Karaoke

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Karaoke (yn it Japansk カラオケ, karaoke, fan 空, kara, "leech", en オーケストラ, ōkesutora, "orkest") is in foarm fan ynteraktyf amusemint, wêrby't amateursjongers meisjonge mei besteande (en yn 'e regel rûnom bekende) muzyknûmers troch it gebrûk fan in mikrofoan en in lûdssysteem. De muzyk fan it oangeande nûmer wurdt dan ôfspile sûnder it sjongen fan 'e lead-sjong(st)er, wylst de amateursjonger de tekst fan it nûmer op in byldskerm ôflêze kin. Dêrby feroaret de tekst letter foar letter fan kleur om oan te jaan wêr't de sjonger op dat stuit yn it nûmer wêze moat. Tradysjoneel fynt karaoke plak yn iepenbiere gelegenheden, yn spesjalisearre saneamde karaokebars of yn gewoane bars of nachtklubs dy't in karaokejûn organisearre hawwe. Der besteane tsjintwurdich lykwols ek fideospultsjefarianten fan karaoke, dy't men thús brûke kin. Tsjintwurdich wurdt der jiers wrâldwiid krapoan $1 miljard fertsjinne oan karaoke.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.