Willem Tell

Ut Wikipedy
Monumint foar Willem Tell yn Altdorf ± 1900
Toer mei it byld fan Wilhelm Tell.

Willem Tell (Dútsk: Wilhelm Tell) is in frijheidsheld dy't begjin 14e iuw yn Switserlân libbe hawwe soe. Tell waard benammen ferneamd fan it toanielstik fan Friedrich Schiller mei deselde namme en fan de opera fan Gioacchino Rossini.

Leginde[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It ferhaal giet dat de legindaryske krúsbôgesjitter Willem Tell yn 1307 wegere de hoed te groetsjen dy't lânfâd Gessler op in stôk op it doarpsplein setten hie as symboal foar it hearskjende Habsburch. Gessler ûnthjitte him dêrop mei syn bôge in appel fan de holle fan syn jonkje te sjitten. Willem Tell helle twa pylken út syn koker en skeat der ien mei súkses troch de appel. Doe't Gessler frege wat de bedoeling fan de oare pylk wie, andere hy dat dy foar de lânfâd ornearre wie as hy syn soantsje deade hawwe soe. Dêrnei waard hy finzen nomd. Wylst Tell yn in boatsje oer de Fjouwerwâldstêdenmar nei de finzenis brocht waard, stuts in stoarm op en wist hy te ûntkommen. Willem Tell gie gau werom nei Küssnacht en skeat de hate lânfâd dea mei syn krúsbôge.

De rest fan de Tell-leginde fermeldt allinnich dat hy yn 1315 meifochten hawwe soe yn de Slach by Morgarten tsjin de Eastenrykske hartoch Leopold I en yn 1354 ferdronken wêze soe yn de wylde berchbeek Schächenbach doe't hy in bern besocht te rêden.

Krektas syn Ingelske 'kollega' Robin Hood is Tell's avontoerlike libben faak ferfilme, ek as de dêrop trochborduerjende telefyzjerige.

Historisiteit[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der is gjin inkel bewiis dat Willem Tell wier bestien hat. De earste fernijing fan de leginde is út 1569 yn it Chronicum Helveticum fan de Switserske histoarikus Aegidius (of Gilg) Tschudi oer de jierren 1000 - 1470. Undersikers hawwe lykwols fêststeld dat it Chronicum diels op soarchfâldich samle dokuminten, mar ek op fantasij basearre is.

Yn midden 1700 lies Gottlieb de Haller, in gelearde út Bern, in âld Deensk folkloristysk ferhaal oer Kening Harald Blautosk, dy't regearde fan 936 - 987 en in Wytsing haadman wie, Toko neamd, dy't twongen waard in appel fan de holle fan syn jonge soan te sjitten. De Haller skreau dêrop Willem Tell, in Deensk fabeltsje, dêryn bewearde hy dat de leginde baseare wie op it ferhaal oer Toko. Dat kaam him lykwols djoer te stean, want it gefolch wie in gerjochtsferfolging en persoanlike drigeminten. Haller ferklearre dêrnei dat it ferhaal gjin serieus histoarysk wurk wie, mar in utering fan literêre keunst en bea syn ekskuses oan. It boek waard op de merk fan Altdorf ferbaarnd. Dochs fêstige de episoade de oandacht op de leginde en histoarisy fûnen letter gjin dokumintaasje oer it bestean fan Willem Tell. Typysk is dat de meast resinte skiednis, fan 1000 siden, fan Switserlân mar 20 regels oan Willem Tell bestedet.

It ferhaal fan Willem Tell past perfekt yn de ûnôfhinklikheidsstriid fan Switserlân en syn lânsfeinten sûnt 1291. Sûnt dat jier ferset in oantal Switserske steatsjes him tsjin de hearskippij fan de Habsburgers. Uri, dêr't Willem Tell wenne, hearde derta en waard ien fan de trije katolike oerkantons (mei Schwyz en Unterwalden), dy't op 1 augustus it Switsersk Eedferbûn oprjochten.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: