Aukje Wijbenga
Aukje Wijbenga-de Boer (Hijum, 1927 - Mûnein, 25 septimber 2009) wie in skriuwster fan skiedkundige boeken oer de doarpen Mûnein en Readtsjerk. Teffens hie hja in soad niget oan genealogy.
Se ferfear fan de pleats 'Fjildsicht' yn it Bûtefjild ûnder Readtsjerk nei in wenstee oan de haven yn Mûnein. Trochdat se net mear op de pleats buorken kaam der mear tiid frij foar har hobby. Neidat it boek “It doarp op it fuottenein” in 1998 in grut súkses waard wie de tiid ryp foar Mûnein. Dat wie tagelyk it begjin fan it boek 'Mûnein fan buorskip nei doarp'. Se mocht dêrfoar yn 2007 de Kultuerpriis Tytsjerksteradiel ûntfange.[1] Ek hie hja ynteresse oan Fryske hynders, de skotsploech, folksdûnsjen en tradisjonele dracht.
Wijbenga hat ek in tal jierren warber west yn de kommisje Cultureel Erfgoed Trynwalden en by doarpsbelang Mûnein en Readtsjerk. Hja wie boaske oan Gauke Wijbenga.
Yn Mûnein is in strjitte nei har neamd.[2]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|