Springe nei ynhâld

New York (tydskrift)

Ut Wikipedy
New York
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Amerikaansk
taal Ingelsk
sjenre opinyblêd
frekwinsje 1x yn 'e 14 dagen
bestean 1968 – no
oprjochter Milton Glaser en Clay Felker
plak haadred. New York (New York)
útjouwer New York Media
oplaach 406.237 (2014)
ISSN 0028-7369
offisjele webside
nymag.com

New York, inkeld ek wol oantsjut as NY Magazine, is in Amerikaansk opinyblêd dat ienris yn 'e fjirtjin dagen ferskynd. It publisearret oer kultuer, polityk en lifestyle mei de klam op 'e stêd New York, hoewol't der yn 'e ienentweintichste iuw almar mear artikels fan nasjonaal en ynternasjonaal belang yn ferskynden. By syn oprjochting yn 1968 wie New York bedoeld as in konkurrint foar The New Yorker, in oar Amerikaansk opinyblêd. Sûnt it blêd yn 2004 folslein op 'e nij ûntwurpen is, hat it mear National Magazine Awards wûn as hokker oar tydskrift ek. New York wurdt útjûn troch New York Media, dat sûnt 2019 in ûnderdiel fan Vox Media is.

De skiednis fan New York giet tebek oant 1963, doe't it oprjochte waard as in sneinskatern yn tydskriftfoarm fan 'e New York Herald Tribune. Doe't dy krante yn 1967 opdoekt waard, kochten de lêste haadredakteur fan it katern, Clay Felker, en syn sakepartner Milton Glaser de rjochten op New York en makken der in selsstannich tydskrift fan dat ienris yn 'e fjirtjin dagen ferskynde. De earste edysje kaam út op 8 april 1968. It blêd wie yn 't earstoan bedoeld om te konkurrearjen mei in oar en al folle langer besteand opinyblêd, The New Yorker.

Yn 'e iere jierren wie New York tige fokust op 'e stêd New York en hie it blêd in progressive, suver aktivistyske sinjatuer. Felker stalde in redaksje gear dêr't û.o. Gloria Steinem, Barbara Goldsmith en Gail Sheehy diel fan útmakken. Regisseur Woody Allen droech koarte ferhalen by. De redaksje wie fêstige op 'e boppeste ferdjipping fan 'e âlde Tammany Hall oan 207 East 32nd Street, dy't Glaser yn eigendom hie. Geandewei de 1970-er jierren wreide Felker it redaksjoneel eachweid fan New York út nei nasjonale oangelegenheden; sa publisearre er wiidweidich oer presidint Richard Nixon en it Watergate-skandaal.

Yn 1976 kaam New York troch in fijannige oername yn 'e hannen fan 'e aartskonservative Australyske mediatycoon Rupert Murdoch. Dy syn earste die as nije eigner wie om Felker en Glaser derút te smiten. Under in opienfolging fan nije haadredakteurs makke it tydskrift dêrnei in skuor nei rjochts. Yn 1980 waard Edward Kosner haadredakteur, ûnder waans lieding New York in griemmank fan lifestyleferhalen, aktualiteiten en lange artilels oer winkeljen en oare konsuminte-ûnderwerpen publisearre.

Murdoch ferkocht al syn tydskriften yn 1991 oan K-III Communications, in bedriuw dat behearske waard troch finansier Henry Kravis. Yn 1993 rekke Kosner frustrearre troch druk om te besunigjen en stapte er oer nei Esquire. Syn opfolger Kurt Andersen brocht in hiele kloft eigen sjoernalisten mei, dy't New York feroaren yn in blêd mei in jonger oansjen en in heger tempo. Yn 2001 krige it blêd syn earste webside, nymetro.com.

Yn 2004 krige it tydskrift in folsleine make-over, wêrby't it op 'e nij in moderner oansjen krige. Der waarden ek twa nije seksjes tafoege: The Strategist, oer nije apparatuer, en The Culture Pages, oer de keunstwrâld fan New York. Neitiid wûn New York mear National Magazine Awards as lykfol hokker oar Amerikaansk tydskrift, wêrûnder yn 2013 de priis foar tydskrift fan it jier. Begjin 2019 foelen der by besunigings ûntslaggen op 'e redaksje. Op 24 septimber fan dat jier makke Vox Media bekend dat it New York Media (en dêrmei New York) oankocht hie.

Yn 2014 hie New York in oplaach fan 406.237 eksimplaren. Dat wei mar justjes leger as yn 2009, fiif jier earder, doe't fan eltse edysje fan it blêd 408.622 ferkocht waarden. Fan 'e ynkomsten fan New York wurdt 95.8% út abonneminten helle en mar 4,2% út advertinsjes.

Begjin 2006 sette New York útein mei in agressive digitale útwreiding troch in werlansearring fan 'e webside nymetro.com ûnder de namme nymag.com. Dêrnjonken waard yn 2007 Vulture oprjochte, in bloch oer popkultuer. The Cut is in oare webside dy't yn 2008 úteinsette as seksje fan nymag.com, mar yn 2012 fierder gie as selsstannich webstee. Oarspronklik gie The Cut oer moade, mar al rillegau ferskode de fokus nei frouljusûnderwerpen yn it algemien. Yn 2018 rjochte New York Media, de útjouwerij fan New York, in paywall op foar alle ynhâld fan syn websiden.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.