Ynternasjonaal Filmfestival fan Rome

Ut Wikipedy
Ynternasjonaal Filmfestival
fan Rome
Festival Internazionale del Film
di Roma
plak en tiid
lân Itaalje
regio Lazio
plak Rome
tiid fan it jier oktober
bysûnderheden
ôfkoarting FIFR
soarte evenemint filmfestival
bestean 2006 – no
org. troch st. Cinema per Roma
offisjele webside
www.romacinemafest.it

It Ynternasjonaal Filmfestival fan Rome (Italjaansk: Festival Internazionale del Film di Roma) is in filmfestival dat elts jier yn oktober yn 'e Italjaanske haadstêd Rome holden wurdt. Hoewol't it evenemint himsels oanpriizget as it Ynternasjonaal Filmfestival fan Rome hjit it eins formeel it Filmfeest fan Rome (Festa del Cinema di Roma).

Beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Ynternasjonaal Filmfestival fan Rome waard foar it earst organisearre yn 2006. Nettsjinsteande dy relative jonkheid is it troch de wichtigens fan 'e gaststêd Rome en de grutte ekonomyske ynvestearrings dy't deryn dien binne, yn dy koarte tiid útwoeksen ta ien fan 'e mear foaroansteande filmfestivals fan Jeropa. Yn Itaalje docht it inkeld ûnder foar it Ynternasjonaal Filmfestival fan Feneesje. It Ynternasjonaal Filmfestival fan Rome toant films út Itaalje, Jeropa en fan oer de hiele wrâld, wêrby't it sawol giet om fiksje as om dokumintêres.

Seksjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Cinema d'Oggi: in seleksje fan films fan jonge oankommende of al súksesfolle regisseurs
  • Gala: in seleksje fan 'e wichtichste films fan it jier
  • Mondo Genere: in seleksje fan films fan oer de hiele wrâld, dy't ta ferskillende sjenres hearre
  • Prospettive Italia: in seksje dy't bedoeld is om 'e nije trends yn 'e Italjaanske sinema foar it fuotljocht te bringen
  • Alice nella Città: in seleksje fan bernefilms, ferdield yn twa subseksjes, foar ûnder en boppe de tolve jier

Prizen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De folgjende prizen wurde op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Rome útrikt:

  • priis foar bêste film
  • priis foar bêste akteur
  • priis foar bêste aktrise
  • spesjale priis fan 'e sjuery
  • IMAIE-aktearpriis
  • BNL publykspriis foar de seksje Gala
  • publykspriis foar de seksje Cinema d'Oggi
  • publykspriis foar de seksje Mondo Genere
  • publykspriis foar de Italjaanske sinema (fiksje)
  • publykspriis foar de Italjaanske sinema (dokumintêres)

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.