Wikipedy:Haadside-ynfo/In dei yn de histoarje
Appearance
Dizze bledside jout in oersjocht fan de dagen yn de histoarje dy't op de Haadside presintearre wurdt. Der moatte noch in soad siden oanmakke wurde. Ofspraak is om alle foarfallen yn de no-tiid te skriuwen.
Kriteria foar in dei yn de histoarje
[boarne bewurkje]- maksimum fan 7 ferskate foarfallen mei fariaasje, en 5 dat it allinnich foarfallen binne.
- In mingeling fan Fryske foarfallen en oare foarfallen.
- It foarfal moat al wat 'wêze'.
- Leafst gjin reade keppelings (of it moat ferholpen wurde kinne foardat it op de haadside komt).
- By in ôfbylding, fan de ynterne ferwizing fette tekst meitsje.
Nûmerke trije is fansels subjektyf, mar elts moat foar him mar de bêste kar meitsje út de mooglike opsjes.
De dei fan hjoed yn de histoarje

- 1620 - Ferstoarn: Willem Loadewyk fan Nassau, Us Heit, greve fan Nassau en steedhâlder fan Fryslân (* 1560).
- 1640 - Ferstoarn: Hindrik Kasimir I, greve fan Nassau-Dietz en steedhâlder fan Fryslân, Grinslân en Drinte (* 1612).
- 1908 - Froulju dogge foar it earst mei oan de moderne Olympyske Spullen.
- 1919 - Ferstoarn: Jacob Hepkema, útjouwer en redakteur fan it Nieuwsblad voor Friesland en it Leeuwarder Nieuwsblad (* 1845).
- 1921 - Emil Pfeiffer, Dútske internist en bernearts, beskriuwer fan de sykte fan Pfeiffer.
- 1966 - Berne: Herbert Dijkstra, Nederlânsk sportferslachjouwer en âld hurdrider en hurdfytser.
- 1994 - Ferstoarn: Feyo Schelto Sixma van Heemstra (skûlnamme: Homme Eerntsma), keunsthistoarikus en Frysk skriuwer (* 1916).