De Waterwolf
De Wetterwolf is in boezemgemaal yn de provinsje Grinslân.
De Wetterwolf, dat ien fan de grutste gemalen fan Nederlân is, stiet oan it Reitdiep by it buorskip Lammerburen, in kilometer of twa benoarden it doarp Oldehove, yn de gemeente Súdhorn. It gemaal stamt út 1920 en waard op 5 novimber fan dat jier offisjeel yn gebrûk nomd troch keninginne Wilhelmina. It wie it earste elektrysk oandreaun gemaal fan Nederlân. De Wetterwolf waard boud en beheard troch it wetterskip Electra. Dêrfandinne dat it gemaal en de plak dêr't it gebou stiet ek faak mei dy namme oantsjutten wurdt.
De Wetterwolf bemealt it noardwesten fan Grinslân en de kop fan de provinsje Drinte, op in peil fan -0,93 meter ten opsichte fan NAP. Dat peil wurdt it Electrapeil neamd, wylst ek de oantsjuttings Hunsingopeil en Westerkertierpeil yn omloop binne.
It gemaal hie fjouwer pompen, dy't yn totaal 4000 m³ wetter yn de minút útslaan koene. Yn 1997 is der in fiifde pomp by komd, dy't noch ris 500 m³ ferpleatse kin. Dat wie nedich ta bestriding fan de ekstra wetteroerlêst as gefolch fan de boaiemsakking troch de winning fan ierdgas (sjoch: Ierdgasfjild fan Slochteren). De pompen wurde tsjintwurdich oandreaun troch diselmotors.
It heech boppe it flakke lân oprizende gebou stiet op de monumintelist. Sûnt 1995 wurdt De Wetterwolf beheard troch it wetterskip Noorderzijlvest.
-
De Wetterwolf fan de brêge ôf oer de Kommersylsterrijte (2005)
-
De Waterwolf, wetterynlitten (2008)