende wolveridel. Chastel soe neffens dizze tinkwize inkeld ferantwurdlik west hawwe foar it deadzjen fan 'e lêste (aktive) minske-iter.

Om't it Bist fan Gévaudan yn 'e Frânske folkloare opnommen waard as in gefal fan in wearwolf, is it in ûnderwerp dat graach oanhelle wurdt yn hjoeddeistige fantasyliteratuer en -films. Sadwaande ferskynde Chastel as in personaazje yn 'e Frânske horrorfilm Le Pacte des Loups (yn Ingelsktalige lannen útbrocht as Brotherhood of the Wolf), út 2001. Teffens is er in personaazje yn 'e roman Hunting Ground, fan 'e Amerikaanske skriuwster Patricia Briggs, út 2009. Yn dat boek wurdt útholden dat it Bist fan Gévaudan yndie in wearwolf wie, en dat Chastel en it Bist ien-en-deselde wiene. Chastel soe, doe't him úteinlik yn dy krite de grûn te hjit ûnder de fuotten waard, de dea fan it Bist fan Gévaudan yn sêne set hawwe.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.