Filmfestival fan Telluride

Ut Wikipedy
Filmfestival fan Telluride
Telluride Film Festival
plak en tiid
lân Feriene Steaten
steat Kolorado
plak Telluride
tiid fan it jier wykein nei de 1e moandei
   yn sept.
bysûnderheden
soarte evenemint filmfestival
bestean 1974 – no
org. troch National Film Preserve
offisjele webside
telluridefilmfestival.org

It Filmfestival fan Telluride (Ingelsk: Telluride Film Festival) is in filmfestival yn 'e stêd Telluride, yn 'e Amerikaanske steat Kolorado. It wurdt elts jier holden yn it wykein nei de earste moandei fan septimber, it wykein fan 'e Amerikaanske Dei fan 'e Arbeid.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Filmfestival fan Telluride waard yn 1974 oprjochte troch Bill en Stella Pence, Tom Luddy en James Card fan it Eastman-Kodak Film Preserve. It wurdt organisearre troch it Amerikaanske National Film Preserve (NFP). Yn 2007 loeken de Pences harren út 'e organisaasje werom. Julie Huntsinger en Gary Meyer waarden oannommen om fan dat jier ôf yn 'e mande mei Tom Luddy de organisaasje fan it festival te fersoargjen.

Telluride ûnder it filmfestival.

Yn 2010 gie it Filmfestival fan Telluride in partnerskip oan mei de toanielskoalle fan 'e Universiteit fan Kalifornje, Los Angeles (UCLA). Ut dy gearwurking kaam FilmLab fuort, in programma dat omtinken skinkt oan sawol filmkeunst as de filmyndustry. Yn it ramt fan dat projekt koene tsien selektearre studinten fan UCLA harren films fertoane op it filmfestival. Yn 2012 waard de gearwurking noch fuortsterke troch de oprjochting fan in filmprogramma op 'e Westwood-kampus fan UCLA.

Yn 2013 fierde it Filmfestival fan Telluride syn fjirtichste edysje mei de tafoeging fan in nije bioskoop, it Werner Herzog Theatre. Teffens waard er in ekstra dei oan it festivalprogramma taheakke.

Programma[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It meastepart fan it programma fan it Filmfestival fan Telluride bestiet út nije films. Der is in ûnskreaune regel dat bûtenlânske films noch net earder yn Noard-Amearika útbrocht wêze meie om ta it filmfestival talitten te wurden. Wat dat oanbelanget, hat it Filmfestival fan Telluride in geunstige datum op 'e filmfestivalkalinder: nei it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes en faak ek nei it Ynternasjonaal Filmfestival fan Feneesje (hoewol't dat ek wolris tagelyk falt), mar foàr it Ynternasjonaal Filmfestival fan Toronto en it Filmfestival fan New York.

Troch it oanlûken fan premiêres hat it Filmfestival fan Telluride de reputaasje krigen dat it wichtich is foar de ûntdekking fan nije films en filmmakkers. Sa waard bgl. dokumintêremakker Michael Moore bekend nei't yn 1989 syn dokumintêre Roger and Me op it Filmfestival fan Telluride fertoand wie. Itselde gou foar regisseur Robert Rodriguez, waans spylfilm El Mariachi yn 1992 yn Telluride yn premiêre gie. Ek films fan fêstige regisseurs binne gauris foar it earst te sjen op it Filmfestival fan Telluride, lykas Mulholland Drive fan David Lynch (2001), Brokeback Mountain fan Ang Lee (2005), Sully fan Clint Eastwood (2016), Moonlight fan Barry Jenkins (2016) en Lady Bird fan Greta Gerwig (2017).

Prizen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Filmfestival fan Telluride omfettet gjin wedstrydelemint tusken de films, mar der wurde elts jier wol trije filmmakkers en/of akteurs bekroane mei de Sulveren Medalje fan it Filmfestival fan Telluride. Lju dy't dy priis alris wûn hawwe, binne û.o. Francis Ford Coppola, Penélope Cruz, Daniel Day-Lewis, Catherine Deneuve, Clint Eastwood, Jodie Foster, Harvey Keitel, Ang Lee, David Lynch, Jack Nicholson, Meryl Streep en Peter O'Toole.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.