Wikipedy:Haadside-ynfo/In dei yn de histoarje/Novimber
Appearance
<< | Novimber | >> | ||||
mo | ti | wo | to | fr | so | si |
1 | 2 | 3 | ||||
4 | 5 | 6 | 7 | 8 | 9 | 10 |
11 | 12 | 13 | 14 | 15 | 16 | 17 |
18 | 19 | 20 | 21 | 22 | 23 | 24 |
25 | 26 | 27 | 28 | 29 | 30 |
- 1170 - De Alderheljenfloed fan 1170, treft Fryslân.
- 1570 - Caspar de Robles komt mei de Friezen op ien line en tichtet en fersterket de diken benammen om Harns hinne.
- 1676 - Ferstoarn: Gisbertus Voetius, teolooch.
- 1775 - Lissabon wurdt troffen troch in ierdskodding dêr't 60.000 deaden by falle.
- 1881 - Ferstoarn: Jacques Perk, Nederlânske dichter (* 1859).
- 1938 - Berne: Henk Kroes, âld-foarsitter fan de Feriening De Fryske Alve Stêden.
- 1969 - De Friese Koerier giet op yn de Ljouwerter Krante.
- 2006 - Ferstoarn: Loadewyk Meeter, skûtsjeskipper by de SKS (* 1915).
- 1170 - By in stoarm wurdt it Kreiler Wâld ferswolge troch de Sudersee (Sjoch: Alderheljenfloed).
- 1644 - Ferstoarn: Pier Winsemius, skiedskriuwer en abbekaat.
- 1709 - Berne: Anna, prinsesse fan Oranje-Nassau, reginte fan Fryslân († 1759).
- 1835 - Berne: J.J.A Ploos van Amstel, teolooch.
- 1931 - DuPont produsearret as earste syntetysk rubber.
- 1959 - Ferstoarn: Douwe Tot, fisker en rêdingboatskipper.
- 2004 - Ferstoarn: Gerrie Knetemann, Nederlânsk hurdfytser en bûnscoach.
- 1622 - Ferstoarn: Keympe fan Donia
- 1749 - Berne: Daniel Rutherford, Skotsk skiekundige († 1819)
- 1848 - De nije Nederlânske Grûnwet fan Johan Thorbecke wurdt proklamearre.
- 1928 - Berne: Nick Holonyak, Amerikaansk útfiner fan de LED
- 1931 - Ferstoarn: Rudolf Wilhelm Canne, toanielskriuwer.
- 1985 - Sillichferklearring fan Titus Brandsma (1881-1942).
- 1203 - Berne: Durk VII fan Hollân, greve fan Hollân en Seelân
- 1862 - Berne: Jan Hepkes Wouda, fellekeepman op it Surhústerfean ek wol de Feanster liger neamd ( 1939).
- 1903 - Ferstoarn: Peter Wilhelm Janssen, keapman en filantroop.
- 1918 - Yn Dútslân brekt in opstân út dy't in ein makket oan it keizerryk, de Novimberrevolúsje.
- 1956 - Sovjettroepen lûke Hongarije binnen om de Hongaarske Opstân dy't op 23 oktober begûn, de kop yn te drukken.
- 1958 - Ferstoarn: Epeus van Humalda van Eysinga, keunstskilder, tekener en grafikus.
- 1607 - Berne: Anna Maria fan Schurman, earste studinte oan in Nederlânske universiteit († 1678 )
- 1746 - Berne Jacobus van der Steege, Ljouwerter arts en genêshear.
- 1879 - Ferstoarn: James Maxwell, Skotsk wis- en natuerkundige (* 1831).
- 1891 - Marie Curie wurdt oansteld as dosinte fysika oan de Sorbonne – de earste frou dy't ea dy posysje beklaaide.
- 1920 - Offisjele iepening fan gemaal De Waterwolf by Oldehove yn Grinslân troch keninginne Wilhelmina.
- 1969 - Ferstoarn: Piet Hein van Asperen, keunstskilder en reklametekener.
- 1575 - It "Ferbûn fan Eallju" opjochte.
- 1836 - Berne: Adolphe Sax, Belgysk musykynstrumintebouwer († 1894).
- 1880 - Berne: Christiaan Frederik van Abkoude of Charles Winters, Nederlânsk skriuwer, sjoernalist en artyst († 1960)
- 1907 - Ferstoarn: Johan Æmilius Abraham van Panhuys, politikus en Kommissaris fan de Keninginne fan Grinslân (1883-1893)
- 1919 - Earste radio-útstjoering yn Nederlân foar in algemien publyk fersoarge troch radiopionier Hanso Schotanus à Steringa Idzerda
- 1969 - Berend Tobia Boeyinga, Nederlânsk arsjitekt.
- 1867 - Berne: Maria Curie-Sklodowska, Poalsk/Frânsk natuerkundige en winner fan de Nobelpriis († 1934).
- 1879 - Berne: Leon Trotski, Russysk revolúsjonêr († 1940)
- 1908 - Ernest Rutherford isolearret foar de earste kear in atoom.
- 1917 - Begjin fan de Russyske Revolúsje: Lenin, de oanfierder fan de Bolsjewiken, liedt syn linkse revolúsjonêren yn in hast bloedeleaze steatsgreep tsjin de net-effektive Provysjonele oerheid.
- 1944 - Ferstoarn: Thijs Taconis, spion yn de Twadde Wrâldoarloch.
- 1965 - Ferstoarn: Reinder Sierks Roorda, genealooch en skriuwer
- 1694 - Ferstoarn: Ulrik Huber, professor rjochtsgeleardheid oan de Universiteit fan Frjentsjer en in polityk filosoof.
- 1878 - Berne: Epeus van Humalda van Eysinga, Frysk keunstskilder, tekener en grafikus.
- 1920 - Ferstoarn: Abraham Kuyper, Nederlânske teolooch en politikus (* 1837).
- 1968 - Berne: Olaf van der Meulen, Nederlânsk follybalynternational.
- 2003 - De 100e side fan Fryske Wikipedy wurdt skreaun: Gysbert Japiks.
- 1467 - Berne: Hartoch Karel fan Gelre († 1538).
- 1799 - Napoleon grypt de macht yn Frankryk.
- 1938 - (Reichs)kristallnacht, de earste massale geweldpleging tsjin Joaden en harren eigendommen yn nazi-Dútslân (yn de nacht fan 9 op 10 novimber).
- 1941 - Berne: Sjoerd de Vries, byldzjend keunstner.
- 1953 - Ferstoarn: Dylan Thomas, Welske dichter en skriuwer (* 1914).
- 1960 - John F. Kennedy wurdt ta presidint fan de Feriene Steaten keazen.
- 1970 - Ferstoarn: Charles de Gaulle, Frânsk generaal en presidint (*1890).
- 1991 - Yn Culham (Feriene Keninkryk) wurdt foar de earste kear stroom opwekt út kearnfúzje.
- 1483 - Berne: Maarten Luther, Dútsk protestantsk herfoarmer († 1546).
- 1601 - Ferstoarn: Karel Roarda, politikus.
- 1969 - De earste ôflevering fan Sesame Street (Sesamstrjitte) yn Amearika.
- 1989 - Fal fan de Berlynske muorre (fan 9 op 10 novimber)
- 1938 - Ferstoarn: Mustafa Kemal Atatürk, earste presidint fan Turkije (* 1881).
- 1982 - Ferstoarn: Leonid Brezjnev, polityk leider fan de Sovjet-Uny (* 1906).
- 1605 - Ferstoarn: Doecke van Martena, Frysk frijheidsstrider (* 1530).
- 1911 - Berne: Jan de Vries (keunstskilder).
- 1925 - Ferstoarn: Teatse Holtrop, Fryske skriuwer.
- 1985 - Berne: Elske DeWall, Fryske sjongster.
- 2004 - Troch it parlemint fan Sleeswyk-Holstein wurdt it Friisk Gesäts oannaam dy't de rjochten fan de Friezen yn Noard-Fryslân en op Helgolân beskermje moat.
- Sint Marten, nammedei fan Martinus fan Toers.
- 1671 - Ferstoarn: Christianus Schotanus, heechlearaar en histoarikus
- 1812 - It leger fan Napoleon lûkt him werom út Moskou en stekt de Berezina oer.
- 1874 - Ferstoarn: Klaas Aartsma, muzykûnderwizer en Frysk toanielskriuwer.
- 1918 - Ynspirearre troch de omwintelingen yn Dútslân en Ruslân ropt de sosjalistyske lieder Pieter Jelles Troelstra op ta revolúsje. Hy feroarsaket panyk, mar Fersin fan Troelstra krijt gjin byfal.
- 1956 - Berne: Jannes van der Wal, Nederlânsk dammer († 1996).
- 1961 - Berne: Nadia Comaneci, Roemeenske gymnaste.
- 1893 - Berne: Eeltsje Boates Folkertsma, Frysk skriuwer en ûnderwizer († 1968).
- 1918 - Ferstoarn: Meint Hylkes Bottema, Frysk skriuwer
- 1907 - De Frânse fytsmakker Paul Cornu makket de earste helikopterflecht ea.
- 1930 - Berne: Nico Scheepmaker, Nederlânsk sjoernalist en dichter († 1990)
- 1941 - Ferstoarn: Peije Rasp, harmoanikaspiler
- 2001 - De earste ôflevering fan de dramarige Baas boppe Baas wurdt útstjoerd troch Omrop Fryslân.
- 1666 - De earste bloedtransfúzje wurdt útfierd troch Richard Lower.
- 1716 - Ferstoarn: Gottfried Wilhelm Leibniz, Dútse wiskundige.
- 1807 - Berne: Schelte van Heemstra, Frysk politikus
- 1835 - Berne: Wilco Rengers, jurist, boargemaster en politikus.
- 1842 - Ferstoarn: Hendrik de Cock, Nederlânsk dûmny dy't oan de basis stie fan de Ofskieding fan 1834 (* 1801).
- 2005 - In mosk fleat binnen yn it gebou dêr't in nij rekord fan dominostientsjes hâlden wurdt; hy wurdt foar de wissichheid deasketten.
- 1492 - Christoffel Columbus makket yn syn skipssjoernaal notysje fan in singelier gebrûk ûnder de Yndianen: it brûken fan tabak.
- 1819 - Ferstoarn: Daniel Rutherford, gemikus en biolooch.
- 1845 - Ferstoarn: Sieds Johannes Rienks, boer en ynstrumintmakker.
- 1907 - Berne: Claus von Stauffenberg, Dútse kolonel en fersetsstrider
- 1957 - Berne: Yep Kramer, Frysk reedrider.
- 1971 - Intel yntrodusearret de 4004-mikroprosessor foar mikrokompjûters.
- 1776 - As earste lân fan de wrâld erkenne de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen de Feriene Steaten.
- 1873 - Berne: W.C. Handy (William Christopher Handy), Amerikaansk blues komponist († 1958).
- 1907 - Oklahoma wurdt de 46e steat fan de Feriene Steaten.
- 1945 - Yn Londen wurdt UNESCO stifte.
- 1951 - Opskuor op it Saailân yn Ljouwert, de dei wurdt letter bekend as Kneppelfreed.
- 2002 - Iepening fan in permaninte eksposysje fan it wurk fan M.C. Escher yn it paleis oan de Lange Voorhout yn de De Haach.
- 2006 - It earste klimaatboskje wurdt iepene by it Fleanfjild Lelystêd.
- 375 - Ferstoarn: Falentinianus, keizer fan it Romeinske ryk.
- 1713 - Ferstoarn: Abraham van Riebeeck, gûverneur-generaal fan Nederlânsk-Ynje
- 1855 - David Livingstone ûntdekt de Victoriawetterfallen.
- 1869 - Yn Egypte wurdt it Suezkanaal iepene.
- 1887 - Berne: Bernard Montgomery, Britske generaal en fjildmaarskalk.
- 1894 - Berne: Eelco Nicolaas van Kleffens, politikus († 1983)
- 1988 - Sûnt healwei trijen middeis is Nederlân ferbûn mei Ynternet, as twadde lân op de wrâld.
- 1307 - Willem Tell soe in pylk sjitten hawwe troch in apel op de holle fan syn soantsje (leginde).
- 1811 - Napoleon fiert yn de Lege Lannen de boargerlike stân yn.
- 1898 - Berne: Joris Ivens, Nederlânsk filmmakker († 1989)
- 1919 - Ferstoarn: Ferdinand Domela Nieuwenhuis, earste sosjalist yn it Nederlânske parlemint (* 1846).
- 1960 - Berne: Thea Sybesma, Nederlânske triatlete en duatlete
- 1962 - Ferstoarn: Niels Bohr, Deensk natuerkundige
- 461 - Libius Severus wurdt keizer.
- 1493 - Christoffel Columbus ûntdekt Porto Riko.
- 1805 - Berne: Ferdinand Vicomte de Lesseps, Frânsk betinker en bouwer fan it Suezkanaal († 1894)
- 1828 - Ferstoarn: Franz Schubert, Eastenryks komponist (* 1797).
- 1917 - Berne: Indira Gandhi, Yndiaask premier († 1984)
- 1981 - Ferstoarn: Gerrit Benner, keunstskilder.
- 1625 - Berne: Paulus Potter, Nederlânsk keunstskilder (eigentlik de datum fan syn doop).
- 1923 - Ferstoarn: Binnert Philip baron van Harinxma thoe Slooten, Kommissaris fan de Kening(inne) fan de provinsje Fryslân(* 1839).
- 1939 - Ferstoarn: Onno Harmens Sytstra, Frysk skriuwer.
- 1967 - Berne: Dave Steensma, Nederlânsk marinier.
- 1985 - De earste ferzje fan Microsoft Windows wurdt útbrocht.
- 1998 - De earste module fan it Ynternasjonaal Romtestasjon ISS wurdt lansearre.
- 1783 - Yn Frankryk wurdt de earste bemande loftballonfeart hâlden.
- 1820 - Berne: Enno Wilhelm Hektor, East-Frysk skriuwer.
- 1905 - Albert Einstein publisearret syn massa-enerzjyrelaasje E=mc² yn de Annalen der Physik
- 1958 - Berne: Evert van Benthem, reedrider.
- 1972 - Ferstoarn: Klaas Hanzen Heeroma, Nederlânsk dichter en taalkundige.
- 2001 - Ferstoarn: Saakje Huisman, Nederlânsk skriuwster dy't yn it Frysk publisearre.
- 1963 - De Amerikaanske Presidint John F. Kennedy wurdt yn Dallas Texas fermoarde, wylst hy in rûnrit troch de stêd makket.
- 1890 - Berne: Charles de Gaulle, Frânsk generaal en president († 1970).
- 1909 - Berne: Douwe Tamminga, in Fryske dichter, proazaskriuwer en oersetter († 2002).
- 1950 - Hayo Hayen, de lêste prater fan it Wezerfrysk fan Wangerooge
- 1955 - De earste Russyske wetterstofbom wurdt ta ûntploffing brocht.
- 1979 - Ferstoarn: Anne Vondeling, minister fan Finansjen yn it Nederlânske kabinet-Cals.
- 1407 - Troch de moard op Loadewyk, de hartoch fan Orléans, troch de manju fan Jan sûnder Eangst brekt yn Frankryk in boargeroarloch út.
- 1840 - Ferstoarn: Thijs Feenstra, Frysk politikus en keapman(* 1766).
- 1896 - Berne: Jan Roos, strjitartyst († 1979 ).
- 1917 - Berne: Roelof Bergsma, Terhernster ûnderwizer, dammer en revuskriuwer.
- 1953 - Ferstoarn: Reinder Brolsma, Frysk skriuwer.
- 2007 - Akwadukt Jeltesleat iepensteld.
- 1632 - Berne: Baruch de Spinoza, Nederlânsk filosoof († 21 febrewaris 1677).
- 1642 - Abel Tasman ûntdekt Tasmaanje
- 1859 - De Britse biolooch Charles Darwin publisearret De oarsprong fan de soarten (oarspronklike titel: On The Origin of Species). De earste printinge is daliks útferkocht.
- 1909 - Berne: Hotze de Roos, Nederlânsk berneboekeskriuwer († 1991).
- 1990 - GrienLinks wurdt oprjochte.
- 1991 - Ferstoarn: Freddie Mercury, Britske sjonger foar de groep Queen (* 1946).
- 2004 - Iepening fan Museumpark Lângoed It Oranjewâld.
- 1577 - Berne: Piet Hein, Nederlânsk admiraal.
- 1587 - Willem Loadewyk fan Nassau boasket mei Anna fan Nassau
- 1876 - Berne: Simke Kloosterman, Frysk skriuwster.
- 1975 - Suriname wurdt ûnôfhinklik fan Nederlân.
- 1979 - Ferstoarn: Bauke Roolvink, Nederlânsk politikus.
- 2005 - Ferstoarn: Hotze Schuil, keatser (* 1924)
- 885 De Wytsingen belegerje Parys.
- 1680 - Loadewijk XIV ferklearret de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen de oarloch.
- 1752 - De nije Skoattertsjerke fan Aldskoat wurdt ynwijd.
- 1864 - Berne: Herman Gorter, Nederlânsk dichter en meioprjochter fan de Sosjaal-Demokratyske Partij († 1927).
- 1897 - Berne: Abraham Wassenbergh (keunsthanneler), keunsthanneler fan Makkum.
- 1926 - Ferstoarn: John Browning, Amerikaans gewearmakker.
- 1981 - Ferstoarn: Max Euwe, Nederlânsk skaker (* 1901).
- 1095 - Paus Urbanus II ropt by de Synoade fan Clermont op ta in krústocht.
- 1701 - Berne: Anders Celsius, Sweedsk astronoom en útfiner fan de temperatuerskaal Celsius († 1744)
- 1899 - Ferstoarn: Guido Gezelle, Flaamsk dichter (* 1830).
- 1920 - Berne: Abe Lenstra, Fryske fuotballeginde. († 1985)
- 1951 - Ferstoarn: Lambertus Krips, foardrachtskeunstner.
- 1968 - Nederlân fiert it minimumlean yn.
- 1520 - Trije skippen ûnder lieding fan de Portugeeske ûntdekkingsreizger Ferdinand Magellaan berikke de Stille Oseaan.
- 1602 - Ferstoarn: Gemme fan Burmania, ealman
- 1627 - Ferstoarn: Ernst fan Aylva, grytman fan West-Dongeradiel
- 1820 - Berne: Friedrich Engels, sosjalistysk filosoof en tegearre mei Karl Marx de grûnlizzer fan it kommunisme († 1895).
- 1880 - Berne: Marinus van Meel, Nederlânsk fleander en fleanmasinebouwer († 1958).
- 1912 - Albaanje, sûnt de 15e iuw part fan Turkije, ropt de ûnôfhinklikens út.
- 1962 - Ferstoarn: Wilhelmina fan Nederlân, keninginne fan Nederlân fan 1890 oant 1948
- 2000 - It Nederlânske parlemint stimt yn mei in wetsfoarstel om eutanasy te legalisearjen; Nederlân is dêrmei it earste lân yn de wrâld dêr't help by selsdeading ûnder bepaalde betingsten net mear strafber is.
- 1814 - It deiblêd The Times yn Londen nimt ien fan de earste stoommasines yn gebrûk om de drukparse oan te driuwen.
- 1877 - Thomas Edison demonstreart foar it earst syn fonograaf.
- 1937 - Prins Bernhard rekket slim ferwûne by in ûngefal wêrby hy mei 160 kilometer it oere op in beam deunby Diemen klapt.
- 1944 - Albaanje wurdt befreid fan de Dútske besetter.
- 1945 - De Folksrepubliek Joegoslaavje wurdt útrôpen.
- 1947 - De Algemiene Gearkomst fan de Feriene Naasjes beslút Palestina te ferdielen tusken Arabieren en Joaden.
- 1982 - De Algemiene Gearkomst fan de Feriene Naasjes nimt Resolúzje 37/37 oan. Hjirmei wurdt de Sovjet-Uny oprôpen om harren leger út Afganistan werom te heljen.
- 1609 - Galileo Galilei observearret foar it earst de moanne troch in teleskoop.
- 1710 - It Ottomaanske Ryk ferklearret de oarloch oan Ruslân.
- 1803 - Spanje ferkeapet Louisiana oan Frankryk.
- 1813 - Willem I, soan fan steedhâlder Willem V en Wilhelmina fan Pruisen, komt oan yn Skeveningen neidat de Frânsken út Nederlân fuort gien binne.
- 1817 - Berne: Christian Matthias Theodor Mommsen, Noardfrysk dosint, professor en Nobelpriiswinner († 1903)
- 1874 - Berne: Winston Churchill, Britsk steatsman († 1965)
- 1939 - De Winterkriich tusken Finlân en Ruslân set útein.
- 1966 - Barbados wurdt ûnôfhinklik.