Springe nei ynhâld

Jeannette Rankin

Ut Wikipedy
Jeannette Rankin
Jeannette Rankin, 1917

Jeannette Rankin (Missoula, 11 juny 1880 - Carmel, 18 maaie 1973) wie de earste frou dy't keazen waard yn it Hûs fan Offeardigen yn de Feriene Steaten en ek it earste froulike lid fan it Amerikaanske Kongres.

Rankin wie in Republikein en wie yn har libben ferneamd as in pasifist. Se wie it ienige Kongreslid dy’t tsjin de ynminging fan de Feriene Steaten yn de Earste Wrâldkriich en de Twadde Wrâldkriich wie. Rankin liede it ferset tsjin de Amerikaanske dielnimming oan de Fietnamoarloch.

Rankin waard berne op 11 juny 1880 yn Missoula, Montana, se wie de earste fan sân bern fan in feefokker en learares. Har heit wie in ymmigrant út Kanada, har mem waakse op yn New England. Se gie nei de Universiteit fan Montana en studearre ôf yn 1902.

Yn 1908 ferfarre se nei New York City, dêr’t se in karriêre as sosjaal wurkster begûn. Letter tôch se nei Seattle en liet se har ynskriuwe foar de Universiteit fan Washington, dêr’t se har oanslute by de krekt stifte beweging foar it algemien stimrjocht. Se spile in wichtige rol yn de striid foar it frouljukiesrjocht yn Montana, wat yn 1914 slagge.

Politike libbensrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 7 novimber 1916 waard Rankin keazen yn it Hûs fan Offeardigen, hjirmei waard se de earste frou yn it Amerikaanske Kongres. Op 6 april 1917, pas fjouwer dagen nei it begjin fan har termyn, moast der stimd wurde oer in resolúsje om oan de Earste Wrâldkriich mei te dwaan. It Hûs stimde foar, mar Rankin, lykas 49 oaren, stimden tsjin, hjirmei krych se fuort de parse oer der hinne. Yn ferskate distrikten waarden har taspraken foar it algemien stimrjocht annulearre. Nettsjinsteande har stim tsjin dielname oan de kriich, sette se har wol yn foar it ferkeapjen fan Liberty Bonds (in soarte fan skuldbrief dy’t troch ferneamde Amerikanen ferkocht waarden om de oarloch foar de Feriene Steaten betelje te kinnen) en se stimme ek foar it ynfieren fan de militêre tsjinstplicht.

Yn 1918 hie Rankin gjin súkses mei in aksje foar de republikeinske nominaasje foar it fertsjintwurdigen fan Montana yn de Amerikaanske Senaat. Dêrom besike sy it as in ûnôfhinklike kandidaat, mar dat mislearre. Har termyn as ôffeardige einige begjin 1919. Yn de neikommende tweintich jier wurke se yn Washington, D.C. as in lobbyist foar ferskate doelen.

Jeannette Rankin yn 1973.

Yn 1918 en 1919 yntrodusearre Rankin wetjouwing foar it krijen fan steats- en federale fûnsen foar kliniken, ûnderrjocht fan froedfroulju en programmas foar kraamfersoarchster mei as ynset it werombringen fan de bernestjerte yn de Feriene Steaten. Wylst se yn tsjinst wie fan de “National Consumer League” makke Rankin aksje foar de wetjouwing op it mêd fan sûnenssoarch foar memmen en bern en om dizze better te garandearje. As lobbyist krewearre Rankin foar it ynfieren fan in wet (de Sheppard-Towner Act) dy’t de útjeften foar de soarch fan mem en bern regele, itjinge de earste federale wet wie foar maatskiplik wurk, spesjaal foar froulju en bern. It effekt fan de útjeften wie dat it stjertesifer fan memmen en poppen yn ‘e rin fan de befalling en dêrnei in stik leger waard. De wetjouwing gie earst yn 1921 yn en waard acht jier letter alwer ynlutsen.

Rankin wie meistifster en ficepresidint fan de American Civil Liberties Union en meistiftster en lid fan de Women’s International League foar Peace and Freedom.

Op ‘e nij keazen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1940 waard Rankin op ‘e nij keazen as lid fan it Kongres, dizze kear troch it tsjin-oarlochs platfoarm. Nei de oanfal op Pearl Harbor stimde se op ‘e nij, as ienige lid fan it Kongres, tsjin de ynminging yn de Twadde Wrâldkriich. Rankin har miening wie: “As frou kin ik net oan de kriich meidwaan en ik wegerje dan ek om immen oars te stjoere. Ik stim tsjin”. Dochs stimde Rankin lykwols net tsjin de oarlochsferklearring oan Dútslân en Itaalje doe’t dizze lannen de kriich ferklearren oan de Feriene Steaten.

Rankin died gjin besikings om werkeazen te wurde, omdat se troch har hâlding net populêr wurden wie. Yn har libben reizge Rankin sân kear nei Yndia en waard se in tawijend oanhingster fan Gandhi syn prinsipes fan geweltleasheid en selsbeskikking.

As oanhingster fan Dr. Martin Luther King Jr. liede se yn 1968 in groep fan 500 froulju, dy’t harren sels “The Jeannette Rankin Brigade” nommen, yn in mars nei it Kapitoal om te demonstrearje tsjin de belutsenheid fan de Feriene Steaten yn de Fietnamoarloch. Under de dielnimmers wienen ek Coretta Scott King en Judy Collins.

Jeannette Rankin stoar yn 1973 yn Carmel, Kalifornje, se is 92 jier wurden. Ranking stelde har besittings yn Watkinsville, Georgia beskikber om “folwoeksen, wurkleaze froulike arbeiders” stipe te jaan. It wie it startjild foar de Jeannette Rankin Foundation. Yn 1985 waard in stânbyld fan har oprjochte en pleatst yn de United States Capitol’s Statuary Hall.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Commons
Commons
Op Wikimedia Commons kinne jo mear ôfbyldings en oare media fine dy te krijen hawwe mei:

Jeannette Rankin