Oer de oarsprong fan de soarten

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Titelblêd On the Origin of Species, earste printinge. De seisde printinge út 1872 ferskynde ûnder de titel The Origin of Species

Oer de oarsprong fan de soarten (Ingelsk: On the Origin of Species) is it bekendste boek fan de Britse biolooch Charles Darwin. Yn it boek set Darwin syn evolúsjeteory útien, dy't stelt dat alle libben op ierde ien mienskiplike ôfstamming hat en natuerlijke seleksje it wichtichste meganisme foar it ûntstean fan soarten en de oanpassing fan soarten oan harren omwrâld is.

Ynhâld[bewurkje seksje | edit source]

It boek jildt as ien fan de wichtichste wittenskiplike wurken ea. Yn de tiid dat it publisearre waard feroarsake it opskuor omdat it de foarmerykdom fan it libben op ierde taskreau oan in meganysk proses ynstee fan in boppenatuerlike yntelliginsje. Al hiene oaren it lykwols al earder oppenearre dat der eat as evolúsje of natuerlike seleksje bestean koe, mar De oarsprong fan de soarten is it earste wurk dêr't út dizze konsepten de uterste konsekwinsje lutsen wurdt.

De reaksjes op it wurk wiene tige ferskillend fan aard. Sa wiene der reaksjes út wittenskiplike, religjeuze en filosofyske hoeke. Foar de publikaasje fan On the Origin of Species, gienen guon natuerwittenskipper der noch fan út dat de natoer "in freon fan de minskheid" en "oardere" wie.

Darwins wurken. It Untstean fan de Soarten, 4e printinge yn twa dielen 1913. Portret fan Darwin yn reliëf.

The Origin of Species joech in oare wize fan sjen en ien fan de fûleinichste ferdigeners fan it wurk, Thomas Huxley betocht sels in wurd foar Darwin syn teory; darwinisme. Yn Europa waard hjiropfolgjend troch de Britse filosoof Herbert Spencer de term sosjaal darwinisme yntrodusearre.

It fraachstik fan de oarsprong fan de minske waard troch Darwin allinnich by de noas lâns oanroerd. Dit soe troch him letter besprutsen wurde yn it boek Descent of Man.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

De earste edysje fan it boek ferskynde op 24 novimber 1859, ûnder de titel On The Origin of Species by Means of Natural Selection, or the Preservation of Favoured Races in the Struggle for Life ("Oer de oarsprong fan soarten middels natuerlike seleksje, of: it behâld fan begeunstige rassen yn de striid om it bestean"). Yn totaal ferskynden der 6 printingen yn it Ingelsk. Alle werprintingen befetten in soad wizigings en oanfollings dêr't Darwin mei reagearre op opmerkings en kritiken fan syn lêzers en nije ûntdekkings mei ferwurke. De 6e printinge ferskynde yn 1872 en in wizige 6e printinge (de lêste) ferskynde yn 1876.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]

Wikimedia Commons Dit materiaal is beskikber by Wikimedia Commons as On the Origin of Species en wurdt mooglik ek brûkt by oare Wiky-projekten.