Springe nei ynhâld

Lost in Translation (film)

Ut Wikipedy
Lost in Translation
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Sofia Coppola
produsint Ross Katz
Sofia Coppola
útfierend
   produsint
Francis Ford Coppola
Fred Roos
senario Sofia Coppola
kamerarezjy Lance Acord
muzyk Brian Reitzell
filmstudio American Zoetrope
Elemental Films
distribúsje Focus Features (Noard-Amearika)
Tohokushinsha Film (Japan)
spilers
haadrollen Bill Murray
Scarlett Johansson
byrollen Giovanni Ribisi
Anna Faris
Fumihiro Hayashi
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
Japan
premiêre 12 septimber 2003
foarm langspylfilm
sjenre romantysk komeedzjedrama
taal Ingelsk en Japansk
spyltiid 102 minuten
budget en resultaten
budget $4 miljoen
opbringst $118,7 miljoen
prizen 1 × Oscar
3 × Golden Globe
3 × BAFTA
1 × César du Cinéma
3 × Satellite Award

Lost in Translation is in Amerikaansk-Japansk romantysk komeedzjedrama út 2003 ûnder rezjy fan Sofia Coppola, mei yn 'e haadrollen Bill Murray en Scarlett Johansson. De titel betsjut "Ferlerngien by de Fertaling". It ferhaal folget de stadichoan yn 'e ferjitnis reitsjende Hollywood-filmstjer Bob Harris, dy't in midlifekrisis ûndergiet, by in besyk oan Japan, dêr't er foar grou jild in reklamespotsje opnimt. Bûten de opnamen om slacht de ferfeling ta, oant er yn 'e bar fan syn hotel de jonge Amerikaanske troude frou Charlotte moetet, mei wa't er it nachtlibben fan Tokio ferkent. De motiven fan 'e film binne ferfrjemding en diskonneksje tsjin 'e eftergrûn fan 'e kultuerskok dy't Amerikanen yn Japan belibje, en in atypyske ôfskildering fan romantyk. Lost in Translation waard foar it earst fertoand op it Filmfestival fan Telluride. De film krige tige positive resinsjes fan 'e filmkritisy en wûn in Oscar, trije Golden Globes, trije BAFTA's, in César du Cinéma, trije Satellite Awards en ferskate oare prizen. Ek yn 'e bioskopen wie Lost in Translation in grut súkses.

Bob Harris is in eardere Amerikaanske filmstjer dy't al lang oer it hichtepunt fan syn karriêre hinne is. Hoewol't er folle leaver earne op it toaniel stien hie, reizget er nei de Japanske haadstêd Tokio om dêr foar $2 miljoen in reklamespotsje op te nimmen foar Suntory, in Japansk merk whisky. Op syn bestimming arrivearre, ferbliuwt er yn it Park Hyatt Tokio, in tige lúks hotel yn 'e Tokiooske binnenstêd. Harris hat priveeproblemen yn 'e foarm fan in midlifekrisis en in 25-jierrich houlik dat yn syn foegen kreaket, mei dêropta oanhâldende sliepeleazens. Dat wurdt allegear noch oanboaze troch de kultuerskok en de taalkleau dêr't er yn Japan ûnder te lijen hat, en de folsleine ferfeling dy't him bûten syn wurkdei om treft.

Charlotte, in jonge frou dy't koartby ôfstudearre is oan 'e Universiteit fan Yale mei as haadfak filosofy, is in Amerikaanse dy't ek yn it Park Hyatt ferbliuwt. Hja is dêr mei har man John, mei wa't se no twa jier troud is. John is in fierd fotograaf, dy't lange dagen makket foar syn wurk, wylst Charlotte dan allinne efterbliuwt. Krekt as Harris ferfeelt se har alderferskuorrendst en liedt se oan sliepeleazens. Ek ûndergiet se in gefoel fan desoriïntaasje troch kultuerskok. It gebrek oan oandacht dat se fan John kriget, makket dat se harsels fragen begjint te stellen oer har houlik. Dêrnjonken is se ûnwis oer har takomst, mei't se as filosofe gjin inkeld útsjoch op in baan hat, sadat se gjin flau idee hat hoe't har libben der oer in pear jier útsjen sil. Sawol Harris as Charlotte sykje te neare nacht gauris de bar fan it hotel op om 'e tiid te ferdriuwen mei drinken en smoken.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Charlotte fettet ôfkear op foar de leechhollige Kelly, in Hollywood-aktrise dy't yn it Park Hyatt ferbliuwt om yn Japan in aksjefilm te promoatsjen. Hja hat kunde oan John, en dat se har oanhâldend loovjend útlit oer syn kwaliteiten as fotograaf stjit Charlotte noch mear ôf. Harris hat deselde reäksje op oerentûsjaste fans fan him, sawol Japanners as Amerikanen, dy't har oan him opkringe en fragen stelle wolle oer films dy't er yn it ferline makke hat.

Nei't se inoar ferskate kearen yn 'e hotelbar sjoen hawwe, begjinne Harris en Charlotte út en troch in praatsje te meitsjen. As John op in stuit foar syn wurk in stikmannich dagen op lokaasje oan 'e gong moat yn in oar part fan Japan, beslút Charlotte yn it hotel te bliuwen. Se nûget dy jûns Harris út om mei de stêd yn te gean, dêr't se ôfsprutsen hat mei in Japanske freon fan har en John, dy't bekend stiet as 'Charlie Brown' (in bynamme dy't er krigen hat om't er sa op it personaazje mei dy namme yn 'e strip Snoopy lykje soe). Charlotte en Harris foarmje in bân troch in oangename jûn mei karaoke yn it nachtlibben fan Tokio troch te bringen.

De dagen dêrnei bringe se mear tiid tegearre troch, eat dêr't se allebeide nei begjinne út te sjen yn 'e dielen fan 'e dei dat se oare dingen dogge. Harren freonskip wurdt hechter. Op in nacht dat se net ien fan beiden sliepe kinne, diele se op platoanyske wize in bêd wylst se in djipdollend petear fiere oer Charlotte har ûnwissichheid oer de takomst, Harris syn houlik en it libben yn it algemien.

As Charlotte op 'e ien nei lêste dei fan Harris syn ferbliuw yn Japan in útstapke makket nei de hillige berch Fuji, dêr't se pas tige let fan weromkomt, sit Harris dy jûns allinne yn 'e hotelbar te drinken. Dêr jout de sjongster út 'e bar, in Amerikaanse, har by him. Nei't er dy jûns te djip yn it gleske sjoen hat, wurdt Harris de oare moarns wekker en ûntdekt er dat er mei it frommes op bêd rekke is en oerhoer bedreaun hat. Charlotte komt by syn hotelkeamer oan 'e doar om him út te nûgjen om mei har te iten, en heart yn 'e badkeamer de frou sjongen. Dat liedt ta spanning tusken harren by it iten, dat se al trochsette.

Dy jûns komme Harris en Charlotte inoar wer tsjin en fertelt er har dat er de oare deis op hûs oan sil. Se fermoedsoenje har mei-inoar, om't Charlotte beseft dat Harris eigen baas is, en dat er neat dien hat dêr't sy net yngeand oer neitocht hat. Se fertelle inoar dat se inoar misse sille en besykje foar de lêste kear tegearre de hotelbar. De oare moarns, as Harris it hotel ferlit, nimme hy en Charlotte oprjocht, mar koart en ûnbefredigjend ôfskie yn 'e lobby foar't er ôfset nei de lofthaven. As er yn in taksy by it hotel weiriidt, sjocht Harris Charlotte troch in drokke winkelstrjitte rinnen, lit de auto hohâlde en giet har efternei. Se krûpe inoar oan, hy flústeret har wat yn 't ear en se tútsje inoar hertstochtlik op 'e mûle, foar't se op 'e nij ôfskie nimme en Harris wer ynstapt om fuort.

Bill Murray yn 2014.
Scarlett Johansson.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Bob Harris Bill Murray
Charlotte Scarlett Johansson


byrollen
personaazje akteur/aktrise
John Giovanni Ribisi
Kelly Anna Faris
'Charlie Brown' Fumihiro Hayashi
sjongster Catherine Lambert
'Bambie' Daikon
regisseur reklamespotsje Yutaka Tadokoro
fotograaf Tetsuro Naha
fertsjintwurdichster Suntory Jun Maki
frou Kawasaki Akiko Takeshita
premium fantasy-frommes Nao Asuka
pianist François du Bois
gitarist Tim Leffman
p.r.-agint #1 Kazuyoshi Minamimagoe
p.r.-agint #2 Kazuko Shibata
p.r.-agint #3 Take
hotelresepsjonist Ryuichiro Baba
pikkolo Akira Yamaguchi

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lost in Translation waard regissearre troch Sofia Coppola, de dochter fan 'e ferneamde Amerikaanske filmmakker Francis Ford Coppola, nei in senario fan harsels. Hja begûn it skript te skriuwen nei't se tiid yn Tokio trochbrocht hie en in swak foar dy stêd krigen hie. It ferhaal moast oer twa personaazjes gean dy't in (yn har wurden) "romantyske melankelikens" ûndergiene yn it Park Hyatt Tokio, itselde hotel dêr't sysels ferbleau doe't se yn 1999 har earste langspylfilm The Virgin Suicides promoate.

Fan it begjin ôf oan hie Coppola foar de rol fan Bob Harris de Amerikaanske komyk en akteur Bill Murray yn gedachten. Se besocht him mear as in jier lang safier te krijen dat er de rol oannimme soe, wêrby't se him ûnophâldlik bestookte mei tillefoantsjes en brieven. Hoewol't Murray op 't langelêst tajoech en tasei dat er de rol spylje soe, tekene er dêrta gjin kontrakt. Coppola joech in fjirdepart út fan 'e $4 miljoen dy't se foar har ûnôfhinklike film as budget gearskrabe hie, sûnder der wis fan te wêzen oft Murray wol opdaagjen kommen soe. Doe't dat wol it gefal bliek te wêzen, fielde se, nei eigen sizzen, grutte ferromming.

As produsinten wiene Ross Katz en Coppola sels by it projekt belutsen foar de filmstudio's American Zoetrope en Elemental Films. Har heit Francis Ford Coppola en Fred Roos fungearren as útfierende produsinten. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Lance Acord. De opnamen foar Lost in Translation setten op 29 septimber 2002 útein op lokaasje yn it Park Hyatt Tokio en duorren 27 dagen. Coppola hold har datoangeande oan in strak skema en brûkte in sa lyts mooglike filmcrew en sa min mooglik ark en reau. Acord makke foar syn opnamen sa faak as mar mooglik wie, gebrûk fan beskikber ljocht ynstee fan keunstmjittige beljochting. Op in protte filmlokaasjes yn Tokio en oare dielen fan Japan waarden tafallige foarbygongers ynset as figuranten.

Regisseur Sofia Coppola.

De postproduksje duorre tsien wiken, wêrby't filmeditor Sarah Flack en Sofia Coppola de filmmontaazje diene, wylst de filmmuzyk gearstald waard ûnder tafersjoch fan Brian Reitzell.

De distribúsje fan Lost in Translation waard yn 'e Feriene Steaten en Kanada fersoarge troch Focus Features en yn Japan troch Tohokushinsha Film. Focus Features die war en hâldt de marketingkosten sa leech mooglik. De film waard foar it earst fertoand op 29 augustus 2003 op it Filmfestival fan Telluride yn Colorado. Lost in Translation wie twa dagen letter ek te sjen op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Feneesje en op 5 septimber op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Toronto, foar't de film op 12 septimber 2003 yn 'e Amerikaanske bioskopen iepene. Yn Japan kaam er pas op 17 april 2004 yn 'e bioskoop. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 9 septimber 2003 by platemaatskippij Emperor Norton Records. Lost in Translation kaam op 3 febrewaris 2004 út op dvd en op 7 desimber 2010 ek op blu-ray.

Fan 'e filmkritisy krige Lost in Translation oer it algemien tige positive resinsjes. Lisa Schwarzbaum fan it tydskrift Entertainment Weekly hie benammen lof foar it aktearjen fan Bil Murray, dat se in Oscar wurdich fûn. Yn 'e Los Angeles Times priizge Kenneth Turan fral de rezjy fan Sofia Coppola, dy't neffens him in "ta folle waaksdom kommen talint" markearre. De rol fan Scarlett Johansson as Charlotte waard troch in protte kritisy beskôge as in trochbraakrol.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Lost in Translation in tige heech goedkarringspersintaazje fan 95%, basearre op 233 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: Mei't se op effektive wize humor yn lykwicht hâldt mei subtile oandwaanlikens, makket Sofia Coppola in oangripend, melankelyk ferhaal dat tsjinnet as presintaasje fan [it talint fan] Bill Murray sawol as [dat fan] Scarlett Johansson." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Lost in Translation in goedkarringspersintaazje fan 89%, basearre op 44 resinsjes.

Foar de opnamen fan Lost in Translation, lykas op it Oerstekplak Shibuya, waarden foarbygongers ynset as figuranten.

Lost in Translation brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $44,6 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $74,1 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $118,7 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $4 miljoen betsjut dat in winst fan $114,7 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.

Yn 2004 waard Lost in Translation nominearre foar fjouwer Oscars, wêrûnder de prizen yn 'e kategoryen bêste film, bêste regisseur (Sofia Coppola) en bêste akteur (Bill Murray). De film wûn de Oscar foar bêste orizjinele senario (Coppola). Datselde jiers waard Lost in Translation ek nominearre foar fiif Golden Globes, wêrûnder yn 'e kategoryen bêste regisseur en bêste aktrise yn in musical of komeedzjefilm (Scarlett Johansson). De film wûn trije Golden Globes, foar bêste film (musical of komeedzje), bêste akteur (Murray) en bêste senario.

Yn it bûtenlân waard Lost in Translation by BAFTA's, de wichtichste Britske filmprizen, nominearre yn acht kategoryen en wûn trije prizen, foar bêste akteur (Murray), bêste aktrise (Johansson) en bêste filmmontaazje (Sarah Flack). De film wûn om utens ek de Frânske César du Cinéma foar bêste bûtenlânske film, de Dútske Deutscher Filmpreis foar bêste bûtenlânske film, de Russyske Gouden Earn foar bêste film yn in bûtenlânske taal, de priis foar bêste film op it Ynternasjonaal Filmfestival fan São Paulo, en de Gouden Kinnaree fan it Ynternasjonaal Filmfestival fan Bangkok. Ek waard de film nominearre foar de Australyske AFI Award foar bêste bûtenlânske film en de Sweedske Guldbagge foar bêste bûtenlânske film.

By de Satellite Awards waard Lost in Translation nominearre yn fiif kategoryen en wûn de film de prizen foar bêste film (musical of komeedzje), bêste akteur (Murray) en bêste orizjinele senario. Lost in Translation wûn fierders fjouwer Independent Spirit Awards foar bêste film, bêste regisseur, bêste akteur en bêste senario. De film waard ek nominearre foar fiif Critics' Choice Awards, twa MTV Movie Awards en in Screen Actors Guild Award. Scarlett Johansson wûn de prizen foar opkommende stjer op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Palm Springs en foar bêste aktrise op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Feneesje.

Der ûntstie om Lost in Translation in lytse kontroverse om't guon resinsinten en sjoggers beskate dielen fan 'e film opfetten as rasistysk foar Japanners of Aziaten yn it algemien oer. Sa riddenearre filmmakker E. Koohan Paik dat de komyske aspekten fan Lost in Translation folslein fuortkamen út it nuvere oars-wêzen fan 'e Japanners, wêrby't guon fan 'e apartere râneferskynsels fan 'e Japanske kultuer foar it fuotljocht kamen, wylst de film gjin of amper portrettearrings fan Japanners as 'normale' minsken sjen litte soe.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.