Robert Peary

Ut Wikipedy
Robert E. Peary (1856–1920)
Peary oan board fan de ss Roosevelt, 1909

Robert Edwin Peary (Cresson (Pennsylvania), 6 maaie 1856 - Washington D.C., 20 febrewaris 1920) wie in Amerikaansk ûntdekkingsreizger. Hy claimde yn 1909 as earste persan de noardpoal berikt te hawwen, wat tsjintwurdich troch in soad minsken as ûnwierskynlik sjoen wurdt.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Robert Edwin Peary waard berne yn Cresson, Pennsylvania. Nei de dea fan syn heit waard er grutbrocht troch syn mem yn Maine, dêr't oare famylje wenne. Peary groeide op yn Portland en Cape Elizabeth, Maine. Hy studearre sivile technyk oan Bowdoin College en makke de stúdzje dien yn 1877. Nei syn stúdzje waard Peary wurkleas en ferhuze nei Washington DC, dêr't hy in amtner foar de kustbewaking waard. Yn 1881 gied er by de Amerikaanske marine. Syn ûntdekkingsreizen begûnen yn 1884, doe't er assistint wie op in ekspedysje nei Nikaragûa om in alternative rûte nei it Panamakanaal te finen.

Oan de ein fan de iuw waard de Noardpoal as de lêste net-ûntdekte plak op it noardlik healrûn sjoen. De tocht by it besykjen de poal te berikken wie sa swier dat ûngefear 760 minsken stoarn binne. It sykjen nei de poal waard in ynternasjonale wedstriid mei teams út de Feriene Steaten, it Feriene Keninkryk en Noarwegen, fjochtsjend foar de eare om der as earste te wêzen.

Sûnt 1886 waard it berikken fan de Noardpoal foar Peary in obsesje. Hy hie de marine inkele moannen ferlitten om Grienlân te ûntdekken. Peary woe ferneamd wurde en hy tocht dat de bêste wize foar soks it ûntdekken fan de Noardpoal wie. Yn 1886 ûntdekte hy dielen fan Grienlân, yn syn earste sân poalekspedysjes. Yn 1892 ferkende hy Noardeast-Grienlân, dêr't hy de Independence Baai ûntdekte en dy syn namme joech. Hy besocht nochris de poal te berikken, mar it mislearre alle kearen. Yn 1906 wie hy úteinlik 280 km fan syn doel ôf.

Yn 1909 waard Peary begelaat troch Mathew Henson en fjouwer Eskimo's. Jierrenlang hie Peary him op dizze reis taret. Fan syn foarrige reizen hie hy weardefolle techniken leard om yn it poalgebiet te oerlibjen. De ekspedysje fan 1908-09 soe Peary syn lêste poging wurde. Op syn wei nei de Noardpoal hearde er dat de Amerikaan Dr. Frederick Cook ek op paad wie nei de Noardpoal. Dy hie in lytser team.

Leard hawwende fan syn eardere fouten liet Peary proviand efter lâns de rûte. Op de lêste dei fan febrewaris 1909 ferliet de groep fan Peary it skip de Roosevelt mei noch 640 km te gean. Se brûkten in slide dy't troch hûnen lutsen waard. Peary makke bekend dat, hy mei Matthew Henson en fjouwer Eskimo's de earste minsken wienen dy't de Noardpoal op 6 april berikten.

Foar syn pinsjoen út de US marine joech it Kongres fan de Feriene Steaten him troch syn ûntdekking de spesjale titel fan "bysûndere admiraal". Peary lijde oan pernisjeuze anemy (in foarm fan bloedearmoede). Yn it ferrin fan syn sykte rekke hy yn koma op 19 febrewaris 1920 en stoar de dêropfolgjende dei.

Priveelibben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Peary wie fan 1888 oant syn dea troud mei Josephine Peary berne Diebitsch. It pear krige trije bern, Marie (1893–1978), de yn 1899 berne Francine, dy't mar seis moannen âld waard, en Robert Edwin jr. (1903–1994). Teffens hie Peary (en ek syn assistint Henson) ferhâldingen mei Inuïtfroulju. By Ahlikasingwah fan 14 jier hie er de soannen Anaukaq (1900–1927) en Kali (1906–1986).[1] Peary waard beïerdige op Arlington National Cemetery.[2]

Krityk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tsjintwurdich wurdt algemien betwifele oft Peary de poal wol echt berikt hat. Frederick Cook sei dat hy fjouwer dagen earder de poal berikt hie. Cook koe it lykwols net bewize (en ek syn ferhaal wudt betwifele) en dêrom stiet Peary yn in soad dokuminten as de offisjele ûntdekker te boek. Op basis fan letter ûndersyk fan Peary's deiboeken wurdt syn prestaasje lykwols opnij yn twifel lutsen. Sa kin in oantal fraachtekens setten wurde by syn reis. Wêrom waard Peary op syn lêste milen nei de Noardpoal bygelyks allinnich troch minsken begelaat dy't net by steat wien om Peary syn mjittingen te befêstigjen? De like behurde en betûfte Arktisreizger Bartlett moast 248 kilometer foar de poal omkeare tsjin earder makke ôfspraken yn. It wichtichste kritykpunt spitst him lykwols ta op de ôfgryslik grutte deiske etappes dy't ôflein wêze soene. Oant dit punt waard deis 20 kilometer ôflein. De lêste ûngefear 250 kilometer waarden lykwols neffens syn deiboek yn fjouwer dagen ôflein. By de weromreis, dy't sels yn 56 uur ôflein wêze soe, moast Peary mei in slide ferfierd wurde. Sokke data binne sels ûnder de meast geunstige omstannichheden amper út te lizzen.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Robert Edwin Peary fan Wikimedia Commons.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Robert Edwin Peary, genealogy op rootsweb.com..
  2. Robert Edwin Peary, Find a Grave.