Wikipedy:Haadside-ynfo/In dei yn de histoarje/Desimber
Appearance
<< | Desimber | >> | ||||
mo | ti | wo | to | fr | so | si |
1 | ||||||
2 | 3 | 4 | 5 | 6 | 7 | 8 |
9 | 10 | 11 | 12 | 13 | 14 | 15 |
16 | 17 | 18 | 19 | 20 | 21 | 22 |
23 | 24 | 25 | 26 | 27 | 28 | 29 |
30 | 31 |
- 1640 - Portegal wurdt opnij ûnôfhinklik fan Spanje.
- 1835 - Hans Christian Andersen publisearret syn earste boek mei mearkes.
- 1919 - Yslân wurdt ûnôfhinklik fan Denemark.
- 1973 - Ferstoarn: David Ben-Gurion, earste minister-presidint fan Israel (* 1886).
- 1990 - Yn de Kanaaltunnel moetsje arbeiders út it Feriene Keninkryk en Frankryk elkoar op fjirtich meter ûnder de seeboaiem.
- 2004 - Ferstoarn: Prins Bernhard, prins-gemaal fan Keninginne Juliana (* 1911).
- 2008 - Ferstoarn: Jacobus Zantema, redakteur fan it Frysk wurdboek (* 1908).
- 1804 - Yn Parys wurdt Napoleon Bonaparte ta keizer kroand. Hy wurdt dêrmei de earste Frânske keizer yn tûzen jier.
- 1805 - Yn de Slach by Austerlitz ferslaan Frânske troepen ûnder Napoleon in kombinearre Russysk-Eastenrykse striidmacht.
- 1959 - De Malpassetdaam yn Frankryk brekt troch, troch de floed dy't ûntstiet komme 421 minsken om it libben.
- 1971 - Seis emiraten foarmje de Feriene Arabyske Emiraten, twa moannen letter soe de sânde derby komme.
- 1975 - Yn Laos wurdt de republyk útroppen.
- 1981 - Berne: Britney Spears, Amerikaansk sjongster.
- 1999 - It Feriene Keninkryk jout de politike macht yn Noard-Ierlân oer oan it Noard-Ierske parlemint.
- 1800 - De slach by Hohenlinden, Napoleon ferslaat de Eastenrikers noch in kear.
- 1910 - Demonstraasje fan de earste neonlampe, troch George Claude.
- 1946 - Berne: Joop Zoetemelk, Nederlânsk hurdfytser dy't de einoerwinning yn de Omgong fan Frankryk wûn hat.
- 1960 - Berne: Julianne Moore, Amerikaansk aktrise.
- 1965 - The Beatles bringe harren plaat Rubber Soul út.
- 1965 - Ferstoarn: Jan Tjittes Piebenga, ûnderwizer yn Aldegea, haadredakteur fan de Ljouwerter Krante en frisiast (* 1910)
- 1982 - Jannes van der Wal wurdt wrâldkampioen damjen yn São Paulo.
- 265 - De stêdsmuorre fan Ferona komt ree.
- 1864 - Yn Roemeenje wurdt in wet oannommen dy't it joaden ûnmooglik makket juridyske funksjes út te fieren.
- 1892 - Berne: Francisco Franco, Spaansk diktator († 1975).
- 1946 - Berne: Geert Mak, Nederlânske jurist, sjoernalist en skriuwer.
- 1958 - Benyn wurdt selsstannich.
- 1975 - Suriname wurdt lid fan de Feriene Naasjes.
- 1982 - Sina nimt de grûnwet oan.
- 771 - Karel de Grutte wurdt kening fan it gânse Frankyske keninkryk, troch de dea fan syn broer Karloman I.
- 1492 - Kolumbus ûntdekt Hispanjola. Dit feit wurdt bytiden sjoen as de "ein fan de Midsiuwen".
- 1547 - Berne: Ubbo Emmius, Frysk histoarikus, teolooch, pedagooch en stifter fan de Grinzer Universiteit († 1625).
- 1791 - Ferstoarn: Wolfgang Amadeus Mozart, Eastenryks komponist (* 1756).
- 1935 - Yn Elslo wurdt it earste kealtsje berne dat troch keunstmjittge ynseminaasje ferwekt is.
- 1946 - New York wurdt keazen ta permaninte setel fan de Feriene Naasjes
- 2007 - Ferstoarn: Foekje Dillema, Fryske atlete (* 1926).
- 1196 - Hollân en Fryslân wurde teheistere troch de Sint-Nikolaasfloed. It risseltaat fan dizze stoarm wie in ôfslach fan de feangebieten yn West-Fryslân en in fergrutting fan de Waadsee en de Sudersee.
- 1801 - Berne: Sterke Jerke, de bynamme fan Hearke Tjerks Witteveen. Sterke Jerke libbe it grutste part fan syn libben yn Droegeham.
- 1877 - Thomas Edison makket de earste lûdsopname.
- 1906 - De Britske oerheid ferlient selsbestjoer oan de eardere boererepublyk Transfaal.
- 1917 - Finlân ferklearret him ûnôfhinklik fan Ruslân.
- 1957 - It earste besykjen fan de Feriene Steaten om in keunstmoanne te lansearjen mislearret, dêr't it lansearplatfoarm by opblaasd wurdt.
- 1787 - Delaware ratifisearret as earst de grûnwet fan de Feriene Steaten.
- 1815 - Michel Ney, Frânsk maarskalk, wurdt eksekutearre foar ferrie, om't er nei't er de Frânske kening trou sward hie wer foar Napoleon fochten hie (* 1769).
- 1960 - Ivoarkust wurdt ûnôfhinklik.
- 1982 - Yn de Feriene Steaten wurdt by it útfieren fan de deastraf foar it earst gebrûk makke fan in deadlike ynjeksje.
- 1988 - Yn Armeenje komme by in ierdskodding fan 6.8 op de Skaal fan Richter 25.000 minsken om it libben.
- 2003 - Berne: Catharina-Amalia fan Nederlân, Nederlânsk prinsesse.
- 2005 - It wurdt mooglik om in domeinnamme mei .eu oan te meitsjen.
- 1508 - Berne: Gemma Frisius, Nederlânske geograaf, wiskundige en arts fan Frysk komôf († 1555).
- 1914 - Slach om de Falklâneilannen tusken it Feriene Keninkryk en Dútslân.
- 1941 - It ferneatigingskamp Chelmno, Poalen, wurdt troch de Nazi's iepene.
- 1941 - It Kongres fan de Feriene Steaten ferklearet Japan de oarloch. Allinne de froulike ôffeardige Jeannette Rankin stimt tsjin.
- 1944 - It Nederlânsk ferset befrijdet 51 fersetsminsken út de Blokhûspoarte.
- 1965 - Prins Claus wurdt by wet naturalisearre ta Nederlanner.
- 1980 - John Lennon wurdt foar syn hús dea sketten troch Mark David Chapman.
- 1982 - Yn Suriname wurde fyftsjin minsken troch it bewâld fan Desi Bouterse ombrocht, de moarden wurde ferneamd as de Desimbermoarden.
- 1342 - Willem IV fan Hollân ferlient stedsrjochten oan Amsterdam.
- 1571 - Berne: Adriaan Metius, Nederlânske wiskundige en astronoom († 1635).
- 1625 - Ferstoarn: Ubbo Emmius, Frysk histoarikus, teolooch, pedagooch en stifter fan de Grinzer Universiteit (* 1547).
- 1935 - Ferstoarn: Nina Hagerup, Deensk-Noarsk sjongster en pianiste (* 1845).
- 1954 - Berne: Herman Finkers, Nederlânsk kabaretier.
- 1961 - Yn Israel wurdt Adolf Eichmann skuldich befûn oan oarlochsmisdieden tsjin joaden yn de Twadde Wrâldkriich.
- 1963 - Sansibar wurdt ûnôfhinklik.
- 1799 - As earste lân op de wrâld fierd Frankryk it metrysk stelsel yn.
- 1896 - Ferstoarn: Alfred Bernhard Nobel, Sweedsk skiekundige en yndustrieel (*1833).
- 1901 - De earste Nobelpriis wurdt útrikt yn Stockholm.
- 1945 - Nederlân wurdt lid fan de Feriene Naasjes.
- 1948 - De Feriene Naasjes nimme de Universele Ferklearring fan de Rjochten fan de Minske oan.
- 1964 - Martin Luther King krijt de Nobelpriis foar de Frede útrikt.
- 1980 - John Lennon wurdt kremeard yn Ferncliff Crematory yn Ardsley, New York.
- 1576 - Ferstoarn: Joachim Hoppers, Nederlânsk jurist en heechlearaar fan Frysk komôf (* 1523).
- 1816 - Montana wurdt de 19e steat fan de Feriene Steaten.
- 1843 - Berne: Robert Koch, Dútsk medikus († 1910).
- 1928 - Berne: Martinus Antonius Veltman, Nederlânsk dichter en tekstskriuwer († 1995).
- 1934 - It Algemeen Nederlands Persbureau wurdt stifte.
- 1941 - De Feriene Steaten sizze Dútslân de oarloch oan en minge harren sadwaande ek yn de Twadde Wrâldkriich.
- 2001 - De Republyk Sina, better bekend as Taiwan, slút him oan by de Wrâldhannelsorganisaasje.
- 2004 - Prins Bernhard wurdt bysetten yn de Nije Tsjerke fan Delft.
- 1787 - Pennsylvania ratifisearret de Amerikaanske grûnwet en wurdt sadwaande de twadde steat fan de Feriene Steaten.
- 1863 - Berne: Edvard Munch, Noarsk skilder († 1944).
- 1911 - New Delhi wurdt de haadstêd fan Yndia, dit wie Kolkata.
- 1915 - Berne: Frank Sinatra, Amerikaansk sjonger († 1998).
- 1963 - Kenia wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk.
- 1967 - Berne: Maaike Schuurmans, Nederlânsk sjongster fan Frysk komôf.
- 1979 - De Republyk Rodeezje feroaret de namme yn Simbabwe.
- 1287 - As gefolch fan in swiere stoarm binne der oerstreamingen om de Sudersee hinne en yn East Anglia. Dizze ramp stiet bekend as de Sint-Lusiafloed.
- 1642 - Abel Tasman berikt Nij Seelân.
- 1854 - Berne: Herman Bavinck, Nederlânsk predikant, teolooch en politikus († 1921).
- 1974 - Malta wurdt in republyk.
- 1979 - Ferstoarn: Jan Roos, Nederlânsk strjitsjonger (* 1896).
- 1993 - Falko Zandstra fan It Hearrenfean wurdt yn Hamar wrâldkampioen reedriden Oer-alles.
- 1287 - De Grutte Stoarm yn de nacht fan 13 op 14 desimber rekket it súdlik part fan de Noardsee. Fryslân, Grinslân en East-Fryslân wurde swier troffen. Rûzings oer it tal slachtoffers rinne útein fan 50.000 oant 80.000 minsken.
- 1822 - Alabama wurdt de 22e steat fan de Feriene Steaten.
- 1877 - Servje slút him oan by Ruslân yn de kriich tsjin Turkije.
- 1911 - Roald Amundsen tegearre mei syn ploech de geografyske Súdpoal.
- 1927 - Irak wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk.
- 2004 - Presidint Jacques Chirac iepent it Millau-fiadukt yn Frankryk, it is it heechste fiadukt op de wrâld.
- 1806 - It leger fan Napoleon Bonaparte beset Warsjau.
- 1832 - Berne: Gustave Eiffel, Frânsk arsjitekt († 1923).
- 1916 - Frankryk ferslacht Dútslân yn de Slach by Ferdun.
- 1956 - Berne: Piet Paulusma, waarman.
- 1961 - Yn Israel wurdt Adolf Eichmann de deastraf oplein foar syn dieden yn de Holokaust.
- 1966 - Ferstoarn: Walt Disney, Amerikaansk tekenfilmmakker (* 1901).
- 1979 - It flot de Sterke Yerke sinkt sechtich kilometer foar Willemstêd.
- 714 - Ferstoarn: Pippyn II, Frankyske hofmeier.
- 1336 - Ferstoarn: greve Albrecht fan Beieren koart (1398-1400) hearsker fan Mid-Fryslân.
- 1631 - Grutte útbarsting fan de fulkaan Fesuvius.
- 1777 - Berne: Ludwig van Beethoven, Dútske komponist.
- 1863 - De 22-jierrige Gerard Adriaan Heineken begjint mei it brouwen fan bier ûnder de namme Heineken & Co.
- 1933 - De 4e alvestêdetocht wurdt wûn troch Abe de Vries en Sipke Castelein yn in tiid fan 9.53 oere.
- 1944 - Yn de Ardennen set it Ardennenoffensyf útein, it lêste offensyf fan Nazi Dútslân.
- 1273 - Ferstoarn: Tjelal ed-Din Rûmy, dichter en soefy mystikus (*1207).
- 1830 - Simón Bolívar, Súd-Amearikaansk revolusjonêr lieder en steatsman (*1783).
- 1873 - Berne: Ford Madox Ford, Ingelske skriuwer en dichter (†1939).
- 1897 - Ferstoarn: Alphonse Daudet, Frânsk skriuwer (*1840).
- 1954 - Ferstoarn: Foeke Kuipers, Fryske arsjitekt (*1871).
- 2003 - Provinsjale Steaten fan Fryslân stelle de Gerrit Benner Priis yn.
- 1573 - De hartoch Alva ferlit de Nederlannen.
- 1577 - Berne: Anna fan Saksen, twadde frou fan Willem fan Oranje
- 1770 - Ferstoarn: Foeke Sjoerds, skoalmaster en doarpsrjochter fan Easternijtsjerk (* 1713).
- 1878 - Berne: Jozef Stalin, Kommunistyske leider fan de Sowjet-Uny (* 1953).
- 1880 - De Boeren út Transfaal roppe ûnder lieding fan Paul Kruger de republyk út wat oarloch mei de Ingelsen ta gefolch hat.
- 1980 - Berne: Christina Aguilera, Amerikaansk popartyste.
- 1980 - Yn Nederlân wurdt abortus troch de Twadde Keamer legalisearre.
- 1995 - Ferstoarn: Konrad Zuse, Dútske bouyngenieur, útfiner en ûndernimmer (* 1910).
- 1848 - Ferstoarn: Emily Brontë, Britsk skriuwster (* 1818).
- 1863 - Berne: Theo van Hoytema, Nederlânsk keunstner († 1917).
- 1851 - Ferstoarn: William Turner, Britsk keunstskilder, foaroprinner fan it ympresjonisme yn de skilderkeunst (* 1775).
- 1915 - Berne: Edith Piaf, Frânske sjongster († 1963).
- 1915 - Ferstoarn: Alois Alzheimer, Dútsk neuropatolooch en psychiater (* 1864).
- 1964 - Dominee Martin Luther King krijt de Nobelpriis foar de Frede.
- 1858 - Berne: Jan Toorop, Nederlânsk keunstskilder fertsjintwurdiger fan it symbolisme († 1928).
- 1864 - Ferstoarn: Schelto fan Heemstra, Nederlânsk politikus (* 1807).
- 1876 - Berne: J. van Oudshoorn, skriuwersnamme Jan Koos Feylbrief, Nederlânsk skriuwer. († 1951).
- 1901 - Yn Stockholm wurdt de earste Nobelpriis takend.
- 1951 - Earste produksje fan elektrisiteit út kearnenerzjy, yn de EBR-1 reaktor, yn Idaho (Feriene Steaten).
- 1907 - Berne: Garmt Stuiveling, Nederlânsk skriuwer († 1985)
- 1927 - Berne: Piter Bergsma, Fryske dammer.
- 1937 - Berne: Jane Fonda, Amerikaansk aktrise.
- 1940 - Berne: Frank Zappa, Amerikaansk popmuzikant en komponist († 1993).
- 1942 - Ferstoarn: Frans Boas, pionier en grûnlizzer fan de antropology.
- 2002 - De Kast jout syn lêste konsert yn Amsterdam.
- 1573 - Berne: Ernst Kasimir, steedhâlder Grinslân en Drinte († 1632).
- 1645 - Berne: Hidde Sjoerds de Vries, Frysk seefarder yn tsjinst fan de Fryske Admiraliteit († 1694).
- 1913 - Berne: Maria van Everdingen, Nederlânsk byldhouwer († 1985).
- 1930 - Oprjochting fan de Federaasje fan Fryske Studinteferienings yn de Kânselarij te Ljouwert.
- 1989 - Ferstoarn: Samuel Beckett, Iersk skriuwer en dichter (* 1906).
- 1544 - Berne: Anna fan Saksen- 18 desimber, de twadde frou fan Willem fan Oranje († 1577).
- 1888 - Vincent van Gogh snijt in stik fan syn ear ôf.
- 1939 - Ferstoarn: Anthony Fokker, Nederlânsk fleantúchbouwer (* 1890).
- 1944 - Berne: Enneüs Heerma, Nederlânsk politikus en bestjoerder fan Frysk komôf foar it CDA († 1999).
- 1979 – De Sovjet-Uny falt Afganistan binnen, de haadstêd Kabûl wurdt ynnommen.
- 1997 - Ferstoarn: Joop Verbeke, Frysk muzikant (* 1930).
- 2007 - Grou hat in sportprimeur troch in earste iisbaan fan keunststof yn de iepenloft te iepenjen.
- 1524 - Ferstoarn: Vasco da Gama, Portegeeske ûntdekkingsreizger (* 1469).
- 1717 - By de Krystfloed (in swiere noardwesterstoarm) falle tsjientallen slachtoffers en fersûpe in soad bisten yn it noarden fan Nederlân.
- 1922 - Berne: Ava Gardner, Amerikaansk filmaktrise, († 1990).
- 1957 - Berne: Hamid Karzai, Afgaansk politikus, sûnt 2006 presidint fan Afganistan.
- 1980 - Berne: Jelle ten Rouwelaar, proffuotballer fan De Jouwer.
- 1980 - Ferstoarn: Karl Dönitz, Dútske admiraal en befelhawwer de Dútske marine, opfolger fan Adolf Hitler. (* 1891).
- 1987 - Ferstoarn: Joop den Uyl, politikus en minister-presidint fan Nederlân (1973-1977) (* 1919).
- 800 - Karel de Grutte wurdt yn Rome troch de paus ta keizer kroand.
- 1066 - Willem de Oermasterder wurdt ta kening fan Ingelân kroand.
- 1741 - In stoarm teistert de kust. By Egmond wurde huzen troch de see ferswolge.
- 1932 - By in ierdskodding yn de Sineeske provinsje Gansu komme likernôch 70.000 minsken om.
- 1941 - Hong Kong jout him oer oan Japan.
- 1977 - Ferstoarn: Charlie Chaplin, Amerikaansk filmkomyk (* 1889).
- 838 - De Wettersneed fan 838 rekket Hartochdom Fryslân, likernôch 2.400 minsken komme om it libben.
- 1941 - Winston Churchill sprekt as earste Britske premier it Amerikaanske kongres ta.
- 1971 - Berne: Falko Zandstra, Nederlânsk reedrider fan Frysk komôf.
- 2003 - By in ierdskodding fan 6,6 op de Skaal fan Richter yn Bam, yn it súdeasten fan Iran, komme tsientûzenen om it libben.
- 2004 - In swiere ierdskok yn de Yndyske Oseaan folge troch in tsûnamy kostet tsientûzenen minsken yn de kustgebieten fan Aazje it libben; trije Friezen misse.
- 2006 - Ferstoarn: Gerald Ford, 38e presidint fan de Feriene Steaten.
- 1831 - Charles Darwin begjint oan syn hystoaryske reis mei de Beagle.
- 1865 - Berne: Teatse Holtrop, ûnderwizer en Frysk skriuwer († 1925).
- 1901 - Berne: Marlene Dietrich, Dútsk/Amerikaansk aktrise en sjongster († 1992).
- 1923 - Ferstoarn: Gustave Eiffel, Frânsk arsjitekt (* 1832).
- 1938 - Ferstoarn: Osip Mandelstam, Russysk skriuwer en dichter (* 1891).
- 1971 - Falko Zandstra, hurdrider
- 2008 - De Frysktalige band Van Wieren wurdt keazen as 'bêste dialektband fan Nederlân' op it Dialektpop Festival Nederlân yn Heinkenszand
- 1826 - Conrad Busken Huet, Nederlânsk skriuwer en kritikus († 1886).
- 1856 - Woodrow Wilson, 28e presidint fan de Feriene Steaten († 1924).
- 1885 - Vladimir Tatlin, Russysk keunstner († 1953).
- 1937 - Ferstoarn: Maurice Ravel, Frânsk komponist (* 1875).
- 1954 - Denzel Washington, Amerikaansk akteur.
- 1970 - Oprjochting Stifting De Fryske Mole
- 1973 - Ids Postma, Fryske reedrider.
- 1800 - Berne: Charles Goodyear, Amerikaansk útfiner († 1860).
- 1845 - Texas wurdt de 28e steat fan de Feriene Steaten.
- 1890 - De 7de Kavalery van de Feriene Steaten rjochtet in massaslachting oan ûnder de Lakota by Wounded Knee (Súd Dakota).
- 1891 - Thomas Edison patentearret de radio.
- 1908 - Berne: Gerben Sonderman, Nederlânsk piloat fan Frysk komôf († 1955).
- 1919 - Berne: Pieter Terpstra, Fryske skriuwer en sjoernalist († 2006).
- 1940 - Dútslân begjint mei bombardeminten op doelen yn it Feriene Keninkryk.
- 1837 - Berne: Albertus Samuel Carpentier Alting, Nederlânsk Nederlânsk-herfoarme predikant en frijmitseler († 1915)
- 1880 - Paul Kruger wurdt presidint fan de Transfaalske Republyk.
- 1913 - Itaalje jout de Mona Lisa werom oan Frankryk.
- 1924 - Bewiis fan Edwin Hubble foar it bestean fan stjerrestelsels bûten ús molkenpaad.
- 1972 - De Feriene Steaten stopje mei de bombardeminten op Noard-Fietnam.
- 1993 - Fatikaanstêd en Israel beslute elkoar te erkennen.
- 2006 - Saddam Hoessein wurdt ophong om fjouwer oere nachts, Nederlânske tiid.
- 406 - De Slach by Mainz, wêrnei't de ynvaazje folget fan it West-Romeinske Ryk troch de Germanen.
- 1846 - Berne: Ferdinand Domela Nieuwenhuis, earste sosjalist yn it Nederlânske parlemint († 1919).
- 1879 - Thomas Edison demonstreart syn nijste útfining: it elektrysk ljocht.
- 1938 - Berne: Atje Keulen-Deelstra, Fryske hurdrydster.
- 1953 - Ferstoarn: Albert Plesman, Nederlânsk loftfeartpionier (* 1889).
- 1999 - De Feriene Steaten jouwe de Panamakanaalsône, in stik lân fan acht kilometer oan beide kanten fan it kanaal, werom oan Panama.
- 2004 - De offisjele iepening fan de Taipei 101 yn Taiwan, it op dat stuit heechste gebou fan de wrâld mei 509 meter.