Springe nei ynhâld

Up in the Air (film út 2009)

Ut Wikipedy
Up in the Air
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Jason Reitman
produsint Jason Reitman
Ivan Reitman
Daniel Dubiecki
Jeffrey Clifford
senario Jason Reitman
Sheldon Turner
basearre op de roman fan Walter Kirn
kamerarezjy Eric Steelberg
muzyk Rolfe Kent
filmstudio DreamWorks Pictures
The Montecito Pictures Company
Cold Spring Pictures
Rickshaw Productions
Right of Way Films
distribúsje Paramount Pictures
spilers
haadrollen George Clooney
Vera Farmiga
Anna Kendrick
voice-over George Clooney
byrollen Jason Bateman
Amy Morton
Melanie Lynskey
Danny McBride
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 12 septimber 2009
foarm langspylfilm
sjenre komeedzjedrama
taal Ingelsk
spyltiid 109 minuten
budget en resultaten
budget $25 miljoen
opbringst $166,8 miljoen
prizen 1 × Golden Globe
1 × BAFTA
1 × Satellite Award

Up in the Air is in Amerikaansk komeedzjedrama út 2009 ûnder rezjy fan Jason Reitman, mei yn 'e haadrollen George Clooney, Vera Farmiga en Anna Kendrick. De titel betsjut "Heech yn 'e Loft", ferwizend nei it oanhâldende reizgjen per fleantúch fan 'e haadpersoan, mar it kin yn it Ingelsk ek "Unbeslist" betsjutte. De film is basearre op 'e roman mei deselde namme fan Walter Kirn. It ferhaal folget Ryan Bingham, in man dy't troch bedriuwen ynhierd wurdt om wurknimmers te ûntslaan. Dêrfoar reizget er hast oan ien wei troch de hiele legere 48 steaten ôf, en dat fynt er geweldich. As er in jongere kollega traine moat, hat sy mear ynfloed op syn útsjoch op 'e wrâld as er ea tinke kinnen hie, en begjint de fantasijwrâld dy't er foar himsels opboud hat, as in kaartehûs yninoar te sakjen. Up in the Air gie yn premiêre op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Toronto en waard troch de filmkritisy oer it algemien mei positive resinsjes ûntfongen. Yn 'e bioskopen wie it ek in kommersjeel súkses. De film waard nominearre foar seis Oscars en seis Golden Globes, mar wûn dêrfan inkeld de Golden Globe foar bêste senario.

Ryan Bingham is in fjirtiger dy't wurket foar in consultancybedriuw op it mêd fan personielssaken, dat spesjalisearre is yn arbeidsbeëinigingsassistinsje. Dat wol sizze dat Bingham fia syn wurkjouwer ynhierd wurdt troch oare bedriuwen om dêr wurknimmers te ûntslaan yn opdracht fan wurkjouwers dy't it smoarge wurk leaver útbesteegje. Dêrnjonken jout Bingham ek motivaasjelêzings, wêrby't er de byldspraak "wat sit der yn jimme rêchsek?" brûkt om 'e foardielen te besjongen fan in libben sûnder materiële besittings of beswierlike relaasjes. Dat is krekt itselde bestean dat er sels liedt, mei't er suver oan ien wei troch op 'en paad is foar syn wurk en de hiele legere 48 steaten trochkrúst. Dat docht er yn it fleantúch, safolle mooglik by loftfeartmaatskippij American Airlines, om't er derfan dreamt om tsien miljoen airmiles te fertsjinjen. Dat liket him in tige útsûnderlike prestaasje ta.

Wylst er op reis is, moetet Bingham yn 'e lobby fan in hotel in oantreklike frou fan syn eigen jierren of miskien justjes jonger, dy't fan Alex hjit. Sy is ek in hiel soad ûnderweis foar har wurk, en se reitsje oan 'e praat oer de gelikense ûnderfinings dy't se op reis meimakke hawwe. Dy nachts geane se mei-inoar op bêd. De oare moarns geane se wer elts har eigen wei, mar it is sa goed befallen, dat se neitiid in losfêste relaasje begjinne, wêrby't se inoar moetsje om te praten en seks te hawwen yn ferskate stêden ferspraat oer it lân as harren reisskema's dat talitte.

Op in stuit wurdt Bingham troch syn bedriuw weromroppen nei it haadkantoar yn Omaha (Nebraska), dêr't Natalie Keener, in jonge nije wurknimster, in feroaring yn 'e bedriuwsfiering foarsteld hat. Ynstee dat wurknimmers oan ien wei troch it hiele trochreizgje, wol se dat it ûntslaan tenei fia byldbeljen dien wurdt, sadat in hiel soad jild besparre wurde kin. Craig Gregory, de direkteur fan it bedriuw, sjocht dat wol sitten en hâldt de oare wurknimmers foar dat se mei har tiid meigean moatte. Bingham is der mordikus op tsjin. Hy seit dat dat is om't it fan ûnfatsoen tsjûgje soe om minsken op sa'n manear dien te jaan. Dat spilet miskien wol mei, mar it giet him dochs fral om it feit dat dizze ynnovaasje de ein betsjutte soe foar syn eigen frije libbentsje dêr't er sa fan hâldt. Hy redendielt mei Gregory en fiert dêrby oan dat Natalie alhiel gjin ûnderfining hat mei it wurk en dêrom net beoardielje kin oft byldbeljen in goed alternatyf is. Gregory moat tajaan dat Bingham dêr wol in punt hat, mar it pakt oars út as dat Bingham ferwachte hie: Gregory beslút Natalie oan him te keppeljen en stjoert se der tegearre op út, sadat Bingham har traine kin.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

De earste les dy't Bingham Natalie as tsjinnige learaar oanleart, is om inkeld hânbagaazje mei te nimmen. Dat skeelt foar eltse fleanreis 35 minuten yn 'e wachttiid. Hy bringt har ek oare foefkes by, lykas hoe't se sa fluch en effisjint mooglik troch de lofthavenbefeiliging hinne komt. Tegearre trochkruse se de Feriene Steaten. It wurk blykt hiel oars te wêzen as dat Natalie har foarsteld hie. Sy mient dat se bedriuwen helpe sil om fan oerstallige wurknimmers ôf te kommen troch de nije wurkleazen ta te rieden op 'e emosjonele en fysike obstakels fan it sykjen nei nij wurk. Mar Bingham leit har út dat se eins emosjoneel kwetsbere persoanen nije hoop jaan moatte troch se in triuwke yn in rjochting te jaan dy't se eins dochs al út woene mar dat net doarsten. Dat giet fansels de iene kear better as de oare. Ien fan 'e earste kearen dat Natalie it besiket, driget in frou mei selsmoard troch fan in hege brêge yn 'e neite fan har hûs te springen. Bingham praat har neitiid moed yn troch te sizzen dat er sokke drigeminten gauris te hearren kriget, mar dat se soks nea trochsette.

Underweis komme Bingham en Natalie better mei-inoar yn 'e kunde. Natalie besaut har oer de libbensfilosofyen fan Bingham, yn 't bysûnder dat er nea trouwe of bern krije wol, dêr't se har neat by foarstelle kin. Bingham bliuwt lykwols by syn stânpunten. Op in stuit wurdt Natalie fia in tekstberjocht op 'e mobile tillefoan dumpt troch har freon Brian mei wa't se al in pear jier gearwennet. Dat bart krekt by oankomst yn in hotel yn Miami dêr't Bingham mei Alex ôfpraat hat. Tegearre treastgje se it fanke, dat der stikken fan is. Dy jûns crashe se in feest yn harren hotel, dêr't Natalie har bedrinkt en in aardige jongeman fynt om in onenightstand mei te hawwen, wylst Bingham en Alex romantysk byinoar binne en fierder nei-inoar ta groeie. De oare moarns feecht Natalie Bingham de mantel út om't se fynt dat er Alex oan it lyntsje hâldt, ek al passe se dúdlik byinoar as in kopke en in pântsje. Bingham spuit syn eigen krityk op Natalie har ûnfermogen om 'e dingen te akseptearjen sa't se binne.

Letter dy deis yn Detroit beävensearret Gregory in test mei it byldbeljen, al sitte Natalie en Bingham dêrby yn it keammerke oan 'e oare kant fan 'e gong mei útsicht op it keammerke dêr't de wurknimmers efter de kompjûter plaknimme dy't ûntslein wurde moatte. It docht bliken dat Bingham syn soargen oer dy manear fan wurkjen terjochte wiene as Natalie in âldere man, Samuels, net op 'e juste manear helpe kin as er op it byld yn triennen útbarst. Nettsjinsteande dat beslút Gregory it byldbelsysteem yn te fieren en ropt er alle omdoarmjende ûntslaners werom nei it haadkantoar yn Omaha.

Bingham nimt in pear dagen frij om nei noardlik Wisconsin ta foar de trouwerij fan Julie, de jongste fan syn beide susters. It docht bliken dat Natalie har wurden mear ynfloed op him hân hawwe as er tajaan woe, want ynstee fan dêr allinne hinne te gean, sa't er earder dien hawwe soe, skillet er Alex op en freget har om mei te gean. Se stimt ta en tegearre sette se dêrhinne. Bingham hat in net sa noflike weriening mei syn fan him ferfrjemde susters Kara, dy't yn skieding leit, en Julie, mei't sy him syn oanhâldende ôfwêzichheid yn harren libbens kwea-ôf nimme. Hy bringt de folgjende dagen benammen tiid troch mei Alex, troch har de plakken sjen te litten dêr't er oprgroeid is. Hy begjint fereale op har te reitsjen en sy jout der alle skyn fan dat se syn gefoelens beäntwurdet. As Jim, de brêgeman, de deis fan 'e trouwerij ynienen kâldwetterfrees kriget en fan it houlik ôfsjen wol, wurdt Bingham troch Kara nei him ta stjoerd om him te bepraten. Dat is in drege put foar him, want hoewol't er motivaasjesprekker is, fiteret er syn gehoar ornaris oan om relaasjes út 'e wei te gean. No moat er krekt de oare kant út riddenearje en dat is wol even wennen. It slagget lykwols al, dat Jim jout him wer by Julie en it kin heve mei de trouwerij.

Neitiid docht lykwols bliken dat Bingham net allinne Jim bepraat hat, mar ek himsels. Hy begjint te twifeljen oan syn eigen libbensstyl en libbensfilosofyen. By in prestizjeuze taspraak op in konvinsje yn Las Vegas slagget it him net mear om it ferhaal oer de rêchsek op te hingjen, mei't er dêr net mear yn leaut. Hy stapt fan it poadium ôf en ferlit de seal om ympulsyf nei Chicago te fleanen, dêr't Alex wennet. Hy ferwachtet dat sy like bliid wêze sil om him te sjen as hy har, mar it docht bliken dat Alex troud is en bern hat en hielendal net op him sit te wachtsjen. Feralterearre dript er ôf. Letter skillet se him op om him te beskrobjen foar it feit dat er by har oan 'e doar kaam en op in hier nei har houlik ferrinnewearre hat. Se neamt dat houlik har "echte libben" en him har "ûntsnapping". Se tocht dat it sa klear as in klûntsje wie hokfoar relaasje sy en Bingham ûnderholden en se wol dy relaasje graach fuortsette sa't er wie. Bingham hinget op sûnder dêrop te antwurdzjen.

Underweis nei hûs yn Omaha mei American Airlines wurdt troch de stewardessen oan it hiele fleantúch meidield dat der immen oan board is dy't no krekt de grins fan tsien miljoen airmiles oergien is: Ryan Bingham. Wat in feestlik barren wêze moatten hie dêr't Bingham jierrenlang nei útsjoen hat, is dan in bittere teloarstelling, sels as Maynard Finch, de haadpiloat fan American, by him komt om him persoanlik te lokwinksjen. Wannear't Finch him freget wêr't er wei komt, antwurdet Bingham, dy't beseft dat er gjin thús hat: "Hjirwei." Werom yn Omaha lit Bingham 500.000 fan syn soarchfâldich oppotte airmiles oerskriuwe oan Julie en Jim, dy't gjin jild hawwe om op houliksreis te gean. Craig Gregory fertelt Bingham dat in ûntsleine wurknimster, in Karen Barnes, harsels fan kant makke hat troch fan in hege brêge te springen: it is deselde frou dy't dêr earder al mei drige. Natalie is alhiel oerstjoer en hat ûntslach nommen. De selsmoard liedt ta it opskoarjen fan 'e byldbeltechnyk, hoewol't dy by dit spesifike ûntslach net ynset wie.

Natalie sollisitearret nei in nije baan yn San Francisco by in bedriuw dêr't se in pear jier lyn in oanbeane baan ôfsein hie om't se har freon Brian nei Omaha ta folgje woe. De man dy't it sollisitaasjepetear hâldt, is ûnder de yndruk fan har kwalifikaasjes, mar hat fraachtekens by de eardere gedoente tusken har en syn bedriuw. In strieljende referinsje fan Bingham lûkt him lykwols oer de streek, sadat er har de baan jout dy't se hawwe wol. Bingham sels giet nei it opskoarjen fan it byldbelsysteem wer as fan âlds op 'en paad om it lân te trochkrusen. Mar it frije libben dêr't er earder sa fan hold, liket him no in leech bestean ta. Hy hat der lykwols sels foar keazen, dat mei in swier moed pakt er syn koffer op en giet er wer op reis.

George Clooney.
Vera Farmiga.
Anna Kendrick.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise            
Ryan Bingham / voice-over George Clooney
Alex Goran Vera Farmiga
Natalie Keener Anna Kendrick


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Craig Gregory Jason Bateman
Kara Bingham Amy Morton
Julie Bingham Melanie Lynskey
Jim Miller Danny McBride
Karen Barnes Tamala Jones
Steve Zach Galifianakis (cameo)
Bob J.K. Simmons (cameo)
Maynard Finch Sam Elliott (cameo)
Dave Adam Rose
Samuels Steve Eastin
ûntsleine I.T.-wurker Adhir Kalyan
live-discjockey op konferinsje Cut Chemist

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Up in the Air waard regissearre troch Jason Reitman nei in senario fan himsels en Sheldon Turner op basis fan 'e roman Up in the Air fan Walter Kirn út 2001. As produsinten wiene Jason Reitman, syn heit Ivan Reitman, Daniel Dubiecki en Jeffrey Clifford by it projekt belutsen foar de filmstudio's DreamWorks Pictures, The Montecito Pictures Company, Cold Spring Pictures, Rickshaw Productions en Right of Way Films. Foar de film wie in budget beskikber fan $25 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Eric Steelberg, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Rolfe Kent.

It earste senario foar Up in the Air waard yn 2003 skreaun troch Turner en dêrnei oankocht troch DreamWorks. Letter ûntdiek Jason Reitman it boek fan Kirn, wêrnei't er syn heit Ivan beprate om 'e filmrjochten dêrop te keapjen. Reitman sr. hierde doe Ted Griffin en Nicholas Griffin yn, dy't in twadde senario skreaune dat se net allinne basearren op 'e roman sels, mar ek op it earste senario fan Turner. Reitman jr. skreau in trêde skript, dat er basearre op it boek en it senario fan 'e beide Griffins. Allinnich naam er dêrút krekt de stikken oer dy't Turner skreaun hie. Der folge betizing doe't it machtige Amerikaanske fakbûn foar senarioskriuwers, it Writers Guild of America, him op 'e fingers tikke en dúdlik makke dat er Turner yn 'e ôftiteling fan Up in the Air as senarioskriuwer neame moast, hoewol't er noch nea fan Turner heard hie. Nei't Turner syn bydrage oan 'e film fertsjutske waard, hiene sawol hysels as Reitman frede mei de saak.

Yn withoefolle fraachpetearen sei Jason Reitman letter dat er de rollen yn 'e film spesifyk foar de akteurs skreaun hie dy't úteinlik cast wiene. Dêrby gie it net inkeld om 'e haadrollen fan George Clooney, Vera Farmiga en Anna Kendrick, mar ek om lytsere rollen lykas dy fan Jason Bateman, Melanie Lynskey, Danny MacBride en Amy Morton en om cameo's lykas dy fan Zach Galifianakis en Sam Elliott. De akteurs sprieken dêr har betizing oer út om't se wisten dat Reitman ek mei oare akteurs yn petear west hie om dy rollen spyljen. Sa wie bekend dat Ellen Page, mei wa't er gearwurke hie oan syn eardere film Juno, de earste kar fan Reitman wie foar de rol dy't úteinlik nei Kendrick gie. As alternatyf foar Clooney hie Reitman Steve Martin yn 'e holle, mar dat liket mear in plan B west te hawwen foar it gefal dat Clooney nee sei. Reitman sei dat Up in the Air mei Martin in hiel oare film wurde moatten hie, mear in soarte fan Lost in Translation.

De opnamen foar Up in the Air setten op 3 maart 2009 útein en duorren oant en mei ein april fan dat jier. Der waard benammen filme yn St. Louis en omkriten, om't de steat Missoery, dêr't St. Louis leit, de film $4,1 miljoen subsydzje joech. Der waard yn St. Louis filme op 80 sets op 50 ûnderskate lokaasjes, wêrûnder de Ynternasjonale Lofthaven St. Louis-Lambert, twa Hilton Hotels, de Cheshire Inn, it Renaissance Grand Hotel, de Affton High School en de Maplewood United Methodist Church. Dêrnjonken waarden inkele sênes opnommen yn Omaha, Detroit, Las Vegas en Miami. Up in the Air befettet "product placement" (in eufemisme foar reklame) fan loftfeartmaatskippij American Airlines, autofabrikant Chrysler, autoferhierbedriuw Hertz, reisburo Travelpro en hotelkeatling Hilton Hotels.

Auteur Walter Kirn skreau de roman dêr't Up in the Air op basearre waard.

De distribúsje fan Up in the Air waard fersoarge troch Paramount Pictures. De film waard op 5 septimber 2009 foar it earst fertoand by in sneakpreview op it Filmfestival fan Telluride. De offisjele premiêre fûn op 12 septimber plak yn it ramt fan it Ynternasjonaal Filmfestival fan Toronto (TIFF). Up in the Air soe eins pas in fearnsjier letter ree komme, mar regisseur Jason Reitman en filmeditor Dana E. Glauberman raffelen de postproduksje ôf om op 'e tiid klear te wêzen foar in premiêre op it TIFF.

Yn oktober en novimber wie Up in the Air ek te sjen op it Filmfestival fan Woodstock, it Ynternasjonaal Filmfestival fan de Hamptons, it Filmfestival fan Mill Valley, it Filmfestival fan Austin, it BFI-Filmfestival fan Londen, it Ynternasjonaal Filmfestival fan St. Louis, it Filmfestival fan Denver, it Ynternasjonaal Filmfestival fan Stockholm en it Ynternasjonaal Filmfestival fan Rome. Yn jannewaris 2010 waard de film ek fertoand op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Palm Springs.

Up in the Air iepene op 4 desimber yn 'e Amerikaanske bioskopen. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 9 novimber by platemaatskippij Warner Music. Up in the Air waard op 9 maart 2010 útbrocht op dvd en blu-ray.

Fan 'e filmkritisy krige Up in the Air oer it algemien positive resinsjes. Sa skreau Kenneth Turan yn 'e Los Angeles Times: "Up in the Air lit it maklik lykje. Net inkeld om út 'e flecht wei en skynber muoiteleas de steat fan treflikens te berikken, mar [ek] wat it fermogen oanbelanget om fermaak mei ynsjoch te fermingen, komeedzje mei oangripendheid, sels drama mei reäliteit, dingen dy't op harsels al dreech binne, mar yn kombinaasje noch helte dreger. Dizze film docht dat allegearre sûnder himsels yn 't swit te wurkjen." Yn Entertainment Weekly wie Owen Gleiberman it dêrmei iens. Hy parte Up in the Air in 10 op in skaal fan 1 oant 10 ta en neamde it in "seldsume en glinsterjende fûnkelstien fan film".

Claudia Puig fan 'e krante USA Today priizge de tiidleazens fan 'e film mei de wurden: "It is dreech om in tiidrek te fangen wylst it noch oan 'e gong is, mar Up in the Air docht dat op briljante wize, mei humor en minsklikheid […]." Yn 'e Britske krante The Independent skreau Jonathan Romney: "Om syn synyske gefoel foar humor soene je [Up in the Air] suver yn deselde kategory pleatse as [it wurk fan] Billy Wilder: [de film] is like wolsprekkend oer de sakewrâld fan tsjintwurdich as The Apartment dat wie oer [de sakewrâld] fan 1960. It is in brute, desolate film – mar ek in aldertreflikste eksistinsjonistyske romcom, en de fermaaklikste les yn hjoeddeistige sosjaalekonomy dy't men jin foarstelle kin."

Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times parte de film 4 fan 4 stjerren ta en skreau: "Dit is gjin komeedzje. […] Likemin is it in trageedzje. It is in opmerksume ynkyk yn hoe't in man syn wurk docht." Yn it tydskrift Variety hie Todd McCarthy lof foar haadrolspiler George Clooney: "[Hy] makket de rol sines op 'e manear dy't earsteklas filmstjerren dêrfoar foar de moade hawwe, wêrby't er it personaazje sa trochdrinzget mei syn eigen identiteit dat alles dat er docht natuerlik liket en kloppet." Manohla Dargis fan The New York Times fûn de froulike rollen fan Vera Farmiga en Anna Kendrick dan fral wer it hichtepunt fan 'e film.

Michael Phillips fan 'e Chicago Tribune sloech in hiel oare toan oan mei't er skreau: "Up in the Air is in knaphandich makke teloarstelling." Hy joech ta dat de Clooney tige goed aktearre, mar it senario, wêryn't "de ynset frustrearjend leech bliuwt", hied er gjin goed wurd foar oer. Yn Vanity Fair skreau Julian Sancton dat Up in the Air neffens him twa ferskillende films wie: "ien oer in fint dy't it lân troch fljocht om lju te ûntslaan, en ien oer in lijer oan biningsfrees, dy't by ferantwurdlikheid en in kâns op wiere leafde wei fljocht […]. Der wurdt net besocht om dy beide triedden mei-inoar te ferfrisseljen, en dat is wêr't de film ûnbefredigjend bliuwt."

De Ynternasjonale Lofthaven St. Louis-Lambert yn St. Louis wie in wichtige opnamelokaasje foar Up in the Air.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Up in the Air in tige heech goedkarringspersintaazje fan 91%, basearre op 287 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Understipe troch de garismatyske optredens fan 'e trije haadrolspilers leveret regisseur Jason Reitman in fernimstich mingsel fan humor en emoasje ôf mei krekt genôch prikels foar in mainstream-publyk." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Up in the Air in goedkarringspersintaazje fan 83%, basearre op 36 resinsjes.

Up in the Air brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $83,8 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $83,0 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $166,8 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $25 miljoen betsjut dat in winst fan $141,8 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.

Yn 2010 waard Up in the Air by de Oscars nominearre foar 6 prizen yn 5 kategoryen: bêste film, bêste regisseur, bêste akteur (George Clooney), twaris bêste byrol fan in aktrise (Vera Farmiga en Anna Kendrick) en bêste adaptearre senario. Dy prizen giene lykwols allegear nei de konkurrinsje. By de Golden Globes waard de film ek nominearre foar 6 prizen yn 5 kategoryen, wêrûnder bêste dramafilm, bêste regisseur, bêste akteur (Clooney) en twaris bêste byrol fan in aktrise (Farmiga en Kendrick). De film wûn de Golden Globe foar bêste senario.

By de BAFTA's, de wichtichste Britske filmprizen, waard Up in the Air ek alwer nominearre foar 6 prizen yn 5 kategoryen, wêrûnder bêste film, bêste akteur (Clooney), twaris bêste byrol fan in aktrise (Farmiga en Kendrick) en bêste filmmontaazje. De film wûn de BAFTA foar bêste adaptearre senario. Up in the Air waard ek nominearre foar 3 Screen Actors Guild Awards, foar bêste akteur (Clooney) en twaris foar bêste byrol fan in aktrise (Farmiga en Kendrick). By de Satellite Awards waard de film nominearre foar 5 prizen, wêrûnder bêste komeedzjefilm of filmmusical, bêste akteur (Clooney), bêste byrol fan in aktrise (Kendrick) en bêste adaptearre senario. De film wûn de Satellite Award foar bêste filmmuzyk.

Fierders waard Up in the Air nominearre foar 2 Britske Empire Awards, foar bêste komeedzjefilm en bêste nijynkommeling (Kendrick). De film wûn de MTV Movie Award foar bêste trochbraak fan in aktrise (Kendrick), de Writers Guild of America Award foar bêste adaptearre senario, de prizen foar regisseur fan it jier en riizjende stjer (Kendrick) op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Palm Springs, en de publykspriis bûten de kompetysje om op it Filmfestival fan Austin.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.