Berjocht:In dei yn de histoarje/1 novimber
Appearance
- 1170 - De Alderheljenfloed fan 1170, treft Fryslân.
- 1570 - Caspar de Robles komt mei de Friezen op ien line en tichtet en fersterket de diken benammen om Harns hinne.
- 1676 - Ferstoarn: Gisbertus Voetius, teolooch.
- 1775 - Lissabon wurdt troffen troch in ierdskodding dêr't 60.000 deaden by falle.
- 1881 - Ferstoarn: Jacques Perk, Nederlânske dichter (* 1859).
- 1938 - Berne: Henk Kroes, âld-foarsitter fan de Feriening De Fryske Alve Stêden.
- 1969 - De Friese Koerier giet op yn de Ljouwerter Krante.
- 2006 - Ferstoarn: Loadewyk Meeter, skûtsjeskipper by de SKS (* 1915).