Ynternasjonaal Filmfestival fan Bangkok
Ynternasjonaal Filmfestival fan Bangkok | ||
plak en tiid | ||
lân | Tailân | |
regio | Midden-Tailân | |
plak | Bangkok | |
tiid fan it jier | ein hjerst | |
bysûnderheden | ||
soarte evenemint | filmfestival | |
bestean | 2003 – no | |
offisjele webside | ||
www.bangkokfilm.org |
It Ynternasjonaal Filmfestival fan Bangkok (Taisk: เทศกาลภาพยนตร์นานาชาติกรุงเทพฯ, Têt-sà-gaan Pâap-pá-yon Naa-naa Châat Krung Thêep) is in filmfestival dat sûnt 2003 elts jier holden wurdt yn 'e Taiske haadstêd Bangkok. Op it festival wurde de Gouden Kinnarys útrikt.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Ynternasjonaal Filmfestival fan Bangkok waard yn 2003 oprjochte troch Nation Multimedia Group (NMG) y.g.m. de Toerisme Autoriteit fan Tailân (TAT). Foartiid hie de NMG sûnt 1998 it Filmfestival fan Bangkok holden, dat yn 2003 yn it Ynternasjonaal Filmfestival fan Bangkok opgie. Der ûntstie lykwols ûnienichheid, sadat de gearwurking tusken de NMG en de TAT nei 2003 net fuortset waard. De TAT gie troch mei it organisearjen fan it Ynternasjonaal Filmfestival fan Bangkok, dat yn jannewaris en/of febrewaris plakfûn, wylst de NMG in nij, eigen festival oprjochte it Wrâldfilmfestival fan Bangkok, dat yn oktober holden waard.
De TAT naam nei 2003 Festival Management, in Amerikaansk bedriuw út Los Angeles, yn 'e earm om 'e eigentlike organisaasje fan it Ynternasjonaal Filmfestival fan Bangkok te berêden. Nei de Taiske steatsgreep fan 2006 brocht de nije militêre diktatuer it budget foar it Ynternasjonaal Filmfestival fan Bangkok mei twatrêde part werom fan 180 miljoen Taiske baht nei 60 miljoen baht. Fan gefolgen wie de TAT twongen om syn kontrakt mei Festival Management ôf te brekken en de edysje fan it festival fan 2007 út te stellen fan jannewaris oant july. It festival fan dat jier wie fan needs folle ynteiner as men wend wie en de fokus waard ferskood fan 'e wrâldsinema mei Aziatyske films.
Neitiid waard de organisaasje fan it Ynternasjonaal Filmfestival fan Bangkok oerhevele fan 'e TAT nei it Taisk Ministearje fan Eksportpromoasje. Yn desimber 2007 waarden yn 'e Feriene Steaten Gerald en Patricia Green arrestearre, de eigners fan Festival Managment, dy't neffens de FBI de Amerikaanske Wet op Korrupte Praktiken om Utens oertrêde hiene troch in omkeapsom ter wearde fan $1,7 miljoen te beteljen oan it haad fan 'e TAT. Dyselde, in Jathamas Siriwan, dy't fan 2002 oant 2006 as haad fan 'e TAT tsjinne hie, ûntstried eltse belutsenheid by de saak, mar yn 'e oanrin nei de Taiske parlemintsferkiezings fan 23 desimber 2007 stapte hja op as plakferfangend lieder fan 'e politike partij Foar it Memmelân. Neitiid waard hja yn 'e Feriene Steaten yn steat fan beskuldiging steld foar it oannimmen fan omkeapjild.
Ein febrewaris 2008 waard bekendmakke dat it Ynternasjonaal Filmfestival fan Bangkok dat jiers yn july holden wurde soe. De hiele earste helte fan 2008 bleau it lykwols twifelich oft dat wat wurde soe. July gie foarby sûnder festival, mar úteinlik fûn it yn septimber fan dat jiers dochs plak, op 'e nij mei de TAT as de wichtichste finansier, mar diskear mei de Federaasje fan Nasjonale Filmferienings en de Taiske Regisseursferiening as organisators.
Dêrtroch waard de organisaasje fan it festival stabilisearre. Sûnt fûn it Ynternasjonaal Filmfestival fan Bangkok elts jier oan 'e ein fan 'e hjerst plak, útsein twa kear dat it in fearnsjier útsteld waard om oarsaken dy't bûten de behearsking fan 'e organisaasje leine. De earste kear wie yn 2011, doe't Bangkok en oare dielen fan Tailân fan july ôf teheistere waarden troch swiere wettersneed. En de twadde kear wie yn 2016, doe't Tailân moannenlang yn offisjele rou wie om it ferstjerren fan kening Bhumibol.
Seksjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De filmseleksje fan it Ynternasjonaal Filmfestival fan Bangkok bestiet út njoggen seksjes, wêrfan fiif kompetatyf en fjouwer net-kompetatyf.
Kompetive seksjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Ynternasjonale Kompetysje – tolve ynternasjonale lange films
- ASEAN-kompetysje – lange films fan it ôfrûne jier út 'e lidsteaten fan 'e ASEAN: Birma, Brûnei, de Filipinen, Fjetnam, Yndoneezje, Kambodja, Laos, Maleizje, Singapoer en Tailân
- Reel World – lange dokumintêres fan oer de hiele wrâld
- New Voices – in seleksje fan 10 oant 15 films dy't it debút of twadde wurk fan in begjinnend regisseur is
- Aziatyske Koarte Films – koarte films út hiel Aazje
Net-kompetative seksjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Thai Panorama – in seleksje fan 'e opfallendste Taiske film fan it ôfrûne jier
- Hulde en Retrospektiven – retrospektyf oer grutte nammen út 'e Taiske en ynternasjonale filmyndustry
- Spesjale Presintaasjes – in rige galapremiêres en spesjale fertoanings fan sawol nije films as restaurearre âlde films
- Finster op 'e Wrâld – in rige presintaasjes fan elts jier likernôch 80 films dy't útornearre binne as it bêste dat de wrâldsinema te bieden hat; dêrby giet it faak om films dy't al namme makke hawwe op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes, it Ynternasjonaal Filmfestival fan Berlyn, it Ynternasjonaal Filmfestival fan Feneesje en it Ynternasjonaal Filmfestival fan Toronto
Prizen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Bangkok wurdt de Gouden Kinnary útrikt, in priis dy't ferneamd is nei in mytyske fûgel út 'e Taiske mytology.
Kompetative prizen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Gouden Kinnary foar Bêste Film
- Gouden Kinnary foar Bêste Regisseur
- Gouden Kinnary foar Bêste Akteur
- Gouden Kinnary foar Bêste Aktrise
- Gouden Kinnary foar Bêste Kamerarezjy
- Gouden Kinnary foar Bêste ASEAN-film
- Gouden Kinnary foar Bêste Lange Dokumintêre
- Gouden Kinnary foar Bêste Aziatyske Koarte Film
- Gouden Kinnary foar Bêste Nije Regisseur (seks Nije Stimmen)
- Jameson Taiske Publykspriis
Net-kompetative prizen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- ien of mear oeuvreprizen
- Priis foar Treflike Bydrage oan 'e Befoardering fan 'e Aziatyske Sinema
- Kristallen Lins (oeuvrepriis foar kamerarezjy)
- Aziatyske Eagepriis (Aziatyske kamerarezjy)
- Taiske Bioskooppriis (meast opbringende film yn 'e Taiske bioskopen fan it ôfrûne jier)
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |