Springe nei ynhâld

Ynternasjonaal Filmfestival fan Rotterdam

Ut Wikipedy
Ynternasjonaal Filmfestival
fan Rotterdam
plak en tiid
lân Nederlân
provinsje Súd-Hollân
gemeente Rotterdam (gemeente)
plak Rotterdam (stêd)
holden yn ferskaat, sjoch tekst hjirre
tiid fan it jier ein jannewaris
bysûnderheden
ôfkoarting IFFR
soarte evenemint filmfestival
bestean 1972 – no
oprjochter Huub Bals
offisjele webside
www.iffr.com

It Ynternasjonaal Filmfestival fan Rotterdam (offisjele, Ingelsktalige namme: International Film Festival Rotterdam), ôfkoarte ta IFFR, is in filmfestival dat elts jier oan 'e ein fan jannewaris yn 'e Nederlânske stêd Rotterdam holden wurdt. It is it grutste, wichtichste en ynfloedrykste filmfestival fan Nederlân. It evenemint waard yn 1972 oprjochte en hat him sûnt dy tiid foar it meastepart wijd oan it presintearjen fan eksperimintele en ûnôfhinklike films en it wurk fan begjinnende filmmakkers. De seleksje dy't yn it ramt fan it festival fertoand wurdt, benammen wat de koarte films oanbelanget, bestiet sadwaande fierhinne út filmhûsfilms. Lykwols wurde elts jier ek inkele A-films dy't troch de filmyndustry yn Hollywood produsearre binne, oan 'e seleksje tafoege. De wichtichste priis dy't op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Rotterdam útrikte wurdt, is de Tiger Award.

De earste edysje fan it Ynternasjonaal Filmfestival fan Rotterdam waard yn juny 1972 organisearre û.l.f. Huub Bals. It barren hiet doe noch "Film International". Foar it logo fan it evenemint waard in tiger útkeazen, dy't loskes basearre wie op Leo, de liuw yn it logo fan 'e Amerikaanske filmstudio Metro-Goldwyn-Mayer (MGM). Fan it begjin ôf profilearre it festival him as in promoater fan alternative, ynnovative en net-kommersjele films, dy't benammen ôfkomstich binne út it Fiere Easten en ûntwikkelingslannen.

Om 1983 hinne waard CineMart oprjochte troch it Ynternasjonaal Filmfestival fan Rotterdam, om as in reguliere filmmerk te tsjinjen (in platfoarm foar it ferhanneljen fan films). Letter waard it sakemodel fan CineMart oanpast sadat it ynstee in 'ko-produksjemerk' waard, dy't bedoeld is om produsinten en regisseurs fan films yn kontakt te bringen mei mooglike ko-produsinten en finansiers.

Nei't Huub Bals, de oprjochter en direkteur fan it Ynternasjonaal Filmfestival fan Rotterdam, yn 1988 hommels kaam te ferstjerren, waard der in nei him ferneamde stifting oprjochte, it Hubert Bals Fonds, om filmmakkers út ûntwikkelingslannen finansjeel te stypjen. It festival krige nei de dea fan Bals syn hjoeddeistige namme.

Nettsjinsteande finansjele swierrichheden yn 'e midden fan 'e 1980-er jierren is it Ynternasjonaal Filmfestival fan Rotterdam sûnt syn oprjochting mei eltse edysje stadichoan fierder groeid. It net-kompetative karakter fan it Ynternasjonaal Filmfestival fan Rotterdam feroare yn 1995, doe't de Tiger Awards (yn 't earstoan de VPRO Tiger Awards) yntrodusearre waarden. Dat wiene trije op jierlikse basis útrikte prizen, ferneamd nei it logo fan it festival, foar begjinnende filmmakkers foar harren earste of twadde film.

Direkteurs fan it Ynternasjonaal Filmfestival fan Rotterdam

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It festival hjoed de dei

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2015 waard it Ynternasjonaal Filmfestival fan Rotterdam besocht troch mear as 300.000 belangstellenden. Sûnt 2017 fine de filmfertoanings yn it ramt fan it festival plak yn 'e folgjende Rotterdamske bioskopen: Pathé Schouwburgplein, Kino, Cinerama, LantarenVenster, it Alde Luxor, de Rotterdamske Skouboarch, De Doelen en Worm. It festival hat in hantsjefol meiwurkers yn leantsjinst, mar draait benammen op in lytse tûzen frijwilligers, dy't yn ruil foar harren warberens fergees alle films sjen meie en beskate oare privileezjes krije.

Elts jier giet op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Rotterdam it grutste part fan 'e filmhûsfilms yn premiêre dy't it neikommende jier yn 'e filmhuzen en bioskopen yn 'e rest fan Nederlân te sjen wêze sille. Dêrby steane lytsere, eksperimintele en ûnôfhinklike films sintraal fan regisseurs dy't ornaris net bot bekend binne. Wol wurde der yn 'e regel inkele gruttere Hollywood-produksjes oan 'e seleksje tafoege.

Njonken de eigentlike filmfertoanings bestiet it Ynternasjonaal Filmfestival fan Rotterdam út programma-ûnderdielen om produksjes hinne dy't finansierd binne troch it Hubert Bals Fonds, retrospektiven yn it ramt fan 'e seksje 'Filmmakkers yn Fokus', foarumdiskusjes en tentoanstellings fan fideokeunst. Dêrnjonken wurdt tagelyk mei it festival de CineMart holden, dêr't filmmakkers yn kontakt komme kinne mei ko-produsinten en finansiers. Fierders wurde op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Rotterdam ferskate prizen útrikt, mei as wichtichsten de Tiger Awards.

De wichtichste priis dy't op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Rotterdam útrikt wurdt, is de Tiger Award (foar de bêste lange film). Dy priis ûntstie yn 1995 en waard oant en mei 2010 sponsore troch de omrop VPRO; dêrom stied er yn dy tiid ek bekend as de VPRO Tiger Award. Yn 2011 waard deselde priis presintearre troch it Prins Bernhard Kultuerfûns en sûnt 2012 troch humanistyske stifting Hivos. Dêrom sprekt men no ek wol fan 'e Hivos Tiger Award. Sûnt 2016 wurdt de priis útrikt oan ien regisseur, foar syn earste of twadde film (earder wiene der trije lykweardige prizen). De kompetysje bestiet elts jier út in seleksje fan acht films út alle dielen fan 'e wrâld. Oan 'e Tiger Award is in jildbedrach fan 40.000 ferbûn.

Sjoch foar in folsleine (en byholden) list mei winners fan 'e Tiger Award (foar lange film) dizze side op 'e Nederlânsktalige Wikipedy.

Oare prizen dy't op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Rotterdam ferjûn wurde, binne:

  • de Spesjale Priis fan 'e Sjuery – wurdt troch in faksjuery útornearre foar in bûtengewoan keunstsinnige prestaasje op it mêd fan filmmeitsjen (hjiroan is in jildbedrach fan €10.000 ferbûn)
  • de Publykspriis – hjirfan wurdt de winner bepaald troch it gemiddelde fan 'e rapportsifers (op in skaal fan 1 oant 5) dy't besikers fan it festival alle fertoande films jouwe (hjiroan is ek in jildbedrach ferbûn fan €10.000)
  • Tiger Award foar Koarte Film – út 'e seleksje oan koarte films fan it festival kiest in ynternasjonale faksjuery trije lykweardige winners dy't alle trije in priis fan €3.000 krije
  • MovieZone Award – útrikt troch in jongereinsjuery
  • Dioraphte Award – priis fan it Hubert Bals Fûns ter wearde fan €10.000, wêrfan't de winner troch in ynternasjonale faksjuery útornearre wurdt
  • FIPRESCI Award – sûnt 1990 op it festival útrikt troch in sjuery fan ynternasjonale filmkritisy ûnder auspysjes fan 'e Ynternasjonale Federaasje fan Filmkritisy (FIPRESCI)
  • KNF Award – sûnt 1983 wurdt troch de Kring Nederlânsk Filmsjoernalisten (KNF) in film selektearre wêrfan't de distribúsje yn Nederlân befoardere wurdt troch fergese ûndertiteling
  • NETPAC Award – priis foar de bêste Aziatyske film fan it festival, útrikt troch it Network for the Promotion of Asian Cinema (NETPAC)
  • Arte France Cinéma Award – in jildpriis dy't troch Arte France Cinéma útrikt wurdt oan 'e produsinten foar it finansieren fan 'e film dy't de Tiger Award foar lange film wûn hat, mei as doel om 'e ûntwikkeling en produksje fan ûnôfhinklike films oan te fiterjen
  • Eurimages Award – sûnt 2011 útrikt foar it bêste CineMart-projekt dat in Jeropeeske ko-produksje is (mei in jildbedrach fan €30.000)

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side en Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side