Minskesliner

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan Minske-iter)
Jump to navigation Jump to search
In warskôgingsboerd foar toeristen yn it Súdafrikaanske Nasjonaal Park foar Oaljefanten Addo, om yn har auto's te bliuwen.

In minskesliner of minske-iter is in bist dat minsken bejaget, deadet en opfret. Dy omskriuwing slút út: it opfretten fan minsklike liken troch iesiters en it oanfallen en deadzjen fan minsken sûnder dat dêr konsumpsje fan it minsklik lichem op folget. Minsken kinne troch withoefolle soarten bisten oanfallen wurde, mar minskesliners binne rôfdieren dy't it iten fan minsklik fleis ta in normaal ûnderdiel fan harren menu makke hawwe.

By de measte registrearre gefallen fan minskesliners giet it om tigers, loaihoarsen (panters), liuwen of krokkedillen, mar dat binne beslist net de iennichste bisten dy't minsken deadzje en opfrette kinne. Soks is nammentlik ek bekend fan û.m. bearen, komodofaranen, hyena's en haaien. It feit dat bisten har ta minskesliners ûntjouwe, hat faak te krijen mei úthongering, ferâldering en sykte. Dêrtroch kinne bgl. liuwen en tigers faak harren normale proaidieren net mear fange, wat har twingt om te jeien op in ûnnoazelder proai: de minske. Oan 'e oare kant is it sa dat guon histoaryske minskesliners sa sûn as wat en yn 'e krêft fan har libben wiene.

Kateftigen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tigers[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tigers (Panthera tigris) binne ferantwurdlik foar de dea fan mear minsken as lykfol hokker oare yndividuële bistesoarte ek. Oan it begjin fan 'e tweintichste iuw kamen yn Britsk-Ynje elts jier likernôch 1.000 minsken om troch tigeroanfallen, en de saneamde Tigerinne fan Champawat allinnich al die tusken de 1890-er jierren en 1907 436 lju dea. Yn 'e sompen fan 'e Sundarbans, yn súdwestlik Banglades, tsjin 'e grins mei Yndia oan, waarden foàr de moderne tiid yn trochsneed 50 oant 60 minsken jiers troch tigers opfretten, en noch tusken 1969 en 1971 fûnen yn dy krite 129 minsken de dea by tigeroanfallen. Yn 2008, doe't der troch tadwaan fan 'e sykloan Sidr in grut ferlies fan gaadlike habitat plakfûn, late dat ta in oansjenlike taname fan it tal oanfallen op minsken oan 'e Yndiaaske kant fan 'e Sundarbans, mei't de tigers dêrhinne oerstieken út it Bingaalske diel, om't dat derûnder strûpt wie.

ferneamde gefallen

Liuwen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan minskeslinende liuwen (Panthera leo) is bekend dat dy der net foar tebekskrilje om sawol nachts as oerdeis doarpen binnen te gean om dêr aktyf op harren ferkeazen proai te jeien. Dy ûnferskrokkenens makket minskeslinende liuwen iroanysk genôch makliker te deadzjen as minskeslinende tigers, dy't ornaris út 'e buert fan doarpen bliuwe. It bekendste gefal fan minskeslinende liuwen wie dat fan 'e Minskesliners fan Tsavo, dy't yn 1898 yn Kenia 135 slachtoffers makken ear't se sels deade wurde koene. Troch de útwreiding fan doarpen en boulân yn gebiet dat earder wyldernis wie, en it dêrmei mank geande ferlies oan habitat foar liuwen, naam it tal minskeslinende liuwen tusken 1990 en 2005 op it plattelân fan Tanzania dramatysk ta. Teminsten 563 doarpsbewenners waarden yn dy perioade oanfallen en in grut diel dêrfan ek opfretten. It wurdt rûsd dat hjoed de dei elts jier wrâldwiid likernôch 250 minsken troch liuwen deade wurde.

ferneamde gefallen

Loaihoarsen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hoewol't minskeslinende loaihoarsen of panters (Panthera pardus) mar in lyts persintaazje fan alle loaihoarsen binne, hawwe se histoarysk yn guon gebieten in grutte pleach west. Fan ien loaihoars yn Yndia is bekend dat er mear as 200 minsken deade. Saakkundige Jim Corbett hat fêststeld dat loaihoarsen har yn 'e regel ta minskesliners ûntjouwe nei't se earder minsklike kadavers opfretten hawwe. Dêrmei wike se ôf fan tigers, dy't almeast minskesliners wurde fanwegen âlderdomsswierrichheden of sykte. Yn Aazje fine loaihoarsoanfallen yn 'e regel nachts plak, mar yn Afrika komme se ek by ljochtskyndei foar. Yn Yndia brekke loaihoarsen soms troch barrikadearre doarren hinne of grave se gatten yn reidtekken om har proai te berikken.

ferneamde gefallen

Oare kateftigen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oanfallen fan oare kateftigen op minsken binne tige seldsum. Yn Noard-Amearika komt wolris in oanfal fan in poema (Puma concolor) op in minske foar, mar dat bart mar hiel inkeld, mei't it weromkennen fan proaien by poema's in foarm fan oanleard gedrach is en se minsken dêrom ornaris net as proai weromkenne. Yn gefallen fan slimme úthongering kin it wêze dat poema's fee, húsdieren of minsken (meast bern) oanfalle. Ek fan jagûars (Panthera onca) is bekend dat se hiel soms minsken oanfalle, mar it is noch nea waarnommen dat se dy dêrnei ek opite.

Hûneftigen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wolven[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In achttjinde-iuwske artistike werjefte fan it Bist fan Gévaudan.

Yn ferliking mei oare fleisiters dy't minsken oanfalle om se op te fretten, komme oanfallen troch grize wolven (Canis lupus) mar tige selden foar, wat oanjout dat wolven yn ferhâlding ta har grutte en rôfsuchtich potinsjeel mar in hiel lytse bedriging foar minsken foarmje. Yn 'e seldsume gefallen dat der àl oanfallen fan wolven op minsken plakfine, binne de slachtoffers yn 'e regel bern. It is bekend dat by wolven dy't deunby minsklike wenplakken libje, gewenning, d.w.s. it ferliezen fan har eangstme foar de minske, in rol spilet by it ûntstean fan wolve-oanfallen.

ferneamde gefallen

Dingo's[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oanfallen mei fatale ôfrin troch dingo's (Canis dingo) op minsken binne tige seldsum, en dêrfan binne yn Austraalje mar 3 registrearre. Alle trije kearen wie it slachtoffer in jong bern. Ornaris binne dingo's minskeskou en geane se minsken dêrom út 'e wei.

ferneamde gefallen

Hûnen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Krekt as oare grutte lânrôfdieren hawwe hûnen fan 'e gruttere rassen yn prinsipe de krêft, linigens, rôfsucht en yntelliginsje om in minske te deadzjen en op te fretten. Dat se dat ornaris net dogge, leit poer oan hoe't se beleard binne, want as húsdier hawwe se totaal gjin natuerlike skouwens foar de minske oer, dy't har behinderet om minsken tenei te kommen. Foegje dêr in ridelstruktuer oan ta, en dan kinne sels lytseftige hûntsjes gefaarlik wurde. De measte minsklike stjergefallen troch hûne-oanfallen komme, oars as by oare bisten, net fuort út honger, mei't húsdieren ornaris tefolle fretten krije om wanhopigernôch te wurden en beskôgje minsken as proai, wylst sels swerfhûnen yn 'e regel troch skoaien en iesfretten wol genôch byinoar skarrelje kinne. It is dêrom tige dreech om jinsels oan in hûne-oanfal te ûntlûken, mei't de hûn(en) net ôf te lieden wêze sille mei wat fretten.

Fatale hûne-oanfallen falle yn 'e regel yn twa kategoryen. Yn it foarste plak komt it foar dat in ridel swerfhûnen lju de oanfal útfierd. Dêrby giet it faak om it ferdigenjen fan in territoarium. De oare kategory omfiemet oanfallen fan húsdieren dy't beleard binne as fjochthûn of hiemhûn, en dy't troch har eigner tsjin oare minsken ophyst wurde, dy't oan 'e behearsking fan har eigner ûntkomme en sûnder syn bedoeling oare minsken oanfalle, of dy't har tsjin har eigner keare. Beskate hûnerassen, lykas de pitbullterriër, steane om sokke oanfallen bekend, mar eins binne it de minsken dy't sokke hûnen ferkeard gedrach oanleare, dy't ferantwurdlik binne foar de oanfallen. It komt ek foar dat sokke hûnen as martelwurktúch brûkt wurde; sa stiene ûnder de Twadde Wrâldoarloch guon bewekkers yn Dútske konsintraasjekampen, lykas Irma Grese, derom bekend dat se hûnen oansetten ta it deabiten fan finzenen en se dêrnei it lyk foar in diel opfrette lieten.

Prêrjewolven[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Frijwol alle bekende oanfallen fan prêrjewolven (Canis latrans) op minsken binne mislearre trochdat de minske weromfocht, útnaaide of troch oare lju rêden waard. Der binne mar twa deadlike oanfallen fan prêrjewolven op minsken bekend, en inkeld yn it gefal fan Taylor Mitchell waard it slachtoffer neitiid foar in diel opfretten. Dêrby moat lykwols oantekene wurde dat dy oanfal yn Nij-Skotlân plakfûn, dêr't de measte 'prêrjewolven' eins krusings mei grize wolven binne.

ferneamde gefallen
Twa fan 'e Wolven fan Périgord, dy't yn 1766 ferantwurdlik wiene foar de dea fan 18 minsken.

Bearen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hoewol't oanfallen fan bearen op minsken net faak foarkomme, binne se foar it slachtoffer faker as de oanfallen fan oare bisten fataal, fanwegen de ûnbidige krêft dy't bearen hawwe. Rôfsuchtige bedoelings binne by beare-oanfallen alhiel net nedich. Fral by de brune bear (Ursus arctos) en grizzlybear (Ursus arctos horribilis), dat eins in ûndersoarte fan 'e brune bear is, komme oanfallen op minsken faker fuort út 'e oandriuw om in territoarium te ferdigenjen of út it memme-ynstinkt fan wyfkes dy't har jongen beskermje wolle. Wiere minskeslinende brune bearen binne tige seldsum, en as soks foarkomt, giet it frijwol altyd om sike of krebintige eksimplaren dy't dêryn dreaun wurde troch honger. Sa waarden yn july 2008 by in salmkwekerij op it Kamtsjatka-skiereilân twa geologen deade en foar in diel opfretten troch tsientallen úthongere brune bearen.

Hoewol't de grizzlybear de reputaasje hat, binne yn Noard-Amearika neffens in ûndersyk út 2011 op harsels libjende mantsjes fan 'e Amerikaanske swarte bear (Ursus americanus) eins ferantwurdlik foar it meastepart fan 'e beare-oanfallen op minsken. Sokke mantsjes beskôgje minsken as proai en falle oan mei as doel om har slachtoffers op te fretten. De sitewaasje yn Aazje fertoant in selde byld, mei't de Aziatyske swarte bear (Ursus thibetanus) folle agressiver foar minsken oer stiet as de gruttere brune bear, dy't yn Aazje selden ferantwurdlik is foar oanfallen op minsken. Yn guon kriten fan Yndia en Birma wurde lippebearen (Melursus ursinus) mear freze as tigers fanwegen harren ûnfoarsisbere gedrach. Iisbearen (Ursus maritimus), dy't minsklike oanwêzichheid yn har wengebiet frijwol folslein ûngewoan binne en dêrom net de minste skouwens foar minsken oer hawwe, beskôgje minsken gewoan as proai, krekt as alle oare bisten dy't se te pakken krije kinne. Mei de juste foarsoarch kinne se lykwols maklik op in ôfstân holden wurde.

ferneamde gefallen

Hyena's[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hoewol't hyena's beslist gjin skrupules hawwe om minsklike kadavers te beplúzjen, binne se oer it generaal tige skou foar libbene minsken oer, en folle minder gefaarlik as grutte kateftigen. Dat sein hawwende, binne sawol de bûnte hyena (Crocuta crocuta) as de lytsere streekte hyena (Hyaena hyaena) grutte rôfdieren dy't net folle muoite hawwe soene om in ûnwapene minske te oermasterjen, en fan beide soarten is bekend dat se dat yn tiden fan slimme itenskrapte ek wol dogge. Krekt as oare rôfdieren jouwe se dêrby de foarkar oan 'e maklikste slachtoffers: bern, froulju en sike of ferwûne manlju. Fan 'e beide soarten is de bûnte hyena it gefaarlikst, dy't grutter, rôfsuchtiger en agressiver is as de streekte hyena. Fan 'e oare beide hyenasoarten, de brune hyena (Hyaena brunnea) en de ierdwolf (Proteles cristata), binne gjin oanfallen op minsken bekend.

Bargen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hoewol't bargen gjin echte karnivoaren binne, kin nimmen ûntstride dat it kompetinte rôfdieren binne. Se binne dan ek prima by steat om in minske te deadzjen en op te fretten as dy om 'e iene of oare reden net oan harren ûntkomme kin. In grut tal bisteberjochtings út 'e Midsiuwen draaide om bargen dy't beskuldige waarden fan it opfretten fan bern.

Rotten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nettsjinsteande harren yndividuële lytse lichemsgrutte kinne rotten yn grutte oantallen helpeleaze minsken oermasterje en libben opfrette. Ien rottebyt sil men net gau dea oan gean, of it moat wêze trochdat der in sykte mei oerbrocht wurdt, mar mei de kollektive biten fan tsientallen rotten wurdt it in hiel oar ferhaal, benammen as der skea oan wichtige organen of oan slachieren tabrocht wurdt. Hoewol't rotten gjin wiere karnivoaren binne, binne it ek gjin tiere iters, en mei it slinen fan minskefleis hawwe se dan ek gjin muoite. Marteling mei rotten is in foarm fan tramtearring dy't wol brûkt is tsjin politike finzenen, en net inkeld yn fiksje lykas George Orwell syn roman 1984.

Reptilen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Krokkedillen en alligators[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oanfallen fan krokkedillen op minsken komme ridlik faak foar op plakken dêr't beide soarten deun byinoar libje. De Nylkrokkedil (Crocodylus niloticus) yn Afrika en de seekrokkedil (Crocodylus porosus) yn Austraalje, Súdeast-Aazje en súdwestlik Oseaanje meitsje tegearre mear deadlike slachtoffers as de tiger. Yn Afrika besuden de Sahara stjerre elts jier hûnderten minsken by oanfallen fan 'e Nylkrokkedil, en tusken 1975 en 1988 wiene der allinnich al yn Austraalje, dêr't de lju der ornaris aardich skerp op binne, 12 fatale oanfallen fan seekrokkedillen. De bekendste oanfal fan seekrokkedillen op minsken fûn yn 'e nacht fan 19 op 20 febrewaris 1945 plak, doe't op it eilân Ramree, foar de kust fan Birma, neffens guon ferhalen sa'n 980 Japanske soldaten troch de bisten opfretten waarden.

Op it Yndyske subkontinint waarden fierders neffens âlde kroniken foarhinne hûnderten minsken jiers pakt en opfretten troch de moeraskrokkedil (Crocodylus palustris), mar dy is sa sterk yn oantal tebekrûn dat dy tsjintwurdich amper mear in bedriging foarmet. Ek fan 'e Orinokokrokkedil (Crocodylus intermedius) en de spitssnútkrokkedil (Crocodylus acutus) is bekend dat se by gelegenheid wolris in minske gripe, en miskien moat de swarte kaaiman (Melanosuchus niger) noch oan dat rychje taheakke wurde.

Oangeande Mississippy-alligator (Alligator mississippiensis), dy't foarkomt yn 'e súdeastlike Feriene Steaten, moat fêststeld wurde dat dy mar selden minsken oanfalle sûnder dat se dêrta útlokke binne. Want nettsjinsteande it feit dat se der dúdlik de krêft en it formaat foar hawwe en yn harren wengebiet, dat op plakken troch de minske tichtbefolke wurdt, sûnder mis ek de kâns, is it deadzjen en opfretten fan minsken troch alligators seldsum. Dochs binne der wol gefallen bekend fan alligators dy't opportunistysk profitearren fan 'e soargeleazens fan beskate minsken, benammen bern en âlderein. Lykwols besykje de measte Mississippy-alligators, oars as it gefal is by de folle gefaarliker Nylkrokkedil en seekrokkedil, it kontakt mei minsken safolle mooglik te mijen.

ferneamde gefallen

Slangen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der binne mar in pear slangesoarten dy't grut en sterk genôch binne om in folwoeksen minske te oermasterjen en troch te slokken. Hoewol't der in protte geroften geane oer oanfallen fan grutte wjirchslangen op minsken, wurdt dêrfoar yn 'e regel gjin bewiis levere. It is lykwols in feit dat sokke slangen soms in proai wjirgje dy't te grut foar harren is om troch te slokken. Fierders binne der ferskate dokumintearre gefallen fan Birmeeske pytons fan 3 oant 4 m lingte, dy't yn finzenskip minsken om hals brocht hawwe, wêrûnder folwoeksene, sûne manlju dy't net ûnder ynfloed fan alkohol of drugs ferkearden. Ien dêrfan wie in learling-oppasser yn in dieretún, waans lyk ûntdutsen waard op it stuit dat de pyton besocht om mei syn kaken de holle fan 'e man te begapjen.

Behalven de Birmeeske pyton (Python bivittatus) wurde ek de anakonda (Eunectes murinus), de rotspyton (Python sebae) en mooglik de strewelpyton (Morelia amethistina)beskôge as slangen dy't minsken bejeie kinne soene om se op te fretten. Fan al dy soarten binne dokumintearre oanfallen op bern bekend. Fierders hat mear as 25% fan alle manlju fan 'e Aeta, in etnyske groep fan jager-samlers yn 'e Filipinen, oanjûn dat se ien of mear oanfallen troch netpytons (Python reticulatus) oerlibbe hawwe, wêrmei't se konkurrearje yn 'e jacht op harten, wylde bargen en apen.

Hagedissen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Komodofaraan (Varanus komodoensis), de grutste hagedissesoarte fan 'e wrâld, dy't foarkomt op it Yndonezyske eilân Komodo, is de iennichste hagedis dy't by gelegenheid minsken oanfalt en opfret. Om't Komodofaranen yn in ôfhandich gebiet libje, komme sokke oanfallen yn it foarste plak net folle foar, mar kin it ek wêze dat se net registrearre wurde as se wol foarkomme. Hoewol't dizze hagedissen mânske bisten binne, mislearje de measte oanfallen, ek al kin men der rare ferwûnings fan oprinne. Dêr moat men dan daliks mei nei it sikehûs, want de byt fan in Komodofaraan befettet giftige baktearjes. De measte minsken dy't troch sokke bisten opfretten wurde, binne liken dy't troch de faranen útgroeven wurde út grêven.

ferneamde gefallen

Fûgels[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Net folle fûgels binne grutternôch om minsken as proai beskôgje te kinnen, mar der bestiet al in beskate mjitte oan bewiismateriaal om 'e bewearing te ûnderstypjen dat de kroanearn (Stephanoaetus coronatus) bern út en troch as proai sjocht. Dêrby giet it om in eachtsjûgeferslach fan in oanfal op in sânjierrich jonkje (dat rêden waard en de fûgel deade), en om 'e ûntdekking fan in diel fan 'e skedel fan in minsklik bern yn in kroanearnenêst. Hjirmei soe de kroanearn de iennichste libbene fûgel wêze dy't op minsken jaget.

Ut fossyl bewiismateriaal kin ôflaat wurde dat grutte rôffûgels yn 'e prehistoarje út en troch hominiden bejagen. Fan it Taung-bern, in iere minskeftige dy't yn Afrika ûntdutsen is, wurdt oannommen dat it deade is troch in fûgel dy't sterk op 'e kroanearn liek. En yn Nij-Seelân wie de (no útstoarne) haastearn (Harpagornis moorei) mear as grut genôch om op minsken te jeien, en as men de folkloare fan 'e Maöary foar wier oannimt, died er dat ek.

In warskôgingsboerd foar strânbesikers yn Natal, dêr't op warskôge wurdt foar haaien.

Fisken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Haaien[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oars as dat faak tocht wurdt, binne eins mar 4 fan 'e 505 haaiesoarten ferantwurdlik foar in betsjuttend oantal deadlike, ûnútlokke oanfallen. Dat binne de wite haai of minskehaai (Carcharodon carcharias), de wytpuntoseaanhaai (Carcharhinus longimanus), de tigerhaai (Galeocerdo cuvier) en de bollehaai of Sambezyhaai (Carcharhinus leucas). Om in ûnútlokke oanfal safolle mooglik foar te kommen, moat men gjin glânzjende metalen drage (lykas sieraden), en net te folle omspatterje en omplûnzgje, mei't dat foar rôfhaaien klinkt as in ferwûne fisk en dus in maklike proai. De iennichste folslein wisse manear om in haaie-oanfal foar te kommen, is troch út 'e see wei te bliuwen.

Nettsjinsteande har reputaasje as moardmasines, besitte haaien harsens dy't kwa grutte yn ferhâlding ta har lichem in ferlykbere massa hawwe as de harsens fan sûchdieren en fûgels. Wittenskiplik ûndersyk hat sûnt 1990 útwiisd dat haaien yn it wyld soms boartlik gedrach fertoane, en dat se nijsgjirrich binne nei nije dingen, en dy ûndersykje troch se mei de bek te "betaasten". It liket der sterk op dat de measte "oanfallen" fan haaien op minsken eins it nijsgjirrige ûndersykjen troch de haai fan in foar him nuver wêzen is; dy teory wurdt ûnderstipe troch it feit dat slachtoffers fan haaie-oanfallen gauris nei it strân ta ûntkomme kinne sûnder dat se efterfolge wurde, en trochdat haaien faak net trochbite. Dat der sa'n soad skea oanrjochte wurdt by sokke konfrontaasjes, komt troch de fjoerskerpe tosken fan 'e haai en de kwetsberens fan 'e minske. Guon oare oanfallen, benammen dy op surfers, lykje almeast in kwestje fan fersin te wêzen, mei't haaien sokke lju peddeljend op har surfplanke oansjogge foar seeliuwen.

ferneamde gefallen

Piranja's[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fanwegen harren lytse lichemsgrutte kin gjin inkele yndividuële piranja ea in minske deadzje en opfrette, mar it goed dokumintearre fermogen fan iezings piranja's om sels bisten fan oansjenlike grutte, lykas kapybara's en hynders, oermânsk te wurden en op te fretten, jout oan dat soks ek minsken oerkomme kin. Der binne út it Amazônegebiet ferskate registrearre gefallen fan minsken bekend dy't troch piranja's deade en foar in part opfretten waarden, lykas dat fan in dronken achttjinjierrige man, dy't dat yn 2011 oerkaam by Rosario del Yata, yn Bolivia, en dat fan in fiifjierrich Brazyljaansk famke, dat yn 2012 troch in iezing piranja's oanfallen en deade waard.

Oare fisken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der besteane ek ferskate gefallen fan marfallen dy't minsken oanfallen en opfretten hawwe. Sa lei dokumintêremakker Jeremy Wade yn 2008 in dokumintearre gefal fêst fan reuzebagariusmarfallen (Bagarius yarrelli) dy't yn 'e rivier de Kali, yn Yndia, slachtoffers makke hiene. Ek de Jeropeeske marfal (Silurus glanis), de piraíba (Brachyplatystoma filamentosum) en de itajara (Epinephelus itajara) wurde derfan fertocht minsken oanfallen en opfretten te hawwe.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.