Springe nei ynhâld

Juno (film)

Ut Wikipedy
Juno
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Jason Reitman
produsint Lianne Halfon
John Malkovich
Mason Novick
Russell Smith
senario Diablo Cody
kamerarezjy Eric Steelberg
muzyk Mateo Messina
filmstudio Mandate Pictures
Mr. Mudd
distribúsje Fox Searchlight Pictures
spilers
haadrollen Ellen Page
Jason Bateman
Jennifer Garner
byrollen Olivia Thirlby
Michael Cera
J.K. Simmons
Allison Janney
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 5 desimber 2007
foarm langspylfilm
sjenre komeedzjedramafilm
taal Ingelsk
spyltiid 96 minuten
budget en resultaten
budget $6,5 miljoen
opbringst $231,4 miljoen
prizen 1 × Oscar
1 × BAFTA
2 × Satellite Award
3 × Independent Spirit Award

Juno is in Amerikaanske coming-of-age-komeedzjedramafilm út 2007 ûnder rezjy fan Jason Reitman, mei yn 'e haadrollen Ellen Page, Jennifer Garner en Jason Bateman. It ferhaal giet oer de sechstjinjierrige Juno MacGuff, dy't ûnbedoeld swier rekket en dan op jonge leeftyd beslissings nimme moat dy't har eigen libben en dat fan har ûnberne poppe duorjend beynfloedzje sille. De film waard foar it earst fertoand op it Filmfestival fan Telluride en wie ek te sjen op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Toronto. Juno krige fan 'e filmkritisy loovjende resinsjes, en yn 'e bioskopen, dêr't er mear as it 35-fâldige fan syn budget opbrocht, waard de film in grut kommersjeel súkses. Yn 2008 wûn Juno de Oscar foar bêste orizjinele senario, en teffens wûn de film in BAFTA, twa Satellite Awards en trije Independent Spirit Awards.

Juno MacGuff is in sechstjinjierrige learlinge oan 'e middelbere skoalle. Hja wennet mei har heit Mac, har styfmem Bren en har healsuske Liberty Bell yn it fiktive plak Dancing Elk, yn 'e Amerikaanske steat Minnesota. Nei't se seksuele omgong hân hat mei har freon en langjierrige bewûnderder Paulie Bleeker, ûntdekt se dat se swier rekke is. Yn 't earstoan is se fan doel om in abortus dwaan te litten, en dêr lit se har net fan ôfbringe troch Su-Chin, in klasgenoate dy't by de pleatslike abortusklinyk in ienpersoans-anty-abortusdemonstraasje hâldt. Ienris binnen fljocht it har lykwols oan troch de keale en suterige ynrjochting, de taktleaze ûntfangst troch de resepsjoniste, de trochkringende rook fan ûntsmettingsmiddel en de deprimearjende oare pasjinten yn 'e wachtkeamer.

Dat, Juno ferlit de klinyk sûnder wat bedijd te hawwen en beslút ynstee om fan har poppe te befallen en him dan ôf te stean foar adopsje. Mei har bêste freondinne Leah nimt se de kontaktadvertinsjes troch fan lju mei in bernewinsk dy't yn 'e pleatslike hûs-oan-hûsblêden steane. Sa fynt se Mark en Vanessa Loring, in ryk troud pear dat sels gjin bern krije kin. Stipe troch Leah fertelt Juno har heit en styfmem dat se swier rekke is en ek hokfoar oplossing se dêrfoar betocht hat. Mei har heit Mac giet se nei de Lorings, dy't yn grutte filla wenje yn in plak dat op in oere riden fan Dancing Elk leit. Fan it begjin ôf oan is dúdlik dat de bernewinsk foar it meastepart útgiet fan Vanessa. Nettsjinsteande dat klikt it fuortendaliks tusken Juno en Mark, dy't beiden gitaarspylje. Mei't de Lorings ek abbekate Gerta Rauss útnûge hawwe, kin der mei-iens in adopsjekontrakt sletten wurde.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Nei't se foar it earst in echoskopy meitsje litten hat (by in misledigjende echoskopiste dy't teplak set wurdt troch styfmem Bren), beslút Juno ympulsyf om 'e ôfdruk oan Vanessa sjen te litten, dy't frege hie om op 'e hichte holden te wurden fan alles dat mei it swierwêzen fan Juno te krijen hie. Vanessa is net thús, mar Mark wol, mei't er as komponist fan reklamejingles thúswurket. Se reitsje oan 'e praat en ûntdekke dat se fan 'e deselde punkmuzyk en horrorfilms hâlde. Mark hat foar syn houlik yn in rockband spile dy't sa súksesfol wie dat se sels yn Japan op toernee west hawwe, hoewol't syn oantinkens oan dy tiid no beheind binne ta ien keamer yn it mânske hûs, dy't Vanessa foar al Mark syn besittings útsparre hat.

As Juno dy jûns thúskomt en oan Bren fertelt wêr't se west hat en wat se dien hat, besiket har styfmem har út te lizzen dat famkes fan sechstjin net samar by troude manlju op besite gean kinne en dat se gjin idee hat fan 'e dynamyk tusken houlikspartners dêr't se sa frijmoedich mei omboartet. Juno fynt Bren har opmerkings mar healwiis en beslút har eigen sin te dwaan. Neitiid besiket se Mark geregeldwei thús en skillet se him ek gauris op. Yn it winkelsintrum komme Juno en Leah op in stuit Vanessa tsjin, dy't se earst fan in ôfstân sjogge wylst se hiel oandwaanlik yn 'e boartershoeke mei it dochterke fan ien fan har freondinnen boartet. Letter rinne se har suver letterlik tsjin it liif. Juno, dy't al in flinke búk hat, lit Vanessa dêr har hannen op lizze, en as Vanessa tsjn 'e poppe yn it limoer praat, skopt it bern foar har. De útdrukking op Vanessa har gesicht brekt Juno suver it hert.

Nei geraden dat it swierwêzen foarderet, wrakselet Juno mei har gefoelens foar Bleeker, de heit fan 'e poppe, dy't oerdúdlik fereale op har is. Nei bûten ta beart se dat er har ûnferskillich lit, mar as se fan Leah te hearren kriget dat er in oar famke, Katrina De Voort, frege hat om mei him nei it eindûnsfeest fan 'e skoalle te gean, stapt se nei him ta om him yn in opwâling fan jaloerskens it mannewaar op te sizzen. Bleeker bringt har lykwols yn it sin dat sy gjin ferkearing mei him hawwe woe en fertelt har dat se him dêrmei slim kwetst hat.

Net lang foar't se útrekkene is, wylst se op alle dagen rint, siket Juno op in kear Mark wer thús op. Hy lit har mank syn stripkolleksje, dy't yn doazen yn 'e kelder opslein leit, in manga sjen fan in swiere superheldinne dy't er ea yn Japan kocht hat. Se dûnsje dêr mei-inoar en it wurdt foar eltsenien útsein Juno dúdlik dat Mark gefoelens foar har ûntwikkele hat. Hy fertelt har dat er fan doel is om in skieding oan te freegjen en by Vanessa wei te gean. Dat nijs komt foar Juno as in tongerslach by heldere himel. Se is ûntsteld, om't dat betsjut dat de hiele adopsje op losse skroeven komt te stean. It begjint har boppedat te daagjen dat sysels mei har besykjes oan him mooglik oan dizze sitewaasje bydroegen hat. As Vanessa thúskomt en de oerstjoere Juno oantreft, wol se witte wat der oan 'e hân is. Dêrop fertelt Mark har dat er net ree is om heit te wurden en dat der noch in protte dingen binne dy't er dwaan wol ear't it safier is. Juno sjocht hoe't it houlik fan 'e Lorings útinoar falt en naait út.

Nei't se har auto oan 'e kant fan 'e wei stilset hat om út te gûlen, giet se nei hûs, dêr't se in petear mei har heit hat oer it houlik yn it algemien, sûnder him út te lizzen wat der bard is. Har heit fertelt har dat je it bêste ien sykje kinne om jins libben mei te dielen, dy't jin nimt sa't je binne. Juno beseft dêrtroch einlings dat Bleeker de wiere foar har is. Dyselde jûns noch riidt se werom nei it hûs fan 'e Lorings, dêr't se by de foardoar in bryfke efterlit en wer fuortgiet ear't der iependien wurdt. De oare deis siket se Bleeker op en fertelt him dat se fan him hâldt. Hy tutet har yn it iepenbier en se krije ferkearing.

Koarte tiid letter brekke Juno har fluezen, wêrnei't Mac en Bren har nei it sikehûs ta hastigje. Dêr befalt se fan in jonkje. Bleeker hat se net opskille, om't dy dy deis krekt in wichtige atletykwedstryd hat, mar as er Juno mist mank it publyk begjint him lang om let wat te daagjen en bejout er him op eigen manneboet en noch yn syn sportklean nei it sikehûs. Dêr arrivearret er as Juno krekt âldkreams is, op 'e tiid om har te treastgjen wylst se gûlt om 'e poppe dy't se nea kenne sil. Underwilens wurdt it jonkje op 'e baby-ôfdieling fan it sikehûs oerdroegen oan Vanessa, dy't in allinnichsteande mem wurdt. By har thús, oan 'e muorre fan 'e bernekeamer, hat se it bryfke fan Juno ynliste, mei de tekst: "Vanessa: Asto noch meidochst, doch ik ek noch mei. Juno." De film einiget by 't simmer as Juno en Bleeker, dy't no tige gelokkich mei-inoar binne, tegearre gitaarspylje en sjonge.

Ellen Page (foar't se útkaam foar in transseksuele identiteit en har namme feroare yn Elliot Page).
Jennifer Garner.
Jason Bateman.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Juno MacGuff Ellen Page (no Elliot Page)
Mark Loring Jason Bateman
Vanessa Loring Jennifer Garner


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Leah Olivia Thirlby
Paulie Bleeker Michael Cera
Mac MacGuff J.K. Simmons
Bren MacGuff Allison Janney
Gerta Rauss Eileen Pedde
Rollo, de winkelbetsjinde Rainn Wilson
Steve Randazo Daniel Clark
mem fan Bleeker Darla Vandenbossche
Vijay Aman Johal
Su-Chin Valerie Tian
resepsjoniste by abortusklinyk Emily Perkins
echoskopiste Kaaren De Zilva
learling by skiekunde Steven Christopher Parker
learling by skiekunde ♀ Candice Accola
Liberty Bell MacGuff Sierra Pitkin
dosint skiekunde Cut Chemist
stoer famke Eve Harlow
ferpleechkundige by befalling Kirsten Williamson
Katrina De Voort Ashley Williams
learaar Keith Conyers Colin McSween
dokter by befalling Joy Calmut

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Senarioskriuwster Diablo Cody waard frege om in senario te skriuwen troch filmprodusint Mason Novick. Dyselde wie ek dejinge dy't har earder yn kontakt brocht hie mei in útjouwer om har memoire Candy Girl: A Year in the Life of an Unlikely Stripper te publisearjen, nei't er har blôch oer strippen ûntdutsen hie. Hy woe dat se har boek sels omwurke ta in ferfilmber senario, mar rette har oan om earst by wize fan prebearsel in senario oer in ferhaal te skriuwen dêr't se net safolle persoanlik yn ynvestearre hie, sadat se dat oan 'e filmstudio's sjen litte koe. Dat prebearsel waard Juno.

Foar it skriuwen fan har skript die Cody ûndersyk nei de ferhalen fan echte adopsjebern, harren biologyske âlden en harren adopsje-âlden, ûnder wa har doetiidske man en syn famylje. Ek helle se ynspiraasje út 'e wiere belibbenissen fan in goede freondinne fan harres dy't op 'e middelbere skoalle swier rekke wie (lykas de beledigjende echoskopiste), wylst guon eleminten yn it senario oernommen wiene út har eigen ferline (de tic-tacslinende frijer, de bêste freondinne dy't in cheerleader wie en de tillefoan yn 'e foarm fan in hamburger). Cody skreau it skript oer in perioade fan sân wiken yn in kofjehûs yn Crystal (Minnesota).

Senarioskriuwster Diablo Cody wûn in Oscar foar har senario fan Juno.

Novick stjoerde it senario dat Cody him joech troch nei syn freon, regisseur Jason Reitman. Tsjin 'e tiid dat dy healwei mei lêzen wie, wist er dat er it senario sels regissearje moast as er net woe dat it him tenei altyd spite soe. It foel noch net ta om dat foarinoar te krijen, want Reitman syn earste film, Thank You for Smoking, wie op dat stuit noch net útkommen, dat hy hie gjin inkele reputaasje dêr't er as regisseur op bouwe koe. Uteinlik foel de kar foar rezjy dochs op him.

Doe moast de produksje fan wat in ûnôfhinklike film wie noch finansierd wurde, wat ek gâns fuotten yn 'e ierde hie. Nei't ferskate grutte studio's har ôfskrikke litten hiene troch it (foar Amerikaanske begripen) kontroversjele ûnderwerp, waard it úteinlik oppikt troch Mr. Mudd, de filmproduksjemaatskippij fan akteur John Malkovich. Ko-produsint Jim Miller brocht letter ek filmstudio Mandate Pictures oan board. Njonken Novick en Malkovich wiene ek Lianne Halfon en Russell Smith as filmprodusinten yn it projekt behelle. Der wie foar Juno in budget beskikber fan $6,5 miljoen.

Regisseur Jason Reitman hie fuortendaliks Ellen Page al yn 'e holle foar de titelrol, mei't er har aktearjen yn Hard Candy bewûndere hie. Page wie op dat stuit tweintich jier en moast in famke fan sechstjin spylje. (Hja identifisearre har op dat stuit ek noch as frou, hoewol't se neitiid út 'e kast kaam as transseksueel harsels omneamde ta Elliot Page.) J.K. Simmons, mei wa't Reitman gearwurke hie foar syn earste film Thank You for Smoking, caste Reitman yn 'e rol fan Mac, de heit fan Juno. Olivia Thirlby, dy't earder om 'e nocht audysje dien hie foar de rol fan Juno, parte er de rol fan har bêste freondinne Leah ta. Jennifer Garner, akseptearre in leger salaris as foar har gebrûklik wie sadat se de rol fan Vanessa Loring spylje koe. By har earste moeting mei Reitman rette se foar de rol fan Mark Loring Jason Bateman oan, mei wa't se koartby gearwurke hie oan The Kingdom.

Opnamen en postproduksje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De opnamen foar Juno fûnen plak yn in perioade fan seis wiken yn febrewaris en maart 2007 yn Vancouver en omkriten, yn 'e Kanadeeske provinsje Britsk-Kolumbia (hoewol't de film spilet yn 'e Amerikaanske steat Minnesota). De Eric Hamber Secondary School yn Vancouver gie troch foar de fiktive Dancing Elk High School yn 'e film, en de filla fan 'e Lorings stiet eins yn White Rock (Britsk-Kolumbia), in foarstêd fan Vancouver. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Eric Steelberg. It wie de bedoeling om foar de wintersênes keunstsnie oanmeitsje te litten, mar it tafal woe dat it op in stuit ûnder de opnamen wier begûn te snijen. Dêrop smiet Reitman it opnameskema om en filme de wintersênes ear't de snie wer fuortteie koe. Dat resultearre yn folle bredere sniebylden as oarspronklik de bedoeling west hie.

Under de postproduksje fan 'e film waard de filmmuzyk tafoege dy't fersoarge waard troch Mateo Messina en dy't ferskate lieten fan Kimya Dawson omfette.

De distribúsje fan Juno waard fersoarge troch Fox Searchlight Pictures. De film waard foar it earst fertoand, yn 'e foarm fan in preview, op 1 septimber 2007 op it Filmfestival fan Telluride. Dêrnei fûn de earste offisjele fertoaning plak op 8 septimber 2007 op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Toronto, dêr't de film fan it publyk nei ôfrin in steande ovaasje krige. Juno makke neitiid in triomftocht fia it Filmfestival fan Austin, it Ynternasjonaal Filmfestival fan Rome, it BFI-Filmfestival fan Londen, it Ynternasjonaal Filmfestival fan de Bahama's, it Ynternasjonaal Filmfestival fan St. Louis, it Ynternasjonaal Filmfestival fan Stokholm, it Ynternasjonaal Filmfestival fan Tessaloniki, it Ynternasjonaal Filmfestival fan Gijón, it Ynternasjonaal Filmfestival fan Palm Springs en it Ynternasjonaal Filmfestival fan Rotterdam. Op 5 desimber 2007 iepene de film yn in beheind tal bioskopen yn 'e Feriene Steaten, wêrnei't er op 25 desimber oeral yn it lân beskikber kaam.

Erica Hamber Secondary School yn Vancouver gie yn 'e film troch foar de fiktive Dancing Elk High School.

It by Juno hearrende soundtrackalbum mei deselde namme kaam op 11 desimber 2007 út mei muzyk fan û.o. Kimya Dawson, The Kinks, Buddy Holly en The Velvet Underground. Op 15 april 2008 waard de film útbrocht op dvd en blu-ray.

Juno krige rûnom loovjende resinsjes fan 'e filmkritisy. Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times, bygelyks, joech de film 4 fan 4 stjerren en neamde him "sa'n bytsje de bêste film fan it jier". Krapoan in moanne letter parte er Juno it earste plak ta op syn list fan bêste films fan 2007. Der wiene lykwols ek guons dy't it dêr beslist net mei iens wiene. Sa fûn David Edelstein fan it tydskrift New York dat de film opdwaanderich wie en wanhopige graach hip fûn wurde woe troch de jongerein, wylst Jim DeRogatis, in muzykkritikus yn 'e Chicago Sun-Times, de film "hate, hate, hate", û.m. om wat er seach as nonsjalânse foar abortus oer en om Juno har naïviteit by it swierwurden.

Frjemd genôch krige Juno yn 'e Feriene Steaten, in lân dat oant op 'e bonke ferdield is oer it ferskynsel abortus, sawol krityk as lof fan sawol de anty-abortusbeweging as de abortusrjochte-aktivisten. Diablo Cody, dy't útsprutsen foar it rjocht op abortus is, hat neitiid sein dat se efterôf spyt hat en dat se it senario net skreaun hawwe soe as se witten hie dat in protte lju it as in anty-abortusfilm opfetsje soene.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Juno in tige heech goedkarringspersintaazje fan 94%, basearre op 217 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] is ien fan 'e fernimstichste, grappichste komeedzjes fan it jier, wêrfan't skript en rezjy, dy't poerbêst binne, belike wurde troch de wisse optredens [fan 'e akteurs] yn in coming-of-ageferhaal mei in 21e-iuwske draai." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Juno in goedkarringspersintaazje fan 81%, basearre op 38 resinsjes.

Juno fertsjinne syn budget yn tweintich dagen werom, wêrfan't er de earste njoggentjin dagen mar yn in beheind tal bioskopen te sjen wie. Yn totaal brocht de film yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $143,5 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $87,9 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $231,4 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $6,5 miljoen betsjut dat in winst fan $224,9 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie de film ien 'e bêst prestearjende films fan 2007.

Yn 2008 waard Juno by de Oscars nominearre foar prizen yn fjouwer kategoryen, wêrûnder bêste film, bêste regisseur en bêste aktrise (Ellen Page). De film wûn de Oscar foar bêste orizjinele senario (Diablo Cody). Juno waard ek nominearre foar trije Golden Globes, wêrûnder dy foar bêste komeedzjefilm of musical. De film wûn fierders de BAFTA foar bêste orizjinele senario, Satellite Awards foar bêste komeedzjefilm of musical en bêste aktrise yn in komeedzjefilm of musical (Page), de Independent Spirit Awards foar bêste film, bêste froulike haadrol (Page) en bêste earste senario (Cody), en de Critics' Choice Award foar bêste komeedzje. Ek waard Juno op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Rome útornearre as bêste film.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.