Springe nei ynhâld

Kylo Ren

Ut Wikipedy
De ferzje fan 28 aug 2023 om 12.29 troch Quinlan83 (oerlis | bydragen) (Undid edits by 151.135.150.175 (talk) to last version by Drewes)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Kylo Ren
personaazje út Star Wars
persoanlike bysûnderheden
sekse manlik
soarte personaazje minske
nasjonaliteit Galaktysk
berop/amt Sith-ridder
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
Rey
opperste lieder Snoke
generaal Hux
kaptein Phasma
keizer Palpatine
geastlike heit Lawrence Kasdan
J.J. Abrams
Michael Arndt
ûntstean 2015

Kylo Ren (de eigenkeazen namme fan Ben Solo) is in fiktyf personaazje út 'e Star Wars-franchise. Hy is de wichtichste antagonist út 'e trije films fan 'e Star Wars-ferfolchtrilogy, dy't tusken 2015 en 2019 makke waarden. Hy waard betocht troch de senarioskriuwers fan it earste diel, Star Wars: Episode VII – The Force Awakens, te witten: Lawrence Kasdan, Michael Arndt en J.J. Abrams. Ben Solo is oarspronklik it ienlingsbern fan Han Solo en Leia Organa en yn oplieding om Jedi te wurden, mar hy lit him troch opperste lieder Snoke ferliede ta de tsjustere kant fan de Krêft. Neitiid wurdt er ûnder de namme Kylo Ren in Sith-ridder en ien fan 'e oanfierders fan 'e faksistyske en diktatoriale Earste Oarder. Hy is ek de master fan 'e Ridders fan Ren, in groepke fan seis oare eardere Jedi-learlingen dy't er mei oerbrocht hat nei de tsjustere kant fan 'e Krêft. It personaazje fan Kylo Ren waard yn alle trije films fertolke troch Adam Driver, dy't foar syn rol yn The Force Awakens in Saturn Award foar bêste byrol fan in akteur wûn en foar deselde priis nominearre waard foar syn rol yn Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker.

De namme fan it personaazje Kylo Ren waard pas tige let yn 'e produksje bekendmakke; foartiid stie it inkeld bekend as 'Jedi Killer'. It personaazje wie ferskate kearen folslein op 'e nij ûntwurpen. Ien fan 'e ôfwiisde ûntwerpen waard letter recycle foar it personaazje fan kaptein Phasma. Regisseur J.J. Abrams stie derop om Kylo in gesichtsbedekkend masker drage te litten, sadat er yndruk meitsje soe op jeugdige sjoggers.

Fiktive biografy

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn The Force Awakens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Star Wars: Episode VII – The Force Awakens (2015), it earste diel fan 'e Star Wars-ferfolchtrilogy, wurdt Kylo Ren yntrodusearre as in maskere Sith-ridder. Hy is teffens de rjochterhân fan opperste lieder Snoke, de oprjochter fan 'e Earste Oarder, dy't gearklofte is út 'e restanten fan it tritich jier earder fersleine Galaktysk Keizerryk. De gefaarlikste fijân fan 'e Earste Oarder is net de Nije Republyk, dy't foar it Keizerryk yn 't plak kommen is, mar it Ferset, in lytse ôfspjalting fan 'e striidkrêften fan 'e Nije Republyk ûnder lieding fan guon âlde helden út 'e Galaktyske Boargeroarloch. De autoriteiten fan 'e Nije Republyk wegerje de Earste Oarder as in serieuze bedriging te sjen, mar it Ferset wit persiis wat de Earste Oarder ynhâldt, en is wisberet om 'e Oarder yn al syn doelen te dwerseidzjen. Dêrta hat it Ferset ferlet fan 'e stipe fan 'e weiwurden Luke Skywalker, de lêste Jedi, en sadwaande is de Earste Oarder der alles oan gelegen om Luke earst te finen en út 'e wei te romjen.

Op 'e woastynplaneet Jakku ûntfangt Poe Dameron, de bêste piloat fan it Ferset, in stjerrekaart fan ûntdekkingsreizger Lor San Tekka, dêr't de lokaasje fan Luke Skywalker op fermeld stiet. Kylo arrivearret krekt te let om dy oerdracht tsjin te kearen, mar de stoarmtroepers ûnder lieding fan kaptein Phasma, dy't er by him hat, witte sawol Tekka as Dameron finzen te nimmen. Kylo fermoardet Tekka eigenhandich en jout opdracht om alle bewenners fan 'e delsetting út te rûgjen. Dameron nimt er mei werom nei syn stjerreslachskip, dêr't er de fersetsman oan marteling ûnderwerpe lit om derefter te kommen wêr't de ynformaasje bedarre is dy't er fan Tekka krigen hat. As Dameron lykwols neat sizze wol, brûkt Kylo de Krêft om 'e wierheid troch telepaty út syn tinzen gewaar te wurden. Sa ûntdekt er dat Dameron de ynformaasjedrager mei de stjerrekaart yn bewarring jûn hat oan syn bolfoarmige robot BB-8, dy't oan 'e stoarmtroepers ûntkommen is. Kylo jout opdracht ta in yngeande syktocht op Jakku om 'e robot (en de ynformaasje) werom te finen.

Dameron ûntkomt letter út finzenskip troch de help fan 'e desertearjende stoarmtroeper Finn. Dy lêste wit noch wer letter yn 'e mande mei BB-8 en de rommelsykster Rey troch de fingers fan Kylo syn trewanten te glûpen. It trio jout him by Han Solo en dy syn ko-piloat, de Wookiee Chewbacca. Fan harren krije se te hearren dat Kylo Ren eins nimmen oars is as Ben Solo, de soan fan Solo en generaal Leia Organa, dy't oan it haad fan it Ferset stiet. As opslûpen jonge gie Ben yn oplieding ta Jedi-ridder ûnder syn omke oan memmekant, de Jedi-master Luke Skywalker. Hy liet him lykwols troch Snoke ferliede ta de tsjustere kant fan 'e Krêft, stiek de nije Jedi-timpel yn 'e brân, fermoarde de helte fan syn mei-learlingen en korrumpearre de oare helte, en joech him ûnder de namme Kylo Ren by de Earste Oarder. Luke rekkene himsels dat bot oan en gie yn selsopleine ballingskip.

Kylo is ûnderwilens weromkeard nei de Stjerredeaderbasis fan 'e Earste Oarder. Dat is in planeet dy't omboud is ta in Deadsstjer-eftich massaferneatigingswapen, mar dan op folle gruttere skaal. As generaal Armitage Hux, de kommandant fan 'e basis, en Kylo foar in yn holografyske foarm oanwêzige opperste lieder Snoke komme moatte, befreget dyselde it fermogen fan Kylo om syn gefoelens oangeande syn heit lytsman te krijen, mar Kylo hâldt út dat Han Solo neat foar him betsjut. Hy pikt it spoar fan 'e flechtlingen wer op as in spionne fan 'e Earste Oarder, Bazine Netal, rapportearret dat se op 'e planeet Takodana oankommen binne by de kroech fan Maz Kanata.

Kylo reizget dêrhinne en lit syn TIE-jagers de kastielruïne dêr't de kroech fêstige is, mei de grûn lyk meitsje. Wylst syn stoarmtroepers Solo, Chewbacca, Finn en BB-8 finzen nimme, fernimt Kylo sels in nije oanwêzigens yn 'e Krêft: Rey. Hy folget har it wâld yn en oermasteret har. As Poe Dameron in oanfal fan X-wjukjagers fan it Ferset liedt, witte Solo-en-dy wer frij te kommen wylst de stoarmtroepers tebekwike moatte. Mei de Krêft is Kylo lykwols út Rey har geast gewaarwurden dat se de stjerrekaart sjoen hat dy't de Earste Oarder siket. Hy beslút dêrop dat se de robot net mear nedich binne en nimt by syn ôftocht ynstee de bewusteleaze Rey mei. As se letter werom binne yn 'e Stjerredeaderbasis, besiket Kylo har te ûnderfreegjen troch de Krêft te brûken, sa't er dat earder mei Dameron ek mei súkses dien hat, om sa de ynformaasje fan 'e stjerrekaart út har ûnthâld te stellen. Oars as Dameron wjerstiet Rey him lykwols. Sterker noch, se begjint sýn tinzen te lêzen, wat him bot ûntrêstget en boppedat ta it besef bringt dat Rey tige sterk yn 'e Krêft is. Kylo rapportearret syn befinings oan Snoke, dy't him opdracht jout it fanke by him te bringen. Underwilens hat Rey krektlyk ûntdutsen dat se de Krêft brûke kin en se ûntsnapt út har sel troch in ferstânstrúk yn te setten tsjin in stoarmtroeper dy't op wacht stiet.

It Ferset stelt prikken yn it wurk om 'e Stjerredeaderbasis te ferneatigjen foar't dy tsjin harren ynset wurde kin. Solo, Chewbacca en Finn ynfiltrearje de basis mei as twafâldich doel om Rey te rêden en om it enerzjyskyld út te setten, sadat de piloaten fan it Ferset de termale ossilator, it swakste punt fan 'e basis, bombardearje kinne. Foar't se op dizze misje ôfsette, seit Leia tsjin Solo dat er harren soan, as er dy sjen mocht, mei werom nei hûs nimme moat. Nei't se de Stjerredeaderbasis ynfiltrearre hawwe, sjocht Solo Kylo yndie omrinnen; hy giet him efternei en sprekt him oan op in brêge boppe in grutte, djippe skacht. Solo besiket syn soan oer te heljen de tsjustere kant fan 'e Krêft yn 'e steek te litten en mei him nei hûs te gean. Kylo seit dat er yn in freeslike twastriid stiet en freget syn heit om him te helpen ta in beslút te kommen. Solo seit dat er alles wol foar him dwaan wol. Dêrop trochboarret Kylo him mei syn ljochtsabel en betanket him foar syn help. Solo stekt de hân út en aait syn soan oer it gesicht foar't er dea fan 'e brêge trûdelet en yn 'e djipte falt.

Chewbacca, dy't it hiele spul út 'e fierte wei sjoen hat, ûntstekt by de dea fan syn freon yn in skriklike razernij. Hy sjit Kylo yn 'e heup, deadet ferskate stoarmtroepers en bringt dan de eksplosiven ta ûntploffing dy't Solo en hy earder oanbrocht hawwe. In grut part fan 'e basis wurdt dêrtroch danich skansearre, en troch dy skea slagget it Poe Dameron om 'e termale ossilator fan binnenút te ferneatigjen. Finn en Rey witte mar nauwerneed te ûntkommen nei it oerflak fan 'e planeet, dy't himsels útinoar begjint te skuorren troch de keatlingreäksje dy't Dameron yn wurking set hat. In ferwûne Kylo wachtet harren yn in wintersk nullewâld op en set har it paad ticht nei harren romteskip, de Millennium Falcon. Finn besiket him te befjochtsjen mei de ljochtsabel fan Luke Skywalker, dy't Maz Kanata him earder meijûn hat foar Rey, mar Kylo slacht him bewusteleas. As er de Krêft brûkt om 'e ljochtsabel ta him te roppen, fljocht it wapen him lykwols roerdelings foarby nei de hân fan Rey. Der ûntjout him in nij duël, wêrby't Rey op ûnbeholpen wize de Krêft brûkt om Kylo te ferslaan. Foar't se him deadwaan kin, wurde se lykwols faninoar skaat troch in tawiidzjende kleau yn it oerflak fan 'e him útinoar ritende planeet.

Generaal Hux rapportearret ûnderwilens de oansteande ferneatiging fan 'e basis oan opperste lieder Snoke, dy't him befellet om 'e basis te ûntromjen en Kylo Ren by him te bringen, sadat er syn training foltôgje kin.

Yn The Last Jedi

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi (2017) efterfolgje de stjerreslachskippen fan 'e Earste Oarder, nei de ûntromming fan 'e fersetsbasis op D'Qar, de flechtsjende romteskippen fan it Ferset troch de hyperromte. As beide floaten de reële romte wer ynkomme, set de Earste Oarder daliks de oanfal yn. Dêrby jout Kylo Ren lieding oan 'e TIE-jagers dy't in wraam dogge op it flaggeskip fan it Ferset, de kruser Raddus. As er troch de Krêft de oanwêzigens fan syn mem Leia oan board gewaarwurdt, wifelet er om op it skip te sjitten. De oare piloaten fan 'e Earste Oarder hawwe net sokke skrupules en iepenje it fjoer. De brêge fan 'e Raddus wurdt rekke en slim skansearre, en alle oanwêzigen, wêrûnder de hiele lieding fan it Ferset, wurdt de romte yn blaasd as alle lucht út 'e brêge nei bûten ta ûntsnapt. Dêrby komme admiraal Ackbar en de oare fersetslieders om, mar Leia wit troch manipulaasje fan 'e Krêft te oerlibjen, hoewol't se slim ferwûne rekket.

Underwilens is Rey nei de planeet Ahch-To reizge, dêr't Jedi-master Luke Skywalker yn selsopleine ballingskip libbet. Har besykjen om fan him help foar it Ferset los te krijen en in oplieding ta Jedi foar harsels, is yn 't earstoan omdôch. Uteinlik stimt Luke der lykwols yn ta om har trije lessen oer de Krêft te jaan. Nei de earste les blykt der in bân tusken Rey en Kylo te bestean, dy't harren fia de Krêft mei-inoar ferbynt. Se brekke har der allebeide de holle oer hoe't dat kin, mar it slagget harren net om der in ferklearring foar te betinken. Nei't Rey earst in tige ôfhâldige opstelling foar Kylo oer hat, begjint se njonkelytsen mei him te kommunisearjen.

It ferhaal dat Rey oer it ferfal fan Kylo ta de tsjustere kant fan 'e Krêft heard hat, is dat er ien fan 'e learlingen wie dy't syn omke Luke Skywalker oplate ta nije Jedi. Kylo liet him ferliede troch opperste lieder Snoke. Doe slachte er by nacht de helte fan syn mei-learlingen ôf, helle de rest oer om mei him oer te gean nei de tsjustere kant fan 'e Kreft, stiek de nije Jedi Timpel yn 'e brân en naaide út. By ien fan harren kontakten fertelt Kylo lykwols oan Rey dat Luke syn macht eange en him besocht te fermoardzjen, en dat dàt de reden wie dat er weromsloech en weiwaard. Rey konfrontearret Luke dêrmei, dy't tajout dat er op in nacht benaud waard foar it tsjuster yn 'e dreamen fan syn omkesizzer. In momint lang stied er yn bestân om 'e bedriging dy't de jonge foarme, op 'e alderienfâldichste manear op te lossen troch him dea te dwaan, mar dat stuit gie hiel gau foarby. Mar Kylo waard krekt doe wekker en seach Luke mei syn ljochtsabel boppe him stean en ferdigene himsels. Dêrom jout Luke himsels de skuld fan alles dat dêrnei bard is en hat er de Krêft ôfsward.

Rey is derfan oertsjûge dat Kylo ferlost wurde kin fan 'e tsjustere kant fan 'e Krêft, en ferlit Ahch-To mei Chewbacca en R2-D2 yn 'e Millennium Falcon. Se lit har yn in rêdingskapsule by de float fan 'e Earste Oarder ôfsette. Dêr wurdt se troch Kylo finzen nommen en foar opperste lieder Snoke brocht, dy't selsfoldien útleit dat se moai yn syn fâle rûn is. Hy is nammentlik dejinge dy't har geast mei dy fan Kylo ferbûn hat en de twifel yn Kylo oanfitere hat. De ûnwissichheid yn him dy't Rey waarnommen hat, is sadwaande neat oars as wat Snoke har fiele litte woe.

Snoke jout Kylo opdracht om Rey te fermoardzjen, mar Kylo fermoardet ynstee Snoke. Dêrnei ferslane Kylo en Rey tegearre de leden fan Snoke syn liifgarde. Rey mient dat Kylo de tsjustere kant fan 'e Krêft efter him litten hat, mar dat blykt net sa te wêzen. Kylo nimt ynstee it plak fan Snoke yn as opperste lieder fan 'e Earste Oarder. Hy wegeret Snoke syn befel ta de útrûging fan it Ferset yn te lûken en freget Rey om tegearre mei him it Stjerrestelsel te regearjen. Sy stegeret him ôf en se wrakselje om it besit fan 'e ljochtsabel fan Luke, wêrby't it wapen úteinlik midstwa rekket. Op dat stuit fiert fise-admiraal Holdo fan it Ferset in selsmoardoanfal út troch de Raddus nei de hyperromte springe te litten dwers troch de float fan 'e Earste Oarder hinne. It komt derop del dat se de fijannige float raamt mei de faasje fan it ljocht. It reuseftige flaggeskip fan Snoke, de Supremacy, giet dêrby troch de helte, wylst de stjerreslachskippen fan 'e Earste Oarder hielendal nei gychem reitsje. Rey ûntkomt oan 'e ferwoastging en wurdt oppikt troch Chewbacca en R2-D2 yn 'e Millennium Falcon.

Op 'e planeet Crait sykje de lêste 400 leden fan it Ferset, dy't foar Holdo har oanfal fan 'e Raddus ûntkommen binne, beskûl yn 'e âlde rebellebasis yn in berch oan 'e útein fan in útstrutsen sâltflakte. Kylo en generaal Hux liede de Earste Oarder dêrhinne en sette de oanfal yn mei AT-AT's en in belegeringskanon dat troch de swiere feilichheidsdoar fan 'e basis hinne komme kin. In kloft fersetslju, ûnder wa Poe Dameron, Finn en Rose Tico, besykje de fijân oan te fallen mei ferâldere lângliders dy't tritich jier efter de tiid binne en troch gebrek oan ûnderhâld suver útinoar falle. Kylo stjoert syn TIE-jagers op harren ôf, mar dy wurde troch Rey en Chewbacca yn 'e Millennium Falcon fuortlokke. Nettsjinsteande dat slagget it de fersetslju net om ticht genôch by it belegeringskanon te kommen om it skansearje te kinnen.

Adam Driver spile Kylo Ren yn 'e Star Wars-ferfolchtrilogy.

Wannear't de Earste Oarder mei it belegeringskanon troch de feilichheidsdoar hinne brekt, ferskynt lykwols ynienen Luke Skywalker op it toaniel. Hy giet lykme-allinne nei bûten ta om syn omkesizzer Kylo út te daagjen. Kylo lit earst it fjoer op him iepenje mei alle kanonnen dy't de Earste Oarder ta syn beskikking hat, mar as it stof oplûkt, is Luke ûnskeind. Dêrop giet Kylo him mei de ljochtsabel te liif yn in duël. Salang't er mei Luke lyk foar de stikkene feilichheidsdoar yn gefjocht is, kinne de stoarmtroepers fan 'e Earste Oarder de rebellebasis net yngean. Underwilens fine de fersetslju in oare útgong, en de grutte rotsblokken wêrmei't dy troch in ynstoarting blokkearre is, wurde troch Rey mei de Krêft út harren paad klearre. Op dy manear kinne se allegearre temûk 'e Millennium Falcon útpike sûnder dat de Earste Oarder it merkt.

By de yngong fan 'e basis ûntdekt Kylo einlings dat er Luke mei syn ljochtsabel net ferwûnje kin. Stadichoan kringt it besef ta him troch dat Luke hielendal net op Crait oanwêzich is. Hy hat it eilantsje op Ahch-To nea ferlitten en Kylo hat de hiele tiid tsjin in projeksje troch de Krêft oan it fjochtsjen west. As Luke fernimt dat de fersetslju ûntkommen binne, lit er de projektsje slûpe. Kylo is bûten himsels fan razernij. Troch himsels oer sa'n grutte ôfstân te projektearjen hat Luke himsels lykwols folslein útput. Hy ferstjert fredich en syn stoflik omskot ferdwynt spoarleas as er ien wurdt mei de Krêft.

Yn The Rise of Skywalker

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker (2019) wurdt yn it hiele Stjerrestelsel in radioberjocht ûntfongen, wêryn't keizer Palpatine, dy't mear as tritich jier lyn yn 'e Slach by Endor omkommen is, driget mei wraak. De Earste Oarder rekket yn dusoarder as de nije opperste lieder Kylo Ren koartseftich begjint te sykjen nei de oarsprong fan it berjocht om eltse rivaal foar syn nijwûne macht te eliminearjen. It docht bliken dat it berjocht fan 'e ûnbekende planeet Exegol komt, in ferburgen bolwurk fan 'e Sith, dat inkeld yn guon oerâlde geskriften neamd wurdt. Om Exegol te finen, hat men ferlet fan in artefakt dat in 'weifiner' hjit, en dêrfan besteane mar twa.

Kylo fynt ien fan 'e beide weifiners yn 'e ruïnes fan Fort Vader, de fêsting dy't syn pake Darth Vader op 'e fulkaanplaneet Mustafar boud hat. Hy reizget nei Exegol ta, wisberet om mei dejinge ôf te weven dy't keizer Palpatine neibeart. As er dêr oankomt, ûntdekt er lykwols dat Palpatine syn yngeande kennis fan 'e tsjustere kant fan de Krêft brûkt hat om wer út 'e dea op te stean. Hy is in útmergele meunster dat geande holden wurdt troch in mânske masine dy't syn lichemsprosessen foar him útfiert, mar hy libbet wer. En hy lit Kylo sjen dat er de lêste tritich jier net stil sitten hat. Op Exegol hearsket er oer de Ivige Sith, in grizelige kultus dy't oan him wijd is. De kultisten hawwe foar him de reuseftichste float fan stjerreslachskippen boud dy't it Stjerrestelsel ea sjoen hat – en elts skip is tarist mei superlaserkanon dat by steat is om in hiele planeet te ferneatigjen.

Palpatine bringt oan Kylo út dat hysels en nimmen oars ferantwurdlik is foar it oerheljen fan Kylo nei de tsjustere kant fan 'e Krêft. Opperste lieder Snoke wie gjin selsstannich wêzen, mar in kreaasje fan Palpatine. En de stim fan Darth Vader, dy't Kylo út en troch yn syn holle hearde? Dat wie Palpatine ek. De keizer biedt Kylo syn float fan stjerreslachskippen oan, dy't er de Lêste Oarder neamt, en dy't de hearskippij fan Kylo oer it Stjerrestelsel bewissigje sil. Yn ruil dêrfoar wol er dat Kylo foar him Rey opspoart en fermoardet, mei't hja op it punt stiet om 'e sieltôgjende Jedi Oarder nij libben yn te blazen.

De bân troch de Krêft, dy't Snoke tusken Kylo en Rey smeid hat, bestiet noch hieltyd, en Kylo nimt nei syn weromkear fan Exegol fia dy bân kontakt op mei Rey. Mei't se earder útfûn hawwe dat it mooglik is om fysike foarwerpen oaninoar troch te jaan fia de bân, skuort Kylo Rey in halskeatling ôf. Troch dat analysearje te litten, fynt er út dat se har op 'e planeet Pasaana befynt; dêr is op dat stuit in festival mank de lânseigen befolking yn folle gong wêrby't it wizânsje is om sokke halskeatlings út te dielen. Kylo stjoert de op Pasaana stasjonearre stoarmtroepers fan 'e Earste Oarder efter Rey en har selskipslju oan, mar hja witte guon fan dyselden ôf te skodzjen en deadzje de rest.

Kylo reizget mei syn stjerreslachskip sa fluch mooglik nei Pasaana en set dan Rey-en-dy efternei yn syn TIE-jager. Rey wurdt syn oanwêzigens gewaar en ferlit har freonen foar in konfrontaasje mei Kylo yn 'e woastyn. Dêrby lit se syn TIE-jager ferûngelokje, mar hy oerlibbet it delstoarten fan it tastel. Underwilens witte de Ridders fan Ren lykwols Rey har selskipsman Chewbacca finzen te nimmen. Finn warskôget Rey, dy't de Krêft brûkt om it romtefear wêryn't Chewbacca ûntfierd wurdt, werom nei de planeet te lûken. Kylo brûkt lykwols de Krêft om har tsjin te kearen. Dy ynspanning is tefolle foar Rey, en se ferliest de behearking oer de Krêft. In ûntlading fan Krêftwjerljocht, heech yn loft, soarget derfoar dat it romtefear ûntploft. Rey is raar gesteld, om't se mient dat se har freon Chewbacca deade hat, mar mei help fan Finn en Poe Dameron wit se fan Pasaana te ûntkommen.

Kylo folget it spoar fan Rey-en-dy nei de planeet Kijimi, dêr't syn stoarmtroepers yn 'e lyknammige haadstêd doar-oan-doar geane op 'e siik nei harren. Hy inisjearret op 'e nij de bân troch de Krêft mei Rey. Sy wegeret mei te wurkjen, mar hy praat op har yn en besiket har belangstelling te wekjen troch oer har âlden út te wreidzjen. Hy hie har earder ferteld dat har âldelju minsken fan nul en gjinderlei betsjutting wiene, mar no bringt er út dat se dat út in bewuste kar wiene, om Rey te beskermjen. Ek lieten se har op Jakku yn 'e steek om har te ferbergjen. Ochi wie in trewant fan keizer Palpatine, dy't opdracht hie om harren te fermoardzjen, mei't Rey har heit de soan fan Palpatine wie. As Rey yn har ûntsetting by fersin in foarwerp omstompt, dat oan Kylo syn fuotten falt en troch him werkend wurdt as ien fan syn eigen besittings, beseft Kylo dat se syn stjerreslachskip ynfiltrearre hat. Rey-en-dy binne der nammentlik efter kommen dat Chewbacca noch libbet en finzen holden wurdt oan board fan Kylo syn skip, mar de fûgels binne flein, mei de befrijde Chewbacca by harren, foar't Kylo nei it stjerreslachskip weromkeare kin.

Op 'e nij folget Kylo it spoar fan Rey en har freonen, diskear nei de moanne Kef Bir, yn it planetestelsel Endor, de lokaasje fan 'e twadde 'weifiner'. Dat is ek it plak dêr't mear as tritich jier lyn de wrakstikken fan 'e twadde Deadsstjer delkommen binne, nei't dat romtestasjon en massaferneatigingswapen troch it Rebelleferbûn ferneatige wie yn 'e Slach by Endor. De weifiner blykt yn ien fan 'e reuseftige wrakstikken te sitten. Rey wit it oanbelangjende wrakstik fan 'e Deadsstjer te berikken en, mei muoite, de weifiner op te spoaren. Mar neitiid wachtet Kylo, dy't mei syn TIE-jager boppe-op it wrakstik lâne is, har op en fernielt har weifiner.

Se fjochtsje in duël mei de ljochtsabel út, wylst ûnderwilens yn 'e fersetsbasis op Ajan Kloss Leia Organa al har krêften ynset om fia de Krêft kontakt te lizzen mei har soan Ben, sa't Kylo oarspronklik hiet. Mei't er ôflaat wurdt as er syn mem gewaarwurdt, slagget it Rey om him mei har ljochtsabel troch it boppeliif hinne te stekken. Leia, dy't alles jûn hat dêr't se oer beskikt, ferstjert op it folgjende stuit fan útputting. As Rey dat fernimt, wurde skuldgefoelens har oermânsk. Se brûkt de Krêft om Kylo in diel fan har eigen libbensenerzjy te jaan en him sa te genêzen. Kylo hie Rey der earder op ferge dat se wifke om syn hân (en oanbod) oan te nimmen doe't er har earder oanbea om tegearre oan it haad fan 'e Earste Oarder it Stjerrestelsel te regearjen; no leit se him einlings út dat se graach de hân fan Ben Solo oannommen hie, mar net dy fan Kylo Ren. Dêrnei stelt se syn TIE-jager en set dêrmei ôf.

Kylo bliuwt fernuvere efter. Hy kriget in fizioen fan syn heit, Han Solo, dy't er earder fermoarde hat. Hy freget syn heit om ferjeffenis, mar Han seit tsjin him dat der neat te ferjaan falt. Ren smyt dêrop syn ljochtsabel fuort en nimt de namme Ben Solo wer oan. As er letter fernimt dat Rey nei Exegol reizget om mei Palpatine ôf te weven, set Ben har efternei. Hy folget har it haadkertier fan 'e weropstiene keizer yn, dêr't er lykwols opwachte wurdt troch syn eardere trewanten, de Ridders fan Ren. Yn it gefjocht tsjin harren driigje se him oermânsk te wurden. Ben inisjearret lykwols fannijs syn bân mei Rey, dy't him op dy wize ien fan har ljochtsabels jout, ek al binne se fier faninoar ferwidere. Bewapene mei in ljochtsabel weeft Ben gau ôf mei de Ridders fan Ren, wêrnei't er fierder nei binnen kringt en Rey helpt om 'e lêste leden fan Palpatine syn liifgarde te deadzjen.

Palpatine brûkt lykwols de tsjustere kant fan 'e Krêft om 'e libbensenerzjy út Rey en Ben te sûgen en sels op te nimmen. Om't se allebeide sa sterk yn 'e Krêft binne, slagget it him op dy wize om syn eigen kadaver fan in lichem te ferjongjen en wer hielendal wurkje te litten, sadat er gjin masines mear nedich is om yn libben te bliuwen. Ben komt as earste wer by sûpe en stút en besiket Palpatine oan te fallen, mar dyselde blaast him withoefier fuort. Rey wit de keizer lykwols te ferslaan en foargoed te deadzjen mei de help fan alle Jedi-masters út it ferline, dy't har nije krêften jouwe. Rey hâldt langernôch fol om der wis fan te wêzen dat der neat fan Palpatine syn lichem oer is, foar't se sels ynstoart en fan útputting stjert. In slim ferwûne Ben klaut himsels in paad tebek nei Rey har side en brûkt de Krêft om al syn restearjende libbenenerzjy oan Rey te jaan. Hja komt wer ta libben en se tútsje ienris, foar't Ben dea yninoar sakket.

Spilers fan 'e rol yn 'e Star Wars-filmsearje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
jierren film akteur
1977 Star Wars: Episode IV – A New Hope n.f.t. (personaazje ûntbrekt)
1980 Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back
1983 Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi
1999 Star Wars: Episode I – The Phantom Menace
2002 Star Wars: Episode II – Attack of the Clones
2005 Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith
2008 Star Wars: The Clone Wars
2015 Star Wars: Episode VII – The Force Awakens Adam Driver
2016 Rogue One: A Star Wars Story n.f.t. (personaazje ûntbrekt)
2017 Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi Adam Driver
2018 Solo: A Star Wars Story n.f.t. (personaazje ûntbrekt)
2019 Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker Adam Driver

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

 
personaazjes út Star Wars
 yntrodusearre yn A New Hope Raymus Antilles • Wedge Antilles • C-3PO • Chewbacca • Biggs Darklighter • Jan Dodonna • Obi-Wan Kenobi • Beru Lars • Owen Lars • prinsesse Leia Organa • R2-D2 • Luke Skywalker • Han Solo • Wilhuff Tarkin • Darth Vader
 yntrodusearre yn The Empire Strikes Back  Lando Calrissian • Boba Fett • keizer Palpatine • Firmus Piett • Yoda
 yntrodusearre yn Return of the Jedi Gial Ackbar • Bib Fortuna • Jabba de Hutt • Mon Mothma • Anakin Skywalker • Wicket
 yntrodusearre yn The Phantom Menace Saché Adova • Mas Amedda • Eirtaé Ballory • Sio Bibble • Depa Billaba • Jar Jar Binks • Adi Gallia • Nute Gunray • Qui-Gon Jinn • Ki-Adi-Mundi • Eeth Koth • Plo Koon • Darth Maul • Rugor Nass • Padmé Amidala • Quarsh Panaka • Even Piell • Yarael Poof • Oppo Rancisis • Sabé • Sebulba • Shmi Skywalker • Darth Sidious • Aurra Sing • Roos Tarpals • Saesee Tiin • Rabé Tonsort • Finis Valorum • Watto • Mace Windu • Yaddle
 yntrodusearre yn Attack of the Clones greve Dooku • Jango Fett • Kit Fisto • Agen Kolar • Cliegg Lars • Bail Organa • Poggle de Mindere • Aayla Secura • Shaak Ti • Darth Tyranus • Luminara Unduli
 yntrodusearre yn Revenge of the Sith Stass Allie • generaal Grievous
 yntrodusearre yn The Force Awakens BB-8 • Kaydel Ko Connix • Poe Dameron • Finn • Armitage Hux • Maz Kanata • kaptein Phasma • Kylo Ren • Rey • Snoke
 yntrodusearre yn The Last Jedi  Larma D'Acy • DJ • Amilyn Holdo • Rose Tico
 yntrodusearre yn The Rise of Skywalker Zorii Bliss • D-O • Jannah • Enric Pryde • Ben Solo
 yntrodusearre yn The Clone Wars (film) Ahsoka Tano • Asajj Ventress • Ziro de Hutt
 yntrodusearre yn Rogue One Cassian Andor • Galen Erso • Jyn Erso • Saw Gerrera • Chirrut Îmwe • K-2SO • Orson Krennic • Baze Malbus • Raddus • Bodhi Rook
 yntrodusearre yn Solo Tobias Beckett • L3-37 • Enfys Nest • Qi'ra • Dryden Vos
 yntrodusearre yn oare media  Ezra Bridger • Din Djarin • Grogu • Kanan Jarrus • Bo-Katan Kryze • Satine Kryze • de Mandaloriaan • Savage Opress • Fennec Shand • Sifo-Dyas • Hera Syndulla • Sabine Wren • Kazuda Xiono