Wikipedy:Haadside-ynfo/In dei yn de histoarje/April
Appearance
<< | April | >> | ||||
mo | ti | wo | to | fr | so | si |
1 | 2 | 3 | 4 | 5 | 6 | 7 |
8 | 9 | 10 | 11 | 12 | 13 | 14 |
15 | 16 | 17 | 18 | 19 | 20 | 21 |
22 | 23 | 24 | 25 | 26 | 27 | 28 |
29 | 30 |
- 457 - Majorianus komt yn Itaalje op de troan fan it Westen mei steun fan Risimer en Leo I fan Byzantsium.
- 1281 - Berne: Loadewyk IV fan it Hillige Roomske Ryk († 1347).
- 1429 - De Denen skaffe it tolbeteljen op de Sont ôf.
- 1549 - Kroanprins Filips komt út Spanje wei yn Brussel oan
- 1929 - Yntroduksje fan de jojo yn New York.
- 1950 - Berne: Ed Nijpels, earder Kommissaris fan de Keninginne fan Fryslân.
- 2005 - Yn Feanwâlden wurdt in genoatskip oprjochte om de neitins oan skriuwer Theun de Vries yn eare te hâlden.
- 742 - Berne: Karel de Grutte, keizer fan de Franken († 814).
- 1713 - Berne: Onno Zwier van Haren, auteur, diplomaat en politikus († 1779).
- 1805 - Berne: Hans Christian Andersen, Deensk skriuwer († 1875).
- 1872 - Ferstoarn: Samuel Morse, Amerikaansk útfiner (* 1791).
- 1917 - De earste frou ea yn it kongres fan de Feriene Steaten, Jeannette Rankin, nimt har sit as ôffeardige fan Montana.
- 1921 - Berne: Tiny Mulder, Fryske skriuwster
- 1982 - Begjin fan de Falklânoarloch mei de ynfal fan de Argentinen.
- 2005 - Ferstoarn: Paus Johannes Paulus II (* 1920)
- 1885 - Berne: Boris Andrejevitsj Vilkitski, Russysk hydrograaf en ûntdekkingsreizger († 1961).
- 1896 - Berne: Douwe Kalma, Frysk skriuwer († 1953).
- 1948 - Berne: Jaap de Hoop Scheffer, Nederlânske politikus en siktaris-generaal fan de NAFO.
- 1960 - Ein fan de monargy yn Kambodja, dizze wurdt werstelt yn 1993.
- 1962 - Ferstoarn: S.H. de Roos, Nederlânsk letterûntwerper, boekbânûntwerper en keunstner fan Frysk komôf (* 1877).
- 1975 - Bobby Fischer wegeret tsjin Anatoly Karpov te skaken, wêrtroch Karpov de titel Wrâldkampioen krijt.
- 1977 - De lannen fan de Benelúks en Frankryk gean foar it earst sûnt de Twadde Wrâldoarloch wer oer op de simmertiid.
- 1585 - Ferstoarn: Caspar de Robles, steedhâlder fan Fryslân en Grinslân oan it begjin fan 'e Tachtichjierrige Oarloch (* 1527).
- 1915 - Berne: Muddy Waters, Amerikaansk bluessjonger († 1983).
- 1949 - Troch it tekenjen fan it Noard-Atlantyske ferdrach wurdt de Noard-Atlantyske Ferdrachsorganisaasje stifte.
- 1968 - Ferstoarn: Martin Luther King, Amerikaansk dûmny en boargerrjochtenaktivist, wurdt deasketten (* 1929).
- 1972 - Ferstoarn: Sieuwert Bruins Slot, Nederlânsk politikus en haadredakteur fan it deiblêd Trouw (* 1906).
- 1973 - It World Trade Center yn New York City wurdt iepene.
- 1983 - Ferstoarn: Gloria Swanson, Amerikaansk aktrise (* 1899).
- 1365 - Berne: Willem VI fan Hollân, greve fan Hollân en Seelân en Henegouwen († 1417).
- 1722 - De Nederlânske seefarder Jacob Roggeveen ûntdekt Peaske-eilân.
- 1848 - Ferstoarn: Willem Hendrik fan Sytzama, Frysk jurist, politikus en bestjoerder (* 1763).
- 1896 - Iepening fan de earste moderne Olympyske Spullen yn Athene, Grikelân.
- 1981 - Berne: Pieter Weening, Fryske hurdfytser.
- 2002 - Ferstoarn: Douwe Tamminga, Fryske dichter, proazaskriuwer en oersetter (* 1909).
- 1652 - Jan van Riebeeck, offisier yn tsjinst fan de FEK stiftet in ferfarskingsstasjon op de Kaap de Goeie Hope en leit dêrmei de fûneminten fan it hjoeddeiske Súd-Afrika.
- 1814 - Ein fan de 1e regearperioade fan Keizer Napoleon I
- 1909 - Robert Peary berikt nei eigen sizzen as earste de Noardpoal.
- 1917 - Yn de Earste Wrâldkriich ferklearret de Feriene Steaten Dútslân de oarloch.
- 1890 - Berne: Anthony Fokker, Nederlânsk fleantúchbouwer, oprjochter fan Fokker († 1939).
- 1960 - Berne: Eric Hoekstra, Nederlânsk skriuwer fan Frysk komôf.
- 2008 - Ferstoarn: Jeu Sprengers, fuotbalbestjoerder (* 1938).
- 1521 - Ferdinand Magellaan komt oan op it eilân Cebu.
- 1906 - De Vesuvius barst út en rekket Napels swier.
- 1920 - It Frânske leger nimt it Dútske Ruhrgebiet yn.
- 1939 - Itaalje falt Albaanje binnen.
- 1946 - De ûnôfhinklikheid fan Syrje wurdt offisjeel erkend.
- 1947 - Ferstoarn: Henry Ford, Amerikaansk yndustrieel (* 1873)
- 1948 - De Wrâldsûnensorganisaasje (WHO) wurdt oprjochte troch de Feriene Naasjes.
- 2006 - De earste .eu-domeinnamme wurdt registrearre.
- 1946 - Lêste gearkomste fan it Folkebûn.
- 1965 - It Fúzjeferdrach fan de Jeropeeske Uny wurdt tekene.
- 1976 - Berne: Tieme Klompe, Nederlânsk fuotballer.
- 1993 - Masedoanje wurdt lid fan de Feriene Naasjes.
- 1994 - Poalen freget om tatreding ta de Jeropeeske Uny.
- 2005 - Yn Fatikaanstêd wurdt de útfeart fan Paus Johannes Paulus II hâlden.
- 2006 - Ferstoarn: Gerard Reve, Nederlânsk skriuwer (* 1923).
- 491 - Ferstoarn: Zeno, East-Romeinsk keizer
- 1634 - Berne: Albertine Agnes fan Nassau, fiifde dochter fan steedhâlder Freark Hindrik en Amalia fan Solms († 1696).
- 1765 - Ferstoarn: Maria Louise fan Hessen-Kassel, Marijke-Meu (* 1688).
- 1940 - Twadde Wrâldoarloch: Dútslân falt Denemark en Noarwegen binnen.
- 1924 - Berne: Diet Huber, Frysk skriuwster
- 1959 - Ferstoarn: Frank Lloyd Wright, Amerikaansk arsjitekt (* 1867).
- 1967 - Berne: Sacha de Boer, Nederlânsk presintatrise fan it NOS-sjoernaal.
- 1767 - Berne: Sipko Basseleur Frysk jurist en politikus († 1831).
- 1885 - Ferstoarn: Jan Keestra, mei-oprjochter fan Keninklike Iisferiening Thialf (* 1825).
- 1912 - De Titanic stekt fan wâl yn Southampton (Ingelân), foar har earste en lêste reis.
- 1929 - Berne: Max von Sydow Sweedsk akteur en filmregisseur.
- 1938 - Referendum yn Eastenryk oer de oansluting by Dútslân. 90 % stimt foar De Anschluss.
- 1945 - Ferstoarn: Hendrik Nicolaas Werkman, ekspresjonistysk keunstner (* 1882).
- 2007 - Berne: Prinsesse Ariane, de tredde dochter fan Prins Willem-Alexander en Prinsesse Máxima.
- 1758 - Berne: Jan Willem de Crane, Frysk heechlearaar, mei-stifter fan it Frysk Genoatskip († 1842).
- 1854 - Berne: Anthonie Johannes Wolters, Frysk organist, dirigint, komponist en muzykpedagooch († 1916).
- 1875 - ferstoarn: Samuel Heinrich Schwabe, Dútsk astronoom, ferneamd troch syn ûndersyk nei sinneflekken (* 1789).
- 1922 - Berne: Harry Verbeke, ferneamd tenorsaksofonist fan Frysk komôf († 2004).
- 1945 - By de Dronryp-represaille wurde 13 finzenen deasketten troch de Dútsers.
- 1957 - Berne: Gert-Jan Veenstra, Frysk byldzjend keunstner (skilder en tekener).
- 2001 - De tongblier brekt ek út yn Fryslân, op in buorkerij yn Ie en in dei letter yn Eanjum.
- 1861 - Fort Sumter yn Súd Karolina wurdt besketten; dit wurdt beskôge as it begjin fan de Amerikaanske Boargeroarloch.
- 1903 - Berne: Jan Tinbergen, Nederlânske ekonoom († 1994).
- 1930 - Berne: Ype Schaaf, Frysk dûmny en sjoernalist († 2003).
- 1945 - Ferstoarn: Bouwe van Ens, feehâlder en fersetsman yn de Twadde Wrâldkriich (* 1893).
- 1945 - Ferstoarn: Franklin D. Roosevelt, presidint fan de Feriene Steaten (* 1882).
- 1954 - Ferstoarn: Pim Mulier, sjoernalist, grûnlizzer fan de moderne sport yn Nederlân (* 1865).
- 1961 - Joeri Gagarin is de earste minske yn de romte, oan board fan de Vostok 1.
- 1885 - berne: Piter Sjoerds Gerbrandy, Frysk politikus en Nederlânsk minister-presidint († 1961).
- 1894 - berne: Johannes Oldsen, Fryske politikus en foarsitter fan de Friisk Foriining († 1958).
- 1894 - ferstoarn: Nikolaj Ge, Russysk keunstskilder fan Frânske komôf, mei-oprjochter fan it keunstnerskollektyf De Swalkers (* 1831).
- 1913 - ferstoarn: Gabriël van Schouwen, bekende húsarts op It Hearrenfean (* 1863).
- 1945 - ferstoarn: Jan Harm Kruis, Frysk feehâlder en fersetsstrider yn de Twadde Wrâldkriich (* 1904).
- 1970 - berne: Rintje Ritsma, reedrider.
- 1974 - Gerrie Knetemann wint de njoggende edysje fan de Amstel Gold Race.
- 1629 - Christiaan Huygens, Nederlânsk astronoom, wiskundige en natuerkundige († 1695).
- 1912 - De Titanic botst op syn earste tocht tsjin in iisberch en giet te sink.
- 1915 - It Osmaanske Ryk falt Armeenje binnen.
- 1931 - Yn Spanje wurdt de republyk útroppen.
- 1980 - sjongeres Nynke Laverman wurdt berne yn Weidum.
- 1988 - De ein fan de Russyske besetting fan Afganistan.
- 1992 - SK Cambuur Ljouwert wurdt kampioen en promovearret sadwaande nei de Earedifyzje.
- 1999 - Berlyn wurdt op 'e nij haadstêd fan Dútslân.
- 1912 - It passazjiersskip Titanic sinkt op har earst oertocht; 1500 minsken komme by dy ramp om.
- 1452 - Leonardo da Vinci, Italjaansk keunstner, gelearde en útfiner († 1519).
- 1865 - Ferstoarn: Abraham Lincoln, 16e presidint fan de Feriene Steaten (* 1809)
- 1937 - Berne:Jerre Hakse, byldzjend keunstner út Ljouwert.
- 1945 - De provinsje Fryslân wurdt troch de Kanadezen befrije fan de Dútsers.
- 1947 - Berne: Peter Tuinman, Frysk akteur.
- 1980 - Ferstoarn: Jean-Paul Sartre, Frânsk filosoof en skriuwer (* 1905).
- 1889 - Berne: Charlie Chaplin, Ingelske akteur en filmregisseur († 1977).
- 1901 - Ferstoarn: Frans Julius Johan van Eysinga, Frysk ealman, keamerlid, rjochter en politikus (* 1818).
- 1927 - Berne: Benediktus XVI (Joseph Ratzinger), hjoeddeiske paus fan Dútske komôf.
- 1939 - Ferstoarn: Jan Hepkes Wouda, fellekeepman op it Surhústerfean ek wol de Feanster Liger neamd (*1862).
- 1945 - yn Penjum begjint in fûl gefjocht tusken it Kanadeeske Earste leger en in groep fan Dútske skerpskutters.
- 1956 - Berne: Doekle Terpstra, Nederlânsk bestjoerder fan Frysk komôf.
- 1986 - Berne: Epke Zonderland, Fryske turner
- 1644 - Berne: Abraham Storck, Nederlânsk skilder en graveur dy't falt ûnder de Hollânske skoalle († 1708).
- 1894 - Berne: Nikita Chroesjtsjov, Sovjet-politikus en partijlieder fan de Kommunistyske partij yn de USSR († 1971).
- 1539 - ferstoarn: Joaris mei it Burd of George fan Saksen, hartoch fan Saksen
- 1945 - ferstoarn: Hannie Schaft, kommuniste en fersetstriidster yn de Twadde Wrâldkriich (* 1920)
- 1946 - Syrje wurdt ûnôfhinklik fan Frankryk.
- 1961 - Mislearre ynvaazje yn de Bargebaai (Kuba).
- 1970 - Berne: Redman, rapper út de Feriene Steaten dy't yn de njoggentiger jierren ferneamd waard by Def Jam.
- 1814 - Anne Meines, earste boargemaster fan Skoatterlân (1851-1878) († 1884).
- 1906 - Clara Eggink, Nederlânsk dichteresse en proazaskriuwster. († 1991).
- 1951 - Undertekening fan it Ferdrach fan Parys tekene, dêr't de JMKS (Jeropeeske Mienskip foar Koalen en Stiel) troch ûntstie.
- 1955 - Ferstoarn: Albert Einstein, Dúts natuerkundige (* 1879).
- 1963 - Jan Ykema, âld-reedrider op de sprint, û.o. winner Olympysk sulver (500m, 1988, Calgary)
- 2004 - Ferstoarn: Cees Bijlstra, Frysk redakteur en komponist (* 1964).
- 1882 - Ferstoarn: Charles Darwin, Britsk natoerûndersiker en grûnlizzer fan de evolúsjeteory.
- 1891 - Ferstoarn: Jan Anne Lycklama à Nijeholt, Frysk politikus (* 1809).
- 1917 - Berne: Johnny Hoes, Nederlânsk sjonger en muzykprodusint.
- 1933 - Berne: Jane Mansfield, Amerikaansk filmaktrise en sekssymboal († 1967).
- 1957 - Ferstoarn: Willem Albarda, sosjalistysk politikus en bestjoerder fan Frysk komôf (* 1878).
- 2001 - Ferstoarn: Sjoerd Span, boer en oprjochter fan it fierljeppen yn wedstrydferbân yn Fryslân (* 1915).
- 2005 - Kardinaal Joseph Ratzinger wurdt ta paus roppen, nei't Paus Johannes Paulus II op 2 april ferstoarn is.
- 1806 - Ferstoarn: Lucas Oling, sulversmid út East-Fryslân dy't him yn Ljouwert fêstige (* ±1752).
- 1860 - Berne: Piter Jelles Troelstra, sosjalistysk politikus († 1930).
- 1889 - Berne: Adolf Hitler, Dútske diktator († 1945).
- 1912 - Ferstoarn: Bram Stoker, Iersk skriuwer (* 1847).
- 1924 - Turkije krijt ûnder lieding fan Mustafa Kemal Atatürk in nije grûnwet.
- 1955 - earste útstjoering fan Swiebertje op de tillefyzje.
- 1955 - Berne: Hessel van der Kooy, sjonger en kafeehâlder fan Skylge.
- 1612 - Ferstoarn: David van Goorle, Nederlânsk wittenskipper fan Frysk komôf (* 1591).
- 1619 - Berne: Jan van Riebeeck, VOC († 1677)
- 1731 - Ferstoarn: Daniel Defoe, Ingelsk skriuwer (* 1660).
- 1816 - Berne: Charlotte Brontë, Britsk skriuwster († 1855).
- 1910 - Ferstoarn: Mark Twain (skûlnamme fan Samuel Langhorne Clemens), Amerikaansk skriuwer en humorist (* 1835).
- 1926 - Berne: Elizabeth II (Elizabeth Alexandra Mary), keninginne fan it Feriene Keninkryk en steatshaad fan it Britske Mienebest.
- 1961 - Mislearre Amerikaanske ynvaazje yn Bargebaai fan Kuba, om Fidel Castro te ferdriuwen.
- 1915 - Yn de Earste Wrâldkriich brûke Dútse troepen by Ieper (Belgje) foar it earst gifgas oan it Westlik front.
- 1870 - Berne: Lenin (Ulyanov), Russysk revolusjonêr en regearlieder († 1924).
- 1937 - Berne: Jack Nicholson, Amerikaansk filmakteur.
- 1946 - Berne: Midas Dekkers, Nederlânsk biolooch en kollumnist.
- 1994 - Ferstoarn: Richard Nixon, Amerikaansk presidint.
- 2007 - Ferstoarn: Rommy, Fryske folkssjonger (* 1950).
- 2009 - Ferstoarn: Martin Bril, Nederlânske kollumnist, skriuwer en dichter (* 1959).
- 1564 - Berne: William Shakespeare, Ingelske skriuwer († 1616).
- 1574 - Ferstoarn: Reytse Ayses, lêste doperske martelder yn Fryslân.
- 1625 - Ferstoarn: Prins Maurits, steedhâlder (* 1576).
- 1798 - Earste Nederlânske Grûnwet wurdt oannomd.
- 1885 - Berne: Hendrik Jan Popping, boekhanneler en boekeprinter en amateur-archeolooch († 1950)
- 1928 - Berne: Shirley Temple, Amerikaansk aktrise en politika
- 1986 - Berne: Sven Kramer, reedrider
- 709 - Ferstoarn: Wilfried fan York, Ingelske biskop en hillige.
- 1533 - Berne: Willem fan Nassau (letter prins fan Oranje).
- 1731 - Ferstoarn: Daniel Defoe, Ingelsk skriuwer, sjoernalist en spion (* 1660).
- 1819 - Berne: Klaus Groth, Nederdútsk dichter en skriuwer († 1899).
- 1856 - Berne: Philippe Pétain, Frânske soldaat en steatshaad tidens it Vichy-rezjym
- 1907 - Ferstoarn: Idzerd Frans van Humalda van Eysinga, Nederlânsk politikus fan Frysk komôf (* 1843).
- 1974 - Ferstoarn: Bud Abbott, Amerikaanske akteur, produsint en komyk (* 1895).
- 1399 - Ferstoarn: Widzel tom Brok, Frysk kriichshear.
- 1599 - Berne: Oliver Cromwell, Lord Protector fan Ingelân.
- 1917 - Berne: Ella Fitzgerald, jazz-sjongster († 1996).
- 1946 - Berne: Johan Cruijff, Nederlânsk âld-fuotballer en fuotbaltrener.
- 1969 - Berne: Renée Zellweger, Amerikaansk filmaktrise.
- 1980 - Yn Teheran mislearret de Amerikaanske militêre operaasje om de gizelers út de Amerikaanske ambassade befrijen.
- 2007 - Betinking Rommy Henstra yn it Cambuur stadion.
- 121 - Berne: Markus Aurelius, keizer fan it Romeinske Ryk.
- 1711 - Berne: David Hume, Skotske filosoof en skiednisskriuwer yn de tiid fan de Ferljochting.
- 1894 - Berne: Rudolf Hess, plakferfanger fan Adolf Hitler († 1987).
- 1907 - Berne: Theun de Vries, Frysk skriuwer († 2005).
- 1910 - Ferstoarn: Bjørnstjerne Bjørnson, Noarsk skriuwer (* 1832).
- 1931 - Berne: Cor Hoekstra, Frysk cartoonist. († 1996).
- 2006 - De Alde Feanen wurdt iepene as tweintichste en lêste nasjonaal park fan Nederlân.
- 1521 - Ferstoarn: Ferdinand Magellaan Portugeesk ûntdekkingsreizger.
- 1789 - Ferstoarn: Antonius Brugmans, heechlearaar yn de wiisbegearte en natuerkundige oan de universiteit fan Frjentsjer (1755).
- 1791 - Berne: Samuel Morse, Amerikaansk útfiner († 1872).
- 1828 - Berne: Gerben Colmjon, Frysk taalkundige, bibletekaris en argivaris. († 1884).
- 1873 - Berne: Robert Wiene, Dútsk filmregisseur fan de stomme film († 1938).
- 1967 - Berne: Prins Willem-Alexander, âldste soan fan prinsesse Beatrix, fan 2013 ôf kening fan Nederlân.
- 1974 - Ut de Ljouwerter Hûs fan Bewar Blokhûspoarte ûntsnapt de Haachske master-kreaker Aage Meinesz.
- 32 - Berne: Oto, Romeinsk keizer († 69).
- 1860 - Ferstoarn: Isaäc da Costa, Amsterdamsk dichter en histoarikus fan Joadsk komôf (* 1798).
- 1923 - Ferstoarn: Geart van der Zwaag, keapman en sosjalist (* 1858).
- 1945 - Ferstoarn: Rienk Hendrik Kuipers, dûmny fan Wânswert (* 1905)
- 1945 - Ferstoarn: Benito Mussolini, Italjaansk diktator, op de flecht fermoarde.
- 1974 - Berne: Penélope Cruz, Spaansk filmaktrise.
- 1992 - Yn De Haach wurdt it nije gebou fan de Twadde Keamer yn gebrûk nomd.
- 1676 - Ferstoarn: Michiel Adriaensz. de Ruyter, Nederlânske floatfâd (* 1607).
- 1871 - Ferstoarn: Jan Gelinde van Blom, Fryske dichter en skriuwer
- 1916 - Ferstoarn: Petrus Boele Jacobus Ferf, Nederlânsk politikus (* 1854).
- 1943 - Berne: Ian Kershaw, Ingelsk histoarikus.
- 1954 - Berne: Margriet Zegers, hockeyster
- 1959 - Berne: Trond Sollied, fuotbaltrener.
- 1980 - Ferstoarn: Alfred Hitchcock, filmregisseur
- 1812 - Louisiana wurdt de 18e steat fan de Feriene Steaten.
- 1900 - Hawaï wurdt grûngebiet fan de Feriene Steaten.
- 1909 - Berne: Keninginne Juliana, fan 1948 oant 1980 keninginne fan Nederlân († 2004).
- 1916 - De simmertiid wurdt foar it earst ynfierd, yn Dútslân.
- 1945 - Adolf Hitler en Eva Braun dogge harrensels tekoart nei in dei troud te wêzen.
- 1975 - Súd-Fietnam jout him del en kapitulearret foar Noard-Fietnam.
- 1980 - Beatrix wurdt yn Amsterdam ynhuldige as keninginne fan Nederlân.